Earmeskoalle (De Jouwer)
De Earmeskoalle fan De Jouwer stie oan It Sân op De Jouwer fan 1844 oant 1928.
1844
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Earmeskoalle waard yn 1843 stifte as twadde iepenbiere skoalle. De earste skoalle, de Boargerskoalle, stie oan de Midstrjitte oan it plein foar Herema State oer. Neidat Deputearre Steaten op 28 septimber fan dat jier har tastimming ferliend hie waard de skoalle iepene op 15 jannewaris 1844. De gemeentlike skoalle wie bedoeld foar bern fan âlden dy't it skoaljild fan oare skoallen net betelje koene.
De earste direkteur wie Marten Sijbes Maakal.Maakal wie yn 1792 berne en wenne oant april 1814 yn Drachten. Op 22-jierrige leeftyd krige hy de 3e rang. Yn 1824 helle hy de twadde rang as ûndermaster by master Jan Gaauw oan de Midstrjitte. Dêr wurke hy oant hy as skoalhaad beneamd waard oan de Earmeskoalle. Syn lean bestie út ƒ75 fan de gritenij, plus de skoaljilden fan de learlingen. Master Maakal ferstoar yn 1853. De skoalle krige doe salang in waarnimmer.
Yn 1854 waard Tjitte Everts de Haan beneamd, dy't op 17 jannewaris 1855 syn fêste oanstelling krige. De gemeente joech doe ƒ300 traktemint. Yn 1855 sieten ûngefear hûndert bern op de Earmeskoalle. Yn 1861 wie der ien kwekeling as help. Yn 1860 hie de gemeente it traktemint ferhege nei ƒ500 en ƒ50 foar hûshier. Dat bedrach wie omdat de skoaljilden op grûn fan de Wet op het Leger Underwiis út 1857 gjin diel fan it ûnderwizerstraktemint mear wêze mocht. Tjitte Everts De Haan, berne yn 1831, wie in soan fan de yn syn tiid bekende mr. Evert Romkes de Haan fan Wurdum. Yn 1848, op 17-jierrige leeftiid krige hy de 4e en yn 1850 de 3e rang. Hy wie yn dy jierren kwekeling yn Haskerhoarne. Yn 1854, doe't hy al provisioneel op De Jouwer wie, helle hy syn twadde rang.
Nij gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1862 waard in nije Earmeskoalle mei skoalwenning stifte oan It Sân, op it plak fan de ôfbrutsen weverij. It skoalhûs stie oan de foarside fan de skoalle. It nije gebou waard op 2 desimber 1862 yn gebrûk nomd. Der kaam doe ek in helpûnderwizer: Feike Dokter. Syn traktemint wie ƒ350. Yn 1868 waard hy haad yn Drachten. Hy waard doe opfolge troch Jan Fred. Haytink. Doe't Haytink yn 1871 haad yn Blessum waard, wie P. Vlugt syn opfolger. Yn 1865 moast de Earmeskoalle al fergrutte wurde en kaam er in twadde helpûnderwizer by Ruurd G. de Haan. Op 9 novimber 1866 waard Pieter Jans van der Wal, tsjin in traktemint fan ƒ 300 oansteld. Yn 1890 is de skoalle ferboud en fergrutte. Dêrfoar waard grûn oankocht foar fiif nije lokalen, kosten ƒ7600.
Master De Haan gie yn 1897 mei pensjoen. Syn opfolger waard yn dat jier A.H. Karssiens, fan Himmelum. Om 1900 wiene der 7 learkrêften. Yn 1911 is de skoalle wer fergrutte.
Yn 1919 waard Karssiens, ferfongen troch S. Dijkstra, fan Jiskenhuzen. Hy stie der oant 1925 en waard dêrnei opfolge troch C. van Scheyen.
Opheffing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skoalle waard in pear jier letter, mei yngong fan 1 april 1928 opheft. De skoalle waard doe gearfoege mei de Boargerskoalle. Letter is de Boargerskoalle boud op it âlde hou op de hoeke Midstrjitte/Hurddraversdyk. Yn it leech komde gebou fan de Earmenskoalle kaam dêrnei de herfoarme legere skoalle. De diakenij fan de herfoarme tsjerke joech yn 1937 opdracht ta de bou fan 5 diakenijhúskes oan It Sân, foar de herfoarme skoalle oer. Yn 1968 ferhuze de herfoarme skoalle nei de nije Elias Annes Borgerskoalle oan de Keninginne Julianaleane. Yn it gebou oan It Sân kaam doe it jeugd en jongerenwurk 'It Twadde Thús'.[1] It waard yn de santiger en tachtiger jierren bygelyks brûkt as klupgebou en oefenromte fan de sjoband Con Spirito.
Yn 1986 waard it gebou sloopt foar wenningbou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|