Aldedyk (Aldamt)
Aldedyk (Nederlânsk en offisjeel Oudedijk) is in buorskip yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It plak leit tusken Drieborg en Kostverloren en it bestiet benammen út wenten fan lânwurklju by de dyk del op grûn dy't almeast eigendom fan de boeren wiene. It wiene beneammen ienkeamerwenten mei in skuorre en túngrûn foar it ferbouwen fan ierdappels. De pleatsen, dêr't de lânwurklju wurken, steane fierderop yn de flakby lizzende Stadspolder. Yn it midden fan de húskes stiet in grutter hûs dat tsjintwurdich t Huize Oude Dijk (it Hûs Alde Dyk) neamd wurdt. De measte lânwurkershuzen binne yn de rin fan de tweintichste iuw sloopt.
Om 1650 hinne hiet Aldedyk noch Ham(ster) Dyk of Stockhornsterdyk. De earste lânwurkershuzen waarden nei it oanlizzen fan de Kroonpolder yn 1696 boud. In part fan it doarp waard om 1850 hinne Drieborg neamd.
Nijsgjirrich is it hichteferskil oan beide kanten fan de dyk. Besuden de dyk is it lân tige ynklonken en leit it in goed meter ûnder NAP. Mooglik siet dêr in laach fean ûnder. Benoarden de dyk is de boaiem heech opslike en leit it oerflak boppe NAP.
Oare plakken Aldedyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Aldedyk (Oudedijk) komt yn Grinslân gauris foar, benammen Aldedyk by Piterbuorren yn de gemeente It Hegelân en de Oude Dijk by Uithuizermeeden. Der wie ek in buorskip Aldedyk op de grins fan de kerspels Súdbroek en Scheemda. Dat gebiet stie ek wol bekend as de Uterbeerta.
By de dyk fan Nieuwolda-East del lei ik in útbuorren Aldedyk, dat út sa'n fiif pleatsen en trije arbeiderswenten bestie. Trije pleatsen waarden letter sloopt en de oerbliuwsels fan de dyk waarden yn it ramt fan de ruilferkaveling egalisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |