Tige wolkom!
De
Feriene Steaten (Ingelsk:
United States, ôfkoarte
U.S.), formele namme
Feriene Steaten fan Amearika (Ingelsk:
United States of America, ôfkoarte
U.S.A.), is in
Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten en it
Distrikt fan Kolumbia. De steaten
Alaska en
Hawaï grinzgje net oan de oare 48 steaten. De 48 steaten grinzgje yn it noarden oan
Kanada, yn it easten oan de
Atlantyske Oseaan, yn it suden oan
Meksiko en oan de
Golf fan Meksiko, en yn it westen oan de
Stille Oseaan. De steat leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de
Noardpoalsee yn it Noarden, oan
Kanada yn it easten, oan de
Stille Oseaan yn it suden en oan
Ruslân yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat . Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne. De haadstêd fan it lân is
Washington D.C.,
New York City is de grutste stêd en it ekonomyske sintrum.
Lês fierder...