Springe nei ynhâld

Charlie's Angels (film út 2000)

Ut Wikipedy
Charlie's Angels
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur McG
produsint Drew Barrymore
Leonard Goldberg
Nancy Juvonen
senario Ryan Rowe
Ed Solomon
John August
basearre op Charlie's Angels (tillefyzjesearje)
kamerarezjy Russell Carpenter
muzyk Edward Shearmur
filmstudio Columbia Pictures
Leonard Goldberg Productions
Flower Films
Tall Trees Productions
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Cameron Diaz
Drew Barrymore
Lucy Liu
byrollen Bill Murray
Sam Rockwell
Tim Curry
Kelly Lynch
Crispin Glover
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 oktober 2000
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $93 miljoen
opbringst $264,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Charlie's Angels (franchise)
● folgjend diel Charlie's Angels: Full Throttle

Charlie's Angels is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2000 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu. De titel betsjut: "Charlie's Ingels". It is it earste diel út 'e Charlie's Angels-filmsearje, dy't basearre is op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels út 'e 1970-er jierren. De plot folget trije fernimstige en talintearre jonge froulju, de 'ingels', dy't yn Los Angeles foar it detektiveburo fan 'e mysterieuze Charlie wurkje. Se wurde ynset om 'e ûntfierde eigner en ûntfrjemde ynformaasje fan in technologybedriuw werom te finen. Charlie's Angels krige mingde resinsjes, mar brocht wrâldwiid rom $264 miljoen op. Yn 2003 ferskynde in ferfolch fan deselde makkers, mei as titel Charlie's Angels: Full Throttle.

Natalie Cook, Dylan Sanders en Alex Munday binne trije fernimstige, talintearre en oantreklike jonge froulju, dy't yn Los Angeles as privee-detektives wurkje foar it detektiveburo Charlie's Angels, fan 'e mysterieuze multymiljonêr Charlie, dy't se noch nea met hawwe. Charlie kommunisearret mei harren fia in tillefoanferbining, en syn assistint John Bosley wurket mei harren gear as dat nedich is.

Diskear set Charlie syn 'ingels' yn om Eric Knox op te spoaren, in softwareûntwerper dy't foar syn eigen bedriuw Knox Enterprises in revolúsjonêr stimwerkenningssysteem ûntwurpen hat. No is er lykwols ûntfierd út in parkearkelder. Neffens Knox syn sakepartner Vivian Wood, dy't Charlie's Angels yn 'e earm nommen hat, sit nei alle gedachten harren konkurrint Roger Corwin dêrefter. Corwin is de eigner fan in satellytkommunikaasjebedriuw dat Redstar hjit. Doe't syn besykjen om Knox Enterprises oer te nimmen in skoft earder ôfketste, soed er dat min ferkropje kinnen hawwe.

De ingels ynfiltrearje in feest dat troch Corwin organisearre is, en wurde dêr de 'Meagere Man' gewaar, sa't se him neame. Dat is ien fan 'e dieders fan 'e ûntfiering, dy't se weromkenne fan bylden fan befeiligingskamera's. As er yn 'e rekken kriget dat er werkend is, naait er út, mar de ingels efterfolgje him. Yn in steech komt it ta in gefjocht. De Meagere Man wit te ûntsnappen, mar net foar't de ingels him nei in gebou ta folge binne dêr't se de fêstbûne en blyndoeke Eric Knox weromfine.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Werom op it kantoar fan it detektiveburo fertelt Charlie de ingels dat de saak noch mar heal oplost is; no moat noch bepaald wurde oft Corwin bedriuwsgeheime ynformaasje oangeande Knox syn útfining stellen hat. Sadwaande ynfiltrearje de ingels it haadkertier fan Redstar, dêr't se alle befeiligingsmaatregels ûntdûke en in apparaat yn 'e sintrale kompjûter pleatse dat alle ynformaasje yn it ûnthâld nei de laptop fan Bosley stjoere sil. Dylan lit har troch Knox beprate om mei him de nacht troch te bringen, wylst Natalie en Alex nei hûs geane.

Letter dy jûns besykje hiermoardners Natalie en Alex yn twa aparte ynsidinten te fermoardzjen. Alex wit lykwols te ûntkommen, wylst Natalie har moardner oermasteret en twingt te sizzen wa't him stjoerd hat. De namme dy't de man jout, is dy fan Vivian Woods. Midden yn 'e nacht wurde Knox en Dylan wekker makke troch in besyk fan Vivian, en hoewol't Dylan troch Natalie op 'e tiid warskôge wurdt, komt it har dochs noch oer it mad as bliken docht dat Knox mei Vivian ûnder ien tekken skûlet. Syn hiele ûntfiering blykt yn sêne set te wêzen om 'e ingels safier te krijen dat se tagong sochten ta de sintrale kompjûter fan Redstar. Vivian hat ûnderwilens Bosley finzen nommen en syn laptop stellen, en Knox is fan doel om 'e ynformaasje fan Redstar út 'e laptop te brûken om it satellytsysteem fan dat bedriuw te kombinearjen mei syn eigen stimwerkenningssysteem. Sa hopet er efter it ferbliuwplak fan Charlie te kommen, dy't neffens him yn 'e Fjetnamoarloch syn heit fermoarde hat. Underwilens hat de Meagere Man Corwin fermoarde, dy't wol freeslike ûnsympatyk, mar feitlik ûnskuldich wie.

Dylan wit libben fuort te kommen en jout har wer by Natalie en Alex. As se op it kantoar fan Charlie's Angels ta rinne, eksplodearret it hiele gebou. Yn 'e rikjende ruïnes fine se lykwols in radioûntfanger dy't Bosley brûke kin om fia in radiostjoerder yn in falske kies ynformaasje troch te jaan oer it plak dêr't er finzen holden wurdt. Dat blykt in ferlitten fjoertoer oan 'e Pasifyske kust te wêzen. De ingels geane dêrhinne en witte Bosley te befrijen, mar se komme te let om Knox tsjin te hâlden by syn bepalen fan it ferbliuwplak fan Charlie. Se ferslane de Meagere Man, Vivian Woods en in hiel espel oare trewanten fan Knox yn man-tsjin-mangefjochten, en witte de fjoertoer krekt op 'e tiid te ferlitten foar't Knox út syn helikopter wei it gebou mei in raket opblaasd en sa al syn eigen meistanners deadet.

Bosley helpt de ingels om Knox syn helikopter te interjen sûnder dat Knox it trochhat. Alex knoeit mei it ôffjurringsmeganisme fan 'e iene oerbleaune raket om, sadat dy nei it ôfsjitten weromkomme sil by de helikopter. Dylan giet ûnderwilens de helikopter yn om Knox in wan bruien te jaan. As se by de strânwente fan Charlie arrivearje, sjit Knox de raket ôf, wêrnei't de ingels út 'e helikopter yn see springe. De raket makket in draai fan 180° en fljocht ynstee fan op it hûs op 'e helikopter ôf. Knox hat noch krekt genôch tiid om te beseffen dat er himsels deade hat foar't de raket de helikopter opblaast. Nei Knox syn dea spile de ingels oan op it strân en geane nei it hûs om Charlie te sykjen, mar dy hat him al út 'e fuotten makke. Hy lokwinsket harren lykwols oer de tillefoan, en traktearret de trije froulju en Bosley op in fakânsje wylst er it kantoar fan syn detektiveburo werbouwe lit.

As er op 'e fakânsjebestimming op 'e nij tillefoanysk kontakt mei harren hat, wylst se op it strân lizze te sinnebaaien, fertelt Charlie de ingels wat er ûnderwilens ûntdutsen hat. Knox wie de soan fan in fijannige spion dy't undercover yn it Amerikaanske Leger gien wie; dy man waard troch syn eigen opdrachtjouwers fermoarde doe't er troch Charlie ûntdutsen drige te wurden. De ingels freegje Charlie om him by harren te jaan om fakânsje te fieren, mar Charlie seit dat er dat spitigernôch net dwaan kin om't er in stikmannich skatten bewekje moat. It eachpunt fan 'e kamera ferspringt dan nei in âldere man dy't net dúdlik yn byld brocht wurdt, mar fan in ôfstân nei de trije ingels stiet te sjen. Dylan is de iennichste dy't har omdraait en him gewaar wurdt, en fermoedet dat it Charlie is.

Cameron Diaz.
Drew Barrymore.
Lucy Liu.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Natalie Cook Cameron Diaz
Dylan Sanders Drew Barrymore
Alex Munday Lucy Liu


byrollen
personaazje akteur/aktrise
John Bosley Bill Murray
Eric Knox Sam Rockwell
Roger Corwin Tim Curry
Vivian Wood Kelly Lynch
de 'Meagere Man' Crispin Glover
Charlie Townsend John Forsythe (inkeld stim)
Jason Gibbons, Alex har frijer Matt LeBlanc
Chad, Dylan har frijer Tom Green
Pete Komisky, Natalie har frijer Luke Wilson
dhr. Jones, Dylan har undercoverindentiteit yn sêne 1 LL Cool J
Pasqual, in terrorist Sean Whalen
Doris, in sekretaresse by Redstar Melissa McCarthy
de freondinne fan Roger Corwin Karen McDougal
trewant fan Knox Mike Smith
himsels (kwismaster) Alex Trebek

Charlie's Angels waard regissearre troch McG nei in senario skreaun troch Ryan Rowe, Ed Solomon en John August. De film wie basearre op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels út 'e 1970-er jierren, dy't ûntwikkele wie troch Ivan Goff en Ben Roberts, en it wie ek in fuortsetting fan 'e ferhaallinen út dy searje. Oars as yn 'e searje, dy't dramatyske ploteleminten omfette, sloech de film lykwols in komyske toan oan. Der wie foar de film in budget fan $93 miljoen beskikber. Foar de haadrollen, dy't yn 'e searje fertolke waarden troch Farrah Fawcett, Kate Jackson en Jaclyn Smith, waarden aktrises Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu oanlutsen.

Barrymore wie, yn 'e mande mei Leonard Goldberg en Nancy Juvonen, ek as produsinte yn 'e film behelle. Charlie's Angels wie in produksje fan filmstudio Columbia Pictures yn gearwurking mei Leonard Goldberg Productions, Flower Films en Tall Trees Productions. De kamerarezjy waard dien troch Russell Carpenter, wylst de filmmuzyk fan 'e hân fan Edward Shearmur wie. Charlie's Angels waard distribuëarre troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 22 oktober 2000 yn premiêre yn Mann's Chinese Theatre yn Hollywood, wêrnei't er op 3 novimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Op 27 maart 2001 waard Charlie's Angels útbrocht as keapfideo op VHS-fideobân en dvd. Yn 2006 waard er as earste film ea útbrocht op blu-ray.

Charlie's Angels krige hiel mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. David Edelstein, dy't foar Slate.com skreau, ferwachte neat oan 'e film te finen, mar ûntdiek dat er him geweldich fûn. Hy omskreau de film as "in sjarmante, hyper-energetyske en grappich selsbewuste aksjekomeedzje oer byldmoaie famkes." Yn Entertainment Weekly wie Owen Gleiberman ek tige wei fan Charlie's Angels, wêrby't er benammen lof hie foar it aktearjen fan Cameron Diaz. Desson Howe skreau yn The Washington Post: "De fammen binne fabuleus, en de film krektlyk." Hy wie myld teloarsteld dat de manlike byrollen net better út 'e ferve kamen. Peter Travers fan Rolling Stone priizge benammen de wol hast satiryske gefjochtssênes, mar hie krityk op 'e meagere plot. Neffens him ûnderskate it "tipelsinnige gefoel foar ûndogenskens" de film fan mindere filmadaptaasjes fan tillefyzjesearjes.

Oan 'e oare kant joech de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times de film in heale stjer fan fjouwer stjerren. Hy neamde Charlie's Angels "in film sûnder ferstân," en fûn dat it noch it measte wei hie fan "in trailer foar in fideospultsje." Yn The New York Times skreaun Manohla Dargis: "Fansels is it net bêst – mar moast it no sà beroerd wêze?" Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle neamde Charlie's Angels "in folslein debakel", en skreau dat de film "de tillefyzjesearje derút sjen lit as in hichtepunt fan kreätiviteit, fantasij en selsbehearsking." Hy joech de skuld dêrfoar oan regisseur McG, en hie ek krityk op 'e bewuste beslissing fan 'e makkers fan 'e film om 'e trije ingels sterk opinoar lykje te litten, mei inkeld ferskillen yn hierkleur. "De suffichheid fan 'e ingels is in grutte teloarstelling," skreau LaSalle, "ien dy't inkeld ûnderdocht foar de skokkende ynkompetinsje fan McG."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Charlie's Angels in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 145 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde dat de film "knaphandich makke" en "ridlik ûnderhâldend" wie "nettsjinsteande it gebrek oan orizjinaliteit." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Charlie's Angels in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 34 resinsjes.

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Charlie's Angels $125,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $148,8 miljoen. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $264,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $93 miljoen kaam dat del op in winst fan $171,1 miljoen. Charlie's Angels wie dêrmei de op alve nei meast opbringende film fan 2000.

In ferfolchfilm fan deselde makkers en mei deselde aktrises yn 'e haadrollen, kaam yn 2003 út mei as titel Charlie's Angels: Full Throttle. Yn 2019 ferskynde as ûnderdiel fan deselde franchise fierders noch in film dy't ek Charlie's Angels hiet, mar dy't troch oaren makke waard mei in nije generaasje aktrises yn 'e haadrollen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.