Springe nei ynhâld

Drew Barrymore

Ut Wikipedy
Drew Barrymore
akteur
Drew Barrymore yn 2014.
Drew Barrymore yn 2014.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDrew Blyth Barrymore
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 febrewaris 1975
berteplakCulver City (Kalifornje)
etnisiteit Hongaarsk
Iersk
Ingelsk
jierren aktyf1980 – no
offisjele webside
www.drewbarrymore.com

Drew Barrymore (folút: Drew Blyth Barrymore; Culver City (Kalifornje), 22 febrewaris 1975), is in Amerikaansk aktrise, model, regisseur en filmprodusinte út in âlde Hollywood-famylje. Hja waard foar it earst bekend doe't hja mei seis jier ien fan 'e haadrollen fertolke yn Steven Spielberg syn science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial. Nei jierren fan wrakseljen mei ferslavingsproblemen makke se fanôf 1992 in comeback mei films as Poison Ivy, Bad Girls, Charlie's Angels, The Wedding Singer en 50 First Dates.

Drew Barrymore waard yn 1975 berne yn it Súdkalifornyske Culver City, as de dochter fan akteur John Drew Barrymore en aspirant-aktrise Jaid Makó. Wylst har heit fan mingd Ingelsk-Iersk etnysk komôf wie, waard har mem oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch berne yn in kamp foar Hongaarske flechtlingen yn West-Dútslân. Barrymore hat in healbroer, de akteur John Blyth Barrymore, en twa healsusters, Blyth Dolores ("Brahma") Barrymore, en Jessica Blyth Barrymore. Har peetâlden binne regisseur Steven Spielberg en aktrise Sophia Loren. (Sels is hja trouwens de petemem fan Frances Bean Cobain, de dochter fan sjongster en aktrise Courtney Love en sjonger Kurt Cobain.)

Barrymore har pake John Barrymore mei Greta Garbo yn 'e film Grand Hotel (1932).

Drew Barrymore har pake oan heitekant wie akteur en Hollywood-leginde John Barrymore, en har beppe Dolores Costello, wylst har oerpakes en -beppes de akteurs Maurice Barrymore en Georgiana Drew Barrymore en Maurice Costello en Mae Altschuk Costello wiene. Ek har muoike Diana Barrymore en har âldomkes en -muoikes Lionel Barrymore, Ethel Barrymore en Helene Costello binne of wiene akteurs, krekt as har betoerpake John Drew en betoerbeppe Louisa Lane Drew, wylst har oerâldomke John Drew jr. yn syn tiid in Broadway-idoal wie en har oerâldomke Sidney Drew in akteur, senarioskriuwer en regisseur út it tiidrek fan 'e stomme film.

Drew Barrymore sette útein mei har aktearkarriêre doe't se mei alve moannen in rol hie yn in reklamespotsje foar hûnefoer. Neffens it ferhaal waard hja dêrby biten troch har tsjinspiler, en de reklamelju tochten dat se doe wol ynpakke koene, mar Barrymore lake der allinne mar om.

Barrymore har heit John Drew Barrymore mei Anne Helm yn 'e tillefyzjerige Gunsmoke, yn 1964.

Har filmdebút makke se yn Altered States, út 1980, dêr't se in lyts roltsje yn hie. In jier letter, op har sechsde, caste har peetheit Spielberg har yn 'e rol fan Gertie, it jongere suske fan Elliott, de haadpersoan yn 'e berne-science fiction-film E.T. the Extra-Terrestrial, wat har grutte trochbraak waard. Yn 'e folgjende jierren spile se ferskate haadrollen yn films en ûntjoech se har ta ien fan 'e meast ferneamde bernestjerren fan 'e wrâld. Yn 1984 waard se nominearre foar in Golden Globe foar har rol yn Irreconcilable Differences, wêryn't se in famke spile dat fan har âldelju skiede woe.

Ferslavingsproblematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har stjerrestatus wie mear as wêr't Barrymore op har jierren mei omgean koe, en doe't yn 1984 har âldelju skieden en se yn soarte fan opfiedkundich fakuum belâne, hie dat jammerdearlike gefolgen. Op har njoggende smookte se al geregeldwei sigaretten; doe't se alve jier wie, rekke se ferslave oan alkohol; mei tolve jier brûkte se marihûana; en op har trettjinde begûn se kokaïne te snuven. Tsjin 'e tiid dat se fjirtjin jier wie, siet se yn in ûntwenningsklinyk en fanwegen in besykjen om harsels tekoart te dwaan bedarre se foar har fyftjinde noch wer yn in oare klinyk. Neitiid waard se in fearnsjier opfongen by sjonger David Crosby-en-dy thús, om't se, neffens Crosby, minsken om har hinne hawwe moast dy't net dei yn, dei út nei de drank en de drugs griepen. Dat jiers, yn 1990, skreau se har autobiografy Little Girl Lost. It jiers dêrop, yn 1991, frege Barrymore de rjochter om har te ûntheffen fan 'e âlderlike fâdij, en doe't yn dat fersyk tastimd waard, sette se har nei wenjen yn in eigen appartemint.

Drew Barrymore yn 1984 mei presidint Ronald Reagan.

Yn 1992 makke Barrymore in comeback as aktrise yn 'e film Poison Ivy, wat it begjin wie fan in hiele rige rollen dy't har mei opsetsin it imago fan in manipulative ferliedster yn har tinerjierren joegen. Hoewol't Poison Ivy yn 'e bioskoop flopte, waard it in súkses doe't it op fideo útbrocht waard. Datseldichste jiers, doe't se santjin wie, posearre se neaken foar de omslach fan it tydskrift Interview, tegearre mei har ferloofde Jamie Walters. Ek yn it blêd wie se neaken te sjen. Fierders ûndergie se yn 1992 ek in boarstferlytsingsoperaasje. Yn 1993 waard Barrymore jitris nominearre foar in Golden Globe, diskear foar har rol yn 'e film Guncrazy. Op har njoggentjinde, yn 1995, stie se neaken yn it jannewarisnûmer fan 'e Amerikaanske edysje fan 'e Playboy, wylst se letter dat jiers, doe't se te gast wie yn it praatprogramma de Late Show, by in berucht ynsidint har boarsten sjen liet oan presintator David Letterman, al hie se dêrby har rêch nei de kamera ta.

Drew Barrymore yn 1989 mei akteur Corey Feldman.

Yn 'e njoggentiger jierren hie Barrymore súkses mei films as de westernfilm Bad Girls (1994) mei Madeleine Stowe, Andie MacDowell en Mary Stuart Masterson, de dramakomeedzje Boys on the Side (1995), mei Whoopi Goldberg en Mary-Louise Parker, de komeedzje The Wedding Singer (1998), mei Adam Sandler, en it kostúmdrama Ever After (1998), in moderne fariant op it mearke Jiskepûster. Fierders ferfolle se ferskate cameoroltsjes, lykas yn 'e horrorfilm Scream en de superheldefilm Batman Forever. Yn 1997 rjochten Barrymore en har sakepartner Nancy Juvonen de filmstudio Flower Films op, mei as earste produksje Never Been Kissed, in film mei Barrymore sels yn 'e haadrol, dy't yn 1999 útkaam.

Ek de kaskreaker Charlie's Angels, út 2000, mei yn 'e haadrollen Barrymore, Cameron Diaz en Lucy Liu, waard produsearre troch Flower Films, krektlyk as de lettere súksessen 50 First Dates (2004) en Music and Lyrics (2007) en de kultfilm Donnie Darko (2001). Barrymore wie sels as filmprodusinte û.m. belutsen by it meitsjen fan Never Been Kissed, Charley's Angels, Donnie Darko en Charley's Angels: Full Throttle (2003), wêryn't se fannijs de rol fan Dylan Sanders spile, wat har in nominaasje foar in Emmy Award opsmiet. Dêrnjonken hat se ek wurksum west as regisseur fan 'e dokumintêre Choose or Lose Presents: The Best Place to Start (2004), de film Whip It (2009) en de fideoklip Our Deal foar de band Best Coast (2011). Fierders hat Barrymore wurke as tillefyzje-aktrise, stimaktrise, presintatrise, model en tillefyzjeprodusinte (foar de nije searje Charlie's Angels). Yn 2004 krige se har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Yn 2007 waard se beneamd ta ambassadrise fan it World Food Programme fan 'e Feriene Naasjes.

Drew Barrymore yn 2007, by de Londenske premiêre fan Music and Lyrics.

Yn 1991, doe't se sechstjin jier wie, ferloofde Barrymore har mei Leland Hayward, de pakesizzer fan filmprodusint Leland Hayward, mar nei in pear moanne waard de ferloving ôfbrutsen. Fan 1992 oant 1993 wie se dêrnei ferloofd mei muzikant en akteur Jamie Walters. Op har njoggentjinde, op 20 maart 1994, troude se foar de earste kear, mei de fan oarsprong Britske bareigner Jeremy Thomas, mar se skiede minder as twa moannen letter alwer fan him. Yn 1999 begûn se om te gean mei MTV-presintator en komyk Tom Green, mei wa't se twa jier gearwenne ear't se yn july 2001 trouden. Mar ek dit twadde houlik strâne, yn oktober 2002.

Neitiid hie Barrymore fan 2002 oant 2007 in relaasje mei drummer Fabrizio Moretti fan 'e band The Strokes, folge troch in relaasje mei akteur Justin Long fan 2007 oant 2008 en nochris fan 2009 oant 2010. Begjin 2011 kaam Barrymore yn 'e kunde mei keunstkenner Will Kopelman, mei wa't se op 2 juny 2012 troude. Op 26 septimber fan dat jier waard harren dochter Olive Barrymore Kopelman berne. Barrymore hat sein dat se it joadske leauwe fan har man bewûnderet en it yn har omgean lit om har dêrta te bekearen. Ek hat se (yn 2003) planút oanjûn dat se biseksueel is en dat se ek in protte (romantyske) relaasjes mei froulju hân hat. Dêrfandinne dat Barrymore ek aktyf is as homorjochte-aktiviste en geregeldwei oer dat ûnderwerp publisearret.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1980Altered StatesMargaret Jessup
1982E.T. the Extra-TerrestrialGertie
1984FirestarterCharlie McGee
1984Irreconcilable DifferencesCasey Brodsky
1985Cat's EyeAmanda
1986Babes in ToylandLisa Piper
1987Conspiracy of Love Jody Woldarski
1989See You in the MorningCathy Goodwin
1989Far from HomeJoleen Cox
1991MotoramaFantasy Girlcameo
1992Poison IvyIvy
1992Waxwork II: Lost in Timefampiereslachtoffer #1cameo
1992GuncrazyAnita Minteer
1993No Place to HideTinsel Hanley
1993DoppelgangerHolly Gooding
1993Wayne's World 2Bjergen Kjergen
1994Bad GirlsLilly Laronette
1995Boys on the SideHolly Pulchik
1995Mad LoveCasey Roberts
1995Batman ForeverSugar
1996Everyone Says I Love YouSkylar Dandridge
1996ScreamCasey Becker
1997Best MenHope
1997Wishful ThinkingLena
1998The Wedding SingerJulia Sullivan
1998Ever AfterDanielle de Barbarac
1998Home FriesSally Jackson
1999Never Been KissedJosie Gellerek útfierend produsinte
2000Skipped PartsFantasy Girl
2000Titan A.E.Akima Kunimotoas stimaktrise
2000Charlie's AngelsDylan Sandersek filmprodusinte
2001Donnie DarkoKaren Pomeroyek útfierend produsinte
2001Freddy Got Fingeredresepsjoniste fan Davidsoncameo
2001Riding in Cars with BoysBev Donofrio
2002Confessions of a Dangerous MindPenny Pacino
2003Charlie's Angels: Full ThrottleDylan Sanders / Helen Zaasek filmprodusinte
2003DuplexNancy Kendricksek filmprodusinte
200450 First DatesLucy Whitmore
2005Fever PitchLindsey Meeksek filmprodusinte
2006Curious GeorgeMaggie Dunlopas stimaktrise
2007Music and LyricsSophie Fisher
2007Lucky YouBillie Offer
2008Beverly Hills ChihuahuaChloeas stimaktrise
2009He's Just Not That Into YouMary Harrisek útfierend produsinte
2009Everybody's FineRosie Goode
2009Whip ItSmashley Simpsonek regisseur en filmprodusinte
2010Going the DistanceErin Langford
2012Big MiracleRachel Kramer
2014BlendedLauren Reynolds
2015Miss You AlreadyJess
2020The Stand-InCandy
tillefyzje
1985ABC Weekend SpecialsCon Sawyerôflevering The Adventures of Con Sawyer and Hucklemary Finn
1985Star FairiesHilaryas stimaktrise; tillefyzjefilm
1986The Ray Bradbury TheatreHeather Learyôflevering The Screaming Woman
1986Babes in ToylandLisa Pipertillefyzjefilm
1989CBS Schoolbreak SpecialSusanôflevering 15 and Getting Straight
1992Sketch ArtistDaisytillefyzjefilm
19922000 Malibu RoadLindsay Rule6 ôfleverings
1993The Amy Fisher StoryAmy Fishertillefyzjefilm
1996Bill Nye the Science Guyharselsôflevering Flowers
1999Olive, the Other ReindeerOliveas stimaktrise; tillefyzjefilm
2000The SimpsonsSophieas stimaktrise; ôflevering Insane Clown Poppy
2005-2013Family GuyLana Lockhart / Jillian Russell12 ôfleverings
2009Grey GardensEdith Bouvier Bealetillefyzjefilm
2016Odd Mom OutMeredithôflevering Knock of Shame
2017-2019Santa Clarita DietSheila Hammondhaadrol; ek útfierend produsinte
2017First Datesvoice-over
2018Insatiableharselsargyfmateriaal
2019The World's Bestharselssjuerylid
fideoklips
1995You Got Itfan Bonnie Raitt
1999Candy in the Sunfan Swirl 360
2017Drew BarrymoreharselsSZA
Filmografy as regisseur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2009Whip ItSmashley Simpsonek haadrolspylster en filmprodusinte
fideoklips
2011Our Dealn.f.t.
Filmografy as produsinte
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1999Never Been KissedJosie Gellerútfierend produsinte; ek haadrolspylster
2000Charlie's AngelsDylan Sandersfilmprodusinte; ek haadrolspylster
2001Donnie DarkoKaren Pomeroyútfierend produsinte; ek haadrolspylster
2003Charlie's Angels: Full ThrottleDylan Sanders / Helen Zaasfilmprodusinte; ek haadrolspylster
2003DuplexNancy Kendricksfilmprodusinte; ek haadrolspylster
2005Fever PitchLindsey Meeksfilmprodusinte; ek haadrolspylster
2009He's Just Not That Into YouMary Harrisútfierend produsinte; ek haadrolspylster
2009Whip ItSmashley Simpsonfilmprodusinte; ek regisseur en haadrolspylster
2014Animaln.f.t.filmprodusinte
2014How to Be Singlen.f.t.útfierend produsinte
2019Charlie's Angelsn.f.t.útfierend produsinte
tillefyzje
2011Charlie's Angelsn.f.t.útfierend produsinte
2017-2019Santa Clarita DietSheila Hammondútfierend produsinte; ek haadrolspylster

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.