Jouster Slûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Jouster slûs is in slûs benoarden De Jouwer, tusken de Noarder Alde Wei en de Jouster Sylroede. De Jouster slûs is al jierrenlang in skutslûs, mar hat grif nea is spuislûs west, in sylroede is ommers fanâlds in feart efter in spuislûs. De slûs fan it Wetterskip Fryslân stiet meastentiids iepen. Allinnich by noard- oant súdwesterstoarm wurde de slûsdoarren sluten om foar te kommen dat it boezemwetter te heech opjage wurdt yn ûnder mear de Sylroede, De Kolk, de Skiensleat en de Jonkersleat. De polderdiken en kaaien om dy fearten soenen oars gear rinne kinne.

Hurdspytsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haven fan De Jouwer

De Hurdspytsje is in wetter dat by de Bantster skâns út de Hearresleat fuortkomt, en dat oer Nijehaske, Aldehaske en Haskerhoarne, troch De Jouwer rint, wêrnei't it, as de Sylroede, yn de Aldewei útrint. De namme "De Hurdspytsje" dy't yn 1646 al foarkomt, komt grif fan de hurde ûndergrûn dy't de gravers tsjinkamen.

De Sylroede einigt by it Tolhûs dêr't oant miden tweintichste iuw in flapbrêge wie. Der koe doe noch trochfard wurde fia De Kolk yn it sintrum fan de Jouwer en in skutslûs yn it ferlingde fan De Kolk nei de Hurdspytsje.

Oan de Hurdspytsje leinen túnkerijen en in grienteôfslach. De te ferkeapjen griente waard mei de boat ferfierd.

Jouster skipswerf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferhege boezemwetterpeil yn Jonkersleat.

Hast oan de ein fan de Sylroede leit oan de kant fan de Slachtedyk de ferneamde Jouster skipswerf fan de Jong. De skiednis fan dy werf giet yn elk gefal werom oant 1653. Yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits binne noch geskriften fan historikus P.S. Roarda út Ljouwert fan mear as trije iuwen lyn, werom te finen.

Eartiids waarden der grutte houten skippen boud. Koggeskippen en galjoenen. Seeskippen dy't alle Europeeske wetters befarden. De seeweardige skippen farden troch de Sylroede nei de Jouster slûs en dan fierder fia de Noarder Aldewei nei de Fryske marren en fierder.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: