MuchMusic Video Award

Ut Wikipedy
MuchMusic Video Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar fideoklips
útrikt troch MuchMusic
frekwinsje 1x jiers
datum simmer
plak Toronto (Ontario)
1e útrikking 1990
offisjele webside
mmva.muchmusic.com

De MuchMusic Video Awards binne in groep Kanadeeske muzykprizen dy't elts jier yn juny útrikt wurde troch de Kanadeeske muzykstjoerder MuchMusic, foar de bêste prestaasjes op it mêd fan fideoklips fan it foargeande jier. Dizze prizen waarden foar it earst útrikt yn 1990. De útrikking wurdt net dien yn in gebrûklike seremoanje, mar as ûnderdiel fan in strjitfeest op it parkearplak fan it haadkertier fan MuchMusic en dielen fan 'e oangrinzgjende Queen Street West, yn it sintrum fan Toronto. De winners wurde útornearre troch in faksjuery, mar der binne trije publykskategoryen, wêrfan't de winners útmakke wurde troch in stimming op 'e webside fan MuchMusic, dêr't in elk oan meidwaan kin.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • fideoklip fan it jier
  • ynternasjonale fideoklip fan it jier (solo-artyst)
  • ynternasjonale fideoklip fan it jier (groep)
  • ynternasjonale fideoklip fan it jier troch in Kanadees
  • regisseur fan it jier
  • post-production-fideoklip fan it jier
  • pop-fideoklip fan it jier
  • rock-/alternative fideoklip fan it jier
  • hiphop-fideoklip fan it jier
  • dance-fideoklip fan it jier
  • MuchFACT-fideoklip fan it jier
  • publykspriis foar fideoklip (Your Fave Video)
  • publykspriis foar artyst/groep (Your Fave Artist or Group)
  • publykspriis foar ynternasjonale artyst/groep (Your Fave International Artist or Group)
ôfskafte kategoryen
  • bêste sinematografy
  • meast besjoene fideoklip

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.