Waach (De Jouwer)
Yn de Waach op De Jouwer waard oant begjin tweintichste iuw benammen bûter woegen. Dêrneist waard er brûkt by de hannel yn spek en tsiis. It waachgebou stie efter de tsjerke fan de Jouster Toer. De oerkaping oan de efterkant fan it hotel dêr flakby wie it plak foar de hannel.
De Waach stie efter de Jouster Tsjerke. De bûter waard mei hynder-en-wein oanfierd, mar moast ek oer wetter berikber wêze. Yn 1856 waard út De Jouwer wei grintdiken oanlein nei It Hearrenfean en Sleat, mei in syddyk nei Langwar. Sa waard de Jouwer noch better berikber. It wie fan belang dat boeren harren produkten ek oer wetter by de Waach bringe koenen. Troch de Bûtersleat en it wetter de Jordaan koe men ticht by de Waach komme. De wykmerk op De Jouwer wie op moandei. Skippen dy't yn de Toerfeart foar de wâl leinen moasten op moandei foar seis oere út de opfeart wei wêze sadat bûter, tsiis en spek ferhannele wurde koe. Nei ien oere mochten de skippen wer oanlizze, dan wie it guod woegen, ferhannele en wer ophelle. De opslach fan bûter en oare produkten wie yn it hjoeddeiske adres Bûterstrjitte 5. Yn de linker sydgevel is noch te sjen dat der in pear muorreankers misse. Dêr sieten eartiids iepenslaande doarren mei in hysbalke. Sa koe nei it wagen alles maklik fan it waachhúske nei binnen hyst wurde.
Yn 1848 waard 541.000 oan heale Nederlânske pûnen woegen oan de Waach yn de Bûterstrjitte. Kûpers leveren dat jier sa’n 60000 fetten ôf. Yn 1865 waard in diel fan de Toerfeart tichtsmiten. Sa koe it Merkeplein njonken De Waach fergrutte wurde foar de bou fan in nij Waachgebou oan de Toerstrjitte.
Fan waach nei branwarhúske en plysjeburo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1890 rekke de waach yn ferfal troch de opkomst fan bûterfabriken yn de omkriten fan De Jouwer. Yn 1911 liet it gemeentebestjoer it waachgebou dêrom ôfbrekke.[1] Op it steed waarden in wenhûs, in opslachplak foar (hân)brânspuiten en in plysjeburo setten troch de Jouster oanimmer P. Jongbloed. Yn de sydgevel sit in gevelstien as oantinken oan de bou. It wenhûs waard yn 1911 boud mei in renêssânse trepgevel.[2]
-
Waachplein
-
Toerstrjitte. Op de eftergûn de Jouster Toer en it letter ôfbrutsen hotel Cats/Van der Feer (1920)
-
Toersleat. De waach links rjocht efter de tsjerke; efter de feart hotel Van der Feer. De sleat is yn 1902 tichtsmiten.
-
Bûtersleat
-
De Waach yn 1723
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|