Dolsterhuzen
Dolsterhuzen | ||
Jakobustsjerke oan de Marwei 86 | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 485 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N924 | |
Postkoade | 8508 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB, 5° 49' EL | |
Pier Christiaansleat | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan Dolsterhuzen, Ychten en Ychtenbrêge | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Dolsterhuzen yn de eardere gemeente Lemsterlân |
Dolsterhuzen (Nederlânsk en offisjeel: Delfstrahuizen) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, earder Lemsterlân. It doarp hat likernôch 260 ynwenners. De oarspronklike kearn fan it doarp leit dêr't de dyk ticht by de Tsjûkemar rint. Under it doarp falle de buorskippen Sânbuert en in part fan Fjouwerhûs. Omdat oant 1984 Ychtenbrêge yn twa gemeenten lei, mei de grins troch de Pier Christiaanssleat, waard it part dat dêrfan yn Haskerlân lei ek ta Dolsterhuzen rekkene. Dy brêgebuorren foarmet no it grutste part fan Dolsterhuzen, al is de gemeentegrins yn 1984 ferdwûn.
It doarp hat 485 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de gemeentlike weryndieling yn 1984 is Dolsterhuzen by de gemeente Lemsterlân komd. Eartiids lei it doarp yn de gemeente Haskerlân en oant 1934 yn de gemeente Skoatterlân, hokker gemeente no foar in grut part de gemeente It Hearrenfean is. Dolsterhuzen hat in lange histoarje, it leit yn in leechfeangebiet en hat in oerflak fan 1145 ha. De namme soe komme fan it Aldfryske wurd ‘delva’ wat ôfgroeven of ôfgroeven grûn betsjut. Tink hjirby ek oan dolle. De huzen oan de dolde grûn dus Dolsterhuzen.
It doarp lei yn de Sânwâlden. Dat gebiet wie yn de earste helte fan de 15e iuw ûntstien út in ferbûn fan sân dielen, nammentlik: Utingeradiel, Aenjewier, Easterseesterlân, Murderlân, Haskerlân, Skoatterlân en Doanjewerstâl. De ferfeanings dy't yn omlizzende plakken al in grutte omfang oannomd hienen, binne hjir folle letter op gong komd. Hjir en dêr wie in lyts begjin (graverijke), mar de echte ferfeaning kaam pas op gong yn de twadde helte fan de 19e iuw. It gebiet fan Dolsterhuzen hat hjirtroch in metamorfoaze ûndergien. Dat der yn Dolsterhuzen yn earder tiden in soad bosk west hat, bewize de stobben dy't by de lânûntginning en drûchmakking fan feangatten foar it ljocht komd binne. It gebiet om Dolsterhuzen wurdt yn it easten begrinze troch de Broeresleat, oan de noardkant troch de Tsjûkemar, bewesten troch de Pier Christiaanssleat en yn it suden troch de âlde rivier de Tsjonger. Sa kenne wy no it doarp mei oanswettend buorskip de Sânbuert. It gebiet hat syn wiidsheid behâlden, mar hat noch dúdlik de skaaimerken fan in feanpoldergebiet.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferieningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbalferiening Dolsterhuzen
- Foar oare ferienings, sjoch de side Ychtenbrêge
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2007 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|
558 | 545 | 559 | 481 | 408 | 424 | 455 |
Iepenbier Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Line (5)48: It Hearrenfean - Rottum - Sint-Jânsgea - Rotsterhaule - Reahel - Fjouwerhûs - Dolsterhuzen - Ychtenbrêge - Ychten - Eastersee - De Lemmer vv.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Baalder, De Kampen, Kettingpaad, Marwei, Tsjongerpaad, Trekkerswei, Westerse Dyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |