Beyoncé Knowles
Beyoncé Knowles | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Beyoncé Giselle Knowles-Carter | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 4 septimber 1981 | |
berteplak | Houston (Teksas) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk Lousiaansk-Kreoalsk Yndiaansk Cajun Frânsk Iersk | |
wurkpaad | ||
sjenre | R&B, dance, hiphop, soul | |
sjongtaal | Ingelsk, Spaansk | |
grutste hit(s) | Crazy in Love Irreplaceable Single Ladies (Put a Ring on It) If I Were a Boy Halo | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
prizen | 20 Grammy Awards Emmy Award 2013 | |
offisjele webside | ||
beyonce.com |
Beyoncé Knowles (útspr.: /biːˈjɒnseɪ: noʊlz/; folút: Beyoncé Giselle Knowles-Carter, en ek wol simpelwei bekend as: Beyoncé; Houston (Teksas), 4 septimber 1981), is in Amerikaansk sjongster, dûnseresse, lietsjeskriuwster, goreografe, aktrise, regisseur, muzykprodusinte, moadeûntwerpster en ûndernimster fan mingd etnysk komôf. Hja naam as bern diel oan ferskate sjong- en dûnswedstriden, en briek oan 'e ein fan 'e njoggentiger jierren troch as de lead-sjongster fan 'e fammegroep Destiny's Child. Yn 2003 fêstige Knowles mei har debútalbum Dangerously in Love har solokarriêre, dat nei it útinoar fallen fan Destiny's Child, yn 2005, koe hja daliks in trochstart meitsje. Mei 20 Grammys, in Emmy, 75 miljoen ferkochte platen as solo-artyste en dêropta nochris 60 miljoen as lid fan Destiny's Child is Knowles ien fan 'e grutste en bêstferkeapjende muzykartysten aller tiden. Njonken har sjongkarriêre hat hja har ek oppenearre as aktrise, wêrby't se û.m. de op Diana Ross basearre rol fan lead-sjongster yn in jierren-sechtichfammegroep fertolke yn 'e film Dreamgirls. Guon fan har bekendste nûmers binne Crazy in Love, Irreplaceable, Single Ladies (Put a Ring on It), If I Were a Boy en Halo.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beyoncé Knowles waard yn 1981 berne yn Houston, yn 'e steat Teksas, as de dochter fan Mathew Knowles, it haad ferkeap by kopiëarmasinefabrikant Xerox, en Celestine Ann "Tina" Beyincé, de eigneresse fan in kapsalon. Har ûngebrûklike foarnamme is in tribút oan har memme famkesnamme. Hja hat in jongere suster, Solange, dy't ek sjongster is. Oan har heitekant is hja fan Afro-Amerikaansk komôf, en oan har memmekant grutdiels fan Louisiaansk-Kreoalsk komôf, fermongen mei Yndiaansk, Cajun, Frânsk en Iersk bloed. Ien fan har foarâlden wie de Akadyske foaroanman Joseph Broussard, byneamd Beausoleil.
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e legere skoalle, yn Fredericksburg, folge Knowles al dûnslessen. It wie ek dêr, dat har sjongtalint ûntdutsen waard. Mei sân jier wûn hja in talintejacht foar skoallearlingen, wêrby't hja bern fan fyftjin en sechstjin jier fersloech. Sadwaande skreaune har âlden har yn 1990 yn op 'e Parker Elementary School yn Houston, dêr't in grut diel fan it lesprogramma op muzyk rjochte wie. Dêrnjonken song Knowles ek yn in tsjerkkoar. Mei acht jier foarmen Knowles, har kammeraatske Kelly Rowland en fjouwer oare famkes nei in audysje de fammegroep Girl's Tyme. Koarte tiid letter die dy groep mei oan 'e talintejacht Star Search, dy't yn 'e Feriene Steaten útstjoerd waard op 'e nasjonale tillefyzje, mar se foelen bûten de prizen.
Yn 1995 joech Knowles har heit syn baan op om foltiids manager fan Girl's Tyme te wurden. Dêrtroch waard syn ynkommen mei de helte werombrocht, en fan gefolgen moast it gesin Knowles harren hûs ferkeapje en kamen Beyoncé har âlden yn aparte apartemintsjes te wenjen. Ien fan Mathew Knowles syn earste besluten as manager wie om 'e leden fan 'e groep werom te bringen fan seis nei fjouwer. De trochbraak fan Girl's Tyme bleau út, en doe't de finansjele swierrichheden dêrtroch oanboazen, rekke de relaasje fan Knowles har âlden yn swierwaar. Yn 1996 koe de groep troch in oerienkomst mei Sony Music einlings begjinne mei it opnimmen fan it debútalbum, wat late ta in fermoedsoening binnen de Knowles-famylje. Koarte tiid letter wist Mathew Knowles foar de famkes in kontrakt by Columbia Records yn 'e wacht te slepen.
Destiny's Child
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Girl's Tyme feroare yn 1996 syn namme yn Destiny's Child ("Bern fan it Lot"), op grûn fan in passaazje út it boek Jesaja, dy't útkeazen wie troch Knowles har bibelfêste mem. Yn 1997 waard it earste liet by in grut muzyklabel útbrocht: Killing Time, dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e súksesfolle Hollywood-film Men in Black. It jiers dêrop kaam it debútalbum út, dat ek fan Destiny's Child hiet, mei dêrop û.m. de earste grutte hit fan 'e groep: it nûmer No, No, No. It twadde album, The Writing's on the Wall (1999) waard ferskate kearen platina, en befette nûmers as Bills, Bills, Bills, Jumpin' Jumpin' en Say My Name. Dat lêste nûmer waard ien fan 'e grutste hits fan Destiny's Child, dêr't de groep syn earste beide Grammy Awards mei binnenhelle. Wrâldwiid waarden der fan The Writing's on the Wall mear as 8 miljoen eksimplaren ferkocht.
Om dy tiid hinne ûntstie der rebûlje yn 'e band, doe't twa fan 'e fjouwer leden, LaTavia Roberson en LeToya Luckett, har nocht krigen fan 'e Mathew Knowles syn oerhearskjende hâlding. Hja ferlieten úteinlik de groep en waarden ferfongen troch Farrah Franklin en Michelle Williams. Yn 'e media krige Beyoncé Knowles de skuld hjirfoar op 'e lea skood en har langjierrige freon makke der de ferkearing om út, dat fan gefolgen rekke hja swier depressyf, wat ferskate jierren oanhold. Franklin koe al rillegau wer opstappe, en Destiny's Child gie fierder mei inkeld Knowles, Kelly Rowland en Michelle Williams. Yn dy gearstalling naam de band it nûmer Independent Woman Part I op, dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e film Charlie's Angels, en dat alve wiken efterinoar op nûmer 1 stie yn 'e Amerikaanske hitlisten. Yn 2001 kaam it album Survivor út, mei as grutste hits Bootylicious en de titelsong Survivor, dy't Destiny's Child op 'e nij in Grammy Award opsmiet. Mar nei't yn oktober 2001 it krystalbum 8 Days of Christmas útbrocht wie, waard oankundige dat Destiny's Child foarearst stillein waard, sadat de bandleden elts in solokarriêre prebearje koene.
Solokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knowles har earste muzykopname los fan Destiny's Child wie har bydrage oan it nûmer ’03 Bonnie & Clyde, fan rapper Jay-Z, yn oktober 2002. Har earste solo-album, mei as titel Dangerously in Love, kaam út yn juny 2003, nei't sawol Michelle Williams as Kelly Rowland in eigen album publisearre hiene. Fan Dangerously in Love, dat boppe-oan yn 'e albumlisten binnenkaam, giene allinnich al yn 'e earste wike 317.000 eksimplaren oer de toanbank. Uteinlik soene der wrâldwiid mear as 11 miljoen eksimplaren fan ferkocht wurde, wêrmei't it yn 'e Feriene Steaten fjouwer kear platina waard, yn Austraalje en Grut-Brittanje trije kear platina en yn Dútslân, Kanada en Nij-Seelân ien kear platina. De meast súksesfolle nûmers wiene Crazy in Love, Baby Boy, Naughty Girl en Me, Myself and I. Ein 2003 gie Knowles op toernee yn Jeropa en lettere ek yn 'e Feriene Steaten, en op 1 febrewaris 2004 waard hja útornearre om it Amerikaanske folksliet te sjongen oan it begjin fan 'e Super Bowl, de bêst besjoene Amerikaanske sportwedstryd fan it jier.
Hoewol't Knowles eins fan doel west hie om daliks in twadde solo-album út te bringen, lei se dat wurk earst oan kant om mei Rowland en Williams in lêste album fan Destiny's Child te meitsjen. Dat album, Destiny Fulfilled, kaam yn novimber 2004 út, mei as grutste hits Soldier en Lose My Breath. Neitiid gie de groep op in wrâldtoernee, wêrby't Kelly Rowland op 11 juny 2005 yn Barseloana oankundige dat oan 'e ein fan it toernee definityf it doek falle soe foar Destiny's Child.
Yn septimber 2006 brocht Knowles har twadde solo-album út, B'Day, dêr't yn 'e earste wike 541.000 eksimplaren fan ferkocht waarden. De lead-single Déjà Vu, mei rapper Jay-Z, die it tige goed yn 'e Feriene Steaten, mar ynternasjonaal wie it nûmer Irreplaceable in folle grutter súkses. Nei har earste wrâldtoernee as solo-artyste, wêrmei't se mear as $24 miljoen fertsjinne, brocht Knowles B'Day op 'e nij út mei fiif ekstra nûmers, wêrûnder Beautiful Liar, in duët mei Shakira. Har trêde studio-album, I Am... Sasha Fierce, folge in lyts jier letter, yn april 2008. Dêrop yntrodusearre Knowles har alter ego, "Sasha Fierce", in personaazje dat se optocht hie ûnder it meitsjen fan 'e single Crazy in Love, yn 2003. I Am... Sasha Fierce kaam yn 'e Amerikaanske albumlisten op it earste plak binnen, en omfieme û.m. de ûnbidich grutte hit Single Ladies (Put a Ring on It), mei in fideoklip dy't ikoanysk wurden is, en teffens oare súksesnûmers as If I Were a Boy en Halo.
Nettsjinsteande it grutte súkses fan it nûmer wûn Single Ladies by de útrikking fan 'e MTV Video Music Awards de priis yn 'e kategory bêste fideoklip fan in froulike artyst net. Dy gie nammentlik nei You Belong with Me, fan country-popsjongster Taylor Swift. Dit late ta in opsjen jaand ynsidint, wêrby't sjonger Kanye West tige ûnfatsoenlik it tankwurd fan Swift ûnderbriek om syn miening te oppenearjen dat de priis eins oan Knowles takaam. Knowles makke dy sneue behanneling letter goed troch, doe't sy yn in oare kategory àl yn 'e prizen foel, net in eigen tankwurd út te sprekken, mar Swift wer op it poadium te heljen om har nochris yn it sintsje te setten.
Yn 2009 gie Knowles op 'e nij op wrâldtoernee, en helle dêrmei $119,5 miljoen op. Yn 2010 wurke se mei oan Telephone, in single en fideoklip fan Lady Gaga, dy't nominearre waard foar in Grammy Award. Datselde jiers joech Knowles oan dat se, op advys fan har mem, har sjongkarriêre eefkes in hoartsje stilsette. Dat skoftsjen duorre njoggen moannen, en yn dy tiid brocht Knowles benammen in soad tiid troch mei har man, en fierders reizge se in protte, wêrby't se û.m. de Sineeske Muorre, de Piramiden fan Giza, Austraalje, Ingelân en in ferskaat oan museä en balletfoarstellings besocht. Yn july 2011 publisearre Knowles in eigenskreaun ferslach fan har aktiviteiten yn har skoft, ûnder de titel Eat, Play, Love, yn it tydskrift Essence, dêr't se in skriuwpriis mei wûn fan 'e New York Association of Black Journalists.
Har fjirde album, mei de ûntsjinsisber tapaslike titel 4, brocht Knowles út yn juny 2011. Ek dy cd kaam wer op it earste plak yn 'e Amerikaanske albumlisten binnen. Foarôf hie se twa singles fan 4 útkomme litten: Run the World (Girls) en Best Thing I Never Had, wêrmei't se tuskenbeiden súkses hie. De fjirde single, Love on Top, waard in kommersjeel súkses yn 'e Feriene Steaten, mar oer it gehiel nommen die 4 it minder goed as Knowles har eardere albums.
Yn jannewaris 2013 song Knowles it Amerikaanske folksliet by de twadde ynauguraasje fan Barack Obama as presidint, en in moanne letter trede se yn New Orleans op yn it skoft fan 'e Super Bowl, mei in show wêrfoar't se neitiid in Emmy Award wûn, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, yn 'e kategory bêste beljochting. Fan april 2013 oant maart 2014 gie se wer op wrâldtoernee, en op 13 desimber 2013 oerfoel se har fans troch sûnder foarôfgeande promoasjekampanje har fyfde studio-album, Beyoncé, út te bringen. Ek dy cd kaam op nûmer 1 binne yn 'e Amerikaanske albumlisten, en dat makke Knowles ta de earste frou ea dy't fiif albums efterinoar op it earste plak hân hie. Fan 'e singles die Drunk in Love, mei in gastoptreden fan Jay-Z, it it bêst.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei har aktearkarriêre sette Knowles yn 2001 útein mei de tillefyzjefilm Carmen: A Hip Hopera, in moderne ynterpretaasje fan 'e bekende opera Carmen, fan 'e njoggentjinde-iuwske Frânske komponist Georges Bizet. Yn 2002 hie se ien fan har bekendste rollen as Foxxy Cleopatra yn 'e Mike Myers-komeedzje Austin Powers in Goldmember. It jiers dêrop spile Knowles mei Cuba Gooding jr. yn 'e komyske musical The Fighting Temptations, dy't net al te bêste resinsjes krige, mar yn 'e Feriene Steaten dochs in winst fan $30 miljoen makke. Neitiid spile se ek yn 'e remake fan The Pink Panther, mei Steve Martin.
Yn 2006 makke Knowles namme mei de film Dreamgirls, mei û.o. Eddie Murphy, oer in fammegroep út 'e jierren sechstich dy't basearre wie op The Supremes, mei Knowles as in personaazje basearre op Diana Ross. Foar dy rol krige hja tige loovjende kritiken en waard hja nominearre foar in Golden Globe. In oare heech oanskreaune rol fan Knowles wie dy fan bluessjongster Etta James yn 'e biografyske film Cadillac Records, út 2008. Har rol yn 'e skriller Obsessed, út 2009, waard troch de kritisy in stik minder wurdearre, mar dy film makke lykwols in winst fan $68 miljoen (op in budget fan $20 miljoen).
Oare aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behalven as sjongster, dûnseresse (yn har fideoklips) en aktrise is Beyoncé Knowles ek aktyf as lietsjeskriuwster, stimaktrise, goreografe, muzykprodusinte, ûndernimster en regisseur en produsinte fan fideoklips en dokumintêres. Har dokumintêre fan spylfilmlingte Life Is But a Dream waard op 16 jannewaris 2013 foar it earst útstjoerd, op HBO. Dat is in film oer harsels, wêrfoar't se û.m. ek gebrûk makke fan amateurbylden út har jonkheid. De sjogger kriget Beyoncé Knowles te sjen as bern, as sjongster, as oarehelte, mem en sakefrou, by it opnimmen fan in plaat en by it repetearjen foar live-optredens.
Op it mêd fan reklamespotsjes hat Knowles sûnt 2002 in fêst kontrakt mei Pepsi Cola. Dêrnjonken hat se û.m. de creditcards fan American Express, de kompjûterspultsjes fan Nintendo DS, de kosmetika fan L'Oréal en it rûkersguod fan Tommy Hilfiger en Emporio Armani oanpriizge. Yn 2010 brocht se ûnder de namme Heat foar it earst in eigen parfum op 'e merk, folge troch Heat Rush yn febrewaris 2011, en Pulse letter dat jiers. De yn totaal seis edysjes fan Heat binne op 't heden wrâlds bêstferkeapjende rûkersguod fan in ferneamd persoan, mei ferkeapsifers fan boppe de $400 miljoen. Yn 2005 begûnen Knowles en har mem tegearre, ûnder de namme House of Deréon, frouljusmoade te meitsjen. It merk is ferneamd nei Knowles har beppe oan memmekant, Agnèz Deréon, dy't yn har tiid in heech yn oansjen steand naaister wie yn New Orleans. De kolleksje omfiemet sportklean, denim mei bûnt, en frouljusklean mei asseswares, lykas hântaskes en skuon.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knowles begûn in relaasje mei rapper Jay-Z nei harren gearwurking foar syn single ’03 Bonnie & Clyde, yn 2002. Hja trouden bûten de publisiteit om, op 4 april 2008, en steane derom bekend dat se as troud pear tige op har privacy steld binne. Earne yn 2010 of begjin 2011 krige Knowles in miskream, in ûnderfining dy't se neitiid omskreau as it fertrietlikste dat har ea oerkomd wie. Yn april 2012 rekke se yn Parys, dêr't se wiene foar opnamen foar de omslach fan har album 4, ûnferwachts wer swier. Dat bliere nijs brocht Knowles út oan 'e wrâld troch oan 'e ein fan har optreden op 'e útrikking fan 'e MTV Video Music Awards fan dat jier de mikrofoan falle te litten en har bloeske iepen te knoopjen om har groeiende búk sjen te litten. Op 7 jannewaris 2012 befoel se yn New York fan har dochter Blue Ivy Carter.
Underwilens hie Knowles har heit in oardeljierrige affêre hân mei aktrise Alexsandra Wright, dy't yn febrewaris 2010 Knowles har healbruorke Nixon te wrâld brocht. Doe't dat oan it ljocht kaam, wie it de deastek foar it houlik fan har âlden, en yn novimber 2011 skieden dy nei 31 jier byinoar west te hawwen. Knowles ferbriek dêrnei alle saaklike bannen mei har heit, al hâldt se út dat se inoar privee noch wol sjogge.
Knowles stiet ek bekend om har goeddiedichheidsprojekten. Sa rjochte se yn 2005, nei de evakuaasje en ferrinnewearring fan New Orleans troch de orkaan Katrina, mei Kelly Rowland de Survivors Foundation op, om tydlik ûnderdak foar de evakuees yn Houston te fersoargjen. Dy stifting bestiet noch altyd en hat syn wurkterrein sûnt ek útwreide nei oare projekten. Nei de swiere ierdskodding op Haïty, yn 2010, die Knowles mei oan 'e helpaksje foar dat lân, dy't organisearre wie troch akteur George Clooney en muzikant Wyclef Jean. Datselde jiers iepenen Knowles en har mem it Beyoncé Cosmetology Center yn it Phoenix House, in opfangtehûs foar drugsferslaafden yn 'e Newyorkske wyk Brooklyn, dêr't de bewenners in sân moannen duorjende oplieding yn kosmetology folgje kinne.
Diskografy (as solo-artyste)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Studio-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2003 | Dangerously in Love | Grammy Award foar bêste kontemporêne R&B-album Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-album fan in froulike artyst Premio Amigo foar bêste ynternasjonale album nom. foar in American Music Award foar bêste soul/R&B-album nom. foar in MTV Europe Music Award foar bêste album nom. foar in Soul Train Music Award foar album fan it jier nom. foar in BRIT Award foar bêste ynternasjonale album nom. foar in MOBO Award foar bêste album |
Feriene Steaten: 4x platina Austraalje: 3x platina Grut-Brittanje: 3x platina Dútslân: platina Kanada: platina Nij-Seelân: platina wrâldwiid: platina |
2006 | B'Day | Grammy Award foar bêste kontemporêne R&B-album nom. foar in American Music Award foar bêste soul/R&B-album nom. foar in Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-album fan in froulike artyst nom. foar in NAACP Image Award foar treflik album |
Feriene Steaten: 3x platina Grut-Brittanje: platina + goud Austraalje: platina Ierlân: platina Kanada: platina Nij-Seelân: platina Dútslân: goud Switserlân: goud |
2008 | I Am... Sasha Fierce | Grammy Award foar bêste kontemporêne R&B-album Soul Train Music Award foar album fan it jier nom. foar in Grammy Award foar album fan it jier nom. foar in American Music Award foar bêste soul/R&B-album nom. foar in NRJ Music Award foar ynternasjonaal album fan it jier nom. foar in MOBO Award foar bêste album nom. foar in Teen Choice Award foar favorite album fan in froulike artyst nom. foar in NAACP Image Award foar treflik album |
Grut-Brittanje: 5x platina Austraalje: 3x platina Kanada: 3x platina Feriene Steaten: 2x platina Ierlân: 2x platina Nij-Seelân: 2x platina Dútslân: platina Switserlân: goud |
2011 | 4 | Billboard Music Award foar bêste R&B-album nom. foar in American Music Award foar bêste soul/R&B-album nom. foar in People's Choice Award foar favorite album nom. foar in Soul Train Music Award foar album fan it jier nom. foar in Grammis Award foar bêste ynternasjonale album nom. foar in NAACP Image Award foar treflik album |
Grut-Brittanje: 2x platina Feriene Steaten: platina Austraalje: platina Ierlân: platina Kanada: goud Nij-Seelân: goud |
2013 | Beyoncé | Grammy Award foar bêste surround sound-album American Music Award foar bêste soul/R&B-album Soul Train Music Award foar album fan it jier nom. foar in Grammy Award foar bêste urban contemporary-album nom. foar in Grammy Award foar album fan it jier nom. foar in Billboard Music Award foar bêste Billboard 200-album nom. foar in Billboard Music Award foar bêste R&B-album nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste album |
Feriene Steaten: 2x platina Austraalje: platina Grut-Brittanje: platina Kanada: platina Nij-Seelân: platina Ierlân: goud Switserlân: goud |
2016 | Lemonade |
- Live-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2004 | Live at Wembley | n.f.t. | n.f.t. |
2007 | The Beyoncé Experience Live | n.f.t. | n.f.t. |
2009 | I Am... Yours | n.f.t. | n.f.t. |
2010 | I Am... World Tour | nom. foar in Grammy Award foar bêste fideoklip (lange foarm) | n.f.t |
2019 | Homecoming: The Live Album |
- Extended Plays
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2004 | True Star: A Private
Performance |
||
2007 | Irreemplazable | n.f.t. | n.f.t. |
2011 | Heat | ||
2012 | 4: The Remix | n.f.t. | n.f.t. |
2014 | More | n.f.t. | n.f.t. |
- Kompilaasje-albums
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2008 | Dangerously in Love / Live at Wembley | n.f.t. | n.f.t. |
2009 | Above and Beyoncé | n.f.t. | n.f.t. |
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eigen singles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2002 | Work It Out | nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip út in film | Austraalje: goud |
2003 | Fighting Temptation (mei Missy Elliott, MC Lyte en Free) | n.f.t. | n.f.t. |
Crazy in Love (mei Jay-Z) | Grammy Award foar bêste R&B-liet Grammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking BET Award foar bêste gearwurking MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst MTV Video Music Award foar bêste R&B-fideoklip MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip MTV Europe Music Award foar bêste liet MTV Video Music Award Japan foar bêste gearwurking International Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer Vibe Award foar coolste gearwurking MuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier Teen Choice Award foar favorite leafdesliet Teen Choice Award foar favorite simmerliet ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet BMI Pop Music Award foar meast útfierde liet BMI Urban Music Award foar bêste liet nom. foar in Grammy Award foar plaat fan it jier nom. foar de publykspriis fan 'e MTV Video Music Awards nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-single fan in froulike artyst nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar de publykspriis fan 'e BET Awards nom. foar in MOBO Award foar bêste fideoklip nom. foar in MOBO Award foar bêste single nom. foar in Vibe Award foar hipste fideoklip nom. foar in NAACP Image Award foar treflik liet nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip |
Feriene Steaten: platina Austraalje: platina Grut-Brittanje: goud Nij-Seelân: goud | |
Baby Boy (mei Sean Paul) | ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet BMI Pop Music Award foar meast útfierde liet BMI Urban Music Award foar bêste liet |
Feriene Steaten: platina Austraalje: platina | |
Me, Myself and I | ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet ASCAP Award foar poplietsjeskriuwer fan it jier nom. foar in Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste R&B-fideoklip nom. foar in Vibe Award foar bêste R&B-liet nom. foar in Vibe Award foar hipste fideoklip |
n.f.t. | |
Summertime (mei P. Diddy) | n.f.t. | n.f.t. | |
2004 | Naughty Girl | MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar poplietsjeskriuwer fan it jier BMI Pop Music Award foar meast útfierde liet BMI London Award foar bêste popliet BMI London Award foar bêste urban-liet nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste dance-fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Australia Music Award foar bêste R&B-fideoklip nom. foar in MTV Australia Music Award foar meast seksy fideoklip nom. foar in Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-single fan in froulike artyst |
Feriene Steaten: goud Austraalje: goud |
The Closer I Get to You (mei Luther Vandross) | Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in duo of groep | n.f.t. | |
2005 | Wishing on a Star | nom. foar in Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst | n.f.t. |
Check on It (mei Slim Thug) | MTV Video Music Award foar bêste R&B-fideoklip ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet ASCAP Award foar soundtrack-liet fan it jier BMI Pop Music Award foar bêste liet nom. foar in BET Award foar bêste duët/gearwurking nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in International Dance Music Award foar bêste rap/hiphop-nûmer |
Feriene Steaten: goud Kanada: goud | |
2006 | Déjà Vu (mei Jay-Z) | MOBO Award foar bêste fideoklip MOBO Award foar bêste liet nom. foar in Grammy Award foar bêste R&B-liet nom. foar in Grammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking nom. foar in MTV Australia Music Award foar bêste gearwurking nom. foar in MTV Australia Music Award foar meast seksy fideoklip nom. foar in BET Award foar bêste gearwurking nom. foar in International Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer nom. foar in International Dance Music Award foar bêste pop/dance-nûmer |
Feriene Steaten: goud |
Ring the Alarm | nom. foar in Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst | Feriene Steaten: goud | |
Irreplaceable | BET Award foar fideoklip fan it jier Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul-single fan in froulike artyst ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet BMI Pop Music Award foar bêste liet BMI London Award foar bêste popliet BMI London Award foar bêste urban-liet (2007 & 2008) Robert S. Musel Award Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite liet nom. foar in Grammy Award foar plaat fan it jier nom. foar in MTV Video Music Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in MTV Australia Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in MTV Australia Music Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in People's Choice Award foar favorite popliet nom. foar in Soul Train Music Award foar bêste R&B/soul/rap-fideoklip nom. foar de publykspriis fan 'e BET Awards nom. foar in Vibe Award foar liet fan it jier nom. foar in NAACP Image Award foar treflik liet nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip |
Feriene Steaten: 2x platina Kanada: 2x platina Austraalje: platina Nij-Seelân: platina Grut-Brittanje: goud | |
2007 | Listen | nom. foar in Golden Globe foar bêste orizjinele liet út 'e soundtrack fan in film nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip út in film nom. foar in Nickelodeon Kids' Choice Award, UK foar favorite fideoklip fan in MTV-hit |
Grut-Brittanje: sulver |
Amor Gitano (mei Alejandro Fernández) | Premio Amigo foar meast downloade liet Premio Amigo foar liet fan it jier |
n.f.t. | |
Beautiful Liar (mei Shakira) | MTV Video Music Award foar meast ierdskokkende gearwurking MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer BMI London Award foar bêste popliet BMI London Award foar bêste dance-liet nom. foar in Grammy Award foar bêste popsang-gearwurking nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste rezjy fan in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Europe Music Award foar meast ferslavende nûmer nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste gearwurking nom. foar in People's Choice Award foar favorite R&B-liet nom. foar in MuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip |
Feriene Steaten: platina Austraalje: goud Grut-Brittanje: goud Dútslân: goud Nij-Seelân: goud | |
Get Me Bodied | ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet nom. foar in Vibe Award foar fideoklip fan it jier |
n.f.t. | |
Green Light | n.f.t. | n.f.t. | |
Until the End of Time (mei Justin Timberlake) | ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet | Feriene Steaten: goud | |
2008 | If I Were a Boy | BMI Pop Music Award foar bêste liet nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip |
Austraalje: 3x platina Feriene Steaten: 2x platina Kanada: 2x platina Grut-Brittanje: platina Nij-Seelân: platina Switserlân: platina Dútslân: goud |
Single Ladies (Put a Ring on It) | Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst Grammy Award foar bêste R&B-liet Grammy Award foar plaat fan it jier Billboard Music Award foar bêste fideoklip fan it desennium MTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip MTV Video Music Award foar fideoklip fan it jier MTV Europe Music Award foar bêste fideoklip Soul Train Music Award foar liet fan it jier BET Award foar fideoklip fan it jier MOBO Award foar bêste fideoklip Teen Choice Award foar favorite R&B-nûmer ASCAP Award foar meast útfierde popliet ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet Nickelodeon Kids' Choice Award foar favorite liet nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste popfideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste rezjy fan in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste kamerarezjy yn in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste special effects yn in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Australia Music Award foar bêste fideoklip nom. foar in MTV Australia Music Award foar bêste dûns nom. foar in Soul Train Music Award foar plaat fan it jier nom. foar in MuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier nom. foar in UK Music Video Award foar bêste pop-fideoklip nom. foar de publykspriis fan 'e BET Awards nom. foar in International Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer nom. foar in NAACP Image Award foar treflik liet nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip |
Austraalje: 5x platina Feriene Steaten: 4x platina Kanada: 2x platina Grut-Brittanje: platina Nij-Seelân: platina | |
At Last | Grammy Award foar bêste tradisjonele R&B-sangoptreden | n.f.t. | |
2009 | Diva | ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet nom. foar in UK Music Video Award foar bêste ynternasjonale fideoklip |
Feriene Steaten: goud |
Halo | Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden troch in froulike artyst MTV Europe Music Award foar bêste liet ASCAP Award foar meast útfierde popliet BMI Pop Music Award foar bêste liet nom. foar in Grammy Award foar plaat fan it jier nom. foar in Urban Music Award foar bêste single nom. foar in Teen Choice Award foar favorite leafdesliet |
Austraalje: 4x platina Feriene Steaten: 2x platina Grut-Brittanje: platina Kanada: platina Nij-Seelân: platina Switserlân: platina Dútslân: goud | |
Ego (remix mei Kanye West) | ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet nom. foar in Grammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking |
Nij-Seelân: goud | |
Sweet Dreams | ASCAP Award foar meast útfierde popliet BMI Pop Music Award foar bêste liet BMI London Award foar bêste popliet nom. foar de publykspriis fan 'e BET Awards nom. foar in International Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer |
Feriene Steaten: platina Austraalje: platina Nij-Seelân: platina Grut-Brittanje: goud | |
Broken-Hearted Girl | n.f.t. | n.f.t. | |
Video Phone | BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste gearwurking nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste popfideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste kamerarezjy yn in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste gearwurking nom. foar in BET Award foar bêste gearwurking |
n.f.t. | |
2010 | Why Don't You Love Me? | nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip | n.f.t. |
2011 | Run the World (Girls) | MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer Soul Train Music Award foar bêste dûnsoptreden Teen Choice Award foar favorite R&B/hiphop-nûmer nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Europe Music Award foar bêste fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste popfideoklip nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste goreografy yn in fideoklip nom. foar in People's Choice Award foar favorite fideoklip nom. foar in International Dance Music Award foar bêste R&B/urban-nûmer nom. foar in MuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier |
Austraalje: 2x platina Kanada: platina Feriene Steaten: goud Nij-Seelân: goud Grut-Brittanje: sulver |
Best Thing I Never Had | MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet nom. foar in Soul Train Music Award foar plaat fan it jier nom. foar in NAACP Image Award foar treflik liet |
Feriene Steaten: platina Austraalje: platina Grut-Brittanje: platina Kanada: goud Nij-Seelân: goud | |
Party (mei André 3000) | ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet BMI Urban Music Award foar meast útfierde liet nom. foar in Grammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking nom. foar in BET Award foar bêste gearwurking |
n.f.t. | |
Love on Top | Grammy Award foar bêste tradisjonele R&B-optreden Soul Train Music Award foar bêste dûnsoptreden ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar de publykspriis fan 'e BET Awards nom. foar in Teen Choice Award foar favorite R&B/hiphop-nûmer |
Austraalje: 2x platina Feriene Steaten: goud Grut-Brittanje: sulver | |
Countdown | MTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar meast share-wurdige fideoklip nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier |
Feriene Steaten: goud | |
2012 | I Care | n.f.t. | n.f.t. |
End of Time | n.f.t. | n.f.t. | |
2013 | XO | n.f.t. | Austraalje: platina Kanada: goud Grut-Brittanje: sulver |
Drunk in Love (mei Jay-Z) | Grammy Award foar bêste R&B-optreden Grammy Award foar bêste liet MTV Video Music Award foar bêste gearwurking BET Award foar bêste gearwurking nom. foar in Billboard Music Award foar bêste R&B-liet nom. foar in MTV Video Music Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in MTV Video Music Award Japan foar bêste R&B-fideoklip nom. foar in Soul Train Music Award foar liet fan it jier nom. foar in Soul Train Music Award foar fideoklip fan it jier nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier nom. foar de publykspriis fan 'e BET Awards |
Feriene Steaten: platina Austraalje: goud Grut-Brittanje: goud Kanada: goud Nij-Seelân: goud | |
2014 | Partition | nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste goreografy yn in fideoklip nom. foar in BET Award foar fideoklip fan it jier |
n.f.t. |
Pretty Hurts | MTV Video Music Award foar bêste fideoklip mei in maatskiplik boadskip MTV Video Music Award foar bêste sinematografy yn in fideoklip Soul Train Music Ashford & Simpson's Songwriter Award nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste rezjy fan in fideoklip nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste editing fan in fideoklip |
n.f.t. | |
Flawless (mei Chimamanda Ngozi Adichie of Nicki Minaj) | n.f.t. | n.f.t. | |
7/11 | n.f.t. | n.f.t. |
- Gastsingles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2000 | I Got That (mei Amil) | n.f.t. | n.f.t. |
2002 | ’03 Bonnie & Clyde (mei Jay-Z) | nom. foar in Teen Choice Award foar favorite gearwurking nom. foar in BET Award foar bêste gearwurking ASCAP Award foar meast útfierde popliet |
Austraalje: platina Feriene Steaten: goud |
2007 | Hollywood (mei Jay-Z) | n.f.t. | n.f.t. |
2008 | Love in This Club Part II (mei Usher en Lil Wayne) | n.f.t. | n.f.t. |
2010 | Put It in a Love Song (mei Alicia Keys) | n.f.t. | Austraalje: goud |
Telephone (mei Lady Gaga) | MTV Video Music Award foar bêste gearwurking MTV Platinum Play Award foar meast draaide nûmer NRJ Music Award foar fideoklip fan it jier ASCAP Award foar meast útfierde popliet BMI Pop Music Award foar bêste liet nom. foar in Grammy Award foar bêste popsang-gearwurking nom. foar in MTV Europe Music Award foar bêste fideoklip fan in froulike artyst nom. foar in People's Choice Award foar favorite liet nom. foar in People's Choice Award foar favorite fideoklip nom. foar in International Dance Music Award foar bêste fideoklip nom. foar in NRJ Music Award foar ynternasjonale gearwurking fan it jier nom. foar in UK Music Video Award foar bêste ynternasjonale fideoklip nom. foar in MuchMusic Video Award foar ynternasjonale fideoklip fan it jier nom. foar in Teen Choice Award foar favorite gearwurking nom. foar in Nickelodeon Kids' Choice Award, Australia foar favorite liet |
Austraalje: 3x platina Kanada: 3x platina Grut-Brittanje: platina Nij-Seelân: platina Dútslân: goud Switserlân: goud | |
2011 | Lift Off (mei Jay-Z en Kanye West) | n.f.t. | n.f.t. |
2014 | Part II (On the Run) (mei Jay-Z) | nom. foar in Grammy Award foar bêste rap/sang-gearwurking | n.f.t. |
Say Yes (mei Michelle Williams en Kelly Rowland) | nom. foar in Soul Train Music Award foar bêste gospel/ynspirasjonele liet |
n.f.t. |
- Promoasjesingles
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2003 | Daddy | n.f.t. | n.f.t. |
What's It Gonna Be? | n.f.t. | n.f.t. | |
2006 | One Night Only (mei "Deena Jones and the Dreams", yn 'e film Dreamgirls) | n.f.t. | n.f.t. |
Upgrade U (mei Jay-Z) | nom. foar in BET Award foar bêste gearwurking | n.f.t. | |
2009 | Si Yo Fuera un Chico | n.f.t. | n.f.t. |
Sing a Song | n.f.t. | n.f.t. | |
2010 | Fever | n.f.t. | n.f.t. |
2011 | 1+1 | n.f.t. | n.f.t. |
- Oare singles yn 'e hitlisten
Jier | Titel | Prizen en nominaasjes | Resultaat |
---|---|---|---|
2003 | Sexy Lil' Thug | n.f.t. | n.f.t. |
2004 | Dangerously in Love 2 | Grammy Award foar bêste R&B-sangoptreden fan in froulike artyst | n.f.t. |
2006 | A Woman Like Me | n.f.t. | n.f.t. |
Kitty Kat | n.f.t. | n.f.t. | |
Lost Your Mind | n.f.t. | n.f.t. | |
Freakum Dress | n.f.t. | n.f.t. | |
Resentment | n.f.t. | n.f.t. | |
2007 | Irreemplazable | n.f.t. | n.f.t. |
2008 | Ave Maria | n.f.t. | n.f.t. |
2009 | Radio | n.f.t. | n.f.t. |
2010 | Halo (live) | nom. foar in Grammy Award foar bêste popsangoptreden troch in froulike artyst | n.f.t. |
See Me Now (mei Kanye West, Charlie Wilson en Big Sean) | n.f.t. | n.f.t. | |
2011 | I Was Here | nom. foar in MTV Video Music Award foar bêste fideoklip mei in maatskiplik boadskip nom. foar in NAACP Image Award foar treflike fideoklip |
n.f.t. |
2012 | Dance for You | ASCAP Award foar meast útfierde R&B/hiphop-liet | n.f.t. |
Love a Woman (mei Mary J. Blige) | n.f.t. | n.f.t. | |
2013 | Mine (mei Drake) | n.f.t. | n.f.t. |
Blow | n.f.t. | n.f.t. | |
2014 | Ring Off | n.f.t. | n.f.t. |
Standing on the Sun (mei Mr. Vegas) | n.f.t. | n.f.t. |
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in folsleine list mei alle prizen en nominaasjes fan Beyoncé Knowles, sjocht op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Beyoncé Knowles
- (in) Beyoncé Knowles yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|
- Amerikaansk sjonger
- Amerikaansk sjonger yn it Spaansk
- Amerikaansk dûnser
- Amerikaansk koreograaf
- Amerikaansk lietsjeskriuwer
- Amerikaansk R&B-artyst
- Amerikaansk dance-artyst
- Amerikaansk hiphopartyst
- Amerikaansk soulartyst
- Amerikaansk popartyst
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk dokumintêremakker
- Amerikaansk fideoklipregisseur
- Amerikaansk filmprodusint
- Amerikaansk muzykprodusint
- Amerikaansk ûndernimmer
- Amerikaansk moadeûntwerper
- Amerikaansk filantroop
- Amerikaansk feminist
- Grammy-winner
- Emmy-winner
- Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk dûnser fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk koreograaf fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk skriuwer fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk regisseur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk produsint fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk ûndernimmer fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk filantroop fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk feminist fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk persoan fan Iersk komôf
- Persoan fan Louisiaansk-Kreoalsk komôf
- Persoan fan Cajun-komôf
- Persoan berne yn 1981