Washington Monumint

Ut Wikipedy
It Washington Monumint.

It Washington Monumint is in obelisk yn de stêd Washington, D.C. It monumint, makke fan moarmer, granyt en sânstien, is boud om de “heit fan it lân” te earen, generaal George Washington, dy’t de Feriene Steaten nei ûnôfhinklikens laad en de earste presidint fan it lân wie. It monumint is it heechste stiennen bouwurk fan de wrâld en de wrâlds langste obelisk, mei 169,294 meter.[1] Der binne wol oare pylders op de wrâld dy’t heger binne, mar dy binne of net fan stien, of binne net in wiere obelisk. Ek is it it heechste bouwurk fan Washington, D.C.

De obelisk stiet deunby de westlike ein fan de National Mall, dy't rint fan it Tinkteken foar Lincoln oan it Amerikaanske Kapitoal ta. It Washington Monumint is op 'e noed fan 'e National Park Service.

It Washington Monumint om 1860 hinne. Sa hat it monumint der 25 jier bystien.

De earste plannen foar de bou fan in stânbyld foar George Washington ûntstienen al yn de tiid dat Washington noch libbe. Yn 1832 stiften boargers de Washington National Monument Society de 100e bertedei fan Washington, mei as doel it finansierjen fan in stânbyld foar Washington. Nei in ûntwerpwedstriid yn 1836 kaam Mills as winner út de striid, syn ûntwerp bestiet út in obelisk mei oan de foet in earegebou mei stânbylden fan Washington en oare wichtige minsken út de skiednis fan de Feriene Steaten. De earste stien waard lein op 4 july 1848, de topstien waard lein op 6 desimber 1884. It Washington Monumint waard op 21 febrewaris 1885 ynwijde en it is offisjeel iepene op 9 oktober 1888. It hat al mei al mear as fjirtich jier duorre fan it begjin fan de bou oant de offisjele iepening. Dat hat ûnder oare te krijen mei de Amerikaanske Boargerkriich dy't yn dy tiid útbrutsen wie. Hjoed de dei lit in ferskil yn kleur op likernôch 46 meter yn it bouwurk sjen wêr’t mei de bou stoppe waard en fan wêr ôf letter wer begûn is mei bouwen. Mills sels hat nea sjoen hoe't de obelisk wurden is, hy ferstoar yn 1855. Fan Mills syn ûntwerp soe úteinlik allinne de obelisk oerbliuwe. Doe’t it gebou ree wie, wie dat it heechste gebou fan de wrâld, in titel dat it oernaam fan de Dom fan Keulen. It monumint soe it heechste gebou op de wrâld bliuwe oant it stuit de Eiffeltoer yn Parys ree wie.

Fan 1998 oant 2000 hat in grutte renovaasje plak fûn wêrby ûnder oare de 193 tinkstienen, dy’t yn it monumint lizze, restaurearre binne.

It Washington Monumint is iepene foar it publyk. Minsken kinne nei de top fan it monumint komme mei de lift of troch de trep fan 893 treden te nimme. Op de top hat men in útsjoch oer de heule stêd.

Commons Commons: Washington Monument – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frequently Askes Questions, US National Park Servic (sjoen op 22 desimber 2009)