Boargerskoalle (De Jouwer)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Jouwer Burgerskoalle sa 1907.jpg

De Boargerskoalle op De Jouwer stie oan de Midstrjitte en waard boud yn 1873.

Al yn novimber 1592 wurdt Douwe Rijnsz neaamd as skoalmaster op de Jouwer. Hy krige santich gûne jiers fan de Fryske Steaten. Fierders barde hy skoaljild fan de learlingegn, meastentiids 6 stuorren yn in fearns jier. Yn 1594 kaam master Cornelis Jansz, fan Langwar as ûnderwizer yn in skoalle tusken de Hobbe fan Baerdt Tsjerke en de Waach.

Nei de stichting fan de Earmeskoalle oan It Sân yn 1843 hjit de skoalle fan skoalhaad Lieuwe Bruno van Albada de Boargerskoalle. Van Albada wie troud mei E. van der Lely en hie yn 1860 in traktemint fan ƒ 1050 en ƒ 100 foar hûshier. Neffens de nije Wet op it Leger Underwiis kamen de skoaljilden foar rekken fan de gemeente. Neist it skoalhaad wurken oan de skoalle in helpûnderwizer en in kwekeling. Yn 1866 kaam der in twadde helpûnderwizer by.

1873[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alhoewol't de skoalle yn 1861 ferbettere wie, waard it gebou dochs te lyts. Yn 1873 waard foar f 26.353,941/2. in nije skoalle boud mei fiif lokalen yn de Midstrjitte/Hurddraversdyk. It gebou kaam op it plak fan in âld tsjerkhôf. Der kamen in soad spoekferhalen oer de lokaasje, mar de grûn wie net djoer, sadat de gemeente trochpakte. It tsjerkhôf waard lykwols net romme, sadat der by lettere strjit- en rioelwurksumheden noch wolris âlde bonken fûn waarden. Doe't it gebou iepene waard wurken der fiif ûnderwizers, mei master Van Albada as haad. Yn 1886 waard Meinte Baarda beneamd as skoalhaad. Hy soe dat bliuwe oant syn pinsjoen yn 1920. Yn 1887 waard de skoalle oan de binnenkant sa ferboud, dat der troch skiedingsmuorren mear lokalen makke waarden. Yn 1900 wurken tsien learkrêften oan de skoalle.

MULO[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1902 waard oan de skoalle ek MULO-ûnderwiis jûn. Yn 1919 waard de skoalle splitst yn gewoan leger ûnderwiis en in diel foar mear útwreide ûnderwiis (MULO). De Boargerskoalle wie de foargonger fan de lettere 'Lyts Luchtenveldskoalle', dy't yn 1968 iepene waard.

It âlde gebou oan it lettere DE-plein waard yn 1970 ôfbrutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: