Springe nei ynhâld

Solomon Kane (film)

Ut Wikipedy
Solomon Kane
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur M.J. Bassett
produsint Paul Berrow
Samuel Hadida
Kevan Van Thompson
útfierend
   produsint
Victor Hadida
Michael Berrow
senario M.J. Bassett
basearre op it personaazje Solomon Kane
    út it wurk fan Robert E. Howard
kamerarezjy Dan Laustsen
muzyk Klaus Badelt
filmstudio Essential Entertainment
Davis Films
Wandering Star Pictures
Czech Anglo Productions
distribúsje Optimum Releasing (Fer. Ken.)
Metropolitan Filmexport (Frankryk)
spilers
haadrollen James Purefoy
Rachel Hurd-Wood
byrollen Pete Postlethwaite
Alice Krige
Max von Sydow
Patrick Hurd-Wood
Mackenzie Crook
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Frankryk
Tsjechje
premiêre 23 desimber 2009
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske fantasy- en
    aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $19,7 miljoen

Solomon Kane is in Ingelsktalige Britsk-Frânsk-Tsjechyske histoaryske fantasy- en aventoerefilm út 2009 ûnder rezjy fan M.J. Bassett. De haadrollen waarden fertolke troch James Purefoy en Rachel Hurd-Wood, ûnderstipe troch û.o. Pete Postlethwaite, Alice Krige en Max von Sydow yn 'e byrollen. De titel ferwiist nei de haadpersoan Solomon Kane, in personaazje yn 'e Elizabetaanske Tiid út 'e koarte ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard. It senario fan 'e film is lykwols orizjineel, en net basearre op ien fan Howard syn koarte ferhalen oer Kane.

De plot folget Kane as er nei in moardsuchtich bestean as seerôver, dat behearske wurdt troch geweld, ynklauwerigens en wreedheid, ta ynkear komt wannear't him oansein wurdt dat syn siel opskreaun is om nei de hel. By syn syktocht nei ferlossing fan syn sûnden moetet er in húshâlding fan puriteinske kristenen mei wa't er befreone rekket. As de dochter ûntfierd wurdt troch in satanyske binde set Kane derefteroan, mar it docht bliken dat er om har te rêden syn eigen ferline oerwinne moat. Solomon Kane waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. Solomon Kane wie bedoeld as it earste diel fan in trilogy, mar de beide ferfolchfilms waarden omreden fan it teloarstellende kommersjele resultaat nea makke.

Yn it jier 1600 fiert de ûnmeilydsume Ingelske kaperkaptein Solomon Kane de bemanning fan syn skip by nacht oan yn 'e striid tsjin it Osmaanske garnizoen fan in fêsting oan 'e kust fan 'e Magreb yn Noard-Afrika. Nei't de ferdigeners ferslein binne, liedt er syn mannen nei it hert fan 'e fêsting ta, dêr't syn ûnderhearrigen yn in troanseal oan 'e lêste man ta deade wurde troch út spegels foar 't ljocht kommende demoanen. As iennichste berikt Kane de keamer efter de troan, dêr't er in skat oan goud en juwiellen oantreft, mar ek in noch folle machtiger demon, dy't himsels "de Risper fan 'e Duvel" neamt. Dyselde fertelt him dat syn siel nei in libben fan sûnde oan Satan fersein is. Kane wol dêr neat fan witte en besiket de Risper mei it swurd te ferslaan. As dat neat wurdt, springt er út in finster it tsjuster yn om oan 'e demon te ûntkommen en bedarret yn 'e weagen fan 'e see fier ûnder de fêsting.

Jierren letter is Kane weromkeard yn it Keninkryk Ingelân, dêr't er beskûl fûn hat yn in kleaster. Ut eangstme om yn 'e hel te bedarjen, hat er al syn besittings oerdien oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, en teffens hat er it gebrûk fan geweld ôfsward en besiket er syn libben te betterjen yn 'e hope om ferlossing te finen. Nei in profetyske dream twingt de abt him lykwols om fuort te gean. Tsjin in mûnts seit er dat in libben fan frede net de iennichste manear is om God te tsjinjen, mar dat Kane dat sels ûntdekke moat. Tsjin Kane seit er dat er nei hûs gean moat, mei't er in telch út in aadlik laach is. Kane kin lykwols net nei hûs omreden fan syn ferline. Doe't er noch in opslûpen jonge wie, woe syn autoritêre heit dat er yn it kleaster gie foar in tsjerklike karriêre, mei't syn âldere broer Marcus him opfolgje soe as kastielhear. Kane liek dat wol nei fleanen, en hy rûn fuort om syn eigen paad te kiezen. Deunby hûs ûntdiek er de wrede Marcus, dy't risselwearre om in tsjinstfamke te ferkrêftsjen. Kane besocht dat tsjin te kearen, wat late ta in konfrontaasje tusken de beide bruorren. Dêrby joech er Marcus in triuw, dy't doe fan it klif ôf kneppele en op 'e rotsen dêrûnder te pletter foel.

Kane begjint in omdoarmjend bestean op 'en paad. Nei't er oerfallen en mishannele wurdt troch in trijetal sadistyske strûkrôvers, wêrby't er ferwûne rekket om't er wegeret himsels te ferdigenjen, wurdt er bewusteleas oantroffen troch in puriteinske húshâlding, de Crowthorns. William Crowthorn is mei syn frou Katherine, soannen Edward en Samuel en dochter Meredith ûnderweis nei in haven oan 'e Ingelske westkust, om dêrwei skip te gean nei de Nije Wrâld. Ferpleegd troch de jonge, tsjeppe Meredith betteret Kane mei gauwens wer op. Om't er neat betters te dwaan hat, beslút er de Crowthorns te beselskipjen op harren reis nei de kust. William nûget him út om mei nei Amearika, mar Kane lit foarearst blau-blau oft er mei sil.

As Kane en de Crowthorns in útbaarnd doarp foarby komme, treffe se dêr de liken fan alle bewenners oan mei útbaarnde eagen. Meredith fynt ien oerlibbene, in lyts famke, dat fertelt dat de bewenners in hekse fongen hiene, dy't se op in brânsteapel deabaarne woene. Allinne, it fjoer die it wêzen neat. Ynstee brûkte se it om al dyjingen dy't fan hein en fier kommen wiene om har baarnen te sjen, sels de eagen út te baarnen. Dêrnei stiek se it doarp yn 'e brân en waard wei. De Crowthorns hawwe alhiel nearne euvelmoed yn, mar Kane fertrout de boel net. Hy stiet derop dat it famke dy nachts Edward syn krús drage sil, "foar har beskerming". It famke bringt dêrop fluch-fluch in merkteken oan yn 'e hânpalm fan Meredith, feroaret foar harren eagen yn in meunsterlik âldwiif en falt dan útinoar yn swaarm krieën, dy't lûd krassend fuortfleane.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis rinne Kane en de Crowthorns yn in mûklaach fan in binde banditen dy't de boasaardige tsjoender Malachi tsjinje en op 'e siik binne nei in fanke mei in merkteken yn 'e hân. Kane, dy't fêsthâldt oan syn eed om gjin geweld te brûken, besiket de mannen mei wurden op oare gedachten te bringen, mar as ien fan harren foar syn eagen de jonge Samuel de kiel trochsnijt, jout er it oer. Wylst er op bluodderige wize mei de kloft banditen ôfweeft, deadzje dy ek William en Edward, wylst Meredith troch harren mysterieuze, maskere lieder ûntfierd wurdt. Nei't Kane de striid wûn hat, lit de stjerrende William him in nije eed swarre, dat er Meredith weromfine en rêde sil. Op 'e drompel fan 'e dea ûnthjit William him dat as er dat docht, God him syn sûnden ferjaan sil. Kane swart dat er dat dwaan sil, wêrnei't William stjert. Katherine stjoert him fuort, efter har dochter oan, en bliuwt allinne mei de deaden benefter.

Mei wapens en in hynder dy't er bútmakke hat op 'e deade bindeleden set Kane yn it Ingelske Westlân efter Meredith en de maskere man oan. Hy deadet alle bindeleden dy't er tsjinkomt, en befrijt in protte ûntfierde lju, mar Meredith is net ûnder harren. Yn wanhope giet er op in jûn in ferlitten útsjende ruïne fan in tsjerkegebou binnen, dêr't er bidde wol. Dêr moetet er pastoar Michael, in preester dy't troch de dingen dy't er sjoen hat net mear goed doocht. Dyselde leit út dat de folgelingen fan Malachi de sterkere slachtoffers fan harren plondertochten mei magy korrumpearje ta nije bindeleden, wylst se de swakkeren ûntfiere om Malachi as slaven te tsjinjen. It docht bliken dat pastoar Michael yn 'e kelder fan 'e tsjerke in stikmannich fan syn parochyleden fêsthâldt, dy't sombys wurden binne. As er fertelt dat er harren minskefleis fuorret, komt er Kane ynienen oer it mad en smyt him de kelder yn.

Kane deadet ferskaten fan 'e sombys en ûntsnapt út 'e kelder, wylst yn 'e tsjerke de trije strûkrôvers pastoar Michael oer it mad komme en him deadzje. Hja binne ûnderwilens twongen om har by de binde fan Malachi te jaan. As Kane út 'e kelder krûpt, besykje se him finzen te nimmen, mar Kane deadet twa fan harren en befreget de trêde oer Meredith. De man hâldt fol dat it fanke dea is, wêrnei't Kane him oan 'e sombys opfuorret. Yn 'e oertsjûging dat syn syktocht nei ferlossing mei de dea fan Meredith mislearre is en dat syn siel no ûntsjinkearber nei de hel giet, bejout Kane him nei in herberge en begjint te drinken. Dêr kin Henry Telford him werom, dy't jierren lyn ûnder him op in skip tsjinne hat. Telford en syn maat Garrick besykje Kane safier te krijen dat er de lieding op him nimt oer it pleatslike ferset tsjin Malachi en syn trewanten, mar Kane hat dêr gjin boadskip oan. Letter dy nacht, as er de sliep fan 'e dronkelju sliept, wurdt er út 'e herberge ûntfierd troch guon leden fan 'e binde fan Malachi. De oare moarns slane se him en inkele oaren yn it iepenbier, by wize fan it stellen fan in foarbyld, oan it krús.

Underwilens is Meredith net dea, mar yn in wein mei in grutte koai ûnderweis nei it bolwurk dan Malachi. As se by in doarp lâns komt dêr't inkele manlju krusige binne, ken se ien fan harren werom as Kane. Se ropt syn namme en wit syn oandacht te lûken. As er har sjocht, beseft Kane dat er foarliigd is en dat er noch altyd in kâns op ferlossing hat. Hy skuort syn hannen los fan 'e kopleaze spikers dy't dertrochhinne slein binne en falt fan it krús. Guon trewanten fan Malachi sille oer him gear, mar Telford, Garrick en guon meistanners meitsje koart wurk fan harren en nimme Kane mei. Hy wurdt wekker yn in grot, dêr't de groep beskûl fûn hat. In heidensk krûdewyfke, dat him net bot lije mei en him tabyt dat der mear goeds yn 'e wrâld is as inkeld syn God, hat ûnderwilens syn hannen genêzen. Telford bepraat him om net op eigen manneboet efter Meredith oan te gean, mar him en syn maten mei te nimmen.

Fan Telford-en-dy heart Kane dat Malachi in eardere hielmaster is, dy't it mei de duvel op in akkoartsje goaid hat. Se fertelle him ek dat it haadkertier fan Malachi it kastiel fan syn famylje is, dêr't er opgroeid is. Kane liedt Telford-en-dy troch it rioel ûnder de muorren fan it kastiel troch nei in ôfwetteringsroaster op it binnenplak. Dêr wurde se trappearre troch de hekse, dy't lykwols troch Kane deade wurdt mei in smiten mês. De trewanten fan Malachi falle harren oan en der ûntstiet in algemiene fjochtpartij. Kane nimt it op tsjin 'e maskere lieder fan 'e binde, mar kin him net oer en siket beskûl yn 'e tsjerkers ûnder it kastiel. Dêr befrijt er alle slaven dy't dêr fêstholden wurde, oant er in sel mei mar ien finzene ûntdekt. It blykt syn heit Josiah te wêzen, dy't ynbliid is Kane werom te sjen. Hy bychtet op dat de hiele nachtmerje mei Malachi syn skuld is. Doe't Kane syn broer Marcus fan it klif treau, gie Marcus net alhiel dea. Mar hy kaam ek net wer by. Josiah helle doe Malachi derby en bea him alles dat er hie as er syn soan wer bybringe koe. Malachi die dat, mar de Marcus dy't weromkaam wie net deselde as dy fan tefoaren. En syn gesicht wie troch de ferwûnings fan 'e fal sa misfoarme rekke dat er tenei in masker drage moast. Malachi hâldt no Josiah yn syn eigen tsjerkers finzen, en Josiah is derfan oertsjûge dat de tsjoender net ferslein wurde kin oant hysels dea is. En Malachi sil him nea stjerre litte. Hy smeket dêrom Kane om him dea te sjitten, wat Kane úteinlik mei uterste tsjinnichheid docht.

Neitiid bejout Kane him nei de grutte seal fan it kastiel, dêr't er Malachi oantreft op syn heite sit en Meredith yn in koai. Malachi hat in grutte spegel opsteld, dêr't efter it glês in meunster sichtber is dat neffens Malachi troch Satan stjoerd wurden is om Kane syn siel op te heljen. Kane besiket Meredith te befrijen, mar hja warskôget him dat it in fâle is krekt foar't Marcus him yn 'e rêch stekt. Hy mist lykwols alle fitale dielen. Kane besiket it mei Marcus yn goedens, mar dy wol net nei him harkje en falt him allegeduerigen op 'e nij oan. Uteinlik moat Kane him delstekke, yn 'e brân sette en ûnthalzje om him tsjin te hâlden. Dêrop snijt Malachi de hân fan Meredith iepen en smyt har bloed tsjin it glês fan 'e spegel oan om't it bloed fan in ûnskuldige nedich is om it meunster troch te litten nei dizze wrâld. It reuseftige fjurrige meunster efterfolget Kane troch de seal, mar is te lôch om him te pakken te krijen as er yn beweging bliuwt. Kane beseft lykwols dat er dêr neat mei opsjit en keart it meunster de rêch ta om Malachi mei syn pistoal troch de holle te sjitten.

Op dat stuit falt der in ljochtstriel troch it boppeste finster fan 'e seal, rjocht efter Kane, dy't sa fel is dat er alles yn syn paad fuortblaast. Kane wurdt yn it ljocht optilt en fêstholden, mar it meunster en de stjerrende Malachi ferwaaie ta stikjes en brokjes dy't troch de spegeliepening nei de hel fleane. As se hielendal fuort binne, klapt de mei Meredith har bloed iepene poarte ticht. It ljocht wurdt wei en Kane falt oer de flier. Meredith mient dat er dea is, mar as se syn holle optilt en syn namme ropt, skrikt er hommels wekker. As se freget wat der no krekt bard is, antwurdet er dat syn siel ferlost is. Neitiid begraaft Kane syn heit en broer by it kastiel. Yn in voice-over fertelt er dat Meredith no wer by har mem is. Foar himsels leit de takomst yn 'e bestriding fan 'e machten fan it kwea, wêrfoar't er in omdoarmjend bestean oer de wrâld begjint.

James Purefoy.
Pete Postlethwaite.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Solomon Kane James Purefoy
Meredith Crowthorn Rachel Hurd-Wood


byrollen
personaazje akteur/aktrise
William Crowthorn Pete Postlethwaite
Katherine Crowthorn Alice Krige
Josiah Kane Max von Sydow
Samuel Crowthorn Patrick Hurd-Wood
Edward Crowthorn Anthony Wilks
pastoar Michael Mackenzie Crook
de Risper fan 'e Duvel Ian Whyte (allinne stim)
Malachi Jason Flemyng
de jonge Solomon Kane Lucas Stone
abt Robert Russell
Marcus Kane Samuel Roukin
Henry Telford Philip Winchester
Garrick Stewart Kenneth Moore
strûkrôver kealkop #1 Marek Vasut
strûkrôver kealkop #2 James Babson
strûkrôver burdman Geoff Bell
Fletcher Ben Steel
McNess Rory McCann
de hekse Isabel Bassett

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solomon Kane is basearre op 'e haadpersoan út guon fan 'e koarte ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard (dy't fral bekend wurden is as de geastlike heit fan Conan de Barbaar). It is lykwols net basearre op dy ferhalen sels. De film waard regissearre troch M.J. Bassett nei in senario fan himsels dat er hielendal sels optocht hie. As produsinten wiene Paul Berrow, Samuel Hadida en Kevan Van Thompson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Essential Entertainment, Davis Films, Wandering Star Pictures en Czech Anglo Productions. Solomon Kane wie dêrmei in Britsk-Frânsk-Tsjechyske ko-produksje.

Victor Hadida en Michael Berrow hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Laustsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Klaus Badelt. De opnamen setten op 14 jannewaris 2008 útein en duorren oant 16 april fan dat jier. De binnendoarsênes waarden filme yn in studio yn 'e Tsjechyske haadstêd Praach. Bûtendoarsênes waarden opnommen yn Tsjechje en oan 'e noardkust fan it Ingelske greefskip Devon, wylst guon loftbylden filme waarden by Stanhope en St. Abbs yn it Súdskotsk Berchlân.

De distribúsje fan Solomon Kane waard yn it Feriene Keninkryk fersoarge troch Optimum Releasing en yn Frankryk troch Metropolitan Filmexport. De film waard foar it earst fertoand op 16 septimber 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Letter dat jiers wied er ek te sjen op 'e San Diego Comic-Con yn San Diego, in konvinsje dy't bywenne waard troch sawol regisseur M.J. Bassett as haadrolspiler James Purefoy.

Solomon Kane iepene op 23 desimber 2009 yn 'e Frânske bioskopen, en op 19 febrewaris 2010 yn 'e Britske bioskopen. Yn Noard-Amearika waard it útbringen fan 'e film fertrage troch hottefyljen oer de auteursrjochten op it wurk fan Robert E. Howard. Sadwaande kaam de film dêr pas op 28 septimber 2012 yn 'e bioskoop. Solomon Kane waard op 28 juny 2010 útbrocht op dvd en op 16 july 2013 ek op blu-ray.

In steurende flater yn 'e film is dat Kane nei 1600 yn it Keninkryk Ingelân noch beskûl fynt yn in roomsk kleaster. Alle kleasters yn dat lân wiene tusken 1536 en 1540 by Hindrik VIII syn Opheffing fan 'e Kleasters opholden te bestean.

Fan 'e filmkritisy krige Solomon Kane mingde resinsjes. It Britske tydskrift Empire joech de film 3 fan 5 stjerren en skreau: "Foar in leger special effects-budget as de oare sword and sorcery-aventoerefilms fan dit jier, Percy Jackson en Clash of the Titans, leveret Bassett in fertsjustere Highlander foar de 21e iuw, dy't spile wurdt mei sa'n oertsjûging dat it dreech is om net yn it ferhaal meiskuord te wurden."

Yn 'e krante The Guardian parte Phelim O'Neill Solomon Kane ek 3 fan 5 stjerren ta. Hy skreau: "Der is in protte dat goed dien is: in earnstige toan, in lykmjittich tempo, drekkige en bluodderige settings en in oertsjûgjende prestaasje fan Purefoy yn syn eigen Westlânske aksint. Mar it sjabloan fan it oarsprongsferhaal past Kane min; it is in ferhaal sûnder folle ferrassings."

Harvey Dennis fan it Amerikaanske tydskrift Variety hie lykwols net folle op mei de film, dêr't er "gewoan net folle oan" fûn. Hy omskreau de rezjy fan Bassett as "fol selsfertrouwen mar sûnder in soad flêr", wylst Purefoy neffens him "manmoedich de hiele film troch swiere ynspanning folhâldt; it leit net oan him dat it senario syn personaazje krêft en in doel tapartet, mar amper persoanlikheid."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Solomon Kane in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 46 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It formulemjittich staljûne en sombere ferhaal fan [de film] wurdt oerwûn troch in fermaaklik, rjochtta-rjochtoan fêsthâlden oan it sjenre, opwinend bloedferjitten en in befredigjend optreden yn 'e titelrol troch James Purefoy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Solomon Kane in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 15 resinsjes.

Solomon Kane brocht yn 'e bioskopen yn 2009-2010 wrâldwiid $19,7 miljoen op. Dêrfan waard $3,1 miljoen fertsjinne yn Frankryk, $1,7 miljoen yn it Feriene Keninkryk en mar $74.000 yn Tsjechje. Oare lannen en territoaria dêr't mear as in $1 miljoen fertsjinne waard, wiene: Spanje ($4,9 miljoen), Itaalje ($2,6 miljoen), Ruslân ($1,9 miljoen) en Meksiko ($1,0 miljoen). It is ûndúdlik hoefolle oft it ferlette útbringen yn 'e Amerikaanske bioskopen yn 2012 noch opbrocht. Sa't it stiet, bedroech de opbringst $19,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in ferlies fan $20,3 miljoen, en dêr komme de marketingkosten nochris oerhinne.

Solomon Kane waard yn 2010 nominearre foar de Saturn Award foar bêste release op dvd of blu-ray.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

films basearre op 'e wurken fan Robert E. Howard
Conan the Barbarian (1982) • Conan the Destroyer (1984) • Red Sonja (1985) • Kull the Conqueror (1997) • Solomon Kane (2009) • Conan the Barbarian (2011)