Con Spirito

Ut Wikipedy

Con Spirito is de kristlike showband fan De Jouwer. De band waard yn 1967 oprjochte as it tamboer- en piperskorps fan de feriening CSC. It klupgebou 'de Triangel' stiet oan de Vegelinsdyk. Con Spirito waard letter loskeppele fan CSC en gie selsstannich fierder. De feriening hie har heechtijdagen yn de jierren santich fan de tweintichste iuw, doe't der wol 110 korpsleden wiene. Yn de tachtiger jierren waard it fan fanfarekorps in Amerikaansk drumkorps. Yn 1989 waard foar it earst meidien mei it Wrâld Muzyk Concours (WMC) yn Kerkrade yn de 2e divyzje Show. De band waard dêr wrâldkampioen mei muzyk fan Earth, Wind & Fire, La fiesta, Paylload, Legend of the one eyed sailor en Give me the reason. Yn 1993 helle Con Spirito de earste priis.

Nei 1995 rjochte de feriening him noch mear op de Amerikaanske styl. Der kaam in nij unifoarm en de muzyk waard modernisearre. Doe't it tal leden, frijwilligers en ynstrukteurs werom rûn waard yn 1997 besletten om de A Band tydlik op te heffen en om fierder te gean as koperensemble, slachwurkensemble en Wintertwirlgroep. Dat duorre net sa lang, want yn 1999 waarden Jong Con Spirito, in oantal âld-leden en in tal spilers út it koperensemble, gearfoege ta in 'kombinaasjeband'.

Yn 2000 die it nije A Corps fannijs mei oan wedstriden. Yn 2005 koe troch in oantal nije ynstrukteurs wer meidien wurde oan de kompetysje fan Drum Corps Nederlân (DCN) en dy fan Drum Corps Europe (DCE). Mei nije arranzjeminten waard oan in nije show wurke. Ien fan de hichtepunten wie it Mama Mia projekt (yn de mande mei Blue Diamonds, in drumcorps út it Dútske Nienhagen).

Yn 2009 folge in fúzje mei Rhythm Stars út Snits. Yn 2017 waard it fyftich jierrich bestean fierd mei in reüny en in grutte taptoe yn de Evenemintehal.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: