Springe nei ynhâld

Niagarawetterfal

Ut Wikipedy
Horseshoe Falls
Râne fan ien fan de wetterfallen
Toeristen op in boatsje by de wetterfallen
Horseshoe Falls
American Falls en Bridal Veil Falls

De Niagarawetterfallen (Ingelsk: Niagara Falls, Frânsk: chutes Niagara) hearre ta de grutste en bekendste wetterfallen fan de wrâld. De wetterfal bestiet út trije parten: de Horseshoe Falls, de American Falls en de Bridal Veil Falls. Se lizze op de grins fan de Feriene Steaten en Kanada tusken twa stêden mei deselde namme: Niagara Falls yn de Amerikaanske steat New York en Niagara Falls yn de Kanadeeske provinsje Ontario. De stêden binne ferbûn troch de Rainbow Bridge, in brêge oer de rivier de Niagara, ûnder de wetterfallen.

It ferfal fan de wetterfallen is net sa grut, yn trochsneed sa'n 60 meter, mar de breedte en de hoemannichte wetter dy't de Niagarawetterfallen passearret, soargje wol foar in grut spektakel. Oan de Amerikaanske kant stiet men neist it wetter dat oer de râne nei ûnderen ta falt. Oan de Kanadeeske kant kin men net allinnich de American Falls, mar ek de Horseshoefalls yn harren folle gloarje bewûnderje.

Der wurdt yn Niagara in soad elektrisiteit opwekt en de hoemannichte wetter dy't oer de râne nei ûnderen stoart, is dan ek frij krekt regele. De wetterfallen hawwe har yn geologysk tempo troch de leechte fan de rivier de Niagara hinne ferpleatst en in stikje fierder de stream ôf is te sjen mei hokfoar krêft oft de mealstream fan it fallen wetter de rotsen oan de foet fan de fal útholle hat. Der binne dêr nauwe metersdjippe trochgongen en kleauwen yn de rotsen fûn dêr't amperoan in minske yn past.

Toeristen kinne de wetterfallen fan tichteby besjen troch in kaartsje te keapjen foar de Maid of the Mist, in boatsje dat tige ticht by de wetterfallen lâns fart.

De trije wetterfallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Horseshoe Falls

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Horseshoe Falls, ek bekend as Canadian Falls, is it bekendste diel fan de Niagarawetterfallen. Likernôch 90% fan it wetter fan de rivier de Niagara streamt oer de Horseshoe Falls, wylst sa'n 10% oer de American Falls streamt. De namme 'hoefizerwetterfal' komt fan de healrûne foarm fan dy wetterfal. Dat part fan de Niagarawetterfallen leit op de grins fan de Feriene Steaten en Kanada, foar it grutste part op Kanadeesk grûngebiet, om krekt te wêzen tusken Terrapin Point op Goat Island yn de steat New York en Table Rock House yn Ontario.

De Horseshoe Falls is 671 meter breed. Yn de midden fan de Horseshoe Falls is it wetter sa'n 3 meter djip en passearret it de râne fan de wetterfal mei in faasje fan 32 km/h. De hichte fan de wetterfal is 53 meter. De djipte fan de rivier oan de foet fan de wetterfallen is sels mear as de hichte fan de wetterfal, neffens rûzing sa'n 56 meter.

Tusken Horseshoe Falls en de twa oare wetterfallen leit Goat Island. Twa brêgen boppe de wetterfallen ferbine it eilân mei de Amerikaanske kant.

De American Falls is de grutste fan de twa Niagarawetterfallen dy't folslein yn de Feriene Steaten lizze, mar is lytser as de Horseshoe Falls. De breedte oan de top fan American Falls is yn in rjochte line sa'n 253 meter. De totale lingte fan de bûgde râne is likernôch 290 m. De hichte fan de wetterfal is 21 meter, wêrnei't it wetter op in stikmannich rotsen falt dy't dêr ûntstien binne troch in grutte ferskowing yn 1954. De djipte fan it wetter oan de top fan American Falls is mar 0,6 m.

Bridal Veil Falls

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de American Falls leit in eilantsje, Luna Island, sadat dy wetterfal út twa parten bestiet: rjochts de eigentlike American Falls en lofts de lytste fan trije wetterfallen, Bridal Veil Falls. Lykas de American Falls leit dy wetterfal hielendal op it grûngebiet fan de Feriene Steaten, tusken Luna Island en Goat Island. De breedte oan de top fan de Bridal Veil Falls is mar 17 meter. It ferfal fan Bridal Veil Falls is 24 m, metten oant de rotsblokken ûnderoan de wetterfallen. Oan de foet fan de wetterfallen leit, 31 meter ûnder de top, de Maid of the Mist Pool. It totale ferfal is 55 meter.

In fuotgongersbrêge boppe de wetterfal ferbynt Goat Island mei Luna Island.


Panoramafoto fan de Horseshoe Wetterfal, sjoen fan de boppekant ôf