Blended

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Blended
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Blended logo.png
makkers
regisseur Frank Coraci
produsint Adam Sandler
Jack Giarraputo
Mike Karz
senario Clare Sera
Ivan Menchell
kamerarezjy Julio Macat
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Happy Madison Productions
Gulfstream Pictures
RatPac-Dune Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Adam Sandler
Drew Barrymore
byrollen Bella Thorne
Braxton Breckham
Emma Fuhrmann
Kyle Red Silverstein
Alyvia Alyn Lind
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 23 maaie 2014
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $128 miljoen

Blended is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2014 ûnder rezjy fan Frank Coraci, mei yn 'e haadrollen Adam Sandler en Drew Barrymore. De titel ferwiist nei de Ingelske term blended family (letterlik: "fermongen gesin") foar in gearstalde húshâlding. It ferhaal fan 'e film giet oer Jim Friedman, in widner mei trije dochters, en Lauren Reynolds, in skieden mem mei twa soannen, dy't allebeide swierrichheden mei de opfieding ûnderfine en mei-inoar yn 'e kunde komme op in blind date. Blended wie de trêde romantyske komeedzje wêrfoar't Sandler en Barrymore gearwurken, nei The Wedding Singer (1998) en 50 First Dates (2004). De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lauren Reynolds, in skieden frou mei twa soannen fan tolve en acht, giet op in blind date mei Jim Friedman, in widner mei trije dochters fan fjirtjin, tsien en seis. Ta har ûntsetting nimt er har mei nei in Hooters-restaurant (in 'breastaurant'-keatling mei in wat ordinêre reputaasje). Sawol Lauren as Jim hawwe yn gjin jierren op in ôfspraakje west, en de jûn ferrint min, oant Jim mei in trochsichtich ferlechje útnaait. Lauren luchtet neitiid har hert oer it hiele barren by har bêste freondinne Jen, wylst Jim it spul bepraat mei syn kollega Doug. Allebeide fine se dat it in jammerdearlik ôfspraakje wie, en dat soks mar net wer moast.

In pear dagen letter komme se inoar lykwols tsjin yn 'e supermerk, dêr't Jim moanneferbân keapje wol foar syn âldste dochter Hillary (ropnamme: Larry), dy't foar it earst de regels hat. Lauren hat in neakenblêd fûn yn 'e keamer fan har âldste soan Brendan, en it ding yn in opwâling fan walging ferskuord. Neitiid kaam har lykwols it petear yn 't sin dat se krekt dy deis mei de jonge hân hie, oer it respektearjen fan inoars privacy. No wol se it blêd ferfange foar't Brendan ûntdekt wat se dien hat. Jim helpt har om it juste neakenblêd te finen, wylst Lauren him oan 'e juste maat tampons helpt. Om ferlegenheid by de kassa foar te kommen, beslute se om fan boadskip te ruiljen.

As Jim letter thúskomt, ûntdekt er lykwols dat de kassiêre harren creditcards omwiksele hat. Hy set nei Lauren har hûs ta om it spul rjocht te breidzjen, en is dêr sadwaande oanwêzich as Jen deryn komt en in hiel ferhaal ôfstekt oer har leafdeslibben. Se hat it útmakke mei har freon Dick, yn wa't Jim syn baas Dick Theodopoulos weromken. Dick bliek nammentlik fiif bern te hawwen dêr't er har noch nea oer ferteld hie, en de frijfochten Jen is net ree om op slach mem fan in hiele húshâlding te wurden. Sadwaande giet de reis nei Afrika net troch, dy't Dick foar harren beiden (tocht se) en de bern (sa bliek no) pland hie.

Jim, dy't fan syn bern al hiel wat krityk krigen hat om't se altyd te kampearjen en nea ris 'normaal' op fakânsje geane, sjocht syn kâns skoan. Noch ear't er wer by syn auto is, hat er syn baas al opskille om dy syn diel fan 'e reis oer te nimmen. Underwilens nimt Lauren Jen har diel fan 'e reis oer. Se ûntdekke pas wat de oare dien hat nei't se yn Súd-Afrika oankommen binne, dêr't se inoar en inoars bern wer treffe by it resort. Ek docht dêr pas bliken dat Dick de fakânsje brûke woe om Jen it hof te meitsjen. De beide húshâldings wurde sadwaande gearfoege foar in 'houliksreis foar it hiele gesin'.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it lúkse resort wurde Jim en Lauren as in romantysk pearke beskôge, en as sadanich wurde se achte mei te dwaan oan aktiviteiten dêr't alle oare pearkes ek oan meidogge. De fêste tafelpartners fan Jim, Lauren en harren bern binne de Kanadeeske Eddy Warnick út Vancouver, syn jonge breid Ginger, dy't it stereotype domme blondsje is, en Eddy syn teenersoan Jake, út syn earste houlik, dy't mar seis jier jonger is as syn nije styfmem. Eddy en Ginger binne totaal oersekst, ta argewaasje fan Jake, op wa't Jim syn dochter Larry fuortendaliks smoarfereale rekket.

Underwilens meitsje de bern fan Jim en Lauren in nuvere yndruk opinoar. Brendan omskriuwt syn eigen mem as "seksy", en moat dan gau útlizze dat er dat net sà bedoelt, wylst Jim syn middelste dochter Espn (dy't ferneamd is nei Jim syn favorite sportstjoerder ESPN) oanhâldend beart dat se de geast fan har ferstoarne mem sjen kin (om't se noch net ree is om har mem los te litten). Tyler, Lauren har jongste soan, kriget eltse kear as wat mislearret, in freeslik driftbui, wylst Lou, de jongste dochter fan Jim, der niget oan hat om folwoeksenen kjel te meitsjen troch ynienen mei in hiel djippe stim te praten en te dwaan as is se beset fan in demon. Meitiid helje de bern lykwols de skouders op oer inoars eigenaardichheden.

Jim fynt yn Lauren har soannen willige dielnimmers oan ferskate sporten, dêr't er earder syn dochters hieltyd ta oantrúnje moast. Sa helpt er Tyler om goed honkbalspyljen te learen (al moatte se dêr yn Súd-Afrika in cricketkneppel foar brûke), en Brendan leart er te boksen. Lauren kriget ûnderwilens in swak foar Jim syn dochters, benammen Espn en de lytse Lou. Sadree't se de hopeleaze ferealens fan Larry op Jake ûntdekt, nimt se it fanke mei nei in kapsalon om har jongeseftich uterlik te feroarjen yn dat fan in seksy jonge frou. As Jake har neitiid sjocht, falt syn mûle iepen, en hy en Larry krije ferkearing. Jim is minder oer de feroarings te sprekken, mar hy leart dermei om te gean.

Fia inoars bern ûntwikkelet der him stadichoan in bân tusken Jim en Lauren. Nei ferrin fan tiid krije se sels aardichheid oan 'e aktiviteiten dêr't se yn it resort as 'romantysk pearke' oan ûnderwurpen wurde. As se op safary geane en in nacht yn tinten trochbringe, wol Lou troch Lauren op bêd brocht en ynstoppe wurde. Lauren sjongt dan foar it famke it ferske Somewhere over the Rainbow, dat sûnder dat se it wit, ek it ferske wie dat Jim syn frou silger altyd foar har dochters song. Dat is it momint dat Espn, dy't yn deselde tinte sliept, har mem begjint los te litten. Op 'e lêste jûn fan 'e fakânsje hat Jim mei help fan Mfana, de reislieder, in romantysk itentsje mei Lauren organisearre om't er harren mislearre blind date oerdwaan wol. Tsjin dy tiid hat Lou oan Lauren ferteld dat har mem, foar't se oan kanker stoar, bedriuwsliedster wie fan it Hooters-restaurant dêr't Jim har mei nei ta nommen hat, dat Lauren nimt him dat no net mear kwea-ôf. It itentsje ferrint poerbêst, mar as it op in tút oankomt, lûkt Jim him ynienen werom en seit er dat er "it net kin." It docht bliken dat hysels ek noch net alhiel ree is om syn frou te ferfangen.

Nei't se weromkeard binne yn 'e Feriene Steaten, beseft Jim lykwols dat er fereale rekke is op Lauren en dat er mei de net-tút in stomme fout begien hat. Espn fertelt him dat har mem tsjin har sein hat dat se it drok hat, en dêrom net sa faak mear oanwêzich wêze kin. Oantrune troch syn bern bejout Jim him yn syn ferklaaiersklean mei in boskje blommen nei Lauren har hûs. Dy blykt net thús te wêzen, mar har eks-man Mark wol. Hoewol't Mark syn houlik mei Lauren sels de fernieling yn holpen hat troch syn ûntrou, wurdt er jaloersk as er sjocht dat Lauren in frijer hat. Hy fertelt Jim dat hy en Lauren wer byinoar binne en lit him yn bedutsen, mar net mis te fersteane bewurdings merke dat syn oanwêzigens net op priis steld wurdt. Jim dript te lider slein ôf, en as Lauren neitiid thúskomt, beart Mark dat it bosk blommen fan himsels is. Hy besiket it dan yndie wer oan te lizzen mei Lauren, mar dy wol dêr neat fan witte, net inkeld om't er mei oare froulju omsloech, mar ek om't er in weardeleaze heit is dy't neat foar syn soannen oer hat.

As der letter krekt sa'n auto as Jim hat, by har hûs stoppet, hopet Lauren dat it Jim is, mar it is ynstee Jen, dy't no in gesinsauto riidt om se it wer bylein hat mei Dick. By de earstfolgjende honkbalwedstryd fan Tyler komt Mark wer net opdaagjen, ek al hied er noch sa tasein dêr wol wêze te sillen. Jim komt lykwols àl del om 'e jonge oan te moedigjen, en troch syn taskreaude oanwizings wit Tyler foar de earste kear de bal te reitsjen en ek noch in homerun te skoaren. Nei de wedstryd reitsje Jim en Lauren oan 'e praat. Mark syn bedroch komt út, en se jouwe einlings en te'n lêsten ta dat se byinoar wêze wolle. Se tútsje, ta blydskip fan harren bern, dy't beseffe dat se as gearstald gesin út Afrika weromkommen binne.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jim Friedman Adam Sandler
Lauren Reynolds Drew Barrymore


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Hillary "Larry" Friedman Bella Thorne
Brendan Reynolds Braxton Breckham
Espn Friedman Emma Fuhrmann
Tyler Reynolds Kyle Red Silverstein
Lou Friedman Alyvia Alyn Lind
Eddy Warnick Kevin Nealon
Ginger Warnick Jessica Lowe
Jen Palmer Wendi McLendon-Covey
Nickens Terry Crews
Mark, Lauren har eks-man Joel McHale
Mfana Abdoulaye N'Gom
Jake Warnick Zak Henri

De wrâldferneamde basketballer Shaquille O'Neal hie yn 'e film in cameo as Jim syn kollega Doug. Dan Patrick, de langjierrige nijslêzer fan it tillefyzjeprogramma SportsCenter, op ESPN, hie ek in cameo yn 'e rol fan Dick Theodopoulos, Jim syn baas. De Súdafrikaanske cricket-superstjer Dale Steyn hie in cameo as himsels op in cricketfjild dêr't Jim him betellet om werper te wêzen foar de jonge Tyler, dy't er honkbal leare wol mei in cricketkneppel.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blended waard regissearre troch Frank Coraci, dy't ek ferantwurdlik wie foar de rezjy fan The Wedding Singer, út 1998, de earste film wêryn't Adam Sandler en Drew Barrymore inoars tsjinspilers wiene. Foar Blended wurke er op basis fan in senario dat skreaun wie troch Clare Sera en Ivan Menchell. As produsinten wiene by de film belutsen Sandler sels, Jack Giarraputo en Mike Karz foar de filmstudio's Gulfstream Pictures, RatPac-Dune Entertainment en Sandler syn Happy Madison Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Julio Macat, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Rupert Gregson-Williams.

Foar Blended wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De opnamen fûnen foar in grut part plak op lokaasje yn it resort Sun City, yn Súd-Afrika. De Amerikaanske sênes waarden opnommen yn Buford, Gainesville en by de Lanier-mar yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Yn july 2013 feroare Warner Bros. de titel fan 'e film fan Blended yn The Familymoon (in gearlûking fan family, "gesin", en honeymoon, "houliksreis"). Letter dat jier stapte men fan dat idee ôf en kaam de film wer Blended te hjitten.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Blended waard fersoarge troch Warner Bros. De film iepene op 23 maaie 2014 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 26 augustus fan dat jier kaam Blended út op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blended krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa omskreau Hitfix de film mei in stek ûnder wetter as "[Net] Adam Sandlers minste [film]!" Op 'e webside RogerEbert.com joech Christy Lemire Blended mar oardel stjer fan fiif, en stelde fêst dat Sandler wat gemaksuchtich wurden wie en dat er wol better koe. Jocelyn Noveck skreau yn The National dat de film better wie as Sandler syn oare resinte wurk, mar heakke dêr daliks oan ta "mar dat wol net folle sizze."

Yn The New York Times ferskynde in tige negative resinsje fan A.O. Scott, dy't him beklage oer de "efterhelle geslachtsrollen" yn 'e film, de "fernedering fan bern", de "sentimintele skynhilligens oer it hâlden en dragen fan manlju" en de "kwasy-soölogyske ôfskildering fan Afrikanen as ûnderdienige, dûnsjende, trommespyljende ûnnoazelders". Hy sleat ôf mei in warskôging oan âldelju om harren bern net oan Blended bleat te stellen, mei't dy film "bern stom makket".

Oan 'e oare kant fan it spektrum skreau Graham Young yn 'e Birmingham Mail in tige positive resinsje, wêryn't er de Blended priizge foar de 'famyljewearden'. Hy fûn de film "waarm, grappich, leafdefol, serieus en, nettsjinsteande in pear ferwizings foar teenagers, frijwat âlderwetsk. Der komt gjin flokken yn foar, der wurdt net tajûn oan almar werhelle poep- en pisgrappen, en de merk foar gross-outfilms wurdt frijwol hielendal negearre. Ynstee dêrfan is der in protte echt grappige slapstick, songen sydlingse opmerkings en sterke aktearprestaasjes fan bern."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Blended in leech goedkarringspersintaazje fan 14%, basearre op 133 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] skuort hinne en wer tusken sentimintaliteit en slapstick sûnder himsels echt op ien fan beiden ta te lizzen, en besûndiget him dêrmei op foar Sandler seldsume wize oan it provosearjen fan net folle mear as ferfeling." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Blended in goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 33 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei ôfrin fan it bioskoopbesyk befrege waarden, joegen Blended lykwols in 9 op in skaal fan 1 oant en mei 10.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven dat de filmkritisy der oer it algemien net folle fan hiel lieten, die Blended it earst ek noch net iens goed yn 'e bioskopen. Dat bettere meitiid lykwols op, en úteinlik brocht de film yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $81,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrtroch út op $128 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen komt dat del op in winst fan $88 miljoen. Hoewol't dêr de marketingkosten noch fan ôfmoasten, betsjutte dat dat Blended in beskieden kommersjeel súkses wie.

Bella Thorne, Emma Fuhrmann, Alyvia Alyn Lind, Braxton Breckham en Kyle Red Silverstein, dy't de bern fan Jim en Lauren spilen, wûnen mei harren optreden yn Blended yn 2015 de Young Artist Award foar bêste jonge cast. Fuhrmann waard ek nominearre foar de Young Artist Award foar bêste byrol fan in aktrise. Fierders waard de film sels nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite komeedzje, en Adam Sandler en Drew Barrymore foar favorite komeedzje-akteur, resp. -aktrise. Blended waard ek nominearre foar trije Golden Raspberry Awards foar de minste prestaasjes op it mêd fan film: yn 'e kategoryen minste akteur (Sandler), minste aktrise (Barrymore) en minste byrol fan in akteur (Shaquille O'Neal).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.