Springe nei ynhâld

Troch bedwelming mooglik makke sedemisdriuw

Ut Wikipedy

In troch bedwelming mooglik makke sedemisdriuw (miskien better bekend ûnder de Ingelske term drug-facilitated sexual assault of DFSA) is in sedemisdriuw, lykas seksuële oantaasting of ferkrêfting, dat mooglik makke wurdt troch derfoar te soargjen dat it slachtoffer út 'e tiid rekket troch har of him temûk in bedwelmjend middel ta te tsjinjen. Ornaris wurdt der dan in piltsje of in poeierke, lykas it beruchte middel Rohypnol ®, oan in drankje tafoege as it slachtoffer der eefkes net om tinkt. Mar ek komt it foar dat it slachtoffer troch (al of net frijwillich) oermjittich alkoholgebrûk al út 'e tiid rekke is, en dat de dieder dan op opportunistyske manear misbrûk makket fan 'e sitewaasje. Mei't in bedwelme persoan foar de wet per definysje wilsûnbekwaam is, kin it by lykfol hokker seksuële aktiviteiten oft der yn dy steat ek mei har of him útfierd wurde, allinnich mar om ferkrêfting of (as der gjin ynkringing fan it lichem plakfynt) seksuële oantaasting gean, sels al hie it slachtoffer der wol mei ynstimd as sy of hy dêrta by steat west hie.

Troch it tatsjinjen fan middels as rohypnol, dy't rookleas en smaakleas binne, wurdt it slachtoffer net inkeld bedwelme, mar teffens wekje sokke middels anterograde amnesy op, in foarm fan ûnthâldsferlies dy't it oanmeitsjen fan nije oantinkens tsjinhâldt fan it momint ôf dat it middel aktyf wurdt (koart nei it ynnimmen) oant it útwurke is (wat ôfhinget fan 'e tatsjinne doasis). Sadwaande kinne slachtoffers fan in troch bedwelming mooglik makke sedemisdriuw har der neitiid yn 'e regel neat fan tebinnenbringe, sels net as se ûnderwilens hielendal of foar in part by bewustwêzen west hawwe. As slachtoffers by besleur komme op in oar plak as dêr't se wiene doe't se foar it lêst helder wiene, en tekens opmerke dy't wize op seksueel misbrûk (lykas missende of yn 'e war brochte klean, blauwe plakken en/of kniezings, de oanwêzigens fan sperma, in skrinende of pynlike fagina en/of anus, of ynwindich bloedferlies), wylst se dêr gjin inkele oantins oan hawwe, is dat paradoksalernôch geastlik faak skansearjender as in ferkrêfting dy't it slachtoffer hielendal bewust meimakket. In grut part fan 'e troch bedwelming mooglik makke sedemisdriuwen binne saneamde date rapes, wêrby't de dieder dejinge is dêr't it slachtoffer mei op in ôfspraakje wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.