Kody Keplinger
Kody Keplinger | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 augustus 1991 | |
berteplak | Owensboro (Kentucky) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & jeugdboeken | |
bekendste wurk(en) |
The DUFF | |
jierren aktyf | 2010 – no | |
offisjele webside | ||
kodykeplinger.com |
Kody Keplinger (Owensboro, 8 augustus 1991) is in Amerikaansk skriuwster fan benammen literatuer foar jongfolwoeksenen. Se is it bekendst wurden mei har debútroman The DUFF.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keplinger waard yn 1991 berne yn Owensboro, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. Hja genoat har oplieding oan it Ithaca Kolleezje yn Ithaca (New York).
Yn it lêste jier fan 'e middelbere skoalle, doe't se santjin jier wie, skreau Keplinger har debútroman The DUFF. Doe't dat boek yn 2010 útjûn waard, helle it de bestsellerlist fan The New York Times. It is noch altyd har bekendste wurk. It waard yn 2015 ûnder deselde titel ferfilme.
Anno 2023 hat Keplinger noch seis oare romans skreaun, wêrûnder Lying Out Loud (2015), dat deselde setting hat as The DUFF, mar mei oare haadpersoanen gjin ferfolch neamd wurde kin. Yn 2021 skreau Keplinger fierders yn gearwurking mei yllustratrise Sara Kipin de grafyske roman Poison Ivy: Thorns, oer de supersmjuntinne Poison Ivy.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keplinger wennet yn New York, dêr't se workshops yn kreätyf skriuwen jout.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- 2010 – The DUFF
- 2011 – Shut Out
- 2012 – A Midsummer's Nightmare
- 2014 – The Swift Boys & Me
- 2015 – Lying Out Loud
- 2016 – Run
- 2020 – That's Not What Happened
- grafyske romans
- 2021 – Poison Ivy: Thorns (mei yllustratrise Sara Kipin)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |