Sergie Sovoroff
Sergie Sovoroff | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sergie Sovoroff | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 septimber 1902 | |
berteplak | Nikolski (Alaska) | |
stoarn | 27 septimber 1989 | |
stjerplak | Nikolski (Alaska) | |
etnisiteit | Aleoetysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | kajakbouwer | |
aktyf as | ûnderwizer | |
jierren aktyf | ±1918 – 1989 |
Sergie Sovoroff (Nikolski (Alaska), 17 septimber 1902 – dêre, 27 septimber 1989) wie in Amerikaansk kajakbouwer fan etnysk Aleoetysk komôf. Syn wurk wie fan krúsjaal belang foar it behâld fan 'e kennis fan 'e bou fan 'e tradisjonele Aleoetyske seekajak, de iqya-x. Sovoroff gie sa'n bytsje as iennichste troch mei it bouwen fan sokke boaten, sij it meast yn miniatuerfoarm. Dêrnjonken wied er ek aktyf as ûnderwizer om syn kennis troch te jaan.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sovoroff waard yn 1902 berne yn it doarp Nikolski, op it eilân Umnak, dat diel útmakket fan 'e Aleoeten, yn 'e Amerikaanske steat Alaska. Hy wie noch mar njoggen jier âld doe't it Amerikaanske regear de jacht op 'e see-otter ferbea, mei't dat bist mei útstjerren bedrige waard. Sadwaande kaam der yn 1911 abrupt in ein oan it ferlet en gebrûk fan 'e iqya-x (útspr.: [iqjax], likernôch: "ikûjach"), de Aleoetyske fariant fan 'e kajak, dy't ek bekend stiet ûnder de fan oarsprong Russyske beneaming baidarka.
Sovoroff beskôge it bouwen fan sokke boatsjes lykwols as in wichtich ûnderdiel fan 'e Aleoetyske kultuer, en sette sadwaande ein jierren 1910 útein mei it meitsjen fan sokke boaten, meast yn miniatuerfoarm, as in utering fan keunst. Hy gie dêrmei troch oant fier yn 'e jierren tachtich.
Dêrmei spile Sovoroff in krúsjale rol by it behâld fan 'e tradisjonele Aleoetyske kennis oangeande de bou fan sokke boaten, dy't oars wierskynlik ferlern gien wie. In protte fan 'e miniatuer-iqya-x dy't hy makke, binne tsjintwurdich yn museä oer de hiele wrâld te bewûnderjen. Dizze kajaks hawwe faak trije sitplakken (en wurde dan eins gjin iqya-x, mar uluxtax neamd), wêrby't in Russysk-otterdokse preester it middelste plak ynnimt. Fierders binne se gauris tarist mei in roer oan 'e efterstjûne fan 'e kajak.
Behalven dat er sels sokke boatsjes boude, joech Sovoroff syn kennis ek troch oan oaren, wêrmei't er de werberte en refitalisaazje fan it bouwen fan Aleoetyske seekajaks, sawol yn miniatuerfoarm as op wiere grutte, oan 'e ein fan 'e tweintichste en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw mooglik makke. Sovoroff stoar op 27 septimber 1989 yn 'e âlderdom fan 87 jier, en leit begroeven yn syn berteplak Nikolski.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |