Oerlis:Robert Forster (akteur)
Appearance
@Ieneach fan 'e Esk: Wat is dat yn'e frede, in 'boarchagintskip'? Drewes (oerlis) 27 feb 2019, 21.33 (CET)
- @Drewes: Dat is in agintskip of buro dat oan arrestanten dy't sels harren boarch net opbringe kinne, dy boarch foarsjit by wize fan rintedragende liening, sadat se op boarchtocht frij komme kinne. De rinte is frijwat heech, haw ik begrepen, om't sokke bedriuwen fansels it risiko rinne dat de frijkommen arrestanten útpike, en dan binne se harren boarch kwyt. Ingelsk: bail bond agency. Dêr bestiet neffens my gjin Frysk wurd foar, dat ik haw mar wat betocht. As jo in better idee hawwe, hear ik it graach. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 feb 2019, 21.39 (CET)
- Ik sjoch dat nl: immen dy't sok wurk docht in borgtochtgeldschieter neamt. Brr, wat in wurd. Dan haw ik noch leaver "boarchliener", "boarchlieningsburo" of sa. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 feb 2019, 21.49 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Tank foar jo ferklearring. Nee, ik haw gjin better idee. As ienfâldige doarpsjonge wist ik domwei net wat it betsjutte. Drewes (oerlis) 27 feb 2019, 22.08 (CET)