Springe nei ynhâld

Republyk Lakota

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2019 om 15.49 troch Holder (oerlis | bydragen) (corr using AWB)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De grinzen fan 'e Republyk Lakota neffens it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 (mei Porcupine as haadstêd).

De Republyk Lakota (Ingelsk: Republic of Lakotah), is in troch gjin inkeld lân yn 'e wrâld erkende steat, wêrfan't de ûnôfhinklikheid yn desimber 2007 troch de Lakota Frijheidsdelegaasje (LFD) útroppen waard. It is it útstelde thúslân foar it Lakota-folksdiel fan 'e (Sioux), in Yndiaanske konfederaasje fan nau besibbe folken en stammen dy't tusken likernôch 1730 en 1880 it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske, en dy't hjoed de dei fierhinne yn reservaten yn 'e Amerikaanske steaten Súd-Dakota en Noard-Dakota wenje, mei lytsere groepen yn Montana en súdlik Kanada. De grinzen fan 'e Republyk Lakota, dy't yn it gefal dat er yndie selsstannich wurde soe, hielendal omjûn wêze soe troch de Amerikaansk grûngebiet, binne dy dy't yn it earste Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1851, fêstlein binne, en dy't grutte parten fan Súd-Dakota, Nebraska, Wyoming, Noard-Dakota en Montana omfiemje.

Unôfhinklikheidsferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 17 desimber 2007 reizge in groep Lakota-Yndiaanske boargerrjochte-aktivisten dy't harsels de Lakota Frijheidsdelegaasje (Lakota Freedom Delegation, LFD) neamden, nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. ta, dêr't se kontakt opnamen mei it Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Se joegen in skreaune ferklearring ôf, datearre op 17 desimber, en ûndertekene troch de langjierrige Yndiaanske aktivisten Russell Means, Teǧeya Kte, Čanupa Gluha Mani en Phyllis Young, wêryn't se tynge diene fan it feit dat de Lakota harren weromloeken út alle (33) ferdraggen dy't sûnt 1851 mei de Feriene Steaten sletten wiene en dat se yn it op dy manear wer ta syn oarspronklike frijheid werombrochte gebiet de Republyk Lakota oprjochten. Dêrby holden se út dat dit gjin ôfskieding fan 'e Feriene Steaten wie, mar it wer yn 'e âlde steat werombringen fan in soevereiniteit dy't troch de neamde ferdraggen inkeld fersteld wie. Yn 'e ferklearring waarden de Feriene Steaten útnûge om kontakt mei it provysjoneel regear fan 'e nije steat op te nimmen, om diplomatike betrekkings oan te gean.

De boargerrjochteflagge fan 'e (Sioux).

Yn it koart komme de stânpunten fan 'e LFD hjir op del. As in Yndiaanske stamme yn 'e Feriene Steaten binne de Lakota in soevereine naasje – sa't dat garandearre wurdt yn Kêst 6 fan Amerikaanske Grûnwet – dy't him inkeld út frije wil en troch ferdraggen oan 'e Feriene Steaten bûn hat. De Feriene Steaten hawwe har oan net ien fan 'e nei 1851 sletten 33 ûnderskate ferdraggen wat gelegen lizze litten en se allegear brutsen; dat makket dy ferdraggen ûnjildich, sadat de oare partij, de Lakota, him der ek net mear oan hoecht te hâlden. As dy ferdraggen net mear jildich binne, wurdt dêrmei alles logyskerwize en neffens it rjocht werombrocht ta de status quo ante (de sitewaasje sa't dy foartiid wie). As wetlike ûnderbouwing fan dizze tinkwize waarden natuerrjocht, ynternasjonaal rjocht en Amerikaansk rjocht oanhelle.

De LFD beweart dat it gesach fan harren eigen organisaasje om yn dizzen de Lakota te fertsjintwurdigjen, basearre is op in lange snuorje fan oerlis en tarieding dy't foarôfgie oan 'e ûnôfhinklikensferklearring, en dêr't tradisjonele opperhaden en stamrieën by belutsen wiene. (Tink derom: tradisjonele opperhaden en stamrieën, dus net de demokratysk keazen regearings fan 'e federaal erkende stamme-organisaasjes, dy't de LFD beskôget as kollaborateurs.)

As redens foar de ûnôfhinklikensferklearring joech de LFD dat de Feriene Steaten harren oan net ien ferdrach holden hawwe dat se mei de Lakota sletten hawwe. Ynstee hawwe se yn 'e njoggentjinde iuw in polityk fan ûnderdrukking en sels genoside fiert, en yn 'e tweintichste iuw op syn bêsten ien fan folsleine ûnferskillichheid, kulminearjend yn 'e "koloniale apartheid" fan it reservaatssysteem. Dat wanbelied hat de hjoeddeistige maatskiplike sitewaasje ta gefolch hân dêr't de measte Lakota yn ferkeare: ien fan ûnbidich hege wurkleazens, djippe earmoede, sûnensswierrichheden fan alderlei soarte, alkoholisme, en útsichtleazens.

Inyan Kara, yn 'e Black Hills, is in hillige berch foar de Lakota.

In oar langjierrich striidpunt tusken de Lakota en de Feriene Steaten, dat troch de LFD fan stâl helle waard, is de status fan 'e Black Hills, dy't troch de Lakota as hillich beskôge wurde. Dat gebiet waard harren yn 1868, by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, "foar ivich" tasein. Mar nei't der goud fûn waard, waard it harren yn 1877 al wer ûntnadere. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta, mar wegere om harren rjochten op it lân sels te erkennen. Sadwaande stegeren de Lakota de skikking ôf.

Beskriuwing fan de útstelde steat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grinzen fan 'e Republyk Lakota binne deselden dy't yn it earste Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1851, fêstlein binne: de rivier de Yellowstone yn it noarden; de Missoury yn it easten; de Noardlike Platte yn it suden; en yn it westen in krinkeljende tinkbyldige line dy't frij sekuer fan noard nei súd rint. Under dat gebiet falt likernôch de helte fan Súd-Dakota, trijefearn fan Nebraska, in fearn fan Wyoming en grutte hoeken fan Noard-Dakota en Montana. De grutste stêd yn it gebiet is Omaha, yn Nebraska, mei in befolking fan goed 420.000 minsken. Oare gruttere plakken binne Rapid City, yn Súd-Dakota, Mandan, yn Noard-Dakota, Casper, yn Wyoming en Bellevue, yn Nebraska. Ek Mount Rushmore (in federaal monumint yn 'e Black Hills, dêr't de gesichten fan fjouwer blanke presidinten út in heuveltop houd binne) soe binnen de grinzen fan 'e nije steat lizze.

In rûge skatting fan it ynwennertal fan it gebiet jout de útkomst 2,2 miljoen, wêrfan't mar in 100.000 etnyske Lakota binne, en miskien nochris 50.000 fan oar Yndiaansk komôf, wêrûnder fral Westlike Dakota, Eastlike Dakota, Arikara, Mandan, Hidatsa, Noardlike Sjajinnen, Assiniboin, Winnebago en Omaha. De LFD hat de bewissiging jûn dat it steatsboargerskip fan 'e nije steat iepen stiet foar lju fan alle etnyske groepen en komôf.

Wat it regear fan 'e Republyk Lakota oanbelanget, de LFD stelt him foar dat dat bewurkmastere wurde sil neffens it tradisjonele Lakota-systeem fan 'e stamried binnen in konfederatyf steatsbestel. Foar de stamâldsten soe in spesjaal plak tabetocht wêze yn it bestjoer fan 'e nije naasje. Yn 2008 stelde de LFD in provysjoneel regear gear, dat ynearsten syn sit hie yn it plakje Porcupine, yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota, al is it de hope dat it yn 'e takomst oerbrocht wurde kin nei Rapid City. De LFD hat útsteld dat de ûnôfhinklikens fan 'e Republyk Lakota foarôfgien wurde kin troch in oerienkomst fan frije assosjaasje, sa't dat ek it gefal west hat mei oare gebieten dy't foarhinne ûnder Amerikaanske bestjoer stiene, lykas de Filipinen, Palau, de Federearre Steaten fan Mikroneezje en de Marshalleilannen.

Tradisjonele wengebieten fan 'e ûnderskate Sû-stammen (yn dûnkergrien) en de hjoeddeistige Yndianereservaten yn harren lân, net inkeld dy fan 'e Sû (yn bêzjebrún).

Fierder aktivisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't der yn jannewaris 2008 noch gjin reäksje kommen wie fan it Amerikaanske regear, kundige de LFD oan dat se retinsjerjocht opeasken oer alle lân binnen de grinzen fan 'e Republyk Lakota dy't it Amerikaanske regear yn eigendom hie. Nei't lykwols de earste pear rjochtsaken oangeande it retinsjerjocht oer in net mei namme neamde county yn Súd-Dakota ferlern wiene, konsintrearre it provysjonele regear fan 'e Republyk Lakota him op it weromwinnen fan 'e Black Hills. Yn july 2008 kundige Russell Means oan dat de Republyk Lakota in út Lakota besteande grutte sjuery gearstalle soe om 'e korrupsje fan Amerikaanske oerheidsfunksjonarissen yn 'e sân Yndianereservaten binnen de grinzen fan 'e nije steat te ûndersykjen.

Sûnt 2008 hawwe de LFD en it provysjonele regear fan 'e Republyk Lakota besocht om ynternasjonale erkenning foar harren steat los te weakjen. Yn febrewaris 2008 lange de LFD in formele petysje, wêryn't fersocht waard om erkenning, oer oan 'e ambassades yn Washington, D.C. fan Bolivia, East-Timor, Fenezuëla, Finlân, Frankryk, Ierlân, Iislân, Yndia, Nikaragûa, de Russyske Federaasje, Servje, Sily, Súd-Afrika, Turkije en Urûguay. De LFD hat petearen fierd mei fertsjintwurdigers fan Fenezuëla, Bolivia, Sily en Súd-Afrika. Fierders soene Ierlân en East-Timor "grutte belangstelling" toand hawwe foar de ûnôfhinklikheidsferklearring, en ferwachtet men dat Ruslân úteinlik oergean sil ta erkenning. Russell Means hat fierders ek Finlân en Iislân neamd as lannen wêrfan't er wat ferwachte. Oant hjoed de dei (juny 2014) ta wurdt de Republyk Lakota lykwols troch gjin inkeld lân erkend.

Hoefolle oanhing oft der ûnder de Lakota-befolking is foar ûnôfhinklikens, is ûndúdlik. Russell Means en Čanupa Gluha Mani woene hawwe dat sa'n 13.000 Lakota, 77% fan 'e ynwenners fan it Pine Ridge Reservaat ynbegrepen, efter harren stiene. Ferskate sjoernalisten dy't dêr ûndersyk nei dien hiene, loeken dat lykwols yn twifel. Sa skreau Bill Harlan, in sjoernalist foar de Rapid City Journal, op syn blôch dat de measte lju dy't hy dernei frege, der neat fan ôfwisten, en dat de oaren sûnder útsûndering wegeren om kommentaar te jaan.

De offisjele Lakota-regearings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele stammeregearings fan 'e federaal erkende stamme-organisaasjes fan 'e Lakota hawwe harren oer it algemien fan 'e LFD distansjearre. Sa lieten Rodney M. Bordeaux, de presidint fan 'e Rosebud Sû Stamme, en Joseph Brings Plenty, de presidint fan 'e Cheyenne River Sû Stamme, yn jannewaris 2008 witte dat de LFD net foar harren spriek, noch foar lykfol hokker demokratysk keazen Lakota-regear. Hoewol't se tajoegen dat Means de skiednis fan ferrie en brutsen ferdraggen akkuraat sketst hie, stelden se dat it gjin foech joech om 'e ferdraggen iensidich op te sizzen, mar krektoarsom, om jin yn te setten foar it ôftwingen fan it krekte neilibjen fan dy ferdraggen. Likegoed hie de LFD wol in punt, neffens Bordeaux, en Brings Plenty woe, nei't er op 't aljemint brocht hie dat de LFD him net fertsjintwurdige, net sizze oft er it al of net mei de doelen of it boadskip fan 'e beweging iens wie.

Oare ûnôfhinklikheidsbewegings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De LFD krige wol deeglik stipe fan oare ûnôfhinklikensbewegings yn 'e Feriene Steaten, wêrûnder de Republyk Teksas, de Alaskaanske Unôfhinklikheidspartij en de Twadde Fermontske Republyk.

De ynternasjonale mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op ynternasjonaal mêd liet Fenezolaanske ambassadeur (neffens Means) witte dat syn lân de ûnôfhinklikens fan 'e Republyk Lakota net erkenne kin op grûn fan 'e ynterpretaasje dy't it Fenezolaanske regear hat fan wat de LFD by de ein hat.

It Amerikaanske regear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken hâldt ûnderwilens út dat men dêr net oer de saak giet, mei't it in binnenlânske oangelegenheid wêze soe, en ferwiist sadwaande nei it Ministearje fan Binnenlânske Saken, dêr't it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) ûnder falt. It stânpunt fan it BIA is dat de ûnôfhinklikheidsferklearring fan nul en gjinderlei wearde is want, sa sei wurdfierder Gary Garrison: "Dit binne gjin legitime stammeregearings dy't keazen binne troch it folk. [...] As se dermei begjinne om de rjochten fan oaren geweld oan te dwaan, om 'e wet te brekken, dan sille se einigje lykas alle oare groepen dy't harsels ûnôfhinklik ferklearre hawwe: yn 'e regel wurde se oppakt en yn it tichthûs smiten."

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota