Skiednis fan De Jouwer yn jiertallen

Ut Wikipedy

De skiednis fan De Jouwer yn jiertallen:

  • 1466 - De flekke De Jouwer krijt rjocht op it hâlden fan in wykmerk.
  • 1492 - Rjocht op it hâlden fan de jiermerk Jouster Merke.
  • 1589 - De Fryske steedhâlder greve Willem Loadewyk fan Nassau lit op de Jouwer in skâns tsjin de Spanjerts opsmite op it plak fan de lettere Heremastate.
  • 1593 - De Latynske skoalle wurdt foar de earste kear neamd.
  • 1600 - Om dit jiertal hinne wurdt oan de Toerstrjitte in Waach boud foar de hannel yn bûter en tsiis.
  • 1600 - De Midstrjitte wurdt foar it earst neamd.
  • 1610 - It Tolhûs wurdt foar de earste kear neamd.
  • 1614 - De Kolk wurdt groeven, ek wurdt al melding makke fan It Sân.
  • 1615 - Hobbe fan Baerdt wurdt grytman.
  • 1615 - De Midstrjitte wurdt fluorre mei bakstiennen.
  • 1625 - Bou fan in nij Heremastate op it plak fan in eardere stins.
  • 1628 - Op 8 augustus leit Hobbe fan Baerdt de earste stien foar de Jouster Toer.
  • 1628 - Der wenje 353 húshâldings op de Jouwer.
  • 1644 - Bou fan in tsjerke by de Jouster Toer.
  • 1647 - Tusken de Jouster Sylroede en De Kolk komt in flapbrêge, de Tolhûsbrêge.
  • 1689 - Hessel Vegelin fan Claerbergen wurdt as earste grytman út de famylje Vegelin van Claerbergen. Hy keapet Heremastate fan de famylje Schwartzenberg.
  • 1723 - Oanlis fan de Vegelinsdyk
  • 1736 - Grytman Philip Vegelin fan Claerbergen ferbout yn de tún fan Heremastate de earste jirpels fan Nederlân.
  • 1749 - Yn 1749 stifte Crijn op De Jouwer de hôving 'Blaauwhof', de Taconistún.
  • 1753 - Op 11 maart 1753 begjint Douwe Egberts yn de Midstrjitte in winkel De Witte Os.
  • 1800 - Oan de Griene Dyk wurdt De Griene Mole boud. It is de ienige spinnekopmole op stelling yn Fryslân.
  • 1824 - Bou fan de Fermanje oan de Midstrjitte
  • 1826 - In soad minsken op De Jouwer stjerre yn oktober-novimber oan koartsen.
  • 1830 - De Jouwer hat 2400 ynwenners.
  • 1837 - It gritenijbestjoer fan Haskerlân lit oan de Slûsdyk in Earmehûs sette foar sa'n 50 minsken.
  • 1840 - De bakstiennen fan de Midstrjitte wurde ferfongen troch balstiennen.
  • 1844 - Oan it Sân komt in gemeentlike Earmeskoalle, De Jouwer hat dan al in boargerskoalle.
  • 1846 - De jirpelsykte slaat ta.
  • 1847 - In soad minsken stjerre oan gryp en goalera.
  • 1848 - Der wurdt 541.000 oan heale Nederlânske pûnen bûter oanfierd yn de Waach.
  • 1856 - Oanlis fan in grintwei nei It Hearrenfean en Sleat.
  • 1858 - Oprjochting fan Iisklup 'Vlecke Joure'.
  • 1859 - Oprjochting fan de Folksbibleteek fan de Maatskippij fan it Nut.
  • 1865 - In diel fan de Toerstrjittefeart wurdt tichtsmiten om it Merkeplein te fergrutsjen.
  • 1865 - De bruorren Sipke en Feite de Haan begjinne mei it steamskip ‘De Vlecke Joure’ mei in beurtfeart tusken de Jouwer en Snits.
  • 1866 - Stifting fan in partikuliere gasfabryk dêr't gas út koalen wûn wurdt.
  • 1867 - Bou fan in roomske tsjerke oan de Midstrjitte.
  • 1871 - Haskerlân telt 60 fabriken en 144 ambachtlike bedriuwen wêrûnder 19 bakkers, 15 skuon- en learzenmakkers, 12 meubelfabriken, 9 klokmakkerijen, 6 skiphellings, 4 goud- en sulversmidten, 4 touslaggerijen, 3 tabaksfabriken, 2 koperslaggerijen en 2 wolkjimmerijen.
  • 1872 - De Jouwer hat 3286 ynwenners (2251 Ned. Herfoarme, 470 Roomsk-Katolyk, 391 doopsgesind en 102 grifformeard.
  • 1872 - Op de boargerskolle sitte 220 bern, op de Earmenskoalle 280.
  • 1872 - De Jouster Krante ferskynt foar de earste kear. De namme is dan noch "Weekbericht voor de Joure en Omstreken"
  • 1873 - Bou fan de Boargerskoalle oan de Midstrjitte
  • 1874 - Op de hoeke fan de Midstrjitte en de Hurddraversdyk komt in iepenbiere legere skoalle op it plak fan it âlde tsjerkhôf.
  • 1879 - Fan dit jier ôf bouwe de koöperative bouferienings yn totaal sa’n 58 arbeiderswenningen oan Penninga’s Reed (1879), ’t Achterom (1886), ’t Sân (1898), Easterstrjitte (1902), Penninga’s Reed (1903) en de Bûtsingel (1905).
  • 1880 - Oanlis fan de Vegelinsdyk nei Terherne.
  • 1880 - Bou fan in Weeshûs oan de Slûsdyk.
  • 1881 - By de grutte brân yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1881 baarne 14 huzen op.
  • 1881 - De opfeart by de Appelwyk fan it Tolhûs nei de Midstrjitte wurdt tichtsmiten.
  • 1882 - Yn de Midstjitte wurde tramreels lein en de balstiennen wurde ferfongen troch klinkers. Op 25 maart wurdt de tramwei nei It Hearrenfean iepene.
  • 1883 - H. Romkema lit yn de Toerstrjitte it molkfabryk “Neerlandia” bouwe.
  • 1883 - Oanlis fan de Jouster Slûs by de Aldewei.
  • 1883 - Op 26 augustus wurdt de gymnastykferiening 'Vriendschap en Kracht en Hygiëne' oprjochte.
  • 1885 - oprjochting Hurddraverij en Rinferiening De Jouwer
  • 1886 - Oanlis tramspoar nei Snits.
  • 1892 - Oanlis tramline nei De Lemmer.
  • 1899 - Oan de Slachtedyk yn Sniksweach wurdt in molkfabryk boud mei as namme “De Vlecke Joure”. It sil letter ûnderdiel fan Douwe Egberts wurde.
  • 1900 - Op Goed Freed baarnt mole De Westerberg fan Auke Penninga ôf.
  • 1900 - De gemeente nimt it partikuliere gasbedriuw oer.
  • 1901 - Oprjochting fan de steamboatûndernimming De Libra fan Hendrik Kramer.
  • 1901 - Iepening Tramwei De Jouwer - De Lemmer
  • 1903 - De Toerfeart is hielendal tichtsmiten.
  • 1908 - Oprjochting Concordia
  • 1910 - Iepening fan it sanatoarium yn it Park fan Heremastate op 5 septimber
  • 1916 - Ferpleatsing fan it sanatoarium nei Appelskea.
  • 1913 - De kofjebaarnderij en de tabakskerverij fan de Douwe Egbertsfabryk ferhuzet fan de Midstrjitte nei de Jouster Sylroede.
  • 1920 - Oprjochting fuotbalferiening De Kooi op 20 maart
  • 1922 - De Jouwer wurdt oansluten op it elektrisiteitsnet.
  • 1923 - Oanlis fan de wetterlieding, op De Jouwer komt foar it earst wetter út de kraan.
  • 1927 - Bou fan de wettertoer.
  • 1927 - Iepening fan in nij boude Bonifasiusskoalle.
  • 1928 - Op 13 maaie wurdt in nij roomsk tsjerkhôf yn gebrûk nomd.
  • 1928 - Iepening fan de Nutsbaan.
  • 1929 - Op 16 desimber wurde it Theresiahûs en de wettertoer yn gebrûk nomd.
  • 1930 - De Jouwer hat 3647 ynwenners.
  • 1932 - Oprjochting fan de feriening Jouster Wettersportferiening (JWS).
  • 1938 - Oprjochting Fryske Krite De Jouwer
  • 1950 - Heremastate wurdt it nije gemeentehûs.
  • 1951 - Op 3 oktober fart de lêste Libraboat.
  • 1953 - Bou fan de Mattheüstsjerke as ferfanger fan de tsjerke út 1867.
  • 1953 - Douwe Egberts skinkt by gelegenheid fan it 200-jierrich bestean in kariljon.
  • 1953 - Earste Agraryske Skou.
  • 1956 - Iepening Vegelinshof
  • 1959 - Iepening fan it City Teäter.
  • 1960 - De Jouwer hat 5623 ynwenners.
  • 1966 - De flapbrêge by it Tolhûs wurdt ferfongen troch in fêste brêge
  • 1967 - Iepening swimbad 'De Stiennen Flier’ en oprjochting fan Avéna.
  • 1968 - Op 10 jannewaris baarnt it roomsk-katolike Parochyhûs ôf.
  • 1972 - It earste Wrâldkampioenskip Solexrace wurdt holden.
  • 1974 - De Jouwer hat 9002 ynwenners.
  • 1984 - Haskerlân en Doanjewerstâl geane op yn de gemeente Skarsterlân.
  • 1986 - Oskar Radio & TV hat syn earste útstjoering
  • 1986 - Earste Jouster Ballonfeesten
  • 1986 - De Nijjiersrevu fan De Jouwer wurdt foar de earste kear opfierd.
  • 1990 - Ombou wettertoer ta wenhûs.
  • 2008 - De Jouwer hat 12.973 ynwenners.
  • 2018 - De rotonde fan knooppunt De Jouwer is ferfongen troch fiadukten en nije diken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fragmenten uit De Geschiedenis van Joure Een chronologisch verhaal van vroeger tot nu, troch Jan Oord en Piet Postma ISBN 9789081004176