Soul Train Music Award

Ut Wikipedy
Soul Train Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar Afro-Amerikaanske muzyk
útrikt troch muzykshow Soul Train
frekwinsje 1x jiers
datum novimber
plak Las Vegas (Nevada)
1e útrikking 1987
offisjele webside
www.bet.com/shows/soul-train-awards

De Soul Train Music Awards, of koartwei Soul Train Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste Afro-Amerikaanske muzikale wurken fan it foargeande jier, by in live op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerde seremoanje. De prizen binne ferneamd nei it tillefyzjemuzykprogramma Soul Train, en se wurde útrikt troch de produsinten fan dat programma. De earste útrikking wie yn 1987.

Foarhinne foel dy útrikking almeast yn febrewaris, maart of april, en waard de seremoanje yn Los Angeles holden. Tsjintwurdich fynt de útrikking plak yn novimber (meast yn it Thanksgiving-wykein). Yn 2010 en 2011 waard de seremoanje foar it earst bûten Los Angeles holden, yn Atlanta, en fanôf 2012 fynt it barren plak yn Las Vegas. Yn 2008 sloech men mei de útrikking fan 'e prizen in jier oer, fanwegen de oername fan 'e organisaasje troch in oare produsint, in staking fan 'e Amerikaanske senarioskriuwers dy't Hollywood frijwol lam lei, en de sykte fan Soul Train-betinker Don Cornelius. De tawizing fan 'e Soul Train Music Awards wurdt ferrjochte troch in faksjuery. Sjongster Beyoncé Knowles hat it rekôr yn 'e hannen fan 'e measte Soul Train Music Awards wûn troch in froulike artyst (20), wylst Michael Jackson noch altyd it rekôr foar in manlike artyst (ek 20) hat.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • album fan it jier
  • liet fan it jier
  • plaat fan it jier
  • bêste nije artyst
  • bêste R&B/soul-fideoklip
  • bêste R&B/soul-artyste
  • bêste R&B/soul-artyst
  • bêste R&B/soul-groep/band of -duo
  • bêste gospel-album
  • bêste jazz-album
  • bêste rap-album
  • bêste ûnôfhinklike R&B/soul-artyst of -groep (sûnt 2012)
  • spesjale prizen
    • Quincy Jones Award for Career Achievement (oeuvrepriis)
    • Heritage Award - Career Achievement (oeuvrepriis)
    • Sammy Davis, Jr. Award for Entertainer of the Year (foar sjongers dy't dêrnjonken ek komyk en/of presintator binne)
    • Artist of the Decade Award - for Extraordinary Artistic Achievements (tsienjierlikse priis foar bûtengewoane prestaasjes)
    • Stevie Wonder Award for Outstanding Achievements in Song Writing (foar lietsjeskriuwers)
    • Soul Train Music Award for Legend Award
Ophefte kategoryen
  • bêste rap-single
  • bêste gospel-album (solo)
  • bêste gospel-album (groep of band)
  • bêste jazz-album (solo)
  • bêste jazz-album (groep, band of duo)
  • Sprite Award for Best R&B/Soul of Rap Dance Cut

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.