Willem Boele Sophius Boeles
Willem Boele Sophius Boeles (Noarddyk, 2 oktober 1832 - Dieren, 2 desimber 1902) wie in Nederlânse jurist. Hy wie abbekaat, rjochter en efterinoar ficepresidint en presidint fan it Gerjochtshof fan Ljouwert.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boeles, soan fan de predikant Pieter Boeles en Alberdina Janna Speckman, studearre rjochten oan de universiteit fan Grins. Hy promovearre dêre yn 1856 en waard doe advokaat yn Grins. Hy publisearre in standertwurk oer it geastlik goed yn de provinsje Grinslân. As saakkundige wie er lid fan de steatskommisje, dy't dwaande wie mei it behear fan it tsjerlik goed. Ek siet er yn it kolleezje fan tafersjoch op dat goed. Yn 1883 skreau er trije rapporten oer it fikarygoed yn de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte.
Yn 1863 waard er rjochter yn Snits, dêrnei yn Assen rjochter yn 1865 en riedshear yn 1870. Op 30 desimber 1875 waard er beëdige as ficepresidint fan it nije gerjochtshof yn Ljouwert. [1] en op de kop ôf tweintich jier letter waard presidint fan dit gerjochtshof.[2]
Neist jurist wie Boeles ek histoarikus. Hy skreau ferskate histoaryske wurken, ûnder oaren de skiednis fan de hegeskoalle fan Frjentsjer. Dan wie er ek noch bibletekaris en foarsitter fan it Friesch Genootschap. Hy wie ien fan de oprjochters fan it Frysk Museum, dêr't er mei Dirks en Corbelijn Battaerd, yn 1881, de earste katalogus foar skreau. Hy wie lid fan de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde en lid fan de algemiene synodale kommisje fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Boeles waard yn 1889 beneamd ta ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.[3]
Boeles troude op 5 augustus 1863 mei Titia Hermina Tonkes, dochter fan de Grinzer keapman Remko Harms Tonkes en Helena Smedes. Syn soan Pieter Boeles, (Assen, 1873 - Ljouwert, 1961), ek jurist wie in wichtich Nederlânsk histoarikus fan ynternasjonaal alluere.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Quaestiones juris inaugurales, proefskrift, útj. Folkers, Grins, 1856
- De geestelijke goederen in de provincie Groningen, van de vroegste tijden tot op heden, Grins, 1860
- Gedenkboek der Hoogeschool te Groningen, ter gelegenheid van haar vijfde halve eeuwfeest, útj. J.B. Wolters, Grins (mei W.J.A. Jonckbloet), 1864
- De bijzondere finantieële regtsbetrekking tusschen een aantal kerkelijke gemeenten in de provincie Groningen en den staat, útj. Wolters, Grins, 1866
- Scheiding van kerk en staat, útj. Wolters, Grins (mei ynlieding fan Boeles), 1866
- Het stemregt van eigenerfden, in Groningen en Drenthe, tot benoeming van predikanten, onderwijzers, kosters en kerkvoogden, útj. Wolters, Grins, 1869
- De dichtvreugde over het ontzet van Groningen en de herovering van Coevorden in 1672, Grins, 1872
- Het Album van Jr. Eiso Jarges 1565-1569 + Het album van Theodorum Eijssonius 1625-1628 + Het Album van Jacobus Alting, 1637-1640, Grins, om 1873
- Frieslands Hoogeschool en het Rijks Athenaeum te Franeker, útjûn troch it Friesch Genootschap van geschied-, oudheid- en taalkunde by Kuipers, Ljouwert, 1878-1889
- Catalogus van het museum van het Friesch genootschap van geschied-, oudheid- en taalkunde te Leeuwarden, útj. Kuipers, Ljouwert 1881 (mei J. Dirks en C.H.F.A. Corbelijn Battaerd)
- De patriot J. H. Swildens, publicist te Amsterdam, daarna hoogleeraar te Franeker, útj. Meijer (Kuipers en Wester), Ljouwert, 1884
- De uitvinder van de boekdrukkunst te Haarlem, útj. J.B. Wolters, Grins, 1897
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|