Sebaldebuorren
Sebaldebuorren Sebaldeburen | ||
Tsjerke fan Sebaldebuorren | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 585(2023) [1] | |
Oerflak | 5,82 km² dêrfan lân: 5,78 km² dêrfan wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 101 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N980, N388 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Sebaldebuorren (Nederlânsk en offisjeel: Sebaldeburen; Grinslânsk: Seballeburen) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Op 1 jannewaris 2005 hie it doarp 672 ynwenners.
Sebaldebuorren is ûntstien op de middelste fan trije sânrêgen dy't fan west nei east troch it súdlike Westerkertier rinne. Oarspronklik wie it it wichtichste doarp yn it Langewold, ien fan de fjouwer ûnderkertieren fan it Westerkertier. It doarp krige yn 1805 in nije tsjerke. De doedestiidske dûmny, Nicolaus Westendorp, hat oer de bou fan de tsjerke in wiidweidige beskriuwing makke fan syn gemeente en de skiednis derfan. Neffens him komt de namme fan it doarp fan de hillige Sebaldus.
Krekt benoarden it doarp stiet de poldermole De Eendracht. In bekend barren yn Sebaldebuorren is de Trekkertrek.
Nijs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op sneintejûn 3 augustus 2008 waard it bûtengebiet fan Doezum-Lutjegast-Sebaldebuorren troffen troch in swiere wynhoas. Sa'n fyftjin gebouwen waarden tige slim fernield, wêrtroch in miljoeneskea ûntstie. Der foelen gjin slachtoffers.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Pylder mei it wapen fan Sebaldebuorren
-
De âlde tsjerke fan Sebaldebuorren op in segel fan it lânskip Langewold
-
De Eendracht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|