Springe nei ynhâld

Nij-Helveesje

Ut Wikipedy
Sutter's Fort, 1849

Nij-Helveesje (Spaansk: Nueva Helvetia), dat betsjut Nij-Switserlân, wie in delsetting yn Kalifornje, yn de 'Meksikaanske tiid' fan dy steat.

De Switserske pionier John Sutter kaam yn augustus 1839 mei oare kolonisten yn Meksikaansk Alta California oan. Hy festige dêr de lânbou- en hannelskoloanje, mei in fort anneks, Sutter's Fort, mei de namme "Nueva Helvetia" yn 1840. De delsetting lei mar in pear kilometer east fan it plak dêr't syn soan, John Sutter, Jr., Sakraminto stiftsje soe. It leit no binnen de stedsgrins fan dy stêd.

Sutter's Fort is bewarre bleaun in California State Historic Park.