Springe nei ynhâld

Utbeerte

Ut Wikipedy

Utbeerte of Uther Beerte is in ferdonken tsjerkedoarp yn it Doalertgebiet. It lei flakby Ditzumerhammrich. De namme betsjut "buorren dy't bûtenút leit". De parochy Utebert hie om 1475 hinne gjin pastoar mear. Yn 1529 wie Utbeerte noch bewenne. As eilân wurdt Wter bert of Utbeerte yn 1585 en 1599 neamd. It eilân waard nei alle gedachten swier troffen troch de floed fan 1587, mar dêrnei moatte der guon bewenne halligen west hawwe. De oerbliuwende kwelders waarden fan 1773 ôf opnaam yn de Heinitzpolder.

Under de ferdronken doarpen wurdt ek Easterbeerte neamd, mar dat plak komt net foar yn de Midsiuwske boarnen. It kin wêze dat it om in ferdûbeling giet mei Utbeerte. It kin ek wêze dat de ferdronken foargonger fan de tsjerke fan Beerta bedoeld wurdt, dêr't de oerbliuwsels fan om 1500 hinne noch te sjen wiene.

Utbeerte moat net betiisd wurde mei Uterbeerte tusken Scheemda en Súdbroek. Noch yn de santjinde en achttjinde iuw wie dêr in lyts plakje dat as Uterberta, Uterbeerta of Uiterboeren oantsjut waard. In part dêrfan wie sûnt 1588 yn it besit fan de stêd Grins. De namme fan de buorskip Uiterburen by Súdbroek, moat nei alle gedachten dêrfan ôflaat wêze. Dêr waard boppedat in Midsiuwkske kapel opgroeven. Ek de buorskip Uiterburen by Slochteren waard yn de fyftjinde iuw as Utebert oantsjutten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boerderijenboek Wold-Oldambt, siden 1, 76, 80, 119-120, 147