1902: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 3: Rigel 3:
{{Kalinders}}{{Kalinderjier}}
{{Kalinders}}{{Kalinderjier}}
== Foarfallen ==
== Foarfallen ==
*[[15 jannewaris]] - [[Abdûlazyz ibn Saûd]], de lieder fan it [[ferballe]] [[Hûs fan Saûd]], feroveret de [[stêd]] [[Ar-Riaad]], yn it hert fan it [[Arabysk Skiereilân]], dat de âlde sit fan syn [[famylje (besibskip)|famylje]] is. Dizze [[Slach om Ar-Riaad (1902)|Slach om Ar-Riaad]] is it begjin fan 'e [[Trêde Saûdyske Steat]], dy't úteinlik útgroeie sil ta [[Saûdy-Araabje]].
* [[Nynke fan Hichtum]] skriuwt ''De tsien fan Martens Afke''.
*[[30 jannewaris]] - Yn [[Londen]] slút it [[Feriene Keninkryk]] foar fiif jier in [[militêr]] bûnsgenoatskip mei [[Japan]].
* [[16 septimber]] - mei in oerstek fan 5 dagen en 11 oere 57 wint de ''[[Kronprinz Wilhelm]]'' de [[Blauwe Wimpel]].
* [[july]] - [[S.A. Kooistra]] en [[Jan Kuperus]] út Wytmarsum winne tegearre mei [[Joh. Struiksma]] út Wommels de [[PC]].
*[[1 febrewaris]] - Yn [[Sina]] ferbiedt it [[Keizerlik Hôf]] it [[ynbinen fan fuotten]] fan [[froulju]].
*[[18 febrewaris]] - De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Theodore Roosevelt]] kundiget [[anty-trustwetjouwing]] oan tsjin 'e koartby foarme [[Northern Securities Company]], in kombinaasje fan [[spoarwei]]maatskippijen dy't it [[monopoalje]] op [[spoarferkear]] yn 'e noardlike [[Feriene Steaten]] yn 'e hannen hat.
*[[7 maart]] - Yn it ramt fan 'e [[Twadde Boere-oarloch]] lije de [[Feriene Keninkryk|Britten]] in fernederjende nederlaach yn 'e [[Slach by Tweebosch]] tsjin [[generaal]] [[Koos de la Rey]] mei syn [[troepen]] fan 'e [[Súdafrikaanske Republyk]]. Behalven de Britske 68 [[dea]]den en 121 [[ferwûne]]n, wurde ek goed 200 Britske [[militêr]]en [[kriichsfinzen]] nommen. Under harren is [[Paul Methuen, 3e baron Methuen|Lord Methuen]], de iennichste Britske generaal dy't yn 'e hiele oarloch finzen nommen wurdt.
*[[13 maart]] - Yn [[Russysk-Poalen]] wurde op lêst fan 'e [[Ruslân|Russyske]] [[oerheid]] ferskate [[gymnasium|gymnasia]] sletten as de [[learling]]en dêre wegerje en sjong in [[lofliet]] op 'e [[tsaar]].
*[[1 april]] - Yn [[Lúksemboarch (gruthartochdom)|Lúksemboarch]] docht [[gruthartoch]] [[Adolf fan Lúksemboarch|Adolf]] om [[sykte|sûnensredens]] [[ôfstân fan 'e troan]] yn it foardiel fan syn [[soan]], [[Willem IV fan Lúksemboarch|Willem IV]].
*[[5 april]] - Under in [[ynterlân]] yn [[Glasgow]], tusken de [[fuotbal]]teams fan [[Ingelân]] en [[Skotlân]], stoart ien fan 'e [[tribune]]s yn. Dêrby komme 25 minsken om. De beide alvetallen spylje troch om in algehiele [[panyk]] ûnder de taskôgers foar te kommen.
*[[14 april]] - Yn [[Belgje]] ropt de [[sosjalistysk]]e [[Belgyske Wurkljupartij]] (BWP) in [[staking|algemiene staking]] út om it [[regear]] ûnder druk te setten en fier it [[kiesrjocht|algemien kiesrjocht]] yn. Yn reäksje op 'e oprop lizze sa'n 300.000 [[arbeider]]s it wurk del.
*[[18 april]] - By in konfontaasje mei [[staking|stakende]] [[arbeider]]s yn [[Leuven]] iepenet de [[Belgje|Belgyske]] [[Rykswacht]] it fjoer op 'e [[demonstranten]]. Der falle by dit [[Bloedbad fan Leuven]] 6 [[dea]]den en 14 [[ferwûne]]n.
*[[8 maaie]] - By [[Utbarsting fan de Pelée (1902)|in útbarsting]] fan 'e [[Pelée]], in [[fulkaan]] op it [[Frankryk|Frânske]] [[Karibysk Gebiet|Karibyske eilân]] [[Martinyk]], wurdt de [[stêd]] [[Saint-Pierre (Martinyk)|Saint-Pierre]] ferwuostge. Der komme likernôch 30.000 minsken om.
*[[20 maaie]] - [[Kuba]] wurdt ûnôfhinklik fan 'e [[Feriene Steaten]], dy't it [[eilân]] sûnt de ein fan 'e [[Spaansk-Amerikaanske Oarloch]] bestjoerd hawwe.
*[[31 maaie]] - De lieders fan 'e [[Afrikaners|Boeren]] út 'e [[Súdafrikaanske Republyk]] en de [[Oranje Frijsteat]] jouwe harren oer oan 'e [[Feriene Keninkryk|Britten]]. Dêrmei komt in formele ein oan 'e [[Twadde Boere-oarloch]]. De Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat reitsje foargoed harren ûnôfhinklikheid kwyt en wurde omfoarme ta de [[Transvaalkoloanje]] en de [[Oranjerivierkoloanje]], dy't yn [[1910]] mei de beide Britske [[koloanje]]s [[Natal (koloanje)|Natal]] en de [[Britske Kaapkoloanje|Kaapkoloanje]] opgean sille yn [[Súd-Afrika]].
*[[1 juny]] - It [[regear]] fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]] begjint mei it opstellen fan [[rasisme|rasistyske]] [[wet]]jouwing dy't [[ymmigraasje]] nei Austraalje troch net-[[jeropide ras|blanken]] ûnmooglik meitsje moat.
*[[28 juny]] - De [[Triple Alliânsje]], it [[militêr]] bûnsgenoatskip tusken [[Dútslân]], [[Eastenryk-Hongarije]] en [[Itaalje]], wurdt foar tolve jier ferlinge.
*[[2 july]] - De [[Filipynsk-Amerikaanske Oarloch]] einiget mei de ûnderdrukking troch it [[Amerikaanske Leger]] fan alle ferset tsjin 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[kolonialisme|koloniale]] oerhearsking yn 'e noardlike [[Filipinen]]. Yn it suden giet de [[Moro-opstân]] noch troch oant [[1913]].
*[[4 july]] - By [[dekreet]] beëiniget [[presidint]] [[Theodore Roosevelt]] it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[militêr]] [[bestjoer]] fan 'e [[Filipinen]]. It gebiet, dat yn 'e praktyk in Amerikaanske [[koloanje]] wurden is, komt no folslein ûnder [[boarger]]lik gesach te stean.
*[[10 july]] - By de [[Rolling Mill-mynramp]], yn [[Johnstown (Pennsylvania)|Johnstown]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Pennsylvania]], komme 112 [[mynwurker]]s om.
* ein [[july]] - [[Sijtze A. Kooistra]] en [[Jan Kuperus]] út [[Wytmarsum]] winne mei [[Johannes Struiksma]] út [[Wommels]] de [[PC]].
*[[9 augustus]] - Yn 'e [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[haadstêd]] [[Londen]] fynt de formele [[kroaning]]sseremoanje plak fan 'e nije [[kening]] [[Edwert VII fan it Feriene Keninkryk]], dy't yn [[1901]] syn [[mem]] [[Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk|Fiktoaria]] opfolge is.
* [[13 augustus]] - Yn [[Noard-Fryslân]] wurdt de [[Noardfryske Feriening]] (NFV) oprjochte.
* [[13 augustus]] - Yn [[Noard-Fryslân]] wurdt de [[Noardfryske Feriening]] (NFV) oprjochte.
* [[16 septimber]] - Mei in [[Atlantyske Oseaan|Atlantyske]] oerstek fan 5 [[dagen]], 11 [[oere]]n en 57 [[minuten]] wint it [[Dútslân|Dútske]] [[passazjiersskip]] de ''[[Kronprinz Wilhelm]]'' de [[Blauwe Wimpel]].
* [[25 desimber]] - [[Scotteilân]] wurdt ûntdekt troch kaptein William Colbeck, kommandant fan de SY Morning.,
*[[13 oktober]] - Troch mei yngripen fan it [[leger]] te driigjen, forsearret de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[presidint]] [[Theodore Roosevelt]] nei in al [[moanne (tiid)|moannen]] duorjende [[staking]] in [[kompromis]] tusken [[mynwurker]]s en [[mynbou]]magnaten.
*[[2 novimber]] - [[Sily]] en [[Argentynje]] slute ûnder bemiddeling fan 'e [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[kening]] [[Edwert VII fan it Feriene Keninkryk|Edwert VII]] in [[ferdrach]] wêryn't it ferrin fan harren [[grins]] op [[Fjoerlân]], oan 'e súdpunt fan [[Súd-Amearika]], fêstlein wurdt. De heech oprûne spannings oer it grinsskeel hawwe de beide lannen op in hier nei mei-inoar yn [[oarloch]] brocht.
*[[15 novimber]] - De [[Belgje|Belgyske]] [[kening]] [[Leopold II fan Belgje|Leopold II]] komt mei de skrik frij as de [[Itaalje|Italjaanske]] [[anargisme|anargist]] [[Gennaro Rubino]] yn [[Brussel]] in [[moardoanslach]] op him docht as er nei de [[routsjinst]] foar syn koartby [[ferstoarn]]e [[oarehelte|frou]] [[Marije Hindrika fan Belgje|Marije Hindrika]] fan 'e [[katedraal]] weromkeart nei it [[paleis]].
*[[9 desimber]] - De [[Fenezolaanske Krisis (1902-1903)|Fenezolaanske Krisis]] brekt út as de [[marine]]s fan it [[Feriene Keninkryk]], [[Dútslân]] en [[Itaalje]] de [[haven]]s fan [[Fenezuëla]] blokkearje om't de Fenezolaanske [[presidint]] [[Cipriano Castro]] wegeret en fergoedzje de skea dy't oare lannen lit hawwe ûnder de [[Fenezolaanske Boargeroarloch]]. Guon oare [[Jeropa|Jeropeeske]] lannen stypje de blokkade, wylst de [[Feriene Steaten]] en [[Argentynje]] fjouwerkant oan 'e Fenezolaanske kant steane.
*[[10 desimber]] - De [[Nederlân]]ske [[wittenskipper]]s [[Hendrik Antoon Lorentz]] en [[Pieter Zeeman]] ûntfange tegearre de [[Nobelpriis foar de Natuerkunde]].
* [[25 desimber]] - [[Scotteilân]] wurdt ûntdekt troch [[kaptein (skipfeart)|kaptein]] [[William Colbeck]] fan it [[skip]] de SY ''Morning''.
* ''sûnder datum'' - [[Nynke fan Hichtum]] skriuwt ''[[De Tsien fan Martens Afke]]''.


== Berne ==
== Berne ==

De ferzje fan 20 nov 2018 om 22.09

Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e
Jierren: 1897 1898 1899 1900 1901 1902 1903 1904 1905 1906 1907


Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 
1902
MCMII
Ab urbe condita 2655
Armeenske kalinder 1351

ԹՎ ՌՅԾԱ

Etiopyske kalinder 1894 – 1895
Hebriuwske kalinder 5662 – 5663
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 1957 – 1958
- Shaka Samvat 1824 – 1825
- Kali Yuga 5003 – 5004
Iraanske kalinder 1280 – 1281
Islamityske kalinder 1320 – 1320
Juliaanske kalinder
 
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder 4598 – 4599

戊丑 – 己寅

1902 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1902.)

Foarfallen

Berne

Ferstoarn

Literatuer

romans


Jierren: 1897 1898 1899 1900 1901 1902 1903 1904 1905 1906 1907
Iuwen: 15e 16e 17e 18e 19e 20e iuw 21e 22e 23e 24e 25e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: