Springe nei ynhâld

Oskar Radio & TV

Ut Wikipedy
Logo

Oskar Radio & TV, in gearlûking fan Omrop Skarsterlân, wie it lokale radio- en telefyzjestasjon fan de eardere gemeente Skarsterlân. De omrop wurke fanút ferskate studio’s op De Jouwer, fan maart 1986 oant ein desimber 2007. De doelstelling wie om mei radio- en telefyzjeútstjoerings yn de gemeente Skarsterlân programma’s te meitsjen op maatkiplik, kultureel, godstsjinstich en geastik mêd.

Oskar waard oprjochte op 13 febrewaris 1986 yn de boppeseal fan Hotel van Terwisga op De Jouwer. It is dêrmei it âldste lokale omrop fan Fryslân. It stasjon begûn oan de Westermarwei 116. It plak yn in wenomjouwing wie in needoplossing. It joech neist ferlet fan romte, lûdoerlêst ek parkearproblemen. Sûnt maart fan dat jier fersoarge it lykwols alle wiken lokale radio en telefyzje. It ramtprogramma wie der 24 oeren deis mei muzyk en ynformaasje. Ein 1987 waard begûn mei in ynformaasjekanaal foar ferienings dat ek gemeentlike ynformaasje jûch.

Op 28 novimber 1992 ferhuze Oskar nei de nije studio oan de Vegelinsdyk, tagelyk mei de iepening fan de Evenemintehal. Fan dat jier ôf mocht Oskar ek reklame meitsje, sadat twa beropskrêften ynhierd wurde koene. Dat moast liede ta profesjonalisearring en dat der mei in haadredakteur wurke wurde koe.

Bekende nammen by Oskar wiene haadredakteur en presintator Wiebe Krist en presintatrise Hilly Wind. Oskar draaide foar in part op frijwilligers en donateurs (In tsien(tsje) foar Oskar).

Neidat earst de telefyzje-útstjoerings stoppen troch te min frijwilligers en bestjoersleden stoppen ein desimber 2007 ek de radio-útstjoerings. It betsjutte nei 21 jier de ein fan de Skarsterlânske omrop. Oskar makke yn goeie tiden alle wiken sa'n tweintich radioprogramma's.[1] Oskar Radio & TV is opgien yn DayFM, de lokale omrop foar de gemeente De Fryske Marren: 'DFM' waard ta 'DayFM'.

It argyf fan Oskar wurdt bewarre by it Frysk Filmargyf. De kolleksje bestannen waard yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisearring Frysk Erfgoed folslein digitalisearre.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: