Robert Forster (akteur)

Ut Wikipedy
Robert Forster
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Wallace Forster jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 july 1941
berteplak Rochester (New York)
stoarn 11 oktober 2019 (78 jier)
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Italjaansk
jierren aktyf 19672019
prizen Saturn Award 2013
offisjele webside
www.robertforster.com

Robert Forster (folút: Robert Wallace Forster jr.; Rochester (New York), 13 july 1941 - Los Angeles, 11 oktober 2019) wie in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Hy waard benammen bekend mei de rollen yn 'e films Delta Force, as de Libaneeske terrorist Abdul Rafai, en Jackie Brown, as boarchliener Max Cherry. Foar dy lêste rol waard er nominearre foar in Oscar. Forster hie ek promininte rollen yn tillefyzjesearjes as Banyon, Heroes, de remake fan Twins Peak en de populêre komeedzjesearje Last Man Standing.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forster waard yn 1941 berne yn Rochester, yn 'e Amerikaanske steat New York. Syn heit, Robert Wallace Forster sr., wie fan mingd Iersk en Ingelsk komôf en wurke as oaljefantetrainer yn it Ringling Bros. and Barnum & Bailey Circus. Nei't er ophold yn it sirkus begûn er in twadde wurkpaad yn in liedende funksje by in bedriuw dat baknedichheden ferkocht. Forster syn mem, Grace Dorothy Montanarella, wie fan etnysk Italjaansk komôf. It houlik fan syn âlden einige yn 1949 yn in skieding.

Nei't Forster de middelbere skoalle ôfmakke hie, studearre er skiednis oan 'e Universiteit fan Rochester, dêr't er yn 1964 in bachelorgraad yn behelle. Yn syn studintetiid spile er yn ferskate toanielútfierings, lykas de musical Bye Bye Birdie. Hoewol't er oarspronklik fan doel west hie om troch te learen foar abbekaat, besleat er troch dy ûnderfinings op it toaniel om ynstee akteur te wurden.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forster begûn syn aktearkarriêre yn 1967 mei in gastrol yn 'e plysjesearje N.Y.P.D.. Datselde jiers spile er soldaat Williams yn 'e film Reflections in a Golden Eye, fan regisseur John Huston, wêrfoar't er in protte lof taswaaid krige. Yn 1968 spile er de heal-Yndiaanske legerferkenner Nick Tana yn 'e film The Stalking Moon, fan regisseur Robert Mulligan, dêr't er op 'e nij loovjende kritiken foar ûntfong. Neitiid fertolke Forster yn 1969 de rol fan John Cassellis yn Haskell Wexler syn heech oanskreaune film Medium Cool.

Yn 'e 1970-er jierren wie Forster op it wite doek fral te sjen yn byrollen yn B-films, wêrûnder The Black Hole (1977), fan Disney. Mar op 'e tillefyzje hied er fan 1971 oant 1973 de haadrol yn 'e plysjesearje Banyon. Ek yn 'e searje Nakia (1974) fertolke er in haadrol. Yn 'e 1980-er jierren hie Forster haadrollen yn B-films, sawol aksjefilms as horrorfilms, lykas Alligator (1980), Vigilante (1983) en The Banker (1989). Yn The Delta Force, út 1986, spile Forster de Libaneeske terrorist Abdul Rafai, ien fan syn bekendere rollen. Yn deselde tiid hie Forster op 'e tillefyzje benammen gastrollen yn searjes as Magnum, P.I., Murder, She Wrote, William Tell, Jake and the Fatman en Walker, Texas Ranger.

Yn 1997 spile Forster syn bekendste rol op it wite doek as Max Cherry, de eigner fan in boarchlieningsburo, yn Quentin Tarantino syn film Jackie Brown, mei û.o. Pam Grier, Robert De Niro, Bridget Fonda en Samuel L. Jackson. Forster waard foar dy rol nominearre foar sawol in Oscar as in Saturn Award, beide yn 'e kategory bêste manlike byrol. Hy soe letter de dêropfoljende oplibbing fan syn aktearkarriêre taskriuwe oan syn optreden yn Jackie Brown. Neitiid waard er nammentlik frege foar rollen yn bekende films as Me, Myself & Irene (2000), Mulholland Drive (2001), Charlie's Angels: Full Throttle (2003) en Lucky Number Slevin (2006).

Op 'e tillefyzje spile Forster yn dy snuorje yn 'e tillefyzjefilm The Hunt for the BTK Killer (2005) de resjersjeur dy't searjemoardner Dennis Rader op 'e hakken sit. Fierders hied er yn 'e misdiesearje Karen Sisco (2003-2004), dy't krekt as Jackie Brown basearre wie op in roman fan Elmore Leonard, de rol fan 'e heit fan resjersjeur Karen Sisco. Ek fertolke Forster gastrollen yn searjes as Desperate Housewives, CSI: New York en Alcatraz, en liende er syn stim oan in gastpersonaazje yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje The Simpsons. Forster hie in weromkearende rol as Arthur Petrelli yn tsien ôfleverings fan 'e searje Heroes (2007-2008), wêrfoar't er nominearre waard foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste gastrol.

Yn 2011 spile Forster de rol fan Scott Thorson yn 'e film The Decendants, wêrfoar't er mei de rest fan 'e akteurs nominearre waard foar in Screen Actors Guild Award yn 'e kategory bêste cast. Fierders wied er ek te sjen yn 'e aksjefilm Olympus Has Fallen (2013) en it ferfolch dêrop, London Has Fallen (2016). Yn 2015 wie Forster yn 'e spionaazjefilm Survivor te sjen, mei Milla Jovovich en Pierce Brosnan. Fan 2012 ôf hie Forster fierders in weromkearende rol yn 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing, as Bud Baxter, de dwerse, marihuanaferkeapjende âlde heit fan haadrolspiler Tim Allen. Ek spile er yn 2013 de rol fan Ed yn 'e ôflevering Granite State fan 'e mei in Emmy bekroande misdiesearje Breaking Bad. Foar dat optreden wûn er de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje. Fierders fertolke Forster yn 2015 de rol fan Blue Backstrom, de heit fan 'e haadpersoan yn 'e plysjesearje Backstrom. En yn 2017 spile er de rol fan sheriff Frank Truman yn 'e remake fan 'e searje Twin Peaks.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forster krige yn 1965 syn earste bern, soan Robert jr., út in koarte relaasje. Fan 14 maaie 1966 oant 20 septimber 1975 wied er troud mei June Provenzano, mei wa't er yn 'e kunde kommen wie doe't se beide studearren oan 'e Universiteit fan Rochester. Hja krigen tegearre trije dochters: Elizabeth (1967), Kathrine "Kate" (1969) en Maeghen (1972). Nei't er fan syn earste frou skieden wie, wertroude Forster yn 1978 mei syn twadde frou Zivia, fan wa't er lykwols yn 1980 ek skiede.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Forster stoar yn de âldens fan 78 jier oan harsenskanker, op de dei dat syn lêste film El Camino: A Breaking Bad Movie yn premiêre gie.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1957 Wagon Train Hedson gastrol; ôfl. The Julie Gage Story
1967 N.Y.P.D. Tony gastrol; ôfl. To Catch a Hero
1968 Judd, for the Defense Ray Elliott gastrol; ôfl. In a Puff of Smoke
1968 Premiere Doug Payson gastrol; ôfl. Higher and Higher, Attorneys at Law
1971–1973 Banyon Miles Banyon weromkearende rol; 16 ôfl.
1974 Nakia helpsheriff Nakia Parker fêste rol; 14 ôfl.
1974 The Death Squad Eric Benoit tillefyzjefilm
1975 Medical Story David Corbin gastrol; ôfl. The Moonlight Heater
1975–1977 Police Story ferskaat 5 ôfl.
1977 The City ynspekteur Matt Lewis pilotôflevering
1978 Standing Tall Luke Shasta tillefyzjefilm
1979 The Darker Side of Terror Paul Corwin tillefyzjefilm
1981 Goliath Awaits kaptein-luitenant-op-see Jeff Selkirk tillefyzjefilm
1985 Magnum, P.I. Tyler Peabody McKinney gastrol; 2 ôfl.
1986 Tales from the Darkside Gary Gooley gastrol; ôfl. The Milkman Cometh
1986 Murder, She Wrote Gilbert Gaston gastrol; ôfl. The Perfect Foil
1987 Hotel Steve Cameron gastrol; ôfl. Unfinished Business
1987 Once a Hero Gumshoe weromkearende rol; 7 ôfl.
1987–1988 William Tell Aymong weromkearende rol; 3 ôfl. (searje ek bekend as Crossbow)
1989 Mick and Franki Feinstein pilotôflevering
1991 Jake and the Fatman Ed Delaney gastrol; 2 ôfl.
1991 P.S. I Luv U Dan gastrol; ôfl. There Goes the Neighbourhood
1992 In the Shadow of a Killer Charles Galbis tillefyzjefilm
1993 Silk Stalkings Vince Riker gastrol; ôfl. Tough Love
1993 Sex, Love and Cold Hard Cash Sid tillefyzjefilm
1995 Walker, Texas Ranger Ricky Rickettes gastrol; ôfl. The Big Bingo Bamboozle
1995 Murder, She Wrote Frank Roussel gastrol; ôfl. Big Easy Murder
1995 One West Waikiki Gerard Foster gastrol; ôfl. Flowers of Evil
1997 Walker, Texas Ranger Lane Tillman gastrol; ôfl. Texas vs. Cahill
1998 Rear Window resjersjeur Charlie Moore tillefyzjefilm
1999 Todd McFarlane's Spawn majoar Forsberg as stimakteur; 3 ôfl.
2000 Godzilla: The Series Jack Chapman / plysjeman as stimakteur; gastrol; ôfl. Wedding Bells Blew
2001 Like Mother Like Son Ken "Pappa" Kimes tillefyzjefilm
2002 Murder in Greenwich Steve Carroll tillefyzjefilm
2002 Due East Jesse Rapple tillefyzjefilm
2002–2003 Fastlane Raymond Ray weromkearende rol; 2 ôfl.
2003 Undefeated Scott Green tillefyzjefilm
2003 Street Time Tony DeAngelo gastrol; ôfl. Cop Killer
2003–2004 Karen Sisco U.S. marshal Sisco weromkearende rol; 10 ôfl.
2004 The Grid Jay Aldrich weromkearende rol; 6 ôfl.
2004 Clubhouse Burt Austin gastrol; ôfl. Spectator Interference
2004–2005 Huff Ben Huffstodt weromkearende rol; 3 ôfl.
2005 Tilt Jimmy "Gentleman Jim" Towne gastrol; 2 ôfl.
2005 Justice League Unlimited presidint fan 'e Feriene Steaten as stimakteur; 2 ôfl.
2005 Bounty Hunters Jerry pilotôflevering
2005 The Hunt for the BTK Killer resjersjeur Jason Magida tillefyzjefilm
2006 Numb3rs spesjaal agint Thomas Lawson gastrol; ôfl. Protest
2006 13 Graves Tom Ferris pilotôflevering
2007 Army Wives generaal Grayson gastrol; ôfl. Truth and Consequences
2007 Desperate Housewives Nick Delfino gastrol; ôfl. Now I Know, Don't Be Scared
2007–2008 Heroes Arthur Petrelli weromkearende rol; 10 ôfl.
nom. Saturn Award foar bêste gastrol fan in akteur op 'e tillefyzje
2008 The Simpsons Lucky Jim as stimakteur; gastrol; ôfl. Sex, Pies and Idiot Scrapes
2011 CSI: New York Joe Vincent gastrol; ôfl. Indelible
2012 Alcatraz Ray Archer minysearje; 4 ôfl.
2012 Transformers: Prime generaal Bryce as stimakteur; gastrol; ôfl. Grill
2012–2018 Last Man Standing pake Bud Baxter weromkearende rol; 10 ôfl.
2013 NTSF:SD:SUV:: Booth Whitman gastrol; ôfl. Unfrozen Agent Man
2013 Breaking Bad Ed Galbraith gastrol; ôfl. Granite State
Saturn Award foar bêste gastrol fan in akteur op 'e tillefyzje
2013 Ironside heit fan Virgil gastrol; ôfl. Hidden Agenda
2014 Intruders Frank Shepherd gastrol; 2 ôfl.
2014–2015 Teenage Mutant Ninja Turtles Jack J. Kurtzman as stimakteur; weromkearende rol; 4 ôfl.
2015 Childrens Hospital Donald gastrol; ôfl. The 27 Club
2015 Backstrom sheriff Blue Backstrom weromkearende rol; 2 ôfl.
2016 Divorce Donald gastrol; 2 ôfl.
2017 Twin Peaks sheriff Frank Truman minysearje; 10 ôfl.
2017 I'm Dying Up Here Guy Apuzzo gastrol; ôfl. Pilot
2020 Better Call Saul Ed Galbraith gastrol; ôfl. Magic Man; postúm útstjoerd
2020 Amazing Stories pake Joe Harris gastrol; ôfl. Dynoman and The Volt; postúm útstjoerd
films
1967 Reflections in a Golden Eye soldaat L.G. Williams
1968 The Stalking Moon Nick Tana
1969 Justine Narouz
1969 Medium Cool John Cassellis
1970 Pieces of Dreams Gregory Lind
1970 Cover Me Babe Tony Hall
1972 Journey through Rosebud Frank
1973 The Don is Dead Frank Regalbuto
1977 Stunts Glen Wilson
1978 Avalanche Nick Thorne
1979 The Lady in Red "Turk" net fermeld op 'e ôftiteling
1979 The Black Hole kaptein Dan Holland
1980 Alligator resjersjeur David Madison
1981 Heartbreak High coach Alan Arnoldi
1983 Vigilante Eddie Marino
1985 Walking the Edge Jason Walk
1986 The Delta Force Abdul Rafai
1986 Hollywood Harry Harry Petry ek produsint en regisseur
1988 Counterforce de diktator
1989 Satan's Princess Lou Cherney
1989 The Banker Dan Jefferson
1989 Esmeralda Bay Madero
1990 Peacemaker Yates
1991 Committed dr. Desmond Moore
1991 Checkered Flag Jack Cotton
1991 Diplomatic Immunity Stonebridge
1991 29th Street brigadier Tartaglia
1991 In Between Vinnie
1993 Maniac Cop III: Badge of Silence dokter Powell direkt-op-fideo útbrocht
1993 South Beach resjersjeur Ted Coleman
1993 American Yakuza Littman
1993 Cover Story psychoterapeut
1994 Point of Seduction: Body Chemistry III    Bob Sibley direkt-op-fideo útbrocht
1995 Scanners: The Showdown kaptein Jack Bitters direkt-op-fideo útbrocht
1995 Guns and Lipstick haadynspekteur Dimaggio
1996 The Method heit fan Christian
1996 Original Gangstas resjersjeur Slatten
1996 Uncle Sam ôffurdige Alvin Cummings direkt-op-fideo útbrocht
1996 Hindsight Michael Donahue
1997 American Perfekt Jake Nyman
1997 Demolition University Gentry direkt-op-fideo útbrocht
1997 Jackie Brown Max Cherry nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1997 Night Vision Teak Taylor
1998 Psycho dokter Fred Simon
1998 Outside Ozona Odell Parks
1999 It's the Rage Tyler
1999 Family Tree Henry Musser
1999 Kiss Toledo Goodbye Sal Fortuna
2000 Supernova A.J. Marley
2000 The Magic of Marciano Henry
2000 Lakeboat Joe Litko
2000 Cowboys and Angels barbecueman op brulloft cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
2000 Me, Myself & Irene kolonel Partington
2000 Diamond Men Eddie Miller ek útfierend produsint
bysûndere erkenning fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons
2000 It's a Shame about Ray Wally koarte film
2001 Mulholland Drive resjersjeur Harry McKnight
2001 Human Nature heit fan Nathan
2001 Finder's Fee plysjeman Campbell
2002 Lone Hero Gus
2002 Strange Hearts Jack Waters
2002 Like Mike coach Wagner
2003 Confidence Morgan Price
2003 Where's Angelo? Bob koarte film
2003 Charlie's Angels: Full Throttle direkteur fan 'e FBI Roger Wixon
2003 Grand Theft Parsons Stanley Parsons
2006 Firewall Harry Romano
2006 Lucky Number Slevin Murphy
2006 Wild Seven Wilson
2007 Rise: Blood Hunter Lloyd
2007 D-War Jack Wilson
2007 Cleaner Arlo Grange
2007 Grampa's Cabin pake koarte film
2008 Expecting Love George Patten
2008 Jack and Jill vs. the World Norman / ferteller net fermeld op 'e ôftiteling
2008 Touching Home Jim "Perk" Perkins
2009 Thick as Thieves ynspekteur Sam Weber
2009 Ghosts of Girlfriends Past brigadier Mervis Volkom
2009 Middle Men Louie "La-La"
2010 The Bannen Way dhr. B
2010 Red Princess Blues de ferhaleferteller koarte film
2010 The Trial Ray
2010 Kalamity Tom Klepack
2011 Girl Walks into a Bar Dodge
2011 The Descendants Scott Thorson nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm
2012 Hotel Noir Jim Logan
2013 Olympus Has Fallen generaal Edward Clegg
2013 Coffee, Kill Boss Walt Ford
2013 Somewhere Slow Chris McConville
2014 Autómata Robert Bold
2015 The Biffle Murder Case James Burke koarte film
2015 The Bridge Partner Don Whalen koarte film
2015 Run Fast Peter Cirone koarte film
2015 Survivor Bill Talbot
2015 Too Late Gordy Lyons
2015 The Program Michael koarte film
2015 The Adventures of Biffle and Shooster James Burke / ynspekteur Frank Murphy   
2015 Home man koarte film
2016 London Has Fallen generaal Edward Clegg
2016 The Confirmation Otto
2016 The American Side Sterling Whitmore
2016 Bus Driver generaal Sorbin
2017 Small Town Crime Steve Yendel
2017 Small Crimes Joe Denton sr.
2017 The Case for Christ Walter Strobel
2017 Acts of Vengeance Chuck
2018 What They Had Norbert Everhardt
2018 Damsel âlde predikant
2018 The Big Take resjersjeur Aborn
2018 Bigger Joe (yn 2008)
2018 Nasty Bob koarte film
2019 Phil Bing Fisk
2019 El Camino: A Breaking Bad Movie Ed Galbraith
2019 QT8: The First Eight himsels dokumintêre; postúm útbrocht
2020 The Wolf of Snow Hollow sheriff Hadley postúm útbrocht
2020 Grave Intentions Don Whalen segmint The Bridge Partner; postúm útbrocht

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.