50 First Dates
50 First Dates | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Segal | |
produsint | Jack Giarraputo Steve Golin Nancy Juvonen | |
senario | George Wing | |
kamerarezjy | Jack N. Green | |
muzyk | Teddy Castellucci | |
filmstudio | Happy Madison Productions Flower Films | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Adam Sandler Drew Barrymore | |
byrollen | Rob Schneider Blake Clark Sean Astin Lusia Strus Dan Aykroyd | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 febrewaris 2004 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 99 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $75 miljoen | |
opbringst | $196,5 miljoen |
50 First Dates (Ingelsk foar "50 Earste Ofspraakjes"), soms stavere as Fifty First Dates, is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2004 ûnder rezjy fan Peter Segal, mei yn 'e haadrollen Adam Sandler en Drew Barrymore. It ferhaal giet oer in jonge frou dy't troch in ûngelok skea oan har koarte-termynûnthâld oprûn hat, en sadwaande eltse nacht ferjit wat se de foargeande dei belibbe hat. Har heit en broer hawwe dat foar har ferburgen holden, mar it wurdt yngewikkeld as se in frijer kriget dy't se de oare deis net mear weromken. Hy lit him lykwols net út it fjild slaan, mar set útein mei in relaasje dy't bestiet út in rige earste ôfspraakjes. De film waard opnommen op lokaasje yn Hawaï. 50 First Dates krige mingde kritiken fan 'e resinsinten, mar wie likegoed súksesfol yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henry Roth is in bistedokter yn it dolfinarium Sea Life Park op it eilân Oähû yn Hawaï, dy't in reputaasje hat foar it fersieren fan froulike toeristen. Hy hat alhiel gjin belang by it oangean fan in fêste, serieuze relaasje. Syn iennichste freonen binne de oan ien wei troch marihûanasmokende, etnysk Hawaïaanske biste-oppasser Ula, syn assistinte Alexa, fan wa't net dúdlik is oft it no in man of in frou is, de swartfuotpinguïn Willy en de walrus Jocko. Op in dei rekket Henry syn boat stikken as er om it eilân hinne sylt, dat hy giet oan lân en wachtet yn it Hukilau Café op 'e Kustwacht. Dêr sjocht er in jonge frou dy't Lucy Whitmore hjit. Henry nimt oan dat se dêr út 'e omkriten komt, en sprekt har net oan. Mar de oantins oan har lit him net los, dat de oare deis giet er werom nei it kafee, dêr't er har wer treft. Diskear stapt er op har ta. It klikt daliks tusken harren, en sy freget him har dêr de folgjende moarn wer te moetsjen.
As Henry lykwols de deis dêrop wer yn it kafee komt, treft er Lucy dêr wol, mar sy liket him alhiel net te kennen en hat gjin oantinken harren moeting fan 'e dei tefoaren. De útbaatster fan it kafee, Sue, nimt Henry dan fansiden en leit him út dat Lucy en har heit, de âld-seeman Marlin, in jier lyn nei de Noardkust gien binne om in ananas foar syn jierdei te plôkjen. Op 'e weromweis rekken se behelle yn in slim auto-ûngemak, dêr't Lucy harsensletsel by oprûn. Sûnt dy tiid hat se gjin koarte-termynûnthâld mear en mient se eltse moarn as se wekker wurdt dat it 13 oktober fan ferline jier is. Om har de pine en it fertriet te besparjen om eltse dei op 'e nij ûntdekke te moatten dat se neat mear duorjend ûnthâlde kin, litte Marlin en Doug, Lucy har lispeljende, oan anabole steroïden ferslaafde broer, har yn 'e waan. Dêrta fervje se eltse nacht as Lucy sliept it hok by harren hûs wyt, dat Lucy by dei beskilderet, fierders folje se har shampooflessen by, lizze de krante fan 13 oktober klear en sjogge eltse dei nei deselde (opnommen) sportwedstryd.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nettsjinsteande Sue har warskôging en har goedbedoelde rie om it spul moai gewurde te litten, beslút Henry om te besykjen en win Lucy foar him. Hy set útein mei har safier te krijen dat se mei him brea-ite wol. Dat slagget úteinlik, mar it einiget yn triennen as Henry har ûnbedoeld emosjoneel op 't sear komt. As se útnaait, folget er har nei har hûs om him te ûntskuldigjen, mar wurdt dêr tsjinholden troch Marlin en Doug, dy't him yn net mis te fersteane bewurdings te kennen jouwe dat er Lucy gewurde litte moat. Dan begjint Henry almar healwizere ferlechjes te betinken om Lucy 'tafallich' tsjin te kommen. Sa beart er dat er autopech hat op in wei wêrfan't er wit dat sy dêrlâns komt, set er op datselde plak de wei ticht of lit er Ula him yninoar slaan op in plak dêr't Lucy it sjen moat. Uteinlik ûntdekke Marlin en Doug dat, om't Lucy it ferske Wouldn't It Be Nice fan The Beach Boys sjongt op 'e dagen dat se Henry tsjinkomt.
Op in dei, as Henry op it punt stiet om har wer oan te sprekken, merkt Lucy ynienen op dat in plysjeman har in bekeuring útskriuwt foar har ferrûne kentekenplaten. Lucy besiket mei de man te redendielen dat har platen noch net ferrûn binne, en pakt in krante om oan 'e hân fan 'e datum te bewizen dat se gelyk hat. De krante bewiist lykwols dat de plysjeman gelyk hat, en Lucy giet lulk nei hûs, dêr't se Marlin en Doug konfrontearret mei wat der bard is. Har heit en broer moatte dan opbychte wat se dien hawwe. It probleem is dat Lucy dêr de oare deis neat mear fan witte sil. Henry kriget dan it idee om in fideo te meitsjen wêryn't oan Lucy har ûngelok en de gefolgen dêrfan útlein wurde, en ek syn relaasje mei har. Troch eltse moarn as se wekker wurdt dy fideo te besjen, rekket Lucy tige oerstjoer en fertrietlik, mar nei in oere is se by steat om wat fan 'e dei te meitsjen en fierder te gean wêr't se de deis tefoaren neffens de fideo opholden is. Se bringt dan mear tiid troch mei Henry, en begjint sels wer mei guon âlde freonen fan har om te gean, dy't se al mear as in jier net sjoen hat (hoewol't se dat sels net sa ûnderfûn hat).
As Lucy der lykwols efter komt dat Henry in lang plande sylreis fan in jier nei de Bristolbaai yn Alaska, dêr't er walrussen bestudearje soe, om har ôfsein hat, beslút se dat der in ein komme moat oan harren relaasje. Se wol net dat hy syn hiele libben omsmyt en alderlei dingen lit om har. Mei tsjinnichheid helpt Henry har om 'e siden út har deiboek, dêr't hy yn neamd wurdt, te ferneatigjen.
In pear wiken letter, as Henry op it punt stiet om op syn sylreis ôf te setten, kriget er Marlin op besite, dy't him fertelt dat Lucy no yn 'e soarchynstelling foar minsken mei in oantaast ûnthâld fan dokter Keats wennet. Dêr jout se les yn skilderkeunst. Marlin seit der ek by dat Lucy sjongt, en dan jout er Henry in cd fan The Beach Boys. As er nei de cd harket, rekket Henry emosjoneel, en jout er ôf op Marlin, dy't der net by is. Dan komt him ynienen tebinnen dat Marlin him alris ferteld hat dat Lucy eltse dei sjongt as se him troffen hat. Hy beseft dat it feit dat se no sjongt, betsjutte moat dat Lucy har him yn har ûnderbewuste wol deeglik tebinnenbringe kin. Hy keart om en giet nei de ynstelling fan dokter Keats, dêr't Lucy seit dat se net wit wa't hy is, mar wol eltse nacht fan him dreamt. As se yn har atelier komme, blykt dat fol te hingjen mei portretten fan Henry.
In ûnbeskaat skoft letter wurdt Lucy wekker, fynt de fideobân mei de titel Good Morning, Lucy en spilet dy ôf. Se kriget op 'e nij fan har ûngelok en harsensletsel te hearren, mar ek fan har houlik mei Henry en har brulloft. De fideo einiget dermei as Henry har oanriedt om in jas oan te dwaan en bûtendoar te kommen om mei him te brea-iten as se dêr ree foar is. As Lucy derút komt, docht bliken dat se har op Henry syn sylboat yn 'e Bristolbaai befynt, yn 'e mande mei har heit Marlin, Henry sels, en harren fjouwerjierrige dochter Nicole.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Henry Roth | Adam Sandler |
Lucy Whitmore | Drew Barrymore |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Ula | Rob Schneider |
Marlin Whitmore | Blake Clark |
Doug Whitmore | Sean Astin |
Alexa | Lusia Strus |
dokter Joseph Keats | Dan Aykroyd |
Sue | Amy Hill |
Nick | Pomaika‘i Brown |
Ten-Second Tom | Allen Covert |
Noreen | Missi Pyle |
Stacy | Maya Rudolph |
Linda | Lynn Collins |
fabryksarbeider | Kevin James |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]50 First Dates waard regissearre troch Peter Segal nei in senario skreaun troch George Wing. Der wie in budget fan $75 miljoen beskikber. De film soe oarspronklik 50 First Kisses ("50 Earste Tuten") hjitte, mar der waard keazen foar 50 First Dates om betizing mei Never Been Kissed foar te kommen, in oare film dêr't Drew Barrymore de haadrol yn spile. Produsinten wiene Jack Giarraputo, Steve Golin en Nancy Juvonen foar de lytse studio's Happy Madison Productions en Flower Films. De kamerarezjy waard fersoarge troch Jack N. Green, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Teddy Castellucci.
50 First Dates waard foar it meastepart op lokaasje opnommen yn Kaneohe, Ka‘a‘awa, Wahiawā, Makapu‘u en Waimānalo en yn 'e Kāne‘ohe-baai, allegearre op of fuortby it eilân Oähû yn 'e Amerikaanske steat Hawaï. Fanwegen de hege kosten ferbûn oan it filmjen op lokaasje waarden guon binnendoarsênes, lykas yn 'e wente fan 'e Whitmores, yn Los Angeles opnommen. De sênes yn it walrusferbliuw binne eins opnommen yn it Six Flags Discovery Kingdom yn Vallejo (Kalifornje), en dy op 'e golfbaan op 'e Ocean Trails Golf Club yn Rancho Palos Verdes (Kalifornje).
De filmdistribúsje fan 50 First Dates waard fersoarge troch de grutte filmstudio Columbia Pictures. De film gie op 13 febrewaris 2004 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]50 First Dates krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. De krititsy dy't aardichheid oan 'e film hiene, lykas A.O. Scott fan The New York Times, priizgen it positive ferhaal, wylst se klagen oer de neffens harren oermjittige en net by it leafdesferhaal passende hoemannichte krúe humor en ferwizings nei drugs. De foaroansteande resinsint Roger Ebert joech 50 First Dates trije fan fjouwer stjerren, en skreau: "De film is min ofte mear in eksperimint foar Sandler. Hy jout de waarme kant fan syn persoanlikheid bleat, en lit de fijannichheid, lulkens en gross-outhumor efter [...] De film hat net de kompleksiteit en djipgong fan Groundhog Day […], mar as fermaak is er ynnimmend en om fan te hâlden."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, krige 50 First Dates in goedkarringspersintaazje fan 44%, op basis fan 172 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan Rotten Tomatoes "oerweldiget de gross-outhumor de maklike gemy tusken Adam Sandler en Drew Barrymore."
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de mingde kritiken die 50 First Dates it bêst yn 'e bioskopen en brocht de film $196,5 miljoen op. Ofset tsjin in budget fan $75 miljoen komt dat del op in winst fan $121,5 miljoen. Sandler en Barrymore wûnen mei harren rollen de MTV Movie Award yn de kategory bêste team yn in film. De beide akteurs hiene earder gearwurke yn 'e film The Wedding Singer en fertelden yn fraachpetearen dat 50 First Dates ien fan harren favorite filmprojekten wie.
Fiktive foarm fan ûnthâldsferlies?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in artikel yn The BMJ (in ôfkoarting foar British Medical Journal) oer de ôfbylding fan it ûnthâldsferlies fan Lucy Whitmore yn 'e film, skreau neuropsychologe Sallie Baxendale dat 50 First Dates "in earbiedweardige filmtradysje heechhâldt om in ûnthâldsferliessyndroom sjen te litten dat gjin relaasje hat mei lykfol hokker bekende neurologyske of psychiatryske oandwaning ek." Yn 'e Britske krante de Daily Mail ferskynde yn 2010 lykwols in artikel oer in Britske frou dy't sûnt 1994 gjin koarte-termynûnthâld mear hie nei't se yn 1985 en 1990 by twa auto-ûngemakken oanboazjend harsensletsel oprûn hie. Yn it artikel komt in dokter Peter Nestor oan it wurd, in spesjalist op it mêd fan 'e neurowittenskippen oan 'e Universiteit fan Cambridge, dy't seit: "It is frij seldsum om sa'n soarte ûnthâldsferlies te hawwen, mar it komt wol foar."
En yn 2010 beskreaune wittenskippers yn it fakblêd Neuropsychologia in gefal fan in oare frou, dy't ek oan ûnthâldsferlies litte sûnt in auto-ûngemak yn 2005. Sy fertelde de ûndersikers dat har ûnthâld goed wurke op in willekeurige dei en dat de foarfallen fan 'e moarn har deselde jûns noch klear foar de geast stiene, mar dat se nachts, yn har sliep, alle oantinkens oan 'e dei kwytrekke. Ut in neuropsychologyske test die bliken dat se wol makliker taken útfiere koe dy't se op in eardere dei ek alris dien hie, mar har net tebinnenbringe koe, as taken dy't se noch nea earder hoegd hie te dwaan. Hoewol't dizze frou sei dat se 50 First Dates net sjoen hie foar har ûngemak, hie se de film neitiid ferskate kearen sjoen en sei se dat Drew Barrymore har favorite aktrise wie. De ûndersikers laten dêrút ôf dat har oandwaning beynfloede wêze kin troch har kennis fan de plot fan 'e film en de ynfloed dy't dy kennis op har begryp fan it ferskynsel ûnthâldsferlies hat.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan 50 First Dates
- (in) Ynformaasje oer 50 First Dates yn 'e Internet Movie Database
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |