Dom blondsje
In dom blondsje is in stereotype dat basearre is op 'e noasje dat blondhierrige froulju minder yntelligint wêze soene as froulju mei oare kleuren hier. Wittenskiplik ûndersyk hat ferskate kearen oantoand dat dat idee yn 'e Westerske maatskippij en ek dêrbûten rûnom libbet.
Der bestiet lykwols alhiel gjin bewiis dat der ek mar yn 'e fierste fierte op wiist dat blonde froulju minder yntelligint binne. Wol wurdt soms wol suggerearre dat manlju blonde froulju faak seksueel oantrekliker fine as oare froulju, wat foar blondines kânsen opsmyt wêrby't it foar harren net nedich is om te ynvestearjen yn ûnderwiis en oplieding. Oarsom kin ek steld wurde dat yntelliginte net-blondhierrige froulju der lang net safolle by te winnen hawwe om harren hier te blondearjen as minder yntelliginte net-blondhierrige froulju.
It ierst dokumintearre gefal fan in 'dom blondsje' soe in achttjinde-iuwske blonde Frânske koertisane west hawwe, dy't Rosalie Duthé hiet. Hja hie de reputaasje like tsjep as ûnnoazel te wêzen, en sei nea net folle. Duthé foarme de ynspiraasje foar it toanielstik Les Curiosités de la Foire, dat foar it earst yn 1775 yn Parys op 'e planken brocht waard. Yn 'e tweintichste iuw rekke it stereotype fan it domme blondsje stevich yn Westerske maatskippij ferankere troch de roman Gentlemen Prefer Blondes ("Hearen Hawwe Leaver Blondines") fan Anita Loos, út 1925, en de ferfilming dêrfan, Gentlemen Prefer Blondes, út 1953.
Hoewol't it stereotype fan it domme blondsje skea tabringe kin oan 'e karriêres fan froulju dy't as sadanich beskôge wurde, binne der ferskate blonde modellen, sjongsters en aktrises dy't krekt war dien hawwe om foar harrensels it imago fan in dom blondsje te skeppen. Foarbylden binne Marilyn Monroe, Jayne Mansfield, Dolly Parton, Madonna en Pamela Anderson.
It 'domme blondsje' is ek gauris it ûnderwerp fan (faak frijwat seksistyske) moppen. Dêrby giet it net inkeld oer harren domheid, mar ek oer harren promiskuïteit. Dat domme blondsjes it fan harren tsjeppe uterlik hawwe moatte ynstee fan harren yntelliginsje, ymplisearret nammentlik dat se dêrom ek folle seksueel aktiver wêze moatte as oare froulju. In foarbyld fan in typyske mop oer in dom blondsje giet sa:
fraach: Wat seit in dom blondsje nei it hawwen fan seks?
antwurd: "Binne jimme allegear lid fan itselde team?"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |