Springe nei ynhâld

Oarsprongsferhaal

Ut Wikipedy

In oarsprongsferhaal is op it mêd fan 'e narratology fan fiksje in útlis fan 'e eftergrûn fan in al bekend personaazje, wêryn't helderheid fan saken jûn wurdt oer de fraach hoe't dat personaazje de protagonist of antagonist wurden is dy't de lêzer, sjogger of harker al ken út oare wurken. Soks draacht by oan 'e ynteressantheid en de kompleksiteit fan 'e fiktive biografy fan it oanbelangjende personaazje en ferklearret faak de motiven efter syn of har lettere dieden.

It oarsprongsferhaal is benammen bekend út strips oer superhelden en út superheldefilms. Yn dy foarmen fan fiksje jout in oarsprongsferhaal ek oan hoe't it personaazje oan syn boppeminsklike krêften kommen is en hoe't er in superheld (of supersmjunt) wurden is. Om harren populêre personaazjes by de tiid te hâlden, werskriuwe útjouwerijen fan strips, fideospultsjeprodusinten, filmstudio's en boartersguodmakkers gauris de oarsprongsferhalen fan harren âldste personaazjes. Soks kin útinoar rinne fan it tafoegjen fan earder net neamde details dy't sûnder swierrichheden ynpast wurde kinne, fia it feroarjen fan details om bgl. moderne technology (lykas mobile tillefoanen) yn it ferhaal op te nimmen, oant it ôftankjen fan it besteande ferhaal en it optinken fan in folslein nije eftergrûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.