Jackie Brown (film)

Ut Wikipedy
Jackie Brown
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Lawrence Bender
útfierend
   produsint
Harvey Weinstein
senario Quentin Tarantino
basearre op Rum Punch fan Elmore Leonard
kamerarezjy Guillermo Navarro
muzyk gearstald tr. Quentin Tarantino
filmstudio A Band Apart
Lawrence Bender Productions
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Pam Grier
Samuel L. Jackson
byrollen Robert Forster
Robert De Niro
Bridget Fonda
Michael Keaton
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 desimber 1997
foarm langspylfilm
sjenre misdiefilm
taal Ingelsk
spyltiid 154 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst $74,7 miljoen
prizen Sulveren Bear

Jackie Brown is in Amerikaanske neo-noir-misdiefilm út 1997 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, mei yn 'e haadrollen Pam Grier en Samuel L. Jackson. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan. De film is basearre op 'e roman Rum Punch fan Elmore Leonard, út 1992. It ferhaal folget de stewardess Jackie Brown, dy't harsels behellet yn in smokkeloperaasje. Se wurdt pakt en twongen om undercover te gean foar de plysje en har opdrachtjouwer derby te lappen. Jackie betinkt lykwols in plan om sawol de kriminelen as de plysje te fluch ôf te wêzen. Tarantino makke Jackie Brown by wize fan earbetoan oan 'e blaxploitationfilms út 'e 1970-er jierren. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. Jackie Brown waard nominearre foar in Oscar, twa Golden Globes, twa Saturn Awards en in Screen Actors Guild Award, en wûn in Sulveren Bear op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. De film refitalisearre de karriêres fan ferskate leden fan 'e cast.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 44-jierrige swarte Jackie Brown hat in baan as stewardess by in lytse Amerikaanske loftfeartmaatskippij dy't toeristen hinne en wer pindelet tusken Los Angeles en it Meksikaanske baaiplak Cabo San Lucas, op 'e súdpunt fan it Kalifornyske Skiereilân. Dat wurk is gjin fetpot, mar se kin net by gruttere loftfeartmaatskippijen telâne om't se alris yn oanrekking kommen is mei justysje. Om wat by te fertsjinjen smokkelet Jackie grutte hoemannichten kontant jild fan Meksiko nei de Feriene Steaten foar de yllegale wappenhanneler Ordell Robbie. Mei't sy stewardess is, hoecht har bagaazje nammentlik net by de dûane lâns.

Robbie kriget op in stuit berjocht dat Beaumont Livingston, dy't as koerier foar him wurket, troch de plysje arrestearre is foar riden ûnder ynfloed. By it fûllearjen hat bliken dien dat er in pistoal yn besit hie. Om't er noch yn syn proeftiid sit foar in eardere feroardieling, liket it derop dat Livingston it tichthûs yndraaie sil. Om foar te kommen dat Livingston ynformaasje oer him oan 'e plysje priisjaan sil, beslút Robbie dat Livingston sa gau mooglik op frije fuotten komme moat. Hy wol lykwols net streekrjocht jild foar boarch ynlizze, om't der dan beslist lestige fragen komme sille oer wêr't it jild weikomt. Dat Robbie nimt de boarchliener Max Cherry yn 'e earm, dy't in bedriuw hat dat tsjin it rekkenjen fan rinte boarch ynleit foar earmlestige lju. Robbie jout oan Cherry $10.000 om as boarch foar Livingston te tsjinjen en de mannen komme oerien dat Cherry dêr $1.000 fan hâlde mei as de boarch troch de autoriteiten weromjûn wurdt. Livingston wurdt frijlitten en dyselde jûns giet Robbie by him del, lokket him mei nei bûten ta en fermoardet him. Letter leit er oan syn maat Louis Gara út dat Livingston net ien is dy't maklik yn it tichthûs oerlibje kin, dat om dêr út te bliuwen soed er perfoarst alles wat er wist oer Robbie en syn dwaan en litten oan 'e plysje útbrocht hawwe.

Jackie Brown komt in dei letter werom út Cabo San Lucas en wurdt yn 'e parkearkelder fan 'e lofthaven oanholden troch resjersjeur Mark Dargus fan it Los Angeles Police Department (LAPD) en spesjaal agint Ray Nicolette fan 'e ATF, in federale resjerzje dy't him dwaande hâld mei it bestriden fan yllegale hannel yn smokersguod, alkohol en fjoerwapens. As se har tas trochsykje, fine se $50.000 fan Robbie syn jild mei dêropta in pûdsje kokaïne. Jackie wurdt arrestearre en bedarret efter de traaljes. Robbie giet wer nei Cherry ta en praat mei him ôf dat er de $10.000 fan 'e boarch fan Livingston (dy't weromjûn wurdt no't Livingston dea is) ferskowe sil om it yn te lizzen as boarch foar Jackie. Nei't de amtlike rêdsjes it har oan tiid dien hawwe om te draaien, komt Jackie op 'e jûn frij. Cherry wachtet har op om har nei hûs te riden, en it is foar him leafde op it earste gesicht as er har oankommen sjocht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter dy jûns set Robbie mei in pistoal nei Jackie har appartemint ta, mei de bedoeling om har ek út 'e wei te romjen. Se is him lykwols foar en bedriget him mei in pistoal dat se út it dashboardkastke fan Cherry syn auto "liend" hat. Jackie fertelt dat de plysje har op 'e lofthaven opwachte en dat se yn 't foar al wisten hoefolle jild oft se by har hawwe soe. Dat Dargus en Nicolette ûnder har ferhear de namme fan Livingston falle litten hawwe, is foar Robbie de befêstiging fan wat er al fermoede: dat Livingston al úteinset wie mei him te ferrieden noch foar't er op boarchtocht frijkaam. Jackie wit Robbie der lykwols fan it oertsjûgjen dat sy út oar hout snien is. Se praat mei him ôf dat se beare sil om gear te wurkjen mei de autoriteiten om út 'e finzenis te bliuwen, mar dat se ûnderwilens de boel bedonderje sil om de rest fan 'e $560.000, dy't Robbie yn in bankklûske yn Cabo San Lucas lizzen hat, nei de Feriene Steaten te slûkjen.

Robbie behellet de blanke krimineel Louis Gara by it spul, mei wa't er yn it ferline ris in sel dield hat, en dy't krekt fjouwer dagen frij is. De blonde Melanie Ralston, ien fan 'e trije froulju mei wa't Robbie in los-fêste relaasje ûnderhâldt, is ûnderwilens ek fan alles op 'e hichte om't Robbie alles yn har bywêzen besprekt. Sy hat seks mei Gara en besiket him neitiid oer te heljen om Robbie ek saaklik te bedonderjen, sadat se tegearre mei syn jild útnaaie kinne. Dat liket Gara wol nei fleanen. Hy briefket wat se sein hat letter troch oan Robbie, mar dy sit der net oer yn en antwurdet dat er persiis wit wat er oan Melanie hat.

Mei Robbie praat Jackie ôf dat se syn $550.000 yn ien kear meismokkelje sil. Dargus en Nicolette makket se lykwols wiis dat Robbie senuweftich wurden is troch alle plysje-oandacht en har dêrom mar $50.000 meismokkelje litte sil. Underwilens makket Jackie plannen om sels mei it jild út te naaien. Se spant de fereale Max Cherry foar har karke om har dêrby te helpen, yn ruil foar in oandiel yn 'e winst. De beide plysjes sette in undercoveroperaasje op om it jild tuskentiids te merkjen, sadat se letter Robbie oppakke kinne om't er in grutte hoemannichte smokkele jild yn syn besit hat. Foarôfgeande dêroan wurdt, sabeare op oanstean fan Robbie, in test dien, wêrby't Jackie de restearjende $10.000 it lân yn smokkelet, mei't dat it heechste bedrach is dat legaal meinommen wurde kin sûnder it oan te jaan by de dûane. It plan is om it jild op 'e lofthaven yn in draachtas fan in beskate winkelkeatling te dwaan, nei in winkelsintrum te gean, en dêr oan in taffeltsje by in fastfoodrestaurant de tas om te wikseljen foar in identiken-ien dy't Sheronda, ien fan Robbie syn freondinnen, by har hat as se oan in oanbuorjend taffeltsje sitten giet.

Sa giet it krekt. Jackie set nei de wikseltrúk ôf en Dargus en Nicolette folgje Sheronda om te sjen wêr't it jild hinne giet. Mar Max Cherry, dy't troch Jackie by de saak belutsen is sûnder dat de plysjes of Robbie it witte, sjocht dat Sheronda earst har draachtas noch in kear omwikselet mei dy fan in ûnbekende frou, foar't se de beide plysjes fuortlokket. Wannear't Jackie letter Robbie mei dat bedroch konfrontearret, jout er ta dat de ûnbekende frou syn trêde freondinne Simone is, dy't er ynset hat om der wis fan te wêzen dat it jild him úteinlik berikt. Iroanysk genôch blykt Simone letter mei de $10.000 útpykt te wêzen sûnder in spoar efter te litten.

As it echt heve sil mei it smokkeljen fan it jild, praat Jackie mei Robbie ôf dat se nei in kleanwinkel gean sil yn itselde winkelsintrum foar't se by it fastfoodrestaurant sitten giet. Yn 'e pashokjes fan 'e kleanwinkel sil se it jild dan oerdrage oan ien fan Robbie syn trewanten yn ruil foar in identike draachtas, dy't se neitiid by it fastfoodrestaurant mei Sheronda útwikselje sil foar in trêde identike draachtas. Dargus en Nicolette sille dan tinke dat Sheronda it jild hat, wylst it eins al fan harren radar ferdwûn is foar't Sheronda sels mar op it toaniel ferskynt. Robbie hie Simone ynsette wollen foar de útwikseling yn 'e pashokjes, mar no't sy him bedragen hat en útpykt is, set er mei tsjinnichheid de ûnbetroubere Melanie foar dat putsje yn. Hy freget Gara om mei har te gean om in eachje yn it seil te hâlden. Mei't er sels troch de plysje yn 'e rekken holden wurdt, bejout er him nei in stripklub om ûngeduldich de tiid te deadzjen.

Wannear't Jackie mei it jild op 'e lofthaven arrivearret, treft se Dargus en Nicolette wer yn 'e parkearkelder, dy't it kefert mei de ferwachte $50.000 út har tas helje. Nicolette telt it jild en jout alle bankbiljetten in ûnopfallend merkje. Wat hy en Dargus net witte of opmerke, is dat ûnder Jackie har klean, op 'e boaiem fan har tas, nochris $500.000 ferburgen sit. Fan 'e lofthaven ôf set Jackie mei it jild nei it winkelsintrum, dêr't se nei it pashokje giet mei in broekpak, dat se oandocht. Se hellet in fjirde identike draachtas foar it ljocht, dêr't se in steapel âlde paperbacks yn docht, mei dêroerhinne $40.000 fan 'e troch Nicolette fan in merkje foarsjoene biljetten, sadat it liket as sit der $550.000 yn 'e tas. Dat jild bedekt se mei in pear badhandoeken. De lêste $10.000 mei merke biljetten leit se iepen en bleat boppe-op.

Underwilens is de relaasje tusken Melanie en Gara raar yn it neigean rekke. Melanie fynt Gara in skytsek om't er net ynstimme woe mei har plan om Robbie fan syn $550.000 te berôvjen, en dat lit se allegeduerigen blike. As se nei it winkelsintrum sille foar de útwikseling yn 'e pashokjes, hat se sa lang wurk om harsels oan te klaaien en op te tutsjen, dat Gara fan argewaasje hast by de muorren opfljocht. Mar krekt op 'e tiid berikke se de kleanwinkel, dêr't Melanie nei de pashokjes giet.

Jackie skoot har ûnder it gerdyn troch, dat de hokjes faninoar skiedt, de draachtas mei de paperback's en de $40.000 ta en seit dat de $10.000 dy't boppe-op leit in bonus foar Melanie is. Dêrop ferlit se de pashokjes en lit har eigen draachtas mei de $500.000 deryn stean. Se beart dat se ynienen tige hastich is, rekkenet ôf foar it broekpak dat se noch oan hat en seit tsjin 'e winkelbetsjinde dat immen in draachtas yn ien pashokjes stean litten hat. Dêrnei giet se út 'e winkel wei en rint iverich sykjend en in bytsje yn panyk troch it winkelsintrum oant se úteinlik Nicolette en Dargus gewaar wurdt. Tsjin harren seit se dat se wat tiid oer hie, dat se wie eefkes nei in kleanwinkel gien dêr't se in broekpak yn 'e oanbieding hiene dêr't se wol sin oan hie, mar doe't se yn har ûnderguod yn it pashokje stie, foel Melanie dêr ynienen binnen, roppe de draachtas mei de $50.000 mei en naaide út. Nicolette is poerlulk dat syn plan misbeteard is, mar Jackie wit him derfan te oertsjûgjen dat it net oan har lei.

Nei't Jackie har ôfjûn hat út 'e kleanwinkel ferlit Melanie de pashokjes en rint mei Gara it winkelsintrum út. Gara hat op 'e hinneweis fan 'e senuwen net goed sjoen wêr't er syn auto delset hat en kin dy op it reuseftige parkearterrein dêrom net fuortendaliks wer fine. Melanie sjocht har kâns skoan om him te fergjen mei yrritante opmerkings oant de opfokte Gara op 't langelêst al syn selsbehearsking ferliest, in pistoal lûkt en har deasjit. Hy lit har lizze, fynt einlings syn auto en riidt fuort om Robbie by de efterútgong fan 'e stripklub op te pikken.

Wannear't Robbie oan Gara freget wêr't Melanie bedarre is, bychtet Gara op dat er har miskien wol deamakke hat. Dêr is Robbie net bliid mei, mar oan 'e oare kant, diene saken nimme gjin kear. Salang't Melanie dan mar goed dea is, want as se noch libbet, dan hawwe se in grutter probleem. Gara is der frij wis fan dat se dea is. As Robbie yn 'e draachtas sjocht dy't Gara him brocht hat, ûntdekt er lykwols dat der mar $40.000 yn sit. Hy konkludearret dat immen him besoademitere hat, mar wa? Melanie kin it net west hawwe, want dy hie in koarte broek en in bikinytopke oan en koe dus nearne $510.000 ferbergje. Hy beslút dat it Jackie west hawwe moat. Wannear't Gara fertelt dat er Max Cherry, de boarchferliener, yn 'e kleanwinkel sjoen hat, begrypt Robbie dat dyselde mei Jackie ûnder ien tekken skûlet. Hy is poerlulk op Gara dat dy net daliks trochkrige dat der wat mis wie doe't er Cherry dêr seach, en yn razernij sjit er Gara dea.

Nei't Melanie en Gara de kleanwinkel ferlitten hawwe, giet Cherry, dy't sa lang tusken de kleanrekken yn stien hat te wachtsjen, nei de winkelbetsjinde ta dy't Jackie holpen hat. Hy seit dat er stjoerd is troch syn frou, dy't in draachtas yn ien fan 'e pashokjes stean litten hat. It winkelfanke, dat fan Jackie ommers al wist dat er in draachtas yn 'e pashokjes stie, seit dat it goed is dat er de tas ophellet en meinimt. Cherry giet nei de pashokjes, nimt de tas mei de $500.000 mei en giet rêstich nei hûs.

Dy jûns wurdt Cherry opskille troch Robbie, dy't him opdracht jout om tsjin Jackie te sizzen dat er har fermoardzje sil as se him syn jild net weromjout. En as se nei de plysje giet om him oan te jaan, dan sil er derfoar soargje dat sy as ien dy't mandélich is oan syn misdieden like hurd efter de traaljes bedarret as hysels. Cherry giet nei Robbie ta en fertelt him dat Jackie deabenaud is en mei it jild yn syn kantoar op Robbie wachtet. Robbie giet mei nei it kantoar fan Cherry, dêr't se tegearre nei binnen ta geane wylst Robbie Cherry ûnder skot hâldt mei in pistoal. As Robbie sjocht dat Jackie yndie yn it fertsjustere kantoar op him sit te wachtsjen, lit er Cherry fansiden stappe en lit er syn pistoal sakje. Jackie ropt út: "Pas op, Ray, hy hat in pistoal!" Spesjaal agint Ray Nicolette en resjersjeur Dargus, dy't efter har ferburgen sitte, iepenje dêrop direkt it fjoer en Robbie wurdt trochsingele mei kûgels, dat er it bestjert.

Neitiid ferfalle de oanklachten tsjin Jackie om't se mei gefaar foar eigen libben oan it plysje-ûndersyk meiwurke hat. Se giet noch ien kear nei it kantoar fan Max Cherry, dêr't se him besiket te bepraten om in grutter part fan 'e bút oan te nimmen as de 10% dy't frege hat. Hy wegeret, mei't er, sa leit er har út, altyd 10% freget. Jackie kundiget oan dat se op fakânsje nei Spanje giet om by te kommen fan alle spanning. Se nûget Cherry út om mei, mar hy slacht har oanbod ôf. Se wikselje in ynlike tongtút út, wêrnei't sy fuortriidt en hy eefkes bekomme moat en him ôffreget oft er de juste beslissing nommen hat of net.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pam Grier.
Samuel L. Jackson.
Robert Forster.
haadrollen
personaazje           akteur/aktrise
Jackie Brown Pam Grier
Ordell Robbie Samuel L. Jackson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Max Cherry Robert Forster
Louis Gara Robert De Niro
Melanie Ralston Bridget Fonda
ATF-agint Ray Nicolette Michael Keaton
LAPD-resjersjeur Mark Dargus Michael Bowen
Beaumont Livingston Chris Tucker
Sheronda LisaGay Hamilton
Winston Tommy "Tiny" Lister jr.
Simone Hawkins Hattie Winston
rjochter Sid Haig
pro deo-abbekaat Denise Crosby
Amy, winkelbetsjinde by Billingsley Aimee Graham
barkeeper yn 'e Cockatoo Inn Ellis E. Williams
2e winkelbetsjinde by Billingsley Tangie Ambrose
Mossberg 500 Tammy Jo Gillian Iliana Waters
himsels Dick Clark (cameo)
stim op antwurdapparaat Quentin Tarantino (stimcameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn trochbraakfilm Pulp Fiction ôf hie, kocht regisseur Quentin Tarantino yn 'e mande mei Roger Avary de filmrjochten oan op trije romans fan 'e foaroansteande Amerikaanske skriuwer Elmore Leonard. Dat wiene Rum Punch, Freaky Deaky en Killshot. Tarantino wie oarspronklik fan doel om òf Freaky Deaky òf Killshot te ferfilmjen, wylst er Rum Punch oan in oare regisseur oerlitte soe. Mar doe't er Rum Punch, in boek út 1992, werlies, rekke er dêr nei eigen sizzen wer hielendal op 'e nij fereale op en feroare er fan gedachten. Tarantino begûn Rum Punch om te wurkjen ta in ferfilmber senario en feroare dêrby it ras fan 'e froulike haadpersoan fan blank nei swart, en har efternamme fan Burke yn Brown. Hy skytskoarre der tsjinoan om Leonard te fertellen wat er dien hie, mar doe't er him dêr úteinlings dochs ta brocht, koart foar't de opnamen úteinsetten, die bliken dat de skriuwer it prachtich fûn en dat er Jackie Brown beskôge as de bêste fan 'e 26 filmadaptaasjes fan syn romans en koarte ferhalen.

Tarantino makke fan Jackie Brown in earbetoan oan 'e films fan it blaxploitationsjenre út 'e 1970-er jierren dêr't er mei grutwurden wie. Yn 't bysûnder wie it in hommaazje oan Coffy (1973) en Foxy Brown (1974), wêryn't Pam Grier ek de haadrol fertolke. Sels sei Tarantino dat it senario fan Jackie Brown beynfloede wie troch it blaxploitationsjenre, mar dat it sels gjin blaxploitationfilm wie.

Regisseur Quentin Tarantino.

Jackie Brown waard regissearre troch Quentin Tarantino nei in senario dat er sels skreaun hie. As produsint wie Lawrence Bender by it projekt belutsen foar de filmstudio's A Band Apart en Lawrence Bender Productions. Dêrmei wie Jackie Brown in ûnôfhinklike film. Harvey Weinstein hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $12 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Guillermo Navarro, en de filmmuzyk waard troch Tarantino sels gearstald út besteande muzykstikken.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Quentin Tarantino woe fan it begjin ôf oan Pam Grier yn 'e titelrol hawwe. Hja hie earder audysje dien foar syn film Pulp Fiction, foar it personaazje Jody, mar Tarantino fûn doe dat it foar in bioskooppublyk net oannimlik wêze soe dat Eric Stoltz roppend en razend tsjin har útfalle soe. Grier ferwachte net dat Tarantino neitiid noch kontakt mei har opnimme soe, mar dat died er dochs. Doe't se yn syn kantoar kaam om it oer har meiwurking oan Jackie Brown te hawwen, seach se dat dêr filmposters fan guon fan har blaxploitationfilms út 'e 1970-er jierren oan 'e wanden hongen. Se frege him doe oft er dy spesjaal foar har ophongen hie, mar hy lei út dat it krektoarsom wie: hy hie se der altyd al hingjen om't er in fan fan dy films wie, mar foar dit petear hied er yn omtinken nommen om se fuort te heljen, om 'e yndruk te mijen dat er besocht om yndruk op har te meitsjen.

Foar de rol fan boarchferliener Max Cherry naam Tarantino Paul Newman, Gene Hackman en John Saxon yn omtinken foar't er Robert Forster yn dy rol caste. In pear jier nei't Jackie Brown útkommen wie, fertelde Sylvester Stallone yn in fraachpetear dat Tarantino him frege hie foar de rol fan Louis Gara, mar dat er it oanbod ôfslein hie. Dy rol gie úteinlik nei Robert De Niro.

Wylst Jackie Brown yn produksje wie, risselwearre filmstudio Universal Pictures foar de produksje fan 'e film Out of Sight, fan regisseur Steven Soderbergh, mei yn 'e haadrollen George Clooney en Jennifer Lopez. Dat wie in ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Elmore Leonard, deselde skriuwer dy't ek de geastlike heit wie fan 'e roman Rum Punch, dêr't Jackie Brown op basearre wie. Yn beide romans, en dêrom ek yn beide films, komt it personaazje fan spesjaal agint Ray Nicolette foar. Soderbergh en Universal casten dêrom dy rol foarearst net, mar wachten ôf om te sjen wa't it personaazje yn Jackie Brown spylje soe. Dat wie akteur Michael Keaton, dy't yn 't earstoan wifke om 'e rol oan te nimmen. Tarantino moast frijwat oantrúnje om him oer de streek te lûken. Nei it útkommen fan Jackie Brown waard Keaton ek frege foar itselde personaazje yn Out of Sight, hoewol't de rol yn dy film mar in koarte cameo is, wêrfoar't Keaton net op 'e ôftiteling fermelden waard. De rjochten op it personaazje fan Nicolette wiene yn 'e hannen fan Tarantino en syn distributeur Miramax Films, mar Tarantino stie derop dat Universal fergees fan it personaazje gebrûk meitsje meie soe en wist Miramax op dat mêd te oertsjûgjen.

It Del Amo Fashion Center yn Torrance gie yn 'e film troch foar it winkelsintrum dêr't de útwikseling fan it jild plakfynt.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Jackie Brown fûnen yn it foarjier en it begjin fan 'e simmer fan 1997 plak. Der waard benammen filme op lokaasje yn Los Angeles. Sa waarden de sênes yn en by Melanie har appartemint mei útsjoch op it strân opnommen oan Ocean Front Walk yn 'e wyk Playa del Rey. Mar de sênes yn it kantoar fan Max Cherry waarden filme yn Carson (Kalifornje), wylst it winkelsintrum dêr't de sênes mei de útwikseling filme waarden, yn Torrance (Kalifornje) stie.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Jackie Brown waard fersoarge troch Miramax Films. De film gie op 8 desimber 1997 yn New York yn premiêre, en iepene dêrnei op 25 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 desimber by platemaatskippij Maverick Records, en omfette lieten as La-La Means I Love You en Didn't I (Blow Your Mind This Time) fan The Delfonics, Across 110th Street fan Bobby Womack en Tennessee Stud fan Johnny Cash. Jackie Brown waard yn 2002 foar it earst útbrocht op dvd en op 4 oktober 2011 foar it earst op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Jackie Brown oer it algemien positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie lyrysk oer de film en parte dy 4 fan 4 stjerren ta. Hy rôp Jackie Brown letter ek út ta syn favorite film fan 1997. Hy skreau: "Tarantino bewarret de dreechste fragen foar it lêst, ferberget syn setten, ferstoppet syn strategyen yn it iepen en jout syn personaazjes dialooch dy't libben, autentyk en spontaan is." Mark Kermode fan 'e BBC Radio wie it mei him iens en sei dat Jackie Brown syn favorite Tarantino-film is.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jackie Brown in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 87 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol wat nonsjalant fan tempo is Jackie Brown in effektyf stjerreferhikel foar Pam Grier, wylst ek de gebrûklike humor en sjarme fan Tarantino wer oan bod komme." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jackie Brown in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 23 resinsjes. By in opinypeiling fan CinemaScore ûnder bioskooppublyk dat de film sjoen hie, waard Jackie Brown in 8 op in skaal fan 1 oant 10 taparte.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jackie Brown brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $39,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $35,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $74,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $62,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch ôf moatte.

Yn Playa del Rey, in wyk fan Los Angeles oan it strân fan 'e Stille Oseaan, waarden de sênes yn it appartemint fan Melanie filme.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1998 waard Jackie Brown by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur (Roberte Forster). By de Golden Globes waard de film nominearre foar twa prizen, yn 'e kategoryen bêste akteur yn in musical of komeedzje (Samuel L. Jackson) en bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Pam Grier). Ek foar de Saturn Awards waard de film twaris nominearre, foar bêste aktrise (Pam Grier) en bêste byrol fan in akteur (Robert Forster). Grier waard fierders ek noch nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn waard Jackie Brown nominearre foar de Gouden Bear foar bêste film en wûn Samuel L. Jackson de Sulveren Bear foar bêste akteur.

Kontroverse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jackie Brown krige út guon hoeken wei krityk om it gebrûk fan it rasistyske skelwurd nigger ("nikker"), dat yn dizze film 38 foarkomt. Guon waarnimmers fûnen dat oermjittich, hoewol't it yn Quentin Tarantino syn lettere films Django Unchained (2012) en The Hateful Eight (2015) noch faker brûkt wurdt. Minsken dy't dêr harren betinkings by hiene, wiene û.o. de foaroansteande Afro-Amerikaanske regisseur Spike Lee en filmkritikus Pascoe Soyurz. Yn in fraachpetear mei filmkritika Manohla Dargis fan The New York Times ferdigene Tarantino it gebrûk fan nigger yn 'e film lykwols. Hy lei út: "It momint dat in wurd safolle macht hat, dat fyn ik teminsten, soe eltsenien op 'e wrâld it mei útset lûd brûke moatte. Gjin inkeld wurd fertsjinnet it om sa'n macht te hawwe."

Ynfloed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan Jackie Brown wie ferantwurdlik foar it jaan fan in nije ympuls oan 'e karriêres fan sawol titelrolfertolkster Pam Grier as Robert Forster, dy't de rol fan boarchferliener Max Cherry spile. Net ien fan beiden hie yn jierren sa'n grutte rol hân, en neitiid stiene de filmmakkers by wize fan sprekken yn 'e rige by harren foar de doar.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.