MTV Video Music Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan MTV Australia Music Award)
MTV Video Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar fideoklips
útrikt troch MTV
frekwinsje 1x jiers
datum augustus/septimber
plak [ferskilt per jier]
1e útrikking 1984
offisjele webside
www.mtv.com/ontv/vma

De MTV Video Music Awards of VMA's binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier troch de muzykstjoerder MTV útrikt wurde foar de bêste fideoklips fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden oarspronklik betocht om (op it mêd fan fideoklips) te konkurrearjen mei de Grammy Awards, de wichtichste Amerikaanske muzykprizen. De earste útrikking fûn plak yn 1984. Meitiid fûn der min ofte mear in skifting nei âldens plak, wêrby't de MTV Video Music Awards tiners en tweintigers oan har wisten te binen, wylst de Grammys in âlder publyk loeken. Tsjin 2000 hearden de MTV Video Music Awards ta de meast prestizjeuze muzykprizen fan 'e Feriene Steaten. De útrikking fynt yn 'e regel oan 'e ein fan 'e simmer plak, yn ein augustus of begjin septimber, en wurdt live op MTV útstjoerd. Ornaris wurdt de seremoanje yn New York of Los Angeles holden, mar it barren hat ek alris plakfûn yn Miami en Las Vegas.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

hjoeddeistige kategoryen
  • fideoklip fan it jier
  • bêste fideoklip fan in manlike artyst
  • bêste fideoklip fan in froulike artyst
  • artyst om nei út te sjen (earder: "bêste nije artyst")
  • bêste pop-fideoklip
  • bêste rock-fideoklip
  • bêste hiphop-fideoklip
  • MTV Clubland Award (takend as de "bêste dûnsfideoklip" fan 1989 oant 2006, de "bêste dûns yn in fideoklip" yn 2008, de "bêste dance-muzykfideoklip" yn 2010 en de "bêste elektroanyske dance-muzykfideoklip" yn 2012)
  • bêste gearwurking
  • bêste rezjy
  • bêste goreografy
  • bêste fisuële effekten
  • bêste kamerarezjy (art direction)
  • bêste editing
  • bêste sinematografy
  • bêste fideoklip mei in maatskiplik boadskip
  • bêste liettekst yn in fideoklip
  • bêste Latino-artyst
  • Michael Jackson Video Vanguard Award (foar ynnovaasje op it mêd fan fideoklips)






ophefte kategoryen
  • Special Recognition Award ("spesjale erkenningspriis"; 1984-1986)
  • bêste algemiene optreden yn in fideoklip (1984-1987)
  • eksperiminteelste fideoklip (1984-1987)
  • bêste konsept foar in fideoklip (1984-1988)
  • bêste poadiumoptreden yn in fideoklip (1984-1989)
  • bêste trochbraak mei in fideoklip (1988-2005 & 2009-2010)
  • bêste postmoderne fideoklip (1989-1990)
  • bêste lange fideoklip (1991)
  • bêste alternative fideoklip (1991-1998)
  • bêste webside fan in artyst (1999)
  • bêste fideoklip út in film (1987-2003)
  • ynternasjonale publykspriis (1989-2003)
  • bêste R&B-fideoklip (1993-2006)
  • bêste rap-fideoklip (1989-2006)
  • MTV2 Award (2001-2006)
  • publykspriis (Viewers' Choice; 1984-2006)
  • bêste soundtrack fan in fideospultsje (2004-2006)
  • bêste werkenningsmeldij fan in fideospultsje (2006)
  • ringtone fan it jier (2006)
  • bêste fideoklip fan in groep (1984-2007)
  • Quadruple Threat of the Year (2007)
  • meunster-single fan it jier (2007)
  • bêste Britske fideoklip (2008)
  • bêste fideoklip (dy't in Moanneman winne moatten hie) (2009; in "Moanneman", Moonman, is de namme fan 'e MTV Video Music Award-trofee)
  • meast share-wurdige fideoklip (2012)
  • bêste liet fan 'e simmer (2013)

Oare MTV-prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de Feriene Steaten hawwe ek oare dielen fan 'e wrâld har eigen VMA's:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.