Springe nei ynhâld

De Libra

Ut Wikipedy
Oer de dyk en it wetter

De Libra wie in ferfierûndernimming fan de famylje Kramer op De Jouwer dy't oant 1963 bestien hat.

Op De Jouwer wennen eartiids in soad hannelers. It ferfier gie meast oer wetter. Yn 1749 wennen op De Jouwer 50 skippers en mear as 100 skippersfeinten. Neist beurt-, hea- en fearskippers wennen der ek frijwat kofskippers, dy't harren skippen yn de Jouster Sylroede lizzen hienen. Yn dy tiid waard by de grytman ek gauris klage oer de fertrektiden fan de Jouster en Snitser beurtskippers. Yn 1751 lei de Jouster grytman de fertrektiden fan de lêste boat fêst. Fan april oant oktober moast op tiisdei, de Snitser Merkedei, om fjouwer oere middeis fearn wurde en fan oktober oant april om trije oere. Snitser skippers wiene ek oan dizze tiden bûn. Yn 1765 waarden de lisplakken fêstlein foar de beurtskippen dy't nei de wyk- en jiermerken farden. Oan beide siden fan It Syl mochten 19 skippen lizze. De Jouster skippers mochten tichterby yn De Kolk lizze.

Beurtskipper Hendrik Hielkes Kramer (1787-1860) kaam as fearskipper út in skipperslaach fan beurtkippers, skippersfeinten en keaplju. Hy kocht yn 1815 in beurtskip en sette him ta wenjen op De Jouwer. In jier letter kocht hy twa huzen op It Sân. Yn 1828 hierde hy it beurtskip “De Jonge Zwaantje” dêr't hy mei farde nei en fan De Gerdyk, Warkum en It Hearrenfean. By syn ferstjerren yn 1880 hie hy neist in beurtskip in pakhûs oan 't Sân, in winkel en in gruthannel yn bûter. Hendrik (Kappie) Kramer (1863-1943) wie noch mar santjin jier doe't syn heit ferstoar en moast by de rjochtbank in 'Handlichting' oanfreegje om as rjochtspersoan hannelje te kinnen. Trochdat er him as in kaptein gedroech op de lettere Libraboaten krige hy de bynamme 'Kappie'. Hy sylde mei De jonge Hendrik doe't der fan 1866 al in steamboat fan de Jouwer op Snits farde.

Libra foar it pakhûs

Op 11 septimber 1901 kocht Hendrik mei D. Aartsma de Schroef-Stoombootdienst Libra dy't mei it skip 'Libra' reizgers, fracht en fee farde op Snits, Boalsert en It Hearrenfean. De namme fan de firma waard yn 1902 feroare yn H. Kramer, Stoombootonderneming. Yn 1903 waard in twadde steamboat kocht. De namme 'De Twee Gemeenten' waard omdoopt yn Libra 2. Letter soe der ek noch in Libra 3 komme, dy't benammen brûkt waard foar frachtferfier. Op de salonboat Libra 1 koene sa'n 125 passazjiers, op de Libra 2 wie plak foar sawat 100 minsken. Foar in reiske nei Snits moast yn 1914 15 sinten betelle wurde as de reizger gebrûk makke fan 1e Kajút of Salon. Foar de 2e Kajút moast in dûbeltsje betelle wurde. Fytsen en berneweinen mochten foar in stoer meinommen wurde.

De fracht bestie benammen út fee en griente. Op tiisdei en freed waard mei Jouster grienten nei de ôfslach yn Snits fearn. De túnkers brochten it mei hynder en wein of mei boatsjes en preammen oer it Hurdspytsje (letter 'Overspitting') om it oer te laden op de Libraboaten. It ferrekkenjen fan de fracht barde yn de Midstrjitte yn kafee 'De Ster'.

Om 1920 hinne sieten de beide soannen Hendrik en Hielke mei yn it bedriuw. Hindrik (1889-1965) wenne doe oan de Kolk oan 'e ein fan de Krússtrjitte. It kantoar fan de Libra siet doe oan 't Sân nûmer 5 dat Hendrik as 'pakhûs mei hiem' fan Hessel Taconis kocht hie. De Libraboaten leinen foar it kantoar oan de wâl.

Frachtferfier oer de dyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Earste frachtwein

Yn de krisisjierren rûn it ferfier oer wetter werom troch it opkommende ferfier mei frachtweinen. Op 2 oktober 1951 makke de Libra 2 de lêste reis fan De Jouwer nei Snits.

Yn 1924 krige Hendrik Kramer nûmerbewiis B-7214 in frachtwein mei oplizzer.[1] It wie in 20 pk 4 silinder Chevrolet-trekker mei in troch 'Douma’s Wagenfabriek' yn Snits boude oplizzer fan 5,75 m. Yn de oplizzer koe fiif ton oan fracht en wie romte foar acht kij. It oantal frachtweinen fan Kramer wreide him út, mei troch de groei fan Douwe Egberts. Yn 1933 waarden Hendrik en Hielke definityf yn it bedriuw opnomd en waard it bedriuw omneamd yn 'Ekspedysjebriuw Kramer'. Naast de tichte trailers foar DE en it beurtferfier wiene der iepen trailers foar oar soarte ferfier. It bedriuw hie sneltsjinsten op Amersfoort, Utert, Rotterdam en Amsterdam. Doe't it pakhûs en it kantoarke oan It Sân te lyts waarden, waard in nije garaazje efter it pahûs boud mei in útrit nei de Vegelinsdyk rjochting DE. Yn 1939 waard it bedriuw omneamd yn 'Libra Sneltsjinst'.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden frachtweinen foardere troch de Dútsers. De Kramers ferstoppen de weinen dêrom yn de omkriten fan De Jouwer. Doe't Hendrik op 14 augustus 1948 ferstoar wie de lieding fan de Libra al jierren yn hannen fan Hendrik en Hielke. Fan beide firmanten wurken doe ek de soannen yn it bedriuw. De firma waard dêrom yn 1952 yn twaen opdield. Hielke krige it ûngeregele ferfier en de linetsjinst Alkmaar-Haarlim-De Haach en Rotterdam. It bedriuw fan Hielke krige in nije namme De Friesland Rotterdam Expresse (F.R.E.). Hendrik en syn soannen krigen de Libra Sneltsjinst en alle oare linetsjisten mei de garaazje mei de brânstofpompen. De Libra Sneltsjinst waard modernisearre en hie op in stuit wol fyftich man yn tsjinst.

In soad grutte ûndernimmings en fabriken regelen mear en mear harren eigen ferfier. Dat die ek it nei Utert ferhuze Douwe Egberts, de grutste klant fan de Libra. DE regele it ferfier mei Utertske ferfierders. Boppedat frege de fernijing fan it weinpark grutte ynvestearrings. Op 29 juny 1965 waard it Librabedriuw ferkocht oan 'Van der Schuyt, Van den Boom en Stanfries NV' (SBS) út Rotterdam. It wie krekt op de dei dat Hendrik yn Snits ferstoar sadat dy dei de ein kaam fan it famyljebedriuw Libra.

Yn 2015 ferskynde it boek Stap op en laat je wegen. It wie in sechje fan Hendrik Kramer senior ('Kappie') at hy passazjiers ferwolkomme op de ‘Libra’. Mooglik wie dat omt ‘Libra’ ek de Latynske namme is foar it stjerrebyld ‘weachskeal’.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.J.M. Postma en G.J. van der Veer - “Stap op en laat je wegen” De geschiedenis fan de Libra. Een boek over de geschiedenis van De Libra, het transportbedrijf van de familie Kramer uit Joure, in de periode 1901-1965 ISBN 978-90-810041-9-0
  • bylden fan de Libra