Harns (stêd): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L ferwizing nei de strjitten
Rigel 203: Rigel 203:
* [[Harnzer Strân]]
* [[Harnzer Strân]]


===Scouting===
===[[Skouting]]===
* St. Michiel & Liobagroep
* St. Michiel & Liobagroep
* Caspar di Roblesgroep
* Caspar di Roblesgroep

De ferzje fan 14 des 2007 om 17.48

Harns is it haadplak fan de gemeente Harns. It is de belangrykste havenstêd fan de provinsje. Yn de haven fan Harns lizze, neist de Harnzer skippen, ek dy fan de grutte Urker fleat. Harns heart ta de Fryske Alve Stêden en hat ûngefear 15.000 ynwenners. Hjirmei is it it fyfde plak fan Fryslân.

Beskriuwing

Grêft

Harns krige yn 1234 stedsrjochten en is dêrmei as stêd âlder as bygelyks Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer of Amsterdam. In diel fan de ferdigeningswurken is noch altyd te sjen yn it sintrum fan de stêd. Ek de oarspronklike grêftengurdles binne noch foar it grutste part werom te finen, krektas de pakhuzen en de yn Hollânske styl boude huzen mei harren aparte gevels. De gevelstiennen jouwe oan in hûs in eigen merkteken wat in oerbliuwsel is út de tiid dat hûsnûmers noch net brûkt waarden. Se sitte soms op in opfallend plak, in oare kear as ornamint. In protte gevelstiennen binne restaurearre en litte de skiednis fan it hûs sjen (bygelyks hokker berop yn it hûs útoefene waard). De pakhuzen wurde net mear
brûkt foar it doel wêrfoar't se boud binne.

it stêdhús

Yn de stêd binne noch ferskeidene steechjes dy't de ferbining foarmje tusken de grêften. Op de smelle strjitgedieltes waard eartiids in soad guod ferhannele dat oer wetter oanfierd wie. Yn in pear steechjes is dy strjitfunksje noch werom te kennen.

It toerisme nimt alle jierren noch ta: net allinnich Nederlanners komme nei de stêd, mar ek in soad Dútsers, inkele Belgen en in lyts mar tanimmend tal Ingelsken komt op de stêd ôf. De Harnzer fiskerijdagen foarmje ein augustus in bekend feest.

In Harns sit de Waadseeferiening, in organisaasje dy't opkomt foar de natuerlike belangen fan de Waadsee.

Wapen en flagge

De âldste werjefte fan it stedswapen fan Harns is fûn op in stêdssegel út 1426. It wapen wie in eigendomsteken en symboal dat oan dokuminten fan de stêd in offisjeel karakter ferliende. De hâlder fan in wapen wie in rjochtspersoan. Oerienkomsten waarden 'besegele' troch in ôfdruk fan it wapen yn reade waaks op dokuminten of as slútsegel op perkaminten rôlen en slûven. Tsjinners en amtners fan de stêd droegen it wapen op amtsklean, helm of pet. Ek hjoed noch drage de boades yn it stêdhûs en it havenpersoniel it wapen op harren unifoarm. Ek op eigendommen fan de stêd, lykas reau en brêgen, wurdt it wapen ôfbylde.

De gouden leeljes symboalisearje Mariaferearing en omdat men har heger achte as Sint Michael, de beskermhillige fan de stêd, stean har gouden leeljes op in promininter plak yn it wapen as de reade krusen fan Sint Michael. Faak wurdt Sint Michael as drakedeader - bestrider fan ûnheil - njonken it wapen ôfbylde.

It rjocht om it wapen te brûken waard yn 1818 fernijd en befêstige troch de Hege Rie fan Adel:

Gebrûk meitsjende fan de macht oan deselde ferliend, by beslút fan de 20e febrewaris 1816], befêsticht by dizzen de stêd Harns, yn gefolge it troch har diene fersyk, yn it besit fan it neifolgjende Wapen: Yn fjouwer parten dield. It earste en fjirde diel fan keel, beladen mei trije gouden leeljes pleatst twa en ien. It twadde en tredde diel fan sulver beladen mei fjouwer krusen fan keel. It skyld dekt mei in kroan.

Keel is in de wapenkunde de term foar read. Yn tsjinstelling ta de betsjutting fan leelje en krús, beide symboalen dy't frommens ferbyldzje, is de betsjutting fan net krekt fêstlein. Meastal waarden kontrastearjende kleuren keazen om in wapen of flagge herkenberder te meitsjen. Al besteane der populêre ferklearrings foar de betsjutting fan kleuren - sa soe read de kleur fan de hertstocht wêze - doch is dêr net mei sein dat it read yn it Harnzer wapen ek dy betsjutting hat. De útfiering fan it wapen is troch de Hege Rie fan Adel fêststeld. De kroan hat trijeblêden en twarres trije pearels. Sint Michael moat ôfbylde wurde as: 'In wjukt Frouljusbyld...'

Ofbyld:Flag of Harlingen.jpg
De flagge fan Harns

De Harnzer flagge is, krektas it stêdswapen, ieuwenâld. Der is gjin krekt jier oan te wizen wêryn't de stêd da flagge tawiisd krige of dizze sels ûntwurp.. Nei alle gedachten hat de flagge stadichoan syn hjoeddeiske foarm krigen.

Yn 1695 stiet yn de "Nieuw Hollandsche Scheepsbouw" fan Carel Allard, in ôfbyld fan de flagge fan Harns. Yn 1708 beskriuwt de Dokkumer Gerrit Hesman in flagge besteande út trije banen dy't hiel oars fan kleur binne: read, wyt en giel sûnder blauwe seam of wapen. Yn 1719 beskriuwt in sekere David Mortier út Amsterdam de Harnzer flagge: De giele middelbaan mei yn de midden it wapen, beslaat 6/8ste fan de breedte en de blauwe banen ûnder en boppe elk 1/8ste.

Skiednis

Yn it jier 777 stifte Gustavus Forteman de earste Kristentsjerke yn Fryslân, yn Almenum.

Omtrint 1157 stifte Eilwardus Ludinga it kleaster Ludingatsjerke yn it doarp Almenum. De muontsen groeven grêften om de handelsfeart better mooglik te meitsjen. Ludingatsjerke waard hjirtroch ien fan de rykste kleasters yn Fryslân. De buert ten westen fan Almenum, Harns, waard dêrtroch sà wichtich dat dizze yn 1234 stedsrjochten krige. Noardwestlik fan Harns lei doe noch de stêd Gryn mei poarten, grêften en sels in hegeskoalle. Yn 1287 waard Gryn by needwaar foar it grutste part ferswolge troch de see. No is Gryn noch mar in sânplaat yn de Waadsee. De namme Harns komt fermoedlik fan de state Harlinga. Yn 1311 kaam "Harns" foar yn Ingelske havenregisters. Yn 1579 ûndertekenen ôfgesanten fan de stêd de Uny fan Utert en op 22 desimber 1634 krige Harns syn oktroai fan de Steaten fan Fryslân foar Grienlânsk- en Strjitte Daevids-fiskerij (walfisfeart).

Twa ieuwen lang bestiet Harns, lizzend op in bochtige herne fan de kust, in it skaad fan de universiteitsstêd Frjentsjer. Mar troch de ferbining mei de see naam de wolfeart stadichoan ta. Earder lei de stêd westliker as hjoed, mar de see sloech geregeld lân wei. Yn 1543 en 1565 wreide men út yn noardlike rjochting, sadat de Noarderhaven de Binnenhaven waard, dy't hy no noch is. Op de middei fan 17 maaie 1568 waarden ta fernuvering fan de Harnzers 1800 Waalske soldaten oan lân set, dy't letter yn de Slach by Heiligerlee ferslein wurde. De hate Spaanske kolonel Caspar de Robles - troch Alva dêr as steedhâlder oansteld - ûnthjitte yn 1574 ferheging fan de diken. Yn 1579 folge in útwreiding nei it easten, mei troch de tafloed fan Flaamske doopsgesinden dy't it roomske suden ûntflechten. Troch dizze útwreiding dy't yn trije moanne foltôge waard, lei de tsjerke fan Almenum no binnen de stêdsfesten. De handelsfeart nei de lannen om Noardsee en Eastee naam ta en yn 1598 waard de stêd wer útwreide, no yn súdlike rjochting.

Yn 1644 kaam de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns. De Suderhaven krige it karakter fan marinehaven. De ferneamde Tsjerk Hiddes de Vries wurdt hjir letter luitenant-admiraal. De kriichsfeart bleau lykwols fan minder belang as de handelsfeart. Wit hoefolle skippers ûnderholden beurtfearten nei de Waadeilannen, nei alle hoeken fan de provinsje en nei de Suderseehavens, wêrfan Amsterdam de belangrykste wie. De stêd hie in soad yndustry. Der wienen skipswerven, bierbrouwerijen, sâlt- en sjippesiederijen, stien- en pottebakkerijen, kalkûnen, nôt- en seachmûnen. Mar lykas soks al earder gie mei de Hânzestêden oan de destiidske Sudersee, waard Harns yn de kommende ieuwen foarbystribbe troch Amsterdam en Rotterdam. Dochs bleau Harns as kustfeart- en fiskershaven mei in soad foarsjennings en it nij groeven Van Harinxmakanaal fan grut ekonomysk belang foar Fryslân.

Oranjebesites

Ferskeidene kearen is Harns besocht troch de steedhâlderlike en letter keninklike famylje. It earste besyk wie fan Willem fan Oranje.

Keninklike besiken oan Harns
Jier Persoan opmerkingen
1581 Willem fan Oranje Hy skinkt de stêd 3000 Karolusgûnen foar ferbettering fan de havenwurken
1734 Prins Willem IV earste besyk
1745 Prins Willem IV twadde besyk
1773 Prins Willem V earste besyk
1791 Prins Willem V twadde besyk
1837 Kening Willem I
1873 Kening Willem III
1877 Prins Hindrik fan Oranje-Nassau Prins Hindrik iepent as plakferfanger fan Kening Willem II de Nije Willemshaven
1905 Keninginne Wilhelmina<br.>Prinses Emma<br.>en Prins Hindrik fan Mecklenburg-Schwerin
1982 Keninginne Beatrix Keninginnedei

Rûnom de stêd en har ynwenners

Om de stêd is ek wat ikkerbou; dit yn tsjinstelling ta de yn Fryslân wenstige feehâlderij (swartbûnte Fryske stamboekkij). De doarpkes Winaam en Mullum lizze binnen de gemeente Harns.

In soad Harnzers hawwe neat mei Fryslân, wat blykt út it feit dat mar in bytsje Harnzers Frysk prate en in net folle ûnderwiisd wurdt op Harnzer skoallen. As ferklearring wurdt jûn dat Harns lange tiid ôfhinklik wie fan de handel, en him dêrom mei op Hollân oriïntearre. Earder hienen in soad Harnzers it gefoel dat de provinsje net folle foar harren die, Frjentsjer krige in universiteit en Ljouwert hie as haadstêd in soad privileezjes. It feit dat gemeentlike weryndielingen yn Friesland net folle foar Harns as gemeente oplevere hat ek wat kwea bloed set. Net te ferjitten dat Harns ea, fergelike mei de rest fan Fryslân, in grutte handelsstêd wie. Inkele Friezen nimme it gebrek oan Frysk nasjonalisme en taal ûnder de Harnzers kwealik. De Fryske Nasjonale Partij hat ek noch nea meidien oan de gemeenteriedsferkiezingen yn de stêd.

Taal en dialekt

It Frysk wurdt wol op de Harnzer skoallen ûnderwiisd ( al is it op beperkt nivo), mar in bytsje sprutsen. It is dan ek net nuver dat it mei it Frysk yn Harns der net sa goed foar stiet. It Harnzersk wurdt mear sprutsen, mar oer it generaal wurdt de Nederlânske taal it meast brûkt. Yn de gemeentlike doarpkes Mullum en Winaam en de buorskip Foarryp wurdt wol in soad Frysk praten. De fearten en kanalen om Harns hawwe ek Nederlânske nammen en gjin Fryske. Harns is dêrmei de ienige gemeente yn it Fryske taalgebiet dy't net ferfrysket.

Koartlyn hat de Harnzer Regionale Skoallemienskip Simon Vestdijk in ûntheffing oanfrege foar it ferplicht stellen fan it Frysk op de middelbere skoallen yn it Fryske taalgebiet. It hat oan de bern en âlden in enkête foarlein wêryn't nei de taalsituaasje thús frege waard en oft men beswier hie tsjin it ferplicht ûnderwizen fan it Frysk.

Wiken

It paviljoen
  • Easterpark
  • Skippenwyk
  • Plan Súd
  • Harnzer Havenkertier
  • Binnenstêd
  • Grut Ropens
  • Trebolbuert
  • Bynia State
  • It Reade doarp
  • Almenum
  • De Spiker
  • Plan Ludinga
  • En oare

Harnzer Strjitten

Alle strjitten fan Harns.

Harnzer Havens

De Suderhaven yn 2004
  • Noarderhaven
  • Suderhaven
  • Plankenpaad
  • It Dok
  • Willemshaven
  • Flechthaven
  • Yndustryhaven
  • Fiskershaven
  • Haven Eastpoarte

Ynfrastruktuer

Ungefear 8 kilometer ten suden fan Harns begjint de Ofslútdyk dy't sûnt 1932 in direkte rûte foarmet tusken Fryslân en Noard-Hollân. Kwa skipfeartferkear wurde ferskate frachtrûtes fanút de haven ûnderholden, lykas nei Skandinaavje. De measte koasters dy't nei Harns komme, komme om sâlt te laden by it sâltfabryk. De haven fan Harns is no útwreide, mei de "(nije) Yndustryhaven". Der bestean plannen foar noch in útwreiding.

Feartsjinsten

Feartsjinsten fanút Harns nei Flylân en Skylge wurde útfierd troch rederij Doeksen.

  • Harnas-Skylge, 1 oere en 45 minuten; sneltsjinst 50 minuten*
  • Harns-Flylân, 1 oere en 30 minuten; sneltsjinst 50 minuten*
*as de sneltsjinst net rjochtstreeks giet duorret de oertocht 30 minuten langer.

Iepenbier Ferfier

Harns is mei it iepenbier ferfier goed te berikken. Mei de trein mar ek mei de bus. It busferfier wurdt regele troch ferfierder Connexxion, de treinferbining wurdt ûnderholden troch Arriva.

Fan en nei Harns geande buslinen (nei 15 april 2007):

Foar dizze linen hat Connexxion in nij type bus oanskaft. De bussen binne lytser, dus better geskikt om troch in protte doarpkes te riden, ek miljeu stie yn it teken fan dizze ynvestearring. De nije bus wurdt de Frysker neamd. Ek sil Connexxion de grutte bussen (yn haadsaak it type Ambassador fan VDL Berkhof) op koalsiedoalje ride litte, hjirmei foldocht de busmaatkippij oan de winsken fan de provinsje Fryslân. Ek sil Connexxion de OV-chipkaart yn juny 2008 yntrodusearje yn it Fryske iepenbier ferfier.

Neist dizze buslinen is der ek in treinferbining nei Frjentsjer, Dronryp, Deinum en Ljouwert. Der binne twa treinstasjons yn Harns: Stasjon Harns Haven en Stasjon Harns. Tusken maart 2008 en begjin 2009 sille der gjin treinen ride tusken stasjon Harns en Harns haven y.f.m. wurksumheden oan de wetterkearing.

Yn de simmermoannen lit Arriva op freed, sneon en snein (twa kear per dei) in trein ride fan it Dútske Leer nei Harns en omkeard. Dizze treinen gean rjochtstreeks, der hoecht dus net mear oerstapt te wurden yn stasjon Grins en Ljouwert.

De trein, dy't op dit trajekt rydt, is de Stadler GTW. Yn de folksmûle wurdt dizze ek wol Spurt neamd.

Gevelstiennen

Sjoch ek de keppeling om utens ûnderoan oer Harnzer skiednis, mei in data- en fotobank fan alle gevelstiennen.

  • Noarderhaven 31 - tinkstien dy't oanjout hoe heech it seewetter kaam by oerstreamingen yn 1776 en 1825.
  • Noarderhaven 74 - idem.
  • Oorstrjitte 5 - hûs fan in timmerman ôfbylde mei in koer ark.
  • Kleine Bredeplaats 12 - ôfbyld fan fermoedlik in herberch. Ek hat de gevel stiennen mei wapenskylden mei it jiertal 1667 en de inisjalen fan it echtpear Bernardus Dreijer en Alida van der Geest, dy't ein 18e ieu yn it pân wennen.
  • Hofstraat 34 - earste stien.
  • Simon Stijlstrjitte 2 - earste stien fan de eardere Luterske tsjerke.
  • Tsjerkepaad 30 - tinkstien út 1763 fan de Nederlânsk-herfoarme diakonij.

Sport en rekreaasje

Troch de stêd rint de Jeropeeske kuierrûte E9, pleatslik ek North Sea Trail of Frysk kustpaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten.

Bekende Harnzers

Kultuer

Muzyk

Dialekt

Ferienings en stiftingen

Underwiis

En ferskate basisskoallen.

Feest

Gebouwen en attraksjes

de fjoertoer

Media

Natuer en rekreaasje

Skouting

  • St. Michiel & Liobagroep
  • Caspar di Roblesgroep
  • Blauwe Fûgelgroep 'De ûntdekkers'

Bysûndere Oernachtingsplakken

Ferskaat

Sint Nicolaas kaam hjir op 16 novimber 1996 oan mei de Pakjesboat 12 by de lanlike sinterklaasyntocht. Aart Staartjes die hjir ferslach fan.

Sjoch ek

Keppeling om utens