Springe nei ynhâld

Unbreakable (film)

Ut Wikipedy
Unbreakable
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur M. Night Shyamalan
produsint Barry Mendel
Sam Mercer
M. Night Shyamalan
senario M. Night Shyamalan
kamerarezjy Eduardo Serra
muzyk James Newton Howard
filmstudio Touchstone Pictures
Blinding Edge Pictures
Barry Mendel Productions
Limited Edition Productions
distribúsje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Bruce Willis
Samuel L. Jackson
byrollen Robin Wright
Spencer Treat Clark
Charlayne Woodard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 novimber 2000
foarm langspylfilm
sjenre superheldeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $248,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Eastrail 177 Trilogy
● folgjend diel Split

Unbreakable is in Amerikaanske neo-noir-superheldeskrillerfilm út 2000 ûnder rezjy fan M. Night Shyamalan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "Unbrekber". It ferhaal giet oer befeiligingsman David Dunn, dy't as iennichste, en ek noch ûnskansearre, in treinramp oerlibbet wylst dat eins ûnmooglik is. Neitiid komt er yn kontakt mei de lichaamlik beheinde stripwinkeleigner Elijah Price, dy't him derfan besiket te oertsjûgjen dat hy (Dunn) in superheld is mei boppeminsklike fermogens. Unbreakable krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Nei jierren fêstsitten te hawwen yn 'e preproduksjefaze, waard yn 2016 in ferfolchfilm útbrocht, dy't Split hiet. In trêde film yn 'e Eastrail 177 Trilogy, mei as titel Glass, kaam yn 2019 út.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David Dunn is in man yn syn middeljierren, dy't by de befeiliging wurket yn it sportstadion fan in universiteit yn Philadelphia. Yn syn jonge jierren hied er in gâns ûnthjittende karriêre as spiler fan Amerikaansk fuotbal, mar dêr kaam in ein oan doe't er in bliuwende blessuere oprûn by in auto-ûngemak. Syn houlik mei syn frou Audrey, dy't fysioterapeute is, rint op 'e ein; dêr binne se allebeide earder drôf as lulk oer. Dunn is fan doel om by Audrey en harren trettjinjierrige soan Joseph wei te gean, en reizget dêrom mei de trein nei New York foar in sollisitaasjepetear nei in nije baan. Dat giet net botte goed.

Op 'e weromreis ûntspoart de trein, Eastrail 177, dêr't er yn sit. Dat hat in treinramp ta gefolch wêrby't alle 130 oare ynsittenden omkomme. Dunn is net allinne de iennichste oerlibbene, sterker noch: hy hat gjin skramke oprûn. Letter fertelt Audrey him dat se syn oerlibjen fan 'e treinramp sjocht as in twadde kâns, en dat se besykje wol om harren houlik te reparearjen. Hiel hoeden begjinne se dêr stappen ta te setten.

Nei in betinking foar de slachtoffers fan 'e ramp fynt Dunn op it parkearterrein in kaartsje ûnder de rutewisker fan syn auto mei de fraach oft er ea yn syn libben wolris siik west hat en in ûtnûging foar de iepening fan in tentoanstelling yn 'e keunstgalery Limited Edition. De fraach set Dunn oan it tinken, en foar it earst begjint er te beseffen dat er nea siik is. Yntrigearre nimt er syn soan Joseph mei en bringt er in besyk oan Limited Edition, dêr't er de eigner fan 'e galery moetet, de swarte stripekspêr Elijah Price. Dyselde lijt oan in seldsume oandwaning dy't makket dat syn bonken tige broas binne en by it minste of geringste brekke. As bern krige er dêrom fan syn leeftydgenoaten de bynamme Mr. Glass ("menear Glês"), om't er like maklik briek as glês.

Price leit Dunn syn persoanlike teory foar dat syn eigen brekberens keppele wêze moat oan immen oan 'e oare ein fan it spektrum dy't ûnbrekber is. Price is fan miening dat er dy persoan yn Dunn fûn hat, al jout er ta dat it ferkearsûngemak wêrby't Dunn de blessuere oprûn dy't him belette om fierder te gean mei Amerikaansk fuotbal in gat yn dy riddenearring bliuwt. Hy fertelt lykwols ek dat er al hiel lang siket nei sa'nent as Dunn en dat er net ree is om no fuortendaliks op te jaan. Hy hat in fleanramp ûndersocht wêrby't eltsenien omkaam en in hotelbrân dy't sûnder oerlibbenen einige. Pas by de treinramp wie der ien inkele ûnferwûne oerlibbene. As Price útleit dat er syn teory ûntlient oan syn leauwe dat superhelden echt besteane, beslút Dunn dat er mei immen te dwaan hat dy't net doocht en giet er fuort.

De ûntrêstgjende wurden fan Price litte Dunn lykwols net los. Joseph wol mar wàt graach leauwe dat syn heit in superheld is, en hat de teory fan Price foar sûkerswiet opiten. Troch syn tadwaan ûntdekt Dunn letter dat it net útmakket hoefolle gewichten oft er by it bankdrukken tafoeget, it slagget him altyd om 'e stange wer omheech te krijen. Dat oertsjûget Joseph derfan dat Price syn teory wier is. Dunn hâldt út dat er in gewoane man is, hoewol't er sels ek begjint te twifeljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Price siket Dunn op syn wurk op om nochris op him yn te praten. Wylst er by him is, kriget Dunn in foargefoel oer in besiker fan it stadion en hjit in oare befeiligingsman om te begjinnen mei it fûljearjen fan it yn 'e rige steande publyk by de tagongsdoar. De man dy't er op it each hat, sjocht dat, stapt út 'e rige en jout him ôf. Op befreging troch Price jout Dunn ta dat er it idee hie dat de man in sulverkleurich pistoal mei in swart hânsel by de broeksbân yn stutsen hat, hoewol't dat net sjoen hat. Neitiid efterfolget Price de man nei in metrostasjon om't er beslist witte wol oft Dunn gelyk hie. Sa'n boppenatuerlik oanfielend fermogen soe nammentlik syn superheldeteory tige by tige ûnderstypje, mei't superhelden ek faak oer soksoarte fermogens beskikke. Price knoffelet by de treppens fan it metrostasjon del en brekt withoefolle bonken, mar wylst de man by him weirint, wynderet syn jas op en sjocht Price dat er yndie in sulverkleurich pistoal mei in swart hânsel by him hat.

Netiid leit Price wikenlang yn it sikehûs. As er fystioterapy ûndergean moat, soarget er derfoar dat er by Audrey Dunn telâne komt. Hy manipulearret har om him te fertellen oer it ferkearsûngemak dat sy en Dunn oan it begjin fan harren relaasje hân hawwe, dat de sportkarriêre fan Dunn beëinige. Audrey fertelt him dat harren houlik te tankjen wie oan dat ûngemak, om't se har libben net mei in Amerikaansk fuotbalspiler diele kinnen hie; se fynt nammentlik dat dy gewelddiedige sport yn alle opsichten it tsjinstelde is fan har wurk as fysioterapeute. Price begjint te fermoedzjen dat Dunn it ûngemak oangrepen hat om te bearen dat er in blessuere oprûn hie, sadat er sûnder swierrichheden mei de sport ophâlde koe om mei har te trouwen.

Underwilens wurdt Dunn ûntbean op 'e skoalle fan Joseph as de jonge slaanderij hân hat mei in klasgenoat. It is deselde skoalle dêr't er sels as bern ek op sitten hat. De âlde skoalferpleechster, dy't him derfan bewissiget dat Joseph net ferwûne rekke is by it gefjocht, ken Dunn noch werom en bringt him in ynsidint yn 't sin wêrby't er as bern op in hier nei ferdronk yn it skoalswimbad. As er Price dat letter fertelt, rekket dy yn in klinyske depresje, oant er beseft dat superhelden altyd ien freeslike swakte hawwe, lykas Superman mei kryptonyt, en dat wetter Dunn syn swakte wêze kin. Dunn jout ta dat Price gelyk hat oer it auto-ûngemak, dat er ûnskansearre trochstie. Sels wied er út 'e auto smiten doe't dy fan 'e wei ôf rekke, mar de bewusteleaze Audrey siet der noch yn finzen en drige libben te ferbrânen oant Dunn mei syn bleate hannen in ferbûgd portier fan 'e auto skuorde om by har komme te kinnen. Troch it ûngemak besefte er dat er mear om har as om syn sportkarriêre joech en besleat er út te hâlden dat er blessearre rekke wie.

Under ynfloed fan Price rekket Dunn derfan oertsjûge dat syn yntuysje foar it opmerken fan gefaarlike lju mank it publyk yn it stadion eins in foarm fan bûtensintúchlike waarnimming is. Op oanrieden fan Price begjint er te besykjen om dat fermogen bewust te trainen. Hy ûntdekt dat de foarbygeande oanrekking fan passanten him by steat steld om fizioenen te krijen fan misdriuwen dy't dy lju begien hawwe. Sa sjocht er hoe't in frommeske in earmbân stellen hat yn in juwelierssaak en hoe't in jonge op in feestje in famke ferkrêfte hat dat harsels bewusteleas dronken hie. Al dat soarte dingen út it ferline kin Dunn lykwols net folle mei. Dan treft er in sadistyske psychopaat, dy't as konsjerzje wurket en dy't it hûs binnenkrongen is fan in willekeurich gesin. Hy hat de heit fermoarde, mar hâldt de mem en de beide bern finzen yn harren filla.

Dunn folget de konsjerzje werom nei de filla, dêr't er ynbrekt. Hy treft de heit dea oan op 'e keldertrep, krekt sa't er yn syn fizioen seach. As er it hûs trochsiket, fynt er de beide bern, in jonge en in famke, dy't op mei opsetsin gnjirdzjende wize fêstbûn binne. Hy befrijt harren, mar foar't er de mem fine en losmeitsje kin, wurdt er oanfallen troch de konsjerzje. Yn in gefjocht triuwt dyselde him fan it balkon, sadat er yn it swimbad fan 'e filla falt. Dunn ferdrinkt hast, mar de bern fiskje him mei in lange stôk út it swimbad. Hy giet it hûs wer yn, beslûpt de konsjerzje fan efteren en springt dyselde op 'e rêch. Hoewol't it gewanten bear fan fint is, kriget er mei al syn krêft Dunn net wer fan syn rêch ôf, ek al raamt er him suver troch in pear gipsplaten wanden hinne. Dunn hâldt fol en smoart de konsjerzje oant dy troch ferstikking om it libben komt. As er neitiid de mem losmakket, blykt dy dea te wêzen.

As Dunn letter dy jûns thúskomt, hellet er Audrey op om foar it earst yn lange tiid wer tegearre yn ien bêd te sliepen. De oare moarns meitsje de media hiel wat fan 'e anonime held dy't de beide bern rêden hat. Yn 'e krante stiet in skets fan him, dy't Dunn stilwei oan syn soan Joseph sjen lit. Joseph ken dêr daliks syn heit yn werom. Dat bart allegear efter de rêch fan Audrey om, dy't it net goedkard hawwe soe wat Dunn dien hat.

By de iepening fan in tentoanstelling yn 'e galery fan Price moetet Dunn de âlde mem fan Price, dy't him yn in petear fertelt dat Price har it ferskil útlein hat tusken in supersmjunt dy't mei de fûsten fjochtet, en ien dy't mei syn ferstân fjochtet. Neitiid nimt Price Dunn mei nei syn kantoar, dêr't er seit dat it tiid wurdt om inoar de hân te skodzjen. Wat fernuvere docht Dunn wat Price wol, om't er him as in soarte fan freon begûn is te sjen. Sadree't er him lykwols oanrekket, kriget er in fizioen dat him dúdlik makket dat Price net inkeld moedwillich de treinramp feroarsake hat, mar ek de fleanramp en de hotelbrân dêr't er ûndersyk nei dien hie. Hy hat massamoard dien en hûnderten minsken de dea ynjage, inkeld en allinne om sa'nent as Dunn te finen. Oandien fertelt Price de fan ôfgriis ferfolle Dunn: "No't ik wit wa'tsto bist, wit ik einlings wa't ik bin." Dêrmei ferwiist er wer nei de superheldestrips, mei eltse superheld in aartsfijân hat yn 'e foarm fan in supersmjunt, mei wa't er faak oarspronklik befreone wie. Price nimt de bynamme út syn bernetiid, Mr. Glass, oan as syn supersmjuntenamme.

Bruce Willis.
Samuel L. Jackson.
Robin Wright.

In tekst dy't yn byld komt, meldt dat Dunn Price by de plysje oanjoech. Price waard feroardiele foar massamoard en sit no fêst yn in psychiatrysk sikehûs foar gefaarlike sljochtsinnigen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise             
David Dunn Bruce Willis
Elijah Price ("Mr. Glass") Samuel L. Jackson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Audrey Dunn Robin Wright
Joseph Dunn Spencer Treat Clark
frou Price Charlayne Woodard
dokter Mathison Eamonn Walker
Kelly Leslie Stefanson
psychopatyske konsjerzje Chance Kelly
winkelbetsjinde yn stripsaak Bostin Christopher
ferpleechkundige op skoalle Elizabeth Lawrence
babysitter Michaelia Carroll
fysioterapeute Whitney Sugarman
Dubin Michael Kelly
drugsdealer yn stadion M. Night Shyamalan (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Unbreakable waard troch regisseur M. Night Shyamalan betocht as in superheldeferhaal mei de klassike trije-aktestruktuer fan in stripalbum: oarsprong, striid tsjin kweadoggers yn it algemien, ultime wrakseling mei de aartsfijân. Om't it ferhaal eins lykwols te lang wie foar ien film en om't er sels it earste part it ynteressants fûn, besleat er fan Unbreakable in oarsprongsferhaal te meitsjen. Under de opnamen fan The Sixth Sense (1999) frege Shyamalan haadrolspiler Bruce Willis al foar de haadrol yn Unbreakable. De rol fan Elijah Price alias Mr. Glass skreau er mei Samuel L. Jackson op it each. Doe't Willis en Jackson inoar metten yn in kasino yn Kasablanka, dêr't Jackson op fakânsje wie, hifke Willis Jackson, dy't er goed koe fan harren gearwurking út Die Hard with a Vengeance (1995), oer in rol yn 'e nije film fan Shyamalan.

Nei it sawol krityske as kommersjele súkses fan The Sixth Sense wist Shyamalan it senario foar Unbreakable, dat er skreaun hie sûnder der yn 't foar in keaper foar te hawwen, sûnder swierrichheden oan 'e man te bringen by The Walt Disney Company, dy't der $5 miljoen foar betelle, in rekôrbedrach foar sa'n spec script. Mei Shyamalan as regisseur koe it mei de film daliks heve. As produsinten wiene Barry Mendel, Sam Mercer en Shyamalan sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures (in dochterûndernimming fan Disney), Blinding Edge Pictures (it bedriuw fan Shyamalan), Barry Mendel Productions en Limited Edition Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eduardo Serra, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard. De opnamen setten op 25 april 2000 útein en duorren oant yn july fan dat jier. Der waard foar it meastepart op lokaasje filme yn Philadelphia.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Unbreakable waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. Dat bedriuw stie derop om 'e film oan te priizgjen as in psychologyske skriller ynstee fan as in superheldefilm, sa't regisseur M. Night Shyamalan eins woe. De film gie op 21 novimber 2000 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 novimber by platemaatskippij Hollywood Records. Unbreakable waard yn 2001 op VHS-keapfideo en dvd útbrocht. Yn 2008 kaam de film ek út op blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Unbreakable oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau dat er foar it meastepart fan Unbreakable genoaten hie, mar dat er de ôfrin teloarstellend fûn. Ek priizge er it aktearjen fan Bruce Willis as "subtyl" en as in positive feroaring yn ferhâlding ta Willis syn gebrûklike wurk yn "stompsinnige aksjefilms". Neffens Richard Corliss, dy't skreau foar it tydskrift Time, sette regisseur M. Night Shyamalan mei Unbreakable syn oanpak fuort om "yn al syn films ferfining yn lykwicht te hâlden mei horror".

Yn The Los Angeles Times moast Kenneth Turan net folle fan 'e film hawwe. Hy skreau: "As it no sa bedoeld wie of net, it skaad fan The Sixth Sense hinget oer Unbreakable." Dêr heakke er oan ta: "As The Sixth Sense net sa'n grut súkses west wie, soe [it ferhaal fan Unbreakable] fuortendaliks fergetten of teminsten werskreaun wêze." Todd McCarthy, fan it tydskrift Variety, hie benammen krityk op it senario fan Shyamalan en it aktearjen fan 'e cast. Hy priizge wol de filmmontaazje fan Dylan Tichenor en de filmmuzyk fan James Newton Howard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Unbreakable in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 174 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in swakkere ôfrin is [dizze film] net sa goed as The Sixth Sense. It is lykwols in stilwei spannend wurdende film, dy't yntrigearret en oansprekt, en it publyk meinimt troch ûnferwachtse draaien en ommekearen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Unbreakable in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 31 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Unbreakable brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $95,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $153,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $248,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $173,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Unbreakable wie yn 'e Feriene Steaten de bêst ferkeapjende dvd fan 2001, dêr't 2,3 miljoen eksimplaren fan oer de toanbank giene. Dêrmei waard nochris in opbringst fan $123,1 miljoen binnenswile.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Unbreakable waard nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste aksjefilm/aventoerefilm/skrillerfilm. It senario fan M. Night Shyamalan waard nominearre foar foar de Bram Stoker Award foar bêste senario en de Nebula Award foar bêste senario.

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Eastrail 177 Trilogy.

Fuort nei it útkommen fan Unbreakable giene der al geroften dat M. Night Shyamalan der in ferfolch op meitsje woe. Dat waard earst troch alle belutsenen ûntstriden, mar úteinlik bliek it dochs wier te wêzen. Omreden fan 'e teloarstellende bioskoopopbringst fan Unbreakable yn 'e Feriene Steaten, dy't de $100 miljoen net helle hie, lei Disney lange tiid dwers. Uteinlik kaam yn 2016 de film Split út, in horrorskriller dy't beskôge wurdt as it ferfolch op Unbreakable om't Bruce Willis der in cameoroltsje yn hat as David Dunn. De film stiet lykwols fierhinne op himsels. De film Glass, dy't yn 2019 ferskynde, is in ferfolch wêryn't de ferhaallinen út Unbreakable en Split gearkomme. De trije films steane no bekend as de Eastrail 177 Trilogy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.