Toerstrjitte (De Jouwer)

Ut Wikipedy
Toerstrjitte

Toerfeart
Printkaart mei poststimpel 1906

De Toerstrjitte is in strjitte op De Jouwer dy't neamd is nei de Jouster Toer. De strjitte is 145 meter lang en ferbynt It Sân mei de Midstrjitte. De Toerstrjitte wurdt kruse troch de Kolkstrjitte/Waachplein. By it wetter fan De Kolk leit de syddyk 'Krim'.

Fan Toerfeart nei Toerstrjitte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1900 hie de Toerstrjitte in opfeart mei wenningen en winkels oan beide kanten fan it wetter. Oer de opfeart koe bygelyks bûter mei in skip oanfierd wurde by de bûterwaach. Yn 1865 waard de opfeart foar in part dimpt oan it stik by de Midstrjitte. Yn 1903 waard de Toerfeart hielendal tichtsmiten. By It Sân lei in brechje oer de Toerfeart. Yn 1964 is dy Toerstrjittebrêge weihelle en waard de ferbining middels in slûs mei Oerspitting en Skipsleat tichtmakke.

Oant 1923 hie de Toerstjitte fanút de Midstrjitte twa yn- en útgongen. Dy wiene fan elkoar skieden troch it loazjemint 'It Wapen fan Haskerlân'. It linkerstrjitsje, it tichtst by de Jouster Toer, waard Toersteech neamd. De hiele Toerstrjitte waard ek noch lang Toersteech neamd. It steechje oan de oare kant fan it loazjemint hiet Anne Pieckesteech, ek wol 'Smelle Steech' neamd. Doe’t ‘It Wapen fan Haskerlân’ yn 1923 ôfbrutsen waard ûntstie in brede tagong fanút de Midstrjitte.

Oan de Toerfeart waard yn 1883 it bûterfabryk "Neerlandia" boud fan U. Romkema. Doe’t it fabryk ôfbrutsen waard koe in trochbraak makke wurde, de Kolkstrjitte (op it plak neist nûmer 15)[1] Yn de Toerstrjitte stie fan 1838 oant 1958 it Jouster Earmhûs. It gebou njonken it earmhûs waard fan 1880 oant 1895 brûkt as weeshûs.

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: