The DUFF (film)

Ut Wikipedy
The DUFF
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ari Sandel
produsint Susan Cartsonis
McG
Mary Viola
senario Josh A. Cagan
basearre op de roman fan Kody Keplinger
kamerarezjy David Hennings
muzyk Dominic Lewis
filmstudio Vast Entertainment
CBS Films
Wonderland Sound and Vision
distribúsje Lionsgate Films
CBS Films
spilers
haadrollen Mae Whitman
Robbie Amell
byrollen Bella Thorne
Skyler Samuels
Bianca Santos
Allison Janney
Ken Jeong
Nick Eversman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 febrewaris 2015
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje, jeugdfilm
taal Ingelsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $8,5 miljoen
opbringst $43,7 miljoen

The DUFF is in Amerikaanske romantyske komeedzje en jeugdfilm út 2015 ûnder rezjy fan Ari Sandel, mei yn 'e haadrollen Mae Whitman en Robbie Amell. De titel ferwiist nei in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm dy't mank jongerein brûkt wurdt. It is in ôfkoarting dy't stiet foar "Designated Ugly Fat Friend", oftewol de "Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst", it lilke(re) en/of grouwe(re) lid fan in freonegroep, dat sels net begearlik is, mar troch oaren as oansprekpunt brûkt wurdt foar ynformaasje oer syn/har tsjeppe(re) freon(dinne)n. De film is loskes basearre op de roman mei deselde namme fan Kody Keplinger. It ferhaal folget Bianca Piper, in learlinge oan in Amerikaanske middelbere skoalle, dy't op in dei troch in petear mei har taktleaze buorjonge ûntdekt dat sy de DUFF fan har freondinnegroep is. Dat feroaret har libben folslein. The DUFF krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bianca Piper is in Amerikaanske teenager yn in foarstêd fan Atlanta, dy't goed leare kin en oan 'e ein fan har lêste jier is op 'e middelbere skoalle. Se wennet by har mem Dottie, dy't de kost fertsjinnet troch selshelpboeken te skriuwen en lêzings te jaan. Har heit is inkele jierren earder fan har mem skieden en spilet gjin rol mear yn Bianca har libben. Nettsjinsteande dat hat se in frij gelokkich en soargeleas bestean. Se hat twa bêste freondinnen, de leave Jess Harris, dy't hast eltse dei efter de naaimasine sit om't se moade-ûntwerpster wurde wol, en de stoere Casey Cordero, dy't spits is yn it skoalfuotbalteam en dêrnjonken aktyf is as hacker. Allebeide binne dy in stik oantrekliker as sysels. Mei syn trijen foarmje se in hecht groepke dat hast altyd byinoar is, sawol op skoalle as yn 'e frije tiid. Bianca is al tiden fereale op Toby Tucker, dy't ek yn 'e eksamenklasse sit. Hy is in gefoelige, kreätive jonge dy't gitaarspilet en syn eigen lieten skriuwt. Bianca hat him lykwols nea ferteld wat se foar him fielt om't se dat net doar.

Op in dei wurde Jess en Casey (en dêrom ek Bianca, dy't by harren is) yn 'e gong op skoalle oanholden troch Madison Morgan. Sy is it moaiste famke fan 'e klasse, mar ek it grutste kring fan 'e skoalle. Se nûget Jess en Casey út foar in feest dat se jout, mar partet Bianca foarby. Casey twingt har lykwols om ek Bianca as gast te akseptearjen. It feest is dyselde jûns al, en Bianca hat der mingde gefoelens oer, mar Jess en Casey beprate har om mei. Op it feest wurdt Bianca oansprutsen troch har buorjonge Wesley Rush, dy't in knipperljochtrelaasje mei Madison hat. Hy is ek in klasgenoat fan harres, in sportive jonge dy't de oanfierder fan it Amerikaansk fuotbalteam fan 'e skoalle is. Bianca is mei him opgroeid en brocht as lyts bern in protte tiid mei him troch, mar sûnt binne se folslein útinoar groeid.

Wesley wol fan Bianca witte oft Casey al in feint hat. Yn it petear bringt er op 't aljemint dat Bianca ommers de "DUFF" fan Casey en Jess is. Bianca wit net wat dat betsjut, dat Wesley is sa freonlik om it har út te lizzen. In DUFF (in Ingelske ôfkoarting foar "Designated Ugly Fat Friend", oftewol de "Lilke Fette Freon(dinne) fan Tsjinst") is it lilke(re) en/of grouwe(re) lid fan in freonegroep, dat sels net begearlik is, mar troch oaren as oansprekpunt brûkt wurdt foar ynformaasje oer syn/har tsjeppe(re) freon(dinne)n, sa't Wesley no mei Bianca docht. As er har mei stomheid sleine reäksje sjocht, hastiget er him om dêroan ta te foegjen dat in DUFF eins sels hielendal net lilk of grou hoecht te wêzen, salang't syn of har freon(dinne)n mar knapper/tsjepper binne as hy/sy. Dat helpt lykwols net en de swier misledige en kwetste Bianca smyt Wesley har drinken yn it gesicht en giet ferûntweardige nei hûs.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hoewol't se Wesley wol sjitte kin, beseft Bianca al rillegau dat er gelyk hat. De oare learlingen op skoalle binne allinne mar yn har ynteressearre om fia har mei Jess en Casey yn kontakt te kommen: famkes om mei de populêre fammen om te gean en jonges om mei harren út te gean. Mei har nije kennis begjint se om har hinne te sjen en yn elts freonegroepke kin se no sûnder swierrichheden de DUFF identifisearje. It makket Bianca poerrazen en se reägearret har ôf op Jess en Casey, dy't se derfan beskuldiget dat se har mei opsetsin as DUFF eksploitearje. Dat is fansels ûnsin, mei't Jess en Casey net iens witte wat in DUFF is, mar Bianca is op dat stuit net foar rede fetber. Se ûntfreonet Jess en Casey op al har sosjale media en yn persoan, en ferbrekt alle bannen mei de beide fammen. Dat betsjut lykwols dat se yn in folslein sosjaal isolemint belânet, om't nimmen no noch nei har omsjocht.

Bianca beseft dat se út it isolemint sjen moat te reitsjen. Se komt ta de konklúzje dat se feroarje moat, mar se wit net hoe't se dat oanpakke moat. Se kriget in idee as se menear Fillmore, de natuerkundelearaar, tsjin Wesley sizzen heart dat er mei rektor Buchanan oerlein hat oer Wesley syn minne sifers, en dat se besletten hawwe dat er net mear meidwaan mei oan Amerikaansk fuotbalwedstriden oant er bettere sifers hellet foar natuerkunde. Se sprekt Wesley letter oan en nei't se him fertelt hat dat se him noch altyd hatet, stelt se in folslein saaklike oerienkomst foar dêr't se allebeide better fan wurde kinne: sy sil Wesley byles jaan yn natuerkunde, en yn ruil dêrfoar moat Wesley har helpe om populêr te wurden. Wesley fynt it in apart idee, mar hy giet akkoart as er beseft dat byles fan Bianca miskien wol syn iennichste kâns is om foar de ein fan it jier noch Amerikaansk fuotbal te spyljen.

Wesley nimt Bianca mei nei it pleatslike winkelsintrum, dêr't er begjint mei har oer te leverjen oan 'e ferkeapsters fan in linzjerywinkel. Neffens him hat se nammentlik in ferkearde lichemshâlding om't se in te lytse beha draacht (kennis dy't er opdien hat fan it moaderelatearre realityprogramma Project Runway). Nei't se better ûnderguod oanskaft hat, ûndergiet se ek op it mêd fan make-up en klean in make-over. Wesley filmet har yn 'e klean dy't se past sadat Bianca it letter sels weromsjen kin en se it beprate kinne. Dêrby hawwe se in protte wille, fral as Bianca har healwiis útlibbet mei in moadepop en krekt docht as is dat Toby Tucker oan wa't se har leafde ferklearret. Wat sy en Wesley net witte, is dat Caitlyn, in klasgenoate fan harren dy't op alle fronten fungearret as hantlangster fan Madison, ek yn it winkelsintrum is en Bianca temûk tusken de kleanrekken troch ek filmet. Letter lit Wesley Bianca oefenje foar it mei útfreegjen op in ôfspraakje fan Toby troch willekeurige jonges yn it winkelsintrum oan te sprekken en te sjen oft se harren tillefoannûmers krije kin. Dat giet tweintich kear mis, mar de ienentweintichste kear hat se byt. Ek dat wurdt troch Caitlyn allegear op har mobile tillefoan fêstlein. As Caitlyn de bylden letter oan Madison sjen lit, set dy it filmke fan Bianca har strapatsen mei de moadepop daliks online, om't se Wesley as harres beskôget en jaloersk is op 'e bân tusken Bianca mei Wesley.

De oare deis op skoalle ûntdekt Bianca de fideo fan har op it ynternet, dy't har bot yn ferlegenheid bringt en dêr't alle oare learlingen har om útlaitsje. It filmke wurdt kear op kear dield fia sosjale media, oant Jess en Casey it sjogge. Hoewol't Bianca harren ôftanke hat en se lulk op har binne, wol dat net sizze dat se har fernedere sjen wolle. Jess freget Casey om der in ein oan te meitsjen, wêrnei't Casey de webside hackt en it filmke offline hellet. Logyskerwize nimt Bianca earst oan dat Wesley, dy't it foarfal mei de moadepop filme hie, foar de fideo ferantwurdlik is. As se him dermei konfrontearret, kin er lykwols bewize dat hy it net wie, om't de bylden dy't er op syn mobile tillefoan hat, út in hiele oare hoeke wei opnommen binne as de fideo op it ynternet. Wesley riedt Bianca oan om te bearen as wie it har bedoeling en publisearje it filmke, foarútrinnend op har mei út freegjen fan Toby. Se nimt syn goerie oan en stapt op Toby ta. Se freget him mei út op in ôfspraakje oansteande freed, en ta har ferrassing stimt er dêrmei yn.

Rektor Buchanan, dy't it filmke fan Bianca ek sjoen hat, beslút yn te gripen nei wat dúdlik in gefal fan narjen is, en nimt fan alle learlingen ûnder skoaloeren de mobile tillefoanen yn beslach. Dat falt net goed by de learlingen, dy't Bianca der de skuld fan jouwe. Sa wurdt se op slach de ympopulêrste persoan op skoalle. Lokkigernôch duorret de maatregel net lang, mei't Buchanan gek wurdt fan it ûnophâldlike rinkeljen, gûnzjen en fibrearjen dat út 'e twa doazen mei mobile tillefoanen yn syn kantoar komt en him it wurkjen ûnmooglik makket. Madison makket oan Bianca bekend wa't der efter it opladen fan 'e fideo sit. Se lit har sjen dat se ek bylden hat fan Bianca dy't yn it winkelsintrum willekeurige jonges oansprekt om in tillefoannûmer te bemachtigjen, en driget dat ûnder de titel "De Winkelsintrumhoer" online te setten as Bianca net by Wesley wei bliuwt. Bianca beslút har lykwols neat fan dat drigemint oan te lûken. Underwilens ûntdekt se dat it houlik fan Wesley syn âldelju op springen stiet. Se nimt him mei nei har spesjale geheime plak yn 'e bosk, in rotsblok dêr't se gauris op sitten giet te tinken en dat se dêrom de "Tinkrots" neamt. Dêr wit se him mei in petear op te fleurjen, wêrnei't er har ympulsyf op 'e mûle tutet. Neitiid meitsje se dêr grappen oer en beare se allebeide dat it neat te betsjutten hie.

Op freed, de deis foar it homecoming dance-skoalfeest op sneontejûns, giet Bianca op har ôfspraakje mei Toby, dêr't Wesley har foar traind hat. De training wie lykwols foar in ôfspraakje yn in restaurant, en dêr hat se neat oan as Toby har útnûget by him thús te iten. Hy hat nammentlik sels sushi makke. De hiele jûn besiket Bianca har oandacht derby te hâlden, want dit is dochs wêr't se sa lang fan dreamd hat. Mar eltse kear dwale har gedachten by Toby wei en nei Wesley ta. De jûn rint út op in debakel as Bianca foar it ferstân kriget dat Toby har oan it "DUFFen" is: hy bringt allinne mar tiid mei har troch om't er mient dat sy him yn kontakt bringe kin mei Jess en Casey. As se dan yn syn jiskefet ek noch in pûde fynt fan 'e ôfhel-Japanner, dy't Toby syn geëamel oer it sels meitsjen fan 'e sushi in grouwe fette leagen hjit, beseft se wat in sneu en oerflakkich mantsje oft er eins is en giet se yn triennen nei hûs. Se skillet Wesley op om mei him te bepraten wat har oerkommen is, mar kriget syn voicemail derfoar. Dêrop giet se nei de Tinkrots om it spul te beprakkesearjen, mar ta oermjitte fan ramp trappearret se Wesley dêr wylst er mei Madison oan it tútsjen is. As er letter by har oan 'e doar komt om't er har voicemailberjocht krigen hat, seit se him it mannewaar op.

Sneons siket Bianca, dy't skjin har nocht hat fan jonges, Jess en Casey wer op en ûntskuldiget se har foar har hâlden en dragen. Har freondinnen ferjouwe har en der folget in fermoedsoening. Mei help fan Bianca har mem Dottie beprate Jess en Casey har om dochs nei de homecoming dance te gean, dy't se eins leaver thús útsitten hie. Om in kleanstyl te finen dy't by Bianca past, makket Jess in seksy topke fan it rútsjese flanel fan 'e houtsjersoerhimden dy't se altyd draacht, dat se fêstnaait oan 'e rok fan it sjike jurkje dat se kocht hie foar har ôfspraakje mei Toby Tucker.

Op 'e homecoming dance yn 'e kantine fan 'e skoalle lûkt Bianca by binnenkomst alle eagen. Toby sjocht har no ynienen wol stean en besiket har oan te sprekken, mar se poeieret him fuortendaliks ôf. Se siket Wesley op, en ûntskuldiget har foar har hurde wurden fan 'e jûns tefoaren. Fansels binne se noch wol freonen, mar it punt is, se is fereale op him rekke. Dêr heart Wesley raar fan op, mar hy fertelt har dat de ferkearing tusken him en Madison krekt wer oan rekke is. As Madison Wesley mei Bianca praten sjocht, komt se derop ta en begjint se Bianca te misledigjen en neamt har in DUFF. Mar Bianca fertelt har dat eltsenien wolris de DUFF is, om't der altyd wol immen is dy't oantrekliker is. Se hâldt Madison foar dat it wichtichste is dat men trou bliuwt oan jins eigen identiteit. Dêr heakket se oan ta dat Madison har narjen inkeld sjen lit hoe ûnwis se oer harsels is. Sokke filosofyske bespegelings binne oan Madison lykwols net bestege.

It petear tusken de beide fammen komt in ein oan as rektor Buchanan op it poadium oankundiget dat er bekendmeitsje sil wa't der ta homecoming king en homecoming queen keazen binne. Dat is foar Madison it spul dêr't de hiele jûn om draait, dat se fljocht nei foarren ta en skuort Wesley mei. As earste wurdt de homecoming queen bekendmakke: dat is Madison, dy't dêryn de juste oarder fan har wrâld befêstige sjocht. Se wurdt op it poadium kroane troch Buchanan, dy't dêrnei de homecoming king bekendmakket. Dat is Wesley, dy't op dat stuit healwei Madison op it poadium en Bianca efter yn 'e seal stiet. Rektor Buchanan ropt him op om op it poadium te kommen. Wesley sjocht foarút nei Madison, oer it skouder nei Bianca, wer nei Madison en nochris nei Bianca, as wifelet er wat er dwaan sil. Dan set er alle twifel fan him ôf, en ta grutte ferrassing fan Madison, rektor Buchanan en alle oanwêzige learlingen, keart er Madison de rêch ta, stapt op Bianca ôf en tutet har fol en yntym op 'e mûle. Oanmoedige troch de measten fan harren klasgenoaten ferlitte Wesley en Bianca tegearre de seal, wylst in mei stomheid sleine Madison allinne op it poadium efterbliuwt.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mae Whitman.
Robbie Amell.
haadrollen
personaazje   akteur/aktrise
Bianca Piper Mae Whitman
Wesley Rush Robbie Amell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Madison Morgan Bella Thorne
Jess Harris Skyler Samuels
Casey Cordero Bianca Santos
Dottie Piper Allison Janney
menear Arthur Ken Jeong
Toby Tucker Nick Eversman
Caitlyn Rebecca Weil
rektor Buchanan Romany Malco
menear Fillmore Chris Wylde
menear Gomez Erick Chavarria
Trevor J.J. Green
Mariah Murielle Telio
Kara Mahaley Manning
Jarrett Demetrius Bridges
Carrie Wescovich Danielle Sherrick
Maya Danielle Lyn

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The DUFF waard regissearre troch Ari Sandel nei in senario fan Josh A. Cagan, dat loskes basearre wie op 'e roman The DUFF fan Kody Keplinger út 2010. As produsinten wiene Susan Cartsonis, McG en Mary Viola by it projekt belutsen foar de filmstudio's Vast Entertainment, CBS Films en Wonderland Sound and Vision. Foar de film wie in budget beskikber fan $8,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Hennings, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dominic Lewis. De haadrol waard ferjûn oan Mae Whitman, in aktrise dy't skriuwster Kody Keplinger dêr al foar yn 'e holle hân hie noch foar't it boek útkommen wie, nei't se har sjoen hie yn 'e tillefyzjesearje Parenthood.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar The DUFF setten yn juny 2014 útein en duorren oant en mei 9 july fan dat jier. De film waard yn syn gehiel opnommen yn Atlanta en foarstêden, dêr't filme waard yn û.m. de Henry W. Grady High School, de Marietta High School, it winkelsintrum de Perimeter Mall, de skouboarch it Cobb Energy Performing Arts Centre en Stone Mountain Park.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The DUFF waard fersoarge troch CBS Films fia Lionsgate Films. De film gie op 12 febrewaris 2015 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 20 febrewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 febrewaris 2015 by platemaatskippij Islands Records. The DUFF kaam op 26 maaie 2015 beskikber as digitale download en waard op 9 juny fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Ferskillen mei it boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plot fan 'e film wykt frijwat ôf fan dy fan 'e roman The DUFF fan Kody Keplinger. Feitliks is de plot fan 'e film sa ferienfâldige en feroare dat it amper werom te kennen is as men it boek lêst. Sa wurdt de hiele subplot út it boek oer de skieding fan Bianca har âlden en it alkoholisme fan har heit weilitten, en itselde jildt foar Bianca har heit sels. Yn it boek is har mem de grutte ôfwêzige en wennet se yn by har heit. Toby Tucker en Bianca har freondinnen Casey en Jess hawwe yn it boek folslein oare persoanlikheden, wylst de antagoniste út 'e film, Madison Morgan, hielendal net yn it boek foarkomt. Fierders is alle seks út it boek yn 'e film weiwurden en is de frijwat swakke ein fan it boek yn 'e film folslein feroare yn in spannende klimaks.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The DUFF oer it algemien positive resinsjes. Sa joech David Lewis fan 'e San Francisco Chronicle de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Sandel syn film hat waarmte, in stikmannich goede grappen en in fatsoenlik boadskip. Yn dit tiidrek fan cybernarjen is dat neat om op del te sjen." Op 'e webside RogerEbert.com parte ek Christy Lemire de film 3 fan 4 stjerren ta. Hja wie fral ûnder de yndruk fan Mae Whitman yn 'e rol fan Bianca Piper: "Whitman lit komyske timing sjen dy't sûnder lek of brek is en ynspirearret konsekwint mei de kar dy't se makket oangeande útspraak en klam, reäksje, sels de minste gesichtsútdrukking. Hja strielet fol selsfertrouwen yn in rol fol selsspot, en it is ûnwjersteanber."

Lindsey Bahr fan parseburo Associated Press skreau: "Hoewol't dizze film net sa hurd tahuft as Mean Girls, noch sa leaflik […] is as Easy A, is it oprjochte en soms fermaaklike The DUFF in moaie tafoeging oan 'e kanon." Yn The Hollywood Reporter skreau Sheri Linden dat it "sintrale pear ûnwierskynlike bûnsgenoaten" sûnder mis "de sympaty fan in jong bioskooppublyk winne" soe. Kritisy dy't net folle fan 'e film hawwe moasten, wiene Michael Phillips fan 'e Chicago Tribune en Claudia Puig fan USA Today, dy't The DUFF allebeide 2 fan 4 stjerren joegen. Puig neamde de film "in oerflakkige oade oan selsakseptaasje fan teenagers" en fûn dat Mae Whitman "better materiaal fertsjinnet".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The DUFF in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 120 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "The DUFF berikt gjin treflikens op it mêd fan 'e jeugdfilm, mar jout yn foldwaande mjitte in postmoderne draai oan it sjenre om him oan te rikkemandearjen – en omfiemet karakteristyk geweldich aktearwurk fan Mae Whitman." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The DUFF in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 28 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The DUFF brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $34,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $9,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $43,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $8,5 miljoen betsjut dat in winst fan $35,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. The DUFF ûnderfûn yn 'e bioskopen konkurrinsje fan û.o. Fifty Shades of Grey en Kingsman: The Secret Service, dy't tagelyk draaiden.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The DUFF waard nominearre foar 5 Teen Choice Awards, wêrûnder de prizen yn 'e kategory favorite komeedzjefilm, favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Mae Whitman), favorite akteur yn in komeedzjefilm (Robbie Amell) en favorite tút (Whitman en Amell). De film wûn de Teen Choice Award foar favorite smjunt (Bella Thorne as Madison Morgan). The DUFF waard ek nominearre foar in Young Artist Award yn 'e kategory bêste byrol fan in jonge aktrise (Bella Thorne).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.