BRIT Award

Ut Wikipedy
BRIT Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar popmuzyk
útrikt troch British Phonographic Industry
frekwinsje 1x jiers
datum om 20 febrewaris hinne
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 1982
1e útrikking 1977
offisjele webside
www.brits.co.uk

De BRIT Awards binne in groep Britske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste Britske en ynternasjonale prestaasjes op it mêd fan 'e popmuzyk fan it foargeande jier. De namme wie oarspronklik bedoeld as ôfkoarting foar British, Britain of Britannia, mar waard letter ta in backronym fan British Record Industry Trusts Show. De prizen waarden foar it earst útrikt yn 1977, as ûnderdiel fan it Sulveren Regearjubileum fan keninginne Elizabeth II, en yn 1982 waard der in jierliks barren fan makke, dat organisearre waard troch de British Phonographic Industry, de organisaasje fan 'e Britske muzykyndustry. De BRIT Awards binne de wichtichste Britske prizen op it mêd fan 'e popmuzyk, ferlykber mei de Grammy Awards yn 'e Feriene Steaten.

De útrikkingsseremoanje fan 'e BRIT Awards waard altyd live op 'e tillefyzje útstjoerd, oant Samantha Fox en Mick Fleetwood yn 1989 in show presintearren, dy't hielendal yn it hûndert rûn en wêryn't suver neat gie sa't it repetearre wie. Neitiid waard it evenemint hast tweintich jier lang in jûn yn 't foar opnommen, mar yn 2007 waard it wer in live-útstjoering, op 'e stjoerder ITV. Sjonger Robbie Williams hat it rekôr fan 'e measte BRIT Awards yn besit: 12 as solo-artyst en 5 as lid fan 'e band Take That. Der bestiet ek in besibbe groep prizen foar klassike muzyk, de Classic BRIT Awards.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Britske single fan it jier
  • Britske album fan it jier
  • bêste Britske manlike solo-artyst
  • bêste Britske froulike solo-artyst
  • bêste Britske trochbraak
  • bêste Britske band
  • bêste Britske ynternasjonale súkses
  • bêste ynternasjonale manlike solo-artyst
  • bêste ynternasjonale froulike solo-artyst
  • bêste ynternasjonale band
  • bêste live-optreden
  • Britske muzykprodusint fan it jier
  • priis fan 'e faksjuery
ôfskafte kategoryen
  • bêste Britske rock-artyst(en) (1977-2007)
  • bêste Britske urban-artyst(en) (1977-2007)
  • bêste Britske popartyst(en) (1977-2007)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.