Springe nei ynhâld

Frankryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frankrijk)
République française (fr)
Flagge fan Frankryk Wapen fan Frankryk
Biedwurd: Liberté, égalité, fraternité
"Frijheid, gelikenens, bruorskip"
Folksliet: 'La Marseillaise'
Haadstêd Parys
Offisjele taal Frânsk
Steatsfoarm Semipresidinsjele republyk
- presidint Emmanuel Macron
- regearlieder Michel Barnier
Unôfhinklikheid 843
Oerflak 672.369 km²
- wetter 0,26%
Ynwennertal 67.897.000 (01-07-2022)
Befolkingstichtens 100,8 ynwenners/km²
Muntienheid Euro (EUR)
Tiidsône MET (UTC+1)
- simmertiid MEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei 14 july
Ynternetdomein .fr
Telefoan +33
ISO 3166 FR, FRA, 250
Kaart fan Frankryk
boarne: The World Factbook CIA

Frankryk, offisjeel de Frânske Republyk, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys. Frankryk is lid fan de Feriene Naasjes (1945), mei in permaninte sit yn de Feiligensrie. It lân is ek lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as muntienheid ynruile foar de Euro.

Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika by Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.

Frankryk wurdt begrinzge troch:

De Pyreneeën foarmje de súdgrins mei Spanje, yn it easten lizze de Frânske Alpen, de Jura en de Fogezen, en yn it noardeasten lizze de Frânske Ardennen.

Likernôch 27 persint fan it oerflak is bosk; it is dêrmei it boskrykste lân fan de Jeropeeske Uny. Sintraal Frankryk wurdt dominearre troch it Sintraal Massyf, in platoberchte mei as heechste punt de Puy de Sancy (1,886 m). Fierder binne der yn it suden noch de Sevennen te finen, ien fan de sân nasjonale parken fan Frankryk. Korsika is it grutste Frânske eilân yn de Middellânske See mei in oerflak fan 8,680 km². It eilân is berchachtich mei mear as 40 bergen boppe de 2,000 meter dêr't it winterdeis regegeld sneit. Fierders hat Frankryk oerseeske gebieten lykas Martinyk en Guadelûp yn it Karibysk gebiet, Frânsk Guyana yn Súd-Amearika, Réunion yn de Yndyske Oseaan en ferskate eilannen yn de Stille Oseaan en in part fan Antarktika.

Op de grins mei Switserlân leit de Mar fan Genêve. Fan Switserlân út, troch dit mar en tusken de Alpen en it Sintraal Massyf troch rint de wylde Rône, nei de Middellânske see. Westlik fan it Sintraal Massyf leit de leechflakte fan Akwitaanje, dêr't de Garonne en de Dordogne nei de Atlantyske Oseaan trochhinne rinne. Noardliker rint de Loire yn deselde rjochting. Troch Noard-Frankryk rint de Seine, fan de omkriten fan Dijon ôf, troch Parys nei it noardwesten en komt by Le Havre yn it Kanaal út. Nei it noarden rinne de Yser, de Skelde en de Maas nei Belgje, en de grinsrivier de Ryn rint by de eastgrins fan Frankryk ek nei it noarden.

List fan stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stêden mei mear as 100.000 ynwenners
Eugène Delacroix - La Liberté guidant le peuple ("Frijheid liedet it Folk") , in symboal fan de Frânske Revolúsje

De grinzen fan it hjoeddeiske Frankryk rinne hast lykop mei de grinzen fan Galje, dêr't de Keltyske Galjers eartiids wennen. Julius Caesar fan it Romeinske Ryk ferovere Galje yn de 1e iuw, en de Galjers namen de Romaanske taal (Latyn, de grûnslach foar it Frânsk) en kultuer oer. It Kristendom waard yn 'e 2e en 3e iuw it nije leauwen, dat yn de fjirde en fyfde iuw rûnom sa djip woartele wie dat Hiëronimus fan Stridon skreau dat Galje "frij fan ketterij" wie.

Yn 'e fjirde iuw kamen oer de Ryn Germaanske stammen nei Galje, benammen de Franken, dêr't letter it wurd "Francie" fan kaam. Fan alle Germaanske groepen fan Grutte Folkeferfarren wienen de Franken de earsten dy't it Kristlike leauwen oannamen. Yn 'e iere midsiuwen hienen de Friezen en de Saksen der gâns lijen fan.

De Karolingen hearsken oant 987 oer Frankryk, doe't Hugo Capet kening fan Frankryk waard. Tusken 1096 en 1270 die Frankryk me Capet fjouwer krústochten. Fanwegen harren Normandyske komôf bestjoerden de Ingelske keningen as fazal grutte parten fan it westen fan Frankryk. Nei de dea fan kening Filips IV yn 1314 ferlearen de Ingelsen oanspraak op 'e Frânske troan. De befolking fan Frankryk wie yn dy tiid fjouwer kear grutter as de Ingelske mar dy hiene militêre superieuren. Nei de Hûndertjierrige Kriich ferlear Ingelân harren oanspraken op it kontinintale Jeropa (Kales bleau lykwols oant 1558 Ingelsk).

Yn 'e santjinde iuw rekke it Frânske keningskip mei Loadewyk XIV op it hichtepunt. Yn 'e santjinde en achttjinde iuw wie dat mei Frânske taal lyksa, dy waard yn literêre rûnten en bestjoeren yn it bûtenlân brûkt. Oan 'e ein fan de 18e iuw hie Frankryk koloanjes by de roes yn Noard- en Súd Amearika, Afrika en Aazje. Nei de Frânske Revolúsje fan 1789 waard Frankryk in republyk. De Frânske republyk bleau net sa lang want yn 1799 kaam Napoleon I oan 'e macht. Napoleon waard letter keizer fan it Earste Frânske Ryk (1804–1814). Yn 1815 waard Napoleon yn 'e Slach by Waterloo ferslein.

It westfront fan de Earste Wrâldkriich wie foar in part yn it noard-easten fan Frankryk. De striid yn 'e rinfuorgen wie grutste slachting fan de Frânske skiednis. De Twadde Wrâldkriich wie oars, doe slagge it Dútslân om maaie/juny fan 1940 Frankryk mei in pear wiken te feroverjen. Nei de Twadde Wrâldkriich krige Frankryk in sit yn 'e Feiligensried fan de Feriene Naasjes. Frankryk wie foar Jeropeeske gearwurking, sa docht bliken mei de EMKS, dat letter de Jeropeeske Uny waard.

Oan 'e ein fan de njoggentiger jierren wienen der yn Frankryk 40 stêden dêr't mear as 100.000 minsken wennen, inkeld Parys hie mear as ien miljoen. Likernôch 75% fan de befolking libbet yn 'e stêden. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich woeks de befolking minder hurd as yn oare Jeropeeske lannen, mar dat feroare nei de kriich. Frankryk hat krekt as oare Jeropeeske lannen in etnysk ferskaat troch de ymmigranten. Grutte groepen Noard-Afrikanen teagen nei de Frânske stêden, benammen nei Parys en Marseille.

It Frânsk is de nasjonale taal yn Frankryk, by it rjochtsprekken of yn in bestjoer mei inkeld Frânsk brûkt wurde. Der wurdt yn Frankryk ek Bretonsk praat as minderheidstaal, dat gjin stipe fan it regear krijt, en it sprekkers hurd efterútbuorket. Oare talen binne it Korsikaansk (op it eilân Korsika, Nederlânsk, Dútsk, Baskysk, Katalaansk, Oksitaansk.

It roomsk-katolisisme is fierwei de beskiedene godstsjinst, sa'n 80% fan it folk is it, wylst mar 5% nei de tsjerke giet. Mei de ymmigranten út Aazje, Turkije en Noard-Afrika binne der no tusken de trije en fiif miljoen moslims. Der binne net safolle protestanten en joaden.

Nuklêre fleanmasinedrager en flaggeskip Charles de Gaulle

It Frânske leger hat fjouwer ûnderdielen:

De Frânske presidint is de heechste befelhawwer fan it Frânske leger. It hat it tredgrutste budzjet (nei de Feriene Steaten en Ruslân) en hat ek nuklêre wapens. De Dassault Rafale is in fjochtfleanmasine dy't yn Frankryk boud is.

Frankryk is lid fan de G8 groep fan yndustrylannen. Sûnt 2002 is de muntienheid fan Frankryk de euro. De lânbousektor is aardich grut as it ferlike wurdt mei oare westerske lannen. Yndustriën sa as dy fan masjines, gemyske produkten, auto's, metalen, fleanmasines, elektroanyske apparatuer en itensprodukten beslagge in grut part fan de Frânske ekonomy.

Mear as de helte fan de hannel fan Frankryk is mei oare leden fan de Jeropeeske Uny. Japan, de Feriene Steaten en Sina binne lannen dêr't Frankryk in protte hannel mei hat.

It Bruto Ynlânsk Produkt (BYP) woeks tusken 1995 en 2005 alle jierren mei in trochsneed fan 2,1 % en hie yn 2005 in wearde fan 1.689,4 miljard euro.

De grutste Frânske bedriuwen yn 2003 wienen:

sûnder banken en fersekerders

  1. Total – omset 104,7 miljard € – 111.000 wurknimmers
  2. Carrefour – omset 70,5 miljard € – 419.000 wurknimmers
  3. PSA Peugeot Citroën – omset 54,2 miljard € – 200.000 wurknimmers
  4. France Télécom – omset 46,1 miljard € – 222.000 wurknimmers
  5. EDF – omset 44,9 miljard € – 167.000 wurknimmers
  6. Suez – omset 39,6 miljard € – 171.000 wurknimmers
  7. Les Mousquetaires – omset 38,4 miljard € – 112.000 wurknimmers
  8. Renault – omset 37,5 miljard € – 160.000 wurknimmers
  9. Publicis Groupe – omset 32,2 miljard € – 35.000 wurknimmers
  10. Saint-Gobain – omset 29,6 miljard € – 172.000 wurknimmers
  11. Groupe Auchan – omset 28,7 miljard € – 156.000 wurknimmers
  12. Veolia Environnement – omset 28,6 miljard € – 257.000 wurknimmers
  13. Centres Leclerc – omset 27,2 miljard € – 84.000 wurknimmers

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frankryk is in demokratyske republyk. De presidint wurdt sûnt 2002 foar fiif jier keazen, earder wie dat sân jier. Op it stuit is Emmanuel Macron presidint fan Frankryk. De Frânske folksfertsjintwurdiging bestiet út de Assemblée Nationale mei 577 sitten, en de Senaat mei 331. De Earste minister is op it stuit Michel Barnier.

Frankryk is opdield yn 22 regio's en yn likernôch hûndert departeminten. De oerseeske departeminten (Départements d'Outre-Mer, DOM) binne: it Súd-Amearikaanske Frânsk-Guyana, de Karaïbyske eilannen Guadelûp en Martinyk en yn de Yndyske Oseaan Réunion. Fierders binne der oerseeske gebieten (Territoires d'Outre-Mer, TOM), dy't yn in losser ferbân mei it memmelân stean.

De Wikipedy hat ek in side Regio's yn Frankryk.

Frankryk hat 22 bestjoerlike distrikten yn it lân Frankryk.

1. Elsas
2. Akwitaanje
3. Auvergne
4. Leech-Normandje
5. Boergonje
6. Bretanje
7. Sintre-Loirefallei
8. Champagne-Ardennen
9. Korsika
10. Franche-Comté
11. Heech-Normandje

12. Île-de-France
13. Languedok-Roussillon
14. Limousin
15. Loataringen
16. Midi-Pyrénées
17. Nord-Pas-de-Calais
18. Pays de la Loire
19. Pikardje
20. Poitou-Charentes
21. Provâns-Alpen-Côte d'Azur
22. Rhône-Alpes

De regio Korsika hat beheinde autonomy. De Frânsen neame dat collectivité territoriale.

Frankryk hat fjouwer gebieten bûten Jeropa dy't ek ûnder it Frânsk regear falle:

  1. Guadelûp
  2. Frânsk Guyana
  3. Martinyk
  4. Réunion
TGV Netwurk

Wichtichste havens binne Bordeaux, Calais, Duinkerken, Le Havre, Marseille, Nantes, Parys, Roue en Strasbourg. Parys hat it grutste fleanfjilden fan Frankryk, oare grutte fleanfjilden binne te finen yn Lyon, Nice en Marseille. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h. Op de measte autodiken moat tol betelle wurde. Der binne mar in pear autodiken tolfrij, autodiken yn de stêden en de A 75. Der binne fansels ek útsûnderingen, yn guon stêden binne doch toldiken (ringdyk noard Lyon en A 14 by Parys).

De hege snelheidstrein yn Frankryk hjit de TGV. De Société Nationale des Chemins de fer Français (SNCF) is de Frânske nasjonale spoardykûndernimming.

Frankryk hat (2006):
951.500 km ferhurde dyk.
29.370 km spoardyk.
8.500 km farwetter.

De Frânske taal en kultuer hie oant de Twadde Wrâldkriich gâns mear betsjutting yn oare Jeropeeske lannen as hjoed de dei. It Frânske regear hat regels foar it brûkme fan Frânske taal op 'e tillefyzje, en besiket de Frânske muzyk en literatuer te stypjen. Mei de museums sa as it Louvre en iuwenâlde boukeunst is Parys de kultuermetropool.

Frankryk hat in grut muzikaal ferskaat en libbendige muzykkultuer. Neist de ferneamde fertsjinwurders fan de Chanson, lykas Édith Piaf, binne der ek moderne Frânske muzikanten en avantgardyske muzykrjochtingen. Daft Punk, David Guetta en Étienne de Crécy pronken mei de „French House“, Gotan Project is pionier wat de saneamde Electrotango oangiet, en St. Germain makket in griemmank fan Jazz en House. De band Air is meast ferneamd om har sfearfolle muzyk.

It ûnterrjocht yn Frankryk is goed. Der binne universiteiten yn Parys, Lyon, Toulouse, Marseille, Bordeaux, Rijsel, Montpellier, Straatsburg, Rennes, Grenoble en Nancy.

Underwiis yn Frankryk begjint mei it beukerûnderwiis (écoles maternelles). Foar bern tusken de 6 oant 16 jier is it ûnderrjocht ferplichte. Hja begjinne mei it basisûnderwiis (école élémentaire) en dêrnei it fuortset ûnderwiis (collège). Dat duorret oant it bern 15 is en moat dêrnei moat it bern op syn minst noch ien jier technysk ûnderwiis of beropsûnderwiis ha.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
             Frankryk
Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
· · Berjocht bewurkje
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje