Springe nei ynhâld

Bristolbaai

Ut Wikipedy
Bristolbaai
geografy
type wetter rânesee
lokaasje westkust Alaska
lân Feriene Steaten
steat Alaska
koördinaten 57-59°N 157-162°W
ûnderdiel fan Beringsee
sifers
maks. lingte 400 km
maks. breedte 290 km
oerflak ±82.000 km²

De Bristolbaai (Ingelsk: Bristol Bay; Middenalaskaansk Jûpik: Iilgayaq) is in grutte baai foar de westkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It is in see-earm fan 'e Beringsee, mei in oerflak fan rûchwei 82.000 km². Der mûnje in stikmannich rivieren yn 'e Bristolbaai út en it eastlikste diel fan 'e baai hat ien fan grutste tijferskillen fan 'e wrâld, dat op guon plakken mear as 10 m bedraacht. Trochdat it it ûndjipste part fan 'e Beringsee is, mei in soad sânbanken en klippen, is it in gefaarlik plak foar gruttere skippen, benammen as der hurde wyn stiet, wat gauris sa is.

De Bristolbaai leit foar de westkust fan Súdwest-Alaska. It is in see-earm fan 'e Beringsee dy't ynklamme leit yn in trijehoek tusken it Alaska-skiereilân yn it suden en de Delling fan 'e Nushagak en it Ahklun-berchtme yn it noarden. De baai is maksimaal 400 km lang fan east nei west, en 290 km breed fan noard nei súd. Dêrmei hat it wetter in oerflak fan rûchwei 82.000 km². Trochdat de Bristolbaai it ûndjipste part fan 'e Beringsee is, en in protte sânbanken en klippen hat, is it in gefaarlik plak foar gruttere skippen, benammen as der hurde wyn stiet, wat gauris it gefal is.

Der lizze net folle eilannen yn 'e Bristolbaai; it grutste is Hagemeister, oan 'e noardkust, dêr't ek Kaap Peirce en it Nugashak-skiereilân mei Kaap Constantine nei it suden ta útstekke. It diel fan 'e baai by Hagemeister en Kaap Peirce hjit de Togiakbaai, it diel eastlik fan it Nugashak-skiereilân is de Nugashakbaai, en it uterste eastlike diel fan 'e Bristolbaai stiet bekend as de Kvichakbaai. De eastlikste parten fan 'e Bristolbaai, yn 't bysûnder de Nugashakbaai en de Kvichakbaai, hawwe guon fan 'e grutste tijferskillen fan 'e wrâld, dat op guon plakken mear as 10 m bedraacht.

De kust fan 'e Bristolbaai yn 'e neite fan Naknek.

Rivieren dy't yn 'e Bristolbaai útmûnje, binne de Cinder, Egegik, Igushik, Kvichak, Meshik, Nushagak, Naknek, Togiak en Ugashik. It grutste plak oan 'e kust fan 'e Bristolbaai is Dillingham, oan 'e Nushagakbaai. Oare plakken binne Togiak, Clarks Point, Ekuk en Levelock oan 'e noardkust, en Naknek, South Naknek, Egegik, Pilot Point, Port Heiden en Port Moller op it Alaska-skiereilân.

Yn 'e lêste iistiid lei it meastepart fan 'e Bristolbaai drûch, krekt as de Beringlânbrêge, fierder nei it noardwesten. Om 'e midden fan 'e achttjinde iuw hinne waard de baai foar it earst ferkend troch Jeropeänen, yn 'e foarm fan Russyske ûntdekkingsreizgers. Under in ferkenning fan 'e kust fan Alaska yn 1778 ferneamde de bekende Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook de baai nei syn oerhearrige, admiraal Augustus Hervey, 3e greve fan Bristol.

It gebiet wie ûnderwilens ta de Russyske koloanje Russysk-Amearika kommen te hearren. De lânseigen befolking, besteande út Middenalaskaanske Jûpik, in subgroep fan 'e Eskimo's, wie konsintrearre yn 'e kontreien fan Naknek, oan 'e eastkust fan 'e Kvichakbaai. Troch de oanwêzigens fan in oerfloed oan fisk en pelsdieren, lykas de noardlike pelsrob, waard de kolonisaasje fan 'e kusten fan 'e Bristolbaai oantreklik makke.

Utsjoch oer de Nushagakbaai, yn it noarden fan 'e gruttere Bristolbaai.

Nei't der yn 'e 1790-er jierren guon tydlike delsettings stifte wiene, stjoerde de Russysk-Amerikaanske Kompanjy ekspedysjes út om it binnenlân te ferkennen. Sa waard û.m. de krite tusken de rivieren de Kuskokwim en de Nushagak yn kaart brocht. Yn 1819 tekene de Aleoet Andrej Oestjûgov de earste folsleine lânkaart fan 'e Bristolbaai. Om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne waard troch de Russyske Marine yntinsyf wurk ferrjochte om 'e kusten fan 'e Beringsee better yn kaart te bringen, wêrby't in protte kapen, bergen, eilannen, skiereilannen en lytsere ynhammen harren hjoeddeistige namme krigen. Yn 1867 kaam de Bristolbaai mei de Oankeap fan Alaska yn Amerikaanske hannen.

Under ynfloed fan 'e grutte útbarsting fan 'e Novarupta, in fulkaan op it Alaska-skiereilân, yn 1912, folge troch de pandemy fan 'e Spaanske Gryp yn 1919, rekke Naknek fierhinne ûntfolke. Neffens de mûnlinge oerlevering fan 'e bewenners wiene der om 1920 hinne noch mar trije húshâldings oer.

Yn 1937 fear in motorisearre Japanske fiskersfloat de Bristolbaai yn om dêr op salm te fiskjen, wylst de Amerikaanske oerheid it fiskjen mei motorisearre boaten en beskate soarten netten ferbean hie om 'e salmstân te beskermjen. De Japanske plondering fan Amerikaanske territoriale wetters late yn 1938 ta in ferdrach wêrby't Japan tasei soks net wer dwaan te sillen. Dy ôfspraken bleaune fan krêft oant it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan yn desimber 1941 mei de Japanske oanfal op Pearl Harbor. Yn 'e 1950-er jierren sleaten de Feriene Steaten, Japan en Kanada it Noardpasifysk Fiskerijferdrach, dat regels opstelde foar de ynternasjonale fiskerij yn it noarden fan 'e Stille Oseaan en tsjintwurdich as model fungearret foar oare ynternasjonale fiskerijfoarskriften.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.