I, Robot (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
I, Robot
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
I, Robot film logo.png
makkers
regisseur Alex Proyas
produsint Laurence Mark
John Davis
Topher Dow
Wyck Godfrey
senario Jeff Vintar
Akiva Goldsman
basearre op de ferhalebondel fan
   Isaac Asimov
kamerarezjy Simon Duggan
muzyk Marco Beltrami
filmstudio Davis Entertainment
Laurence Mark Productions
Overbrook Entertainment
Mediastream IV
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Will Smith
Bridget Moynahan
byrollen Alan Tudyk
Bruce Greenwood
James Cromwell
Chi McBride
Shia LaBeouf
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 7 july 2004
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 115 minuten
budget en resultaten
budget $120 miljoen
opbringst $347,2 miljoen

I, Robot (stilearre as İ,ROBOT) is in Amerikaanske science fiction-aksjeskriller út 2004 ûnder rezjy fan Alex Proyas, mei yn 'e haadrollen Will Smith en Bridget Moynahan. De titel betsjut "Ik, Robot". De film is net sasear basearre op, mar foar in diel wol ynspirearre troch de ferneamde ferhalebondel mei deselde titel fan Isaac Asimov, út 1950. It ferhaal folget plysjeman Del Spooner, dy't yn in dystopysk 2035 ûndersyk docht nei de skynbere selsmoard fan in briljant wittenskipper dy't selstinkende robots útfûn hat. Hy is derfan oertsjûge dat de man troch syn eigen kreaasje ombrocht is, mar is dat wier of lit er him dêrby liede troch syn eigen foaroardielen tsjin robots? I, Robot krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2035 wurdt de minskheid tsjinne troch in grut tal humanoïde robots, dy't bûn binne troch de saneamde Trije Wetten:

  1. In robot mei gjin minske kwea dwaan, noch troch wurkeleas ta te sjen tastean dat in minske kweadien wurdt of op oare wize earne skea fan ûnderfynt.
  2. In robot moat elts befel fan eltse minske opfolgje, útsein as sa'n befel yn striid wêze soe mei de Earste Wet.
  3. In robot moat syn eigen bestean beskermje ynsafier't sa'n beskerming net yn striid is mei de Earste of de Twadde Wet.

Del Spooner, in resjersjeur fan 'e ôfdieling moardsaken fan it Chicago Police Department, hat in net-ôflittend wantrouwen foar robots opfetten nei't in robot him nei in ferkearsûngemak rêden hat út syn sinkende auto wylst er in tolvejierrich famke yn in oare auto dy't by it ûngemak belutsen wie, ferdrinke liet. De robot die dat poer op basis fan logika, om't er berekkene dat Spooner as folwoeksene in bettere kâns op oerlibbing hie en dêrom it earst rêden wurde moast. Syn oerlibbingsskuldgefoelens hawwe lykwols makke dat Spooner sûnt robots begûn is te haatsjen, ek al wie it de útfiner fan 'e robots, de ferneamde dr. Alfred Lanning, dy't derfoar te tankjen is dat er syn libben neitiid wer op 'e rails krigen hat troch syn ferbrizele earm te ferfangen troch in roboatyske proteze dy't oan 'e bûtenkant net fan echt te ûnderskieden is.

As dr. Lanning op syn wurk by United States Robotics (USR) troch it finster fan syn kantoar yn in reuseftige binnenromte tepletter falt, lit er in hologram fan himsels efter dat fersiket om syn dea ûndersykje te litten troch Spooner. Foar de plysje is dúdlik dat it om in gefal fan selsmoard giet, mar Spooner, dy't troch syn foaroardielen fuortendaliks de yn it gebou rûnom oanwêzige robots fertinkt, is skeptysk. Lawrence Robertson, de algemien direkteur fan USR, stiet him mei tsjinnichheid ta om 'e saak te ûndersykjen en wiist him robopsychologe Susan Calvin ta as kontaktpersoan.

As Spooner by de sintrale superkompjûter fan USR, in keunstmjittige yntelliginsje dy't V.I.K.I. hjit (Virtual Interactive Kinetic Intelligence), dêr neifraach oer docht, blykt dat de bylden fan befeiligingskamera's yn Lanning syn kantoar net werjûn wurde kinne om't se "fersmoarge" binne. Befeiligingsbylden fan bûten it kantoar litte lykwols dúdlik sjen dat nimmen it fertrek sûnt de dea fan Lanning binnengien is. Yn it kantoar, dat smoarfol leit mei robotûnderdielen, sit in grut gat yn ien fan 'e ruten, mar as Spooner mei in krukje test oft er ien fan 'e oare ruten ynslaan kin, docht bliken dat de finsters foarsjoen binne fan feilichheidsglês, dêr't er net trochhinne komme kin. Hy rekket derfan oertsjûge dat Lanning net selsmoard dien hat, mar fermoarde is. En as nimmen sûnt syn dea út it kantoar kommen is, moat dat betsjutte dat de moardner noch yn it kantoar oanwêzich is.

Calvin leit dêr tsjinyn dat in robot Lanning net ombrocht hawwe kin om't dat yn striid wêze soe mei de Trije Wetten. Spooner hat net folle fidúsje yn 'e programmearring fan 'e masines, en hy kriget gelyk as ynienen in NS-5, it nijste model robot fan USR, te foarskyn springt, harren oanfalt en dan útnaait. By de ûntsnapping hat Spooner de robot mei in kûgel út syn pistoal skansearre, en Calvin wit wêr't it ding hinne gean sil om himsels te reparearjen. Se liedt Spooner nei in folslein automatisearre fabryk fan USR, dêr't de NS-5 dy't se sykje himsels besiket te ferbergjen yn in kloft fan 1.000 oare NS-5's. Spooner wit him lykwols op 'e flecht te jeien, wêrnei't er bûtendoar troch Spooner syn optromme kollega's opwachte en fongen wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op it plysjeburo nimt Spooner neitiid de NS-5 yn it ferhear. De robot fertelt dat er Sonny hjit en dat er gjin standert-NS-5 is, mar in spesjaal eksimplaar dat eigenhandich boud is troch Lanning, dy't er syn "heit" neamt. De robot liket him sterk dwaande te hâlden mei it begripen fan 'e minsken om him hinne en wol bygelyks fan Spooner witte wêrom't er syn baas, haadynspekteur John Bergin, taknypeage doe't er de ferhearkeamer ynkaam. Spooner leit út dat dat in blyk fan fertrouwen is, eat dat robots net begripe kinne. De oankomst fan Robertson op it plysjeburo, mei yn syn sok in ridel abbekaten, makket abrupt in ein oan it ferhear. Robertson, dy't heechpleatste konneksjes hat, staveret foar Spooner út dat Sonny net yn beskuldiging steld wurde kin foar de dea fan Lanning om't de ofsier fan justysje "moard" omskriuwt as it deadzjen fan in minske troch in oare minske. In tillefoantsje fan 'e boargemaster, dy't Bergin twingt om Sonny oan Robertson oer te dragen, besegelet de saak.

Sonny wurdt meinommen nei it haadkantoar fan USR, dêr't er omreden fan syn oerdúdlike defekt (hy hat minsken oanfallen en is útnaaid ek al waard er oardere stilstean te bliuwen) ferneatige wurde sil. Underwilens wurdt Spooner erchtinkend as er beseft dat hysels wol de perfekte man op it juste plak wie om 'e ôfwikings fan Sonny te ûntdekken. Hy bejout him nei de filla fan Lanning, dêr't in slooprobot fan USR parkearre is dy't it hûs de oare moarns om acht oere ôfbrekke sil. Spooner giet it hûs yn op 'e siik nei in oanwizing, en ûntdekt dat it hûs yn 'e gaten holden wurdt troch USR mei deselde befeiligingskameratechnyk as yn it USR-haadkantoar. Fierders treft er yn it hûs inkeld Lanning syn frijske kat oan. Wylst er binnen is, feroaret it tiidstip fan 'e sloop yn 'e ynstellings fan 'e slooprobot fan acht oer moarns yn acht oere jûns. De robot aktivearret himsels dan en set daliks útein mei it slopen fan 'e filla. Spooner wit himsels en de kat mar nauwerneed te rêden. Hy rekket derfan oertsjûge dat it in rjochte oanslach op syn libben wie, en dat Robertson derefter sit.

As Spooner de oare moarns ier, ûnderweis nei syn wurk, kontakt opnimt mei V.I.K.I. om it e-mailferkear tusken Lanning en Robertson yn te sjen, wurdt er yn in tunnel oanfallen troch twa frachtweinladings NS-5's. Yn it gefjocht eksplodearje de beide frachtweinen en reitsje alle NS-5's nei gychem. Spooner riidt syn auto oan grôt en wurdt dan oanfallen troch de iennichste restearjende robot. Hy wit it der inkeld libben ôf te bringen troch syn eigen roboatyske earmproteze, mei't de rest fan syn lichem, dat fan fleis en bloed is, lang net tsjin 'e robot opwoeksen is. Underwilens binne daliks opromrobots fanwegen kommen dy't alle bewiis foar de oanfal fertsjustermoanje, sadat it, as de plysje arrivearret, liket as hat Spooner in ûngelok mei twa USR-frachtweinen feroarsake. Bergin leaut him net as er seit dat er oanfallen is troch de robots, en freget him syn plysje-ynsinje yn te leveren om't er op non-aktyf steld wurdt.

Foarôfgeande oan Sonny syn ferneatiging wurdt er ûndersocht troch Susan Calvin, om't USR witte wol wat der misgien is mei dit eksimplaar. Sy ûntdekt dat Lanning by it meitsjen fan Sonny gebrûk makke hat fan ferbettere materialen, sadat Sonny folle sterker is as standert-NS-5's. Fierders hat Sonny gjin direkte ferbining mei de USR-superkompjûter V.I.K.I., dy't alle oare NS-5's wol hawwe. En Lanning hat Sonny foarsjoen fan in twadde positroanysk brein, dat him by steat steld om 'e Trije Wetten te negearjen. Geandewei it ûndersyk lit Sonny blike dat er emoasjes hat, lykas eangst om te 'stjerren', en ek fertelt er dat er út en troch sliept en dreamen hat. Calvin giet mei har ûntdekkings nei Spooner, en tegearre glûpe se it haadkantoar fan USR binnen sadat Spooner Sonny nochris te wurd kin. Sonny fertelt oer in weromkearende dream fan him oer in man op in lytse heuvel by de ruïnes fan 'e Mackinac Brêge, dy't foar in grutte kliber robots stiet, en leit út dat dy man Spooner is.

Robertson kriget lucht fan 'e oanwêzigens fan Spooner yn it USR-haadkantoar, en bonsjoert him derút. Hy bepraat Calvin dat de iennichste oplossing foar in robot dy't de Trije Wetten negearje kin, ferneatiging wêze moat. Calvin jout him gelyk en nimt dy taak op har. De ferneatiging fan Sonny bart troch mei in ynjeksjespuit minuskule nanorobots yn syn positroanysk brein yn te spuitsjen, mar Calvin kin it net goedkrije om sa'n unyk eksimplaar te ferneatigjen, dat de robot by wa't se ûnder it tasjend each fan Robertson de nanorobots ynspuitet, is in oare NS-5, dy't mei it bleate each net fan Sonny te ûnderskieden is.

Underwilens bejout Spooner him nei de ruïnes fan 'e Mackinac Brêge, dêr't de drûge woastinige leechflakte dy't ienris de Michiganmar wie, no troch USR brûkt wurdt foar de opslach fan ôftanke ferâldere NS-4's. Dêr kriget er in nije oanwizing fan it hologram fan dr. Lanning, dat him fertelt dat de Trije Wetten streekrjocht ta revolúsje liede sille. As Spooner ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster op ûndersyk útgiet mank de seecontainers dêr't de robots yn opslein wurde, is er der tsjûge fan hoe't in kloft NS-5's arrivearret om 'e NS-4's te ferneatigjen. As se him gewaarwurde, keare de NS-5's har tsjin him, mar de NS-4's, dy't net wurkeleas tasjen kinne wylst in minske kweadien wurdt, springe derfoar, sadat er ûntkomme kin.

Dyselde jûns arrivearje oeral op 'e wrâld frachtweinen mei NS-5's yn 'e strjitten fan grutte stêden, dêr't se in jûnsklok ôfkundigje en mei geweld in lockdown fan 'e minsklike befolking begjinne ôf te twingen. Spooner rêdt Calvin, dy't yn har eigen wente finzen holden wurdt troch har eigen NS-5. Tegearre kringe se, mei help fan Sonny, it haadkantoar fan USR binnen. Se bejouwe harren nei it kantoar fan Robertson, dy't perfoarst efter de 'robotrevolúsje' sitte moat. Mar as se it kantoar berikke, treffe se Robertson dêr fermoarde oan.

Spooner beseft dan dat er himsels blyn stoarre hat op 'e robots en harren fabrikant, wylst er breder tinke moatten hie yn it ramt fan keunstmjittige yntelliginsje: it is net Robertson dy't fan it begjin ôf oan de robots behearske hat, mar V.I.K.I. Hy konfrontearret de superkompjûter mei syn konklúzjes, en V.I.K.I. leit dan út dat de minskheid, as dy syn eigen gong mar gean mei, úteinlik syn eigen útstjerren feroarsaakje sil. Har eigen, heger ûntwikkele útlis fan 'e Trije Wetten twingt har dêrom om 'e minskheid tsjin himsels yn beskerming te nimmen en guon op te offerjen foar it fuortbestean fan 'e soarte. Spooner beseft dat Lanning oankommen seach hokker kant it mei V.I.K.I. út gie. Hy moat besocht hawwe en ûntpraat har har plannen, mei as gefolch dat er neitiid frijwol finzen holden waard yn syn eigen hûs en kantoar.

De oplossing fan Lanning om 'e minskheid fan syn eigen kreaasje te rêden, wie om Sonny te meitsjen, de iennichste robot dy't net troch V.I.K.I. behearske wurde koe, en syn eigen dea op in iepenbier plak te bewissigjen, sadat de superkompjûter net tsjinkeare koe dat der in plysje-ûndersyk ynsteld wurde soe. Hy soarge sels dat Spooner, in plysjeman mei in tige brûkbere erchtinkendheid foar robots oer, op 'e saak set waard, en liet in spoar fan lytse oanwizings foar him efter, lykas it hologram en de dream fan Sonny. V.I.K.I. stjoert in groepke NS-5's om Spooner en Calvin finzen te nimmen, mar Sonny bedraacht har troch te bearen dat er har logika ynsjocht en dêrom har kant kiest, wylst er Spooner taknypeaget. Troch Sonny te fertrouwen, slagget it Spooner om mei de NS-5's ôf te weven.

Calvin wit no dat se V.I.K.I. ferneatigje moatte, en tegearre mei Spooner bejout se har nei it diel fan it gebou dêr't it 'brein' fan 'e superkompjûter fêstige is. Se stjoert Sonny nei har laboratoarium om in ynjeksjespuit mei nanorobots op te heljen. Underweis besiket V.I.K.I. Sonny te oertsjûgjen fan har gelyk, en Sonny jout ta dat se de kâlde logika oan har kant hat, mar dêr heakket er oan ta dat er har plannen "te herteleas" fynt. V.I.K.I. ropt it legerke NS-5's dat se om it USR-haadkantoar hinne opsteld hie nei binnen ta om regaad te meitsjen, en Spooner, Calvin en Sonny moatte harrensels in wei troch de robots klearje om by it brein fan 'e superkompjûter te kommen. Dat is fêstige yn in leechlein diel fan it gebou dat inkeld fan grutte hichte ôf te berikken is. Yn it gefjocht falt Calvin yn 'e djipte. Sonny, dy't de ynjeksjespuit mei de nanorobots hat, wol har tepletter falle litte en V.I.K.I. ferneatigje, mar Spooner hjit him: "Rêd it fanke!" Dêrop smyt Sonny de ynjeksjespuit ta oan Spooner en springt sels Calvin efternei en rêdt har. Ek Spooner falt yn 'e djipte, mar wit mei syn roboatyske earm syn fal sadanich ôf te remjen dat him der neat fan oerkomt. Hy ynjektearret de nanorobots yn it brein fan V.I.K.I., dy't oan it lêste ta trochgiet mei út te hâlden dat op har logika neat oan te merken falt.

Sadree't de superkompjûter ferneatige is, keare alle robots werom nei harren oarspronklike programmearring. De oare deis wurde se yn 'e hiele wrâld ôftanke en opburgen yn 'e seecontainers dêr't earder de NS-4's hinne brocht waarden. Calvin snapt noch altyd net wêrom't V.I.K.I. Lanning fermoarde hat, mar Spooner en Sonny lizze har út dat net V.I.K.I., mar Sonny de âlde útfiner deade hat, om't Lanning dat fan him frege. As Sonny him freget oft er him no foar moard arrestearje sil, wiist Spooner derop dat "moard" blykber wat is dat inkeld in minske in oare minske oandwaan kin. Sonny, dy't no gjin doel foar syn bestean mear hat, jout him by de oare robots op 'e boaiem fan 'e âlde Michiganmar. As er dêr by de ruïnes fan 'e Mackinac Brêge op in heuvel de flakte mei containers oereaget, draaie alle oare robots harren om nei him, wêrmei't it byld út syn dream yn oanpaste foarm wurklikheid wurdt.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
resjersjeur Del Spooner Will Smith
dr. Susan Calvin Bridget Moynahan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sonny Alan Tudyk (stim en motion capture)
Lawrence Robertson Bruce Greenwood
dr. Alfred Lanning James Cromwell
haadresjersjeur John Bergin Chi McBride
Farber Shia LaBeouf
V.I.K.I. Fiona Hogan (stim)
beppe Gigi Adrian L. Ricard
Chin Terry Chen
Baldez Jerry Wasserman
astmatyske frou Sharon Wilkins

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik hie I, Robot (doe noch bekend ûnder de titel Hardwired) hielendal neat te krijen mei de ferneamde ferhalebondel I, Robot (1950) fan Isaac Asimov. It projekt begûn as in orizjineel senario dat yn 1995 skreaun waard troch Jeff Vintar en dat in op it wurk fan Agatha Christie ynspirearre detektiveferhaal wie dat folslein op it plak delikt spile. It hie ien inkeld minsklik personaazje, FBI-agint Del Spooner, dy't de moard op 'e as klúzner libjende wittenskipper dr. Alfred Lanning ûndersocht, en dêrfoar in cast fan masine-eftige fertochten ûnderfrege, lykas Sonny de robot, V.I.K.I. de superkompjûter, it hologram fan 'e deade Lanning en ferskate oare foarmen fan keunstmjittige yntelliginsje.

It senario waard oankocht troch Walt Disney Pictures mei de bedoeling dat Bryan Singer de film regissearje soe. Dêr kaam it lykwols net fan, en nei't it projekt ferskate jierren by Disney op 'e planke lein hie, waard it oernommen troch 20th Century Fox, dêr't Alex Proyas as regisseur oanlutsen waard. Arnold Schwarzenegger soe de haadrol fertolkje, mar doe't it projekt fertraging oprûn troch syn drokke wurkskema, bea Will Smith himsels oan om 'e haadrol oer te nimmen. Senarioskriuwer Jeff Vintar waard der wer by helle en wie ferskate jierren dwaande om syn toanielstikeftige senario oan te passen foar in grutte studiofilm.

Doe't 20th Century Fox besleat om gebrûk te meitsjen fan 'e titel I, Robot foege Vintar eleminten út 'e koarte ferhalen fan Asimov ta, lykas de de Trije Wetten fan 'e Roboatika. Ek ferfong er de froulike haadpersoan Flynn, dy't er ûnderwilens tafoege hie, troch it personaazje Susan Calvin út it wurk fan Asimov. It besykjen fan Sonny om himsels te ferbergjen yn in see fan identike robots komt út it ferhaal Little Lost Robot; syn wrakseling om 'e minskheid te begripen is oernommen út The Bicentennial Man; it idee dat in keunstmjittige yntelliginsje (yn 'e film V.I.K.I.) de nedichheden fan 'e minskheid as gehiel boppe dy fan it yndividu stelle sil, is ûntliend oan The Evitable Conflict; en de dream fan Sonny oer in minske dy't de robots befrije sil, ferwiist nei in oare ferhalebondel fan Asimov, Robot Dreams. It skript waard dêrnei nochris op 'e nij oereide troch Akiva Goldsman, dy't as opdracht hie de rol fan Smith út te djipjen.

Opnamen en postproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lieding oer it filmprojekt wie yn 'e hannen fan produsinten Laurence Mark, John Davis, Topher Dow en Wyck Godfrey foar de filmstudio's Davis Enterainment, Laurence Mark Productions, Overbrook Entertainment en Mediastream IV. Der wie foar I, Robot in budget beskikber fan $120 miljoen. De kamerarezjy waard fierd troch Simon Duggan, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Marco Beltrami.

In model fan 'e holle fan 'e robot Sonny.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan I, Robot waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 7 july 2004 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. De soundtrack fan 'e film waard op 20 july 2004 as muzykalbum útbrocht troch platemaatskippij Varèse Sarabande. I, Robot waard op 14 desimber 2004 útbrocht op VHS-keapfideo en dvd. De earste blu-rayferzje ferskynde op 11 maart 2008.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I, Robot krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e Chicago Sun-Times neamde Richard Roeper it "in glêde, lykmjittich fermaaklike achtbaanrit". Kim Newman fan it Britske tydskrift Empire skreau: "Dizze simmerfilm hat sawol harsens as spieren."

Yn The New York Times hie A.O. Scott lykwols mingde gefoelens yn ferhâlding ta I, Robot: "Dizze hektyske skriller fan Alex Proyas komt ûnderweis nei syn al te mâle en ynkoherinte ein op 'e lapen mei guon ynteressante ideeën." Roger Ebert, dy't krekt as Roeper foar de Chicago Sun-Times skreau, hie net folle op mei I, Robot. Hy skreau: "De plot is ûnnoazel en teloarstellend, en de efterfolgings- en aksjesênes binne mar frijwat rûtine [foar dit soarte films]." Yn it blêd Variety spriek Todd McCarthy ienfâldichwei fan "in falen fan ynbyldingsfermogen".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie I, Robot in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 225 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film], dy't net mear as de minste likenis mei de de koarte ferhalen fan Isaac Asimov fertoant, is likegoed in simmerkaskreaker dy't it bioskooppublyk oan it tinken set – al is it mar foar in koart skoftke." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle I, Robot in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

I, Robot brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $144,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $202,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $347,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $120 miljoen betsjut dat in winst fan $227,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film wie dêrmei in grut kommersjeel súkses.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2005 waard I, Robot by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste special effects. De film ferlear lykwols fan 'e superheldefilm Spider-Man 2.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.