Oranjerivierkoloanje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Flagge fan de Oranjerivierkoloanje

De Oranjerivierkoloanje wie in Britske koloanje dy’t oprjochte waard yn 1900, nei de Twadde Boere-oarloch. It gebiet komt oerien mei de oermastere Oranje Frijsteat.

Fjildmaarskalk Roberts oermastere Bloemfontein op 28 maaie 1900, it gebiet waard offisjeel anneksearre op 6 oktober. Alfred Milner waard de earste gûverneur op 4 jannewaris 1901. De befolking woe it leafst selsbestjoer en dat soe barre yn 1907. Yn 1910 waard it gebied tafoege by de nije uny fan Súd-Afrika as de Oranje Vrijstaatprovincie. It gebiet wurdt hjoed de dei de Frijsteatprovinsje neamd.