Springe nei ynhâld

Jerrycan

Ut Wikipedy
3 jerrycans fan elk 20 liter ynhâld

In jerrycan of jerrytank is in model benzinetank. De benzineblikken waarden yn it earstoan brûkt yn it Dútske leger yn de Twadde Wrâldoarloch, en waard it Wehrmachtskanister neamd. As tarieding op de oarloch hienen de Dútsers yn 1939 tûzenen jerrycans op foarried. De ynhâld fan de reservetank wie sa'n 20 liter en hie hângrepen en in sûnder ark hermetysk ôf te sluten skinkiepening.

Yn it begjin fan de oarloch wie it Ingelske leger útrêsten mei tinnen blikken fan minne kwaliteit. Dy minne kwaliteit foarriedtanks hawwe it Britske leger yn de oarloch benammen yn de ûnherberchsume gebieten yn kampanje yn Noard-Afrika in soad ûnheil oplevere. De tanks wienen gau lek en feroarsaken dêrtroch ek faak brân.

De Britten ûntdekten de Dútske foarriedtanks by de ynvaazje fan Noarwegen yn 1940. De Dútske tanks wienen steviger en grutter as de Britske. De Britten brûkten de tanks dy't op de Dútsers bútmakke wiene. Letter hawwe de alliearden fergelykbere tanks makke. De namme komt fan Jerry. Jerry of Gerry wie in skelwurd foar in Dútsk soldaat en can is in tank.

De oarspronklike jerrycans hienen trije hânfetten, sadat se maklik fêst te krijen wienen troch ien of twa persoanen. Yn de sydkanten fan de jerrycans is in krús ynbrocht, dat ekspânsje fan de tankynhâld mooglik makket. De binnenkant fan de tanks hie in laachje keunststof, dêrtroch waard de tank net oantaaste troch de brandstof.
Boppedat hienen de jerrycans in lekfrije skinktút. De skinktút sit boppedat net yn de midden fan de jerrycan. De reden hjirfoar is; om it mooglik te meitsjen fluch mei de jerrycan "jitte" te kinnen sûnder dat dy fakuüm sûget en "klôkjen" giet. Dêrom moat de jerrycan plat hâlden wurde mei de helte dêr't de skinktút sit nei boppen ta.