List fan strjitten op De Jouwer
Appearance
(Trochferwiisd fan Strjitten fan De Jouwer)
De Strjitten fan De Jouwer:
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- De Aak - de aak as fartúch
- Achterom - (sûnt 1967 Brêgestrjitte) It Achterom wie in beboude ferbining tusken en de Simonstege (letter Hobbe fan Baerdtstrjitte). Sa koe men achterom de Midstrjitte rinne.
- Albert Einsteinwei - Albert Einstein wie grûnlizzer fan de relativiteitsteory.
- Aliehoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve.
- Ambachtswei - strjitte op it bedriuweterrein
- Anker - om in skip mei fêst te lizzen
- Appelhofleane - op dit stik lân is yn 1749 in fruchtbeamkwekerij fan Wybren Krijns oanlein. Letter waard dit de Taconistún dy't yn 1927 opheft waard.
- Appelwyk - Eartiidse ynstekhaven fan de Oerspitting, fuort efter de slûs by it Tolhûs. Waard yn 1649 al sa neamd en yn 1880 tichtsmiten.
- Aukebaas - neamd nei Auke Holtrop van der Zee (1854-1939) dy't mei syn heit Eeltsje Holtrop (Eeltsjebaas) ferskate Fryske houten skipstypen makke op de werf oan de Sylroede.
- Hobbe fan Baerdtstrjitte - Hobbe fan Baerdt (1591 - 1657 wie bouhear fan de herfoarme tsjerke en grytman fan Haskerlân fan 1615-1650. Boppedat wie er lid fan de Fryske Steaten en Admiraliteit en kurator fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer.
- Bakboard - linkerkant fan in skip by it roer wei besjoen. Bak komt fan 'back', de stjoerman stie hjir mei de rêch hinne, hy stie oan stjoerboard te stjoeren.
- Barte - houten planke as oprin nei in boat. Ek in losse flonder oer in sleat, kin troch in skipper oan de kant skood wurde.
- It Beaken - tûne of peal yn farwetters.
- Binnenpaad - earder fuotpaad fan Westermar nei Haskerhoarne rûn.
- Blaauwhofleane - Oan de Hege Simmerdyk stie in appelhof, neamd nei de pleats Blaauwhof oan de Lindedyk ûnder Slikenboarch. Dêr wenne yn har jeugd Theodora Kortenhorst, de earste frou fan Johannes Hessels de Jong (1833-1883). De famylje De Jong hie yn de Súdwestpolder in soad eigendommen. De tún stie letter bekend as de Taconistún.
- De Bleek - op it hiem waard de wask lein te drûgjen en te bleekjen
- Boech - foarstjûne fan in skip
- De Boeier - boeier as skipstype.
- Boekeleane - bûkebeam; leit foar in part op de eardere Taconistún.
- Boeresingel - âld paad neist Heremastate dat troch boeren brûkt waard om by de Jonkersfeart te kommen.
- Bolder - om skipstouwen op fêst te setten.
- Elias Anne Borgerstrjitte - Elias Annes Borger ( De Jouwer, 1784 - 1820), wie teolooch en heechlearaar. Hat it gedicht 'Ode aan de Rijn' skreaun en waard yn syn tiid It Fryske Wûnder neamd.
- Boulust - Boulust wie in koöperative wenningbouferiening dy't hjir yn 1898 in blokje fan fiif huzen 'voor den werkman' bouwe liet.
- Titus Brandsmawei - Anno Sjoerd Brandsma, ( Hartwert, 1881 - Dachau, 1942 ) wie karmelyt en heechlearaar oan de roomske universiteit yn Nymwegen. Die in soad foar de Fryske taal en kultuer en wie geastlik adviseur fan de roomske deiblêden yn de Twadde Wrâldoarloch.
- Brêgestrjitte - earder Achterom, neamd nei gebou 'De Brêge' dat yn 1961 troch de Dútsers yn it ramt fan "Aktion Sühnezeichen'bou en skonken waard as herfoarme jeugdgebou. Letter tsjerkegebou wurden.
- De Brekken - De Brekken
- Broeresleat - Broeresleat
- Brouwerstrjitte - in âlde stege neamd nei de famylje Arjan en Gjalt Brouwer dy't dêr in brouwerij hienen. Oan de stegen stienen earder faak ienkeamerwenninkjes dy't ferhierd waarden troch húskesmelkers. Ticht by de Kolk stie de pleats fan Durk van der Zee.
- Bûterstrjitte - earder 'Bûterstege' dy't yn 1699 neamd wurdt as 'Butersteige'. Ferwiist nei de bûterwaach. De feart njonken de Bûterstrjitte waard yn 1953 dimpt.
- Bûtsingel - eins 'earste Bûtsingel', der wie eartiids nei alle gedachten noch in twadden-ien, om de net foltôge state Baerdt, dy't letter Frouwe Aurelia fan Hillemapleats neamd waard. De namme wurdt yn 1897 foar it earst neamd.
- Madame Curiewei - Maria Curie-Sklodowska, Poalske gelearde dy't in skiekundich elemint polonium ûntdekte en mei har man it elemint radium
- De Ekers - op bedriuwenterrein De Ekers, ferwiist nei de lannen yn de Haskerfeanpolder
- Dek - diel fan in skip.
- De Merk - nei de ferneamde Jouster hynstemerk, de Jouster Merk, dy't sûnt 1466 altyd op de lêste tongersdei fan septimber hâlden wurdt.
- Dodo fan Haskastrjitte - Dodo fan Haske, ek Sillige Dodo, wie in premonstratinzer muonts dy't fan it kleaster by Hallum oer Bakkefean nei De Haske kaam en dêr by de kapel in klûs boude dêr't er yn libbe. Hy stoar op 30 maart 1231 ûnder syn ynstoarte klûs en waard sillich ferklearre troch de roomske tsjerke. Op dit plak waard letter it kleaster Marije' Roazedelle of Hasker Konvint boud. Op de fûneminten dêrfan waard yn 1818 de hjoeddeiske kapel fan Haskerdiken boud.
- Driessenstrjitte - dokter J.G. Driessen wie hûsarts op De Jouwer fan 1881-1910. Mei syn frou Aurelia Vegelin van Claerbergen stelde hy Heremastate beskikber foar de bou fan in sanatoarium tsjin tuberkuloaze. Hy wenne sûnt 1897 yn in filla oan de Geert Knolwei, op it plak dêr't de bibleteek stie, en neamde it JAMJA (foarme fan de earste letters fan syn fiif dochters)t.
- Drolshagenplein - nei de Dútske partnerstêd Drolshagen dêr't De Jouwer sûnt 1969 in freonskipsbân mei hat.
- Dûkdalf - swiere steane peal om skippen oan fêst te lizzen. Neamd nei de Spaanske lânfâd Duc d'Alva út de Tachtichjierrige Oarloch.
- Easterstrjitte - foarme yn 1905 de útwreiding fan Westermar nei it easten. De koöperative wenningbouferiening 'Volharding' boude hjiroan yn 1905 in blok fan tsien huzen.
- Edisonwei - Thomas Edison (1847-1931) wie in útfiner mei wol 2500 patinten dy't in soad útfinings praktysk brûkber makke
- Eeltsjebaas - Eeltsje Holtrop van der Zee (1823-1902) begûn as skipsbouwer op de noch besteande werf oan de Jouster Sylroede. Hy boude sa'n 850 houten fiskers- binnenfeart- en plezierskippen fan 20 ferskillende types. Benammen syn tsjotters wienen ferneamd, hy waard yn 1893 opfolge troch syn soan Aukebaas.
- Eeltsje Halbertsmastrjitte - Dokter Eeltsje Halbertsma, skreau ûnder oare it Frysk folksliet.
- Douwe Egbertsplein - nei Douwe Egberts waard dit plein yn 1953 neamd by it 200-jierrich bestean fan it fabryk.
- Elisabethhoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve.
- Fabrykswei - leit op it bedriuwenterrein.
- De Finne - stik greide dat net foar heawinning brûkt wurdt. Der rint meast melkfee of jongfee.
- Firmawei - ferwiist nei ûndernimmingen op it bedriuwsterrein.
- Fiskstrjitte - hiet earder Fisksteech, neamd nei de fiskmerk dy't letter ferhuze nei de Toerstrjitte. Neist de steech rûn oant 1953 in feart om de hannel oan te fieren.
- De Fiver - in fly-over by it nije Knooppunt De Jouwer
- Fok - trijehoekich foarseil op in boat.
- Fokkestaach - staach fan de stjûne nei de mêsttop fan in skip.
- Gaffel - rûnhout dêr't it grutseil oan hinget.
- Gerben Martensstrjitte - nei de boer dy't hjir yn de 18e iuw in pleats hie. Gerben Martens liet syn skuorre ôfbrekke om de sân hierkeammerkes te bouwen en waard sa húskemelker. Ferbân mei bynamme Joadesteech ûnseker.
- Gieljittersstrjitte - nei de stifting fan in 'giel'koperjitterij troch de famylje Keverling dat no it Museum De Jouwer wurden is.
- Gyk - rûnhout ûnderoan it grutseil.
- Gysbert Japikstrjitte - Fryske skriuwer Gysbert Japiks (1603-1666)
- Griene Dyk - fan de âlde syl by it Tolhûs lâns de Jouster Sylroede nei de grins mei Doanjewerstâl, wurdt al yn 1878 sa neamd.
- Groenendalstrjitte - earst in reed, doe in steech en letter in wei as ferbining tusken de Midstrjitte-Lyts Luchtenveld. Op healwei wenne yn de 19e iuw kastmakker Groenendal.
- Groenhof - nije wyk op it lân fan de fraters fan Tilburch. Namme as analogy mei Blaauwhofwyk.
- Handelswei - strjitte op it bedriuwenterrein Sewei.
- Dodo fan Haskastrjitte - Dodo fan Haska, norbertiner muonts fan Mariëngaarde.
- Haskerfjildwei - wei troch it Haskerfjild, dat syn namme krige fan 'Haske'.
- Haverkamp - op it stik lân waard eartiids hjouwer ferboud.
- Hege Simmerdyk - in yn 1716 ferbettere dyk om it wetter út it suden te kearen.
- De Helling - skean nei it wetter ôfrinnende konstruksje om skippen út it wetter te heljen om se op te knappen of nei it bouwen yn it wetter te litten.
- Helmhout - stjoerstôk op in boat.
- Heremastate - Heremastate is neamd nei de famylje Herema dy't it begjin 17e iuw bouwe liet net fier fan de Spaanske skâns. Wurdt yn 1697 neamd as aadklike state Herema, ek wol 'Porte' of 'Poorte'. Dit lêste wiist op in diel fan it gehiel. Nei wenning hat it sanatoarium west en it is no ûnderdiel fan it gemeentehûs.
- Hettebaas - Hette Symen Gearts (1792-1851) wie skûtmakker oan de werf oan de Jouster Sylroede. Nei him kaam Eeltsjebaas.
- It Hiem - lân dat by de pleats heart.
- De Hofcamp - in kampke lân mei in muorre of hage der om.
- Houtmounestrjitte - yn 1774 waard hjir in houtseachmole boud troch Pier Jelles Borger
- Ds. S Huismansstrjitte - Sipke Huismans (1873-1924) wie in grifformearde dûmny dy't de oanset joech ta oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip en krewearre foar de Fryske taal en kultuer.
- Hurddraversdyk - eartiids in ûnderdiel fan de grutte polderdyk fan 1716 om De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne. Op it earste stik sille koart nei 1700 hurddraverijen hâlden wêze.
- Iepensteinleane - Iepenstein wie in pleats (1917) en in stik lân dat dêr súdeast fan lei.
- Ikeleane - de iik as ferwizing nei de eardere beamkwekerij op it plak fan de Taconistún.
- Yndustrywei - op it yndustryterrein Sewei.
- It Jacht - fartúch
- Jaachpaad - paad by de Skipsleat lâns, om sylskippen lûke te kinnen as der gjin wyn wie.
- Jaansleat - Jaansleat.
- Jannahoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve.
- Johan Willem Frisostrjitte - Johan Willem Friso, (Dessau, 4 augustus 1687 - Strijensas, 14 july 1711), foarst fan Nassau-Dietz (1696-1711), Prins fan Oranje (1702-1711), steedhâlder fan Fryslân (1707-1711) en Grinslân (1708-1711), wie de âldste soan fan Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia.
- Jol - in jol as iepen boatsje.
- Jonkersboskje - fan nei de Driessenstrjitte rûn eartiids in singel as gedielte fan it fuotpaad tusken en de Simonssteech (de lettere Hobbe fan Baerdtstrjitte). Yn 1915 waard it neamd nei jonker Arent Vegelin van Claerbergen (*1850) dy't dêr in soad lân hie. Dizze jonker wie oant 1906 boargemaster fan Haskerlân en wenne yn filla Ter Huivra.
- Jordaan - oant ein 19e iuw in smel farwetter bylâns de Bûterstrjitte en de Toerstrjitte. Hjirtroch waard benammen bûter ferfierd nei de bûterwaach oan de Bûterstrjitte. Mooglike namme nei analogy fan de Amsterdamske Jordaan.
- Kajút - opbou op in skip as wenromte of om te stjoeren
- De Kearingen - âlde namme foar Haskerfjild, mooglik yn ferbân mei draaiing of kearing yn in wetter.
- Keningin Julianaleane - Keninginne Juliana
- Keningin Wilhelminaleane - Keninginne Wilhelmina
- Kyl - boaiembalke ûnderoan in skip.
- Klamp - heak op in skip om wat oan fêst te meitsjen of wat oan te hingjen.
- Klokmakkerij - neist it motel, op De Jouwer wiene in soad klokmakkerijen.
- Geert Knolwei - foar de Twadde Wrâldoarloch wie dit de Hearrenfeanske wei, de wei waard nei de oarloch omneamd nei de fersetsman Geert Knol.[1]
- De Koaiker - in fly-over by it nije Knooppunt De Jouwer
- Koaileane - komt út oan it begjin fan de Hege Simmerdyk by it klubgebou fan fuotbalferiening De Jouwer. Dat gebou en it sportfjild hjitte, nei de fuotbalklub sels earder, De Koai. Ek de tramhalte hiet De Koai nei de einekoai by in pleats dêr. De einekoai lei rjochting De Wâldfinnen.
- Koarte Ekers - in eker ins in smel stik lân tusken twa greppels of fuorgen. De ekers wienen yn dizze omkriten nochal smel.
- Kofskip - in kofskip is in platboaiem sûnder swurden foar binnenwetters en kustfeart.
- Kolkstrjitte - yn de tachtiger jierren oanlein lâns de Kolk. De Kolk waard yn 1614 groeven as ferbreding fan de Oerspitting. Sa koenen mear skippen dêr oerwinterje.
- Kompas - apparaat om mei magnetisme de koerts te bepalen.
- Koperslaggerij - koperslagger is in âld ambacht. In bekende koperslagger op de Jouwer wie Keverling, no ûnderdiel fan it Jouster Museum.
- Krim - eartiids 'Krimp', yn 1906 sa neamd nei in krimpskuorre (needskuorre) dy't dêr stie.
- Krússtrjitte - wurdt yn 1699 neamd as in stege oan it begin fan de Midstrjitte mei in krús fan reade stiennen. It ferhaal giet dat it krús hieltiten weromkaam as it weihelle waard.
- Kûperij - in kûper makke kûpen en fetten om bygelyks bûter yn te dwaan.
- Kwekerijstrjitte - Wybren Krijns begûn hjir yn 1749 mei in grutte interij en beamkwekerij. Yn 1927 waard dizze saneamde Taconistún opheft.
- Lycklemastrjitte - De Lycklemastins stie yn it eartiidse Westermar
- Lynbaanstrjitte - De lynbaan om tou te meitsjen foar boeren wurdt yn 1797 noch neamd, mar ferdwûn yn de 19e iuw.
- Lineleane - linebeam as assosjaasje mei de eardere Taconistún, in beamkwekerij.
- Lyts Luchtenveld - ferbynt de Pastorijleane mei de Hobbe van Baerdtstrjitte. Nei in buertsje fan in pear huzen en in pleats yn it ferlingde fan de Groenendalstrjitte. Yn 1967 waard dizze pleats ôfbrutsen, en letter ek de wenten. Op it plak fan de pleats kaam de 'Lyts Luchtenveldskoalle'. Grut Luchtenveld wie in gebiet benoarden de Vegelinsdyk.
- Ljouwerterdyk - dyk nei Ljouwert
- Marconiwei - Guglielmo Marconi (1874-1937) wie in elektrotechnysk yngenieur dy't yn 1895 it triedleas telegrafearjen útfûn. Hy krige yn 1908 de Nobelpriis.
- Maria Louisestrjitte - Maria Louise of Marijke-Meu (1688-17650 wie troud mei Johan Willem Friso
- Martriehoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve.
- De Meente - nei de mienskiplike greiden by De Jouwer.
- Mercatorwei - Gerard Mercator (1512-1594) wie in Flaamsk kartograaf dyt in soad lânkaarten makke en ien grutte seekaart yn 1569. Hy wie de betinker fan de saneamde Mercator-projeksje.
- Midstrjitte - de Midstrjitte rint midden troch De Jouwer op de krún fan in dyk dy't yn de lette midsiuwen oanlein waard fan de slûs by it Tolhûs nei Westermar en eastliker. De namme komt foar it earst foar yn 1670 en wie mei balstienenn fluorre yn 1615 mei oan de kanten platte stienen, de saneamde 'platsjes'.
- Mienskarwei - rint troch it leech lizzende greiden it eardere Jouster Mien Skar, noardwest fan de Skipsleat. De wei waard yn 1929 ek wol Polderwei neamd.
- Molesleat - sjoch Molewei
- Molewei - namme sûnt 1954 nei de nôtmole út 1685 en letter de Westerbergmole dy't yn 1900 ôfbaarnde en ferfongen waard troch Penninga's mole út de Saan. It foarste diel waard dêrfoar de Daam neamd, nei it tichtsmiten (1718) fan it ferbiningwetter Skipsleat-Hurdspytsje by de Kolk.
- Museumstrjitte - Museum De Jouwer stiet hjiroan. Ferbiningswei Sinnebuorren-Waachplein bylâns de Midstrjitte.
- Mûnekamp - stik lân by de eardere houtseachmûne fan de famylje Borger, sjoch ek: Houtmolestrjitte.
- Nipkowwei - Paul Gottlieb Nipkow (1860-1940) wie de útfiner fan de Nipkowskiif, in earste oanset ta telefyzjetechnyk.
- Oer de Feart - stik lân oan de oare kant fan in feart.
- De Oerspitting - nei de feart 'Hurdspytsje' dy't der bylâns rint. De feart rûn eartiids fan it Tolhûs nei de Bantsterskâns by de Fok op It Hearrenfean. De namme komt fan it graven fan it farwetter en it 'hurd' soe fan de hurde grûn komme kinne. De namme wurdt al neamd yn 1646 en mooglik al yn 1496. Nei 1932 wie it al gjin farwetter mear.
- Oksewei - in okse is in kastrearde bolle.
- Omkromte - earder paad fan De Jouwer nei Doanjewerstâl. Wurdt yn 1647 de 'singel fan Colonel thoe Schwartzenberg' of 'Colonelssingel' neamd.
- Op de Bouwen - nei de bougrûn foar ûnder oare hjouwer.
- Parallelwei - rint fan de rotonde bylâns de A7
- Pasteurwei - Louis Pasteur wie in Frânsk gemikus en baktearjolooch. Makke it faksin tsjin hûnsdûmens.
- Pastoryleane - ferbynt de Midstrjitte mei de wyk Blaauwhof. Neist de pastorije waard eartiids in blokje huzen ôfbrutsen om in ferbining mei de Midstrjitte te krijen.
- Pealskar - nei it âld tsjerhôf dat earder yn Westermar lei.
- Pelmolestrjitte - yn in pelmole 'Wielingastam' waard grôt makke. It ûnderstik stiet der noch en is ta wenhûs makke.
- Pier Panderstrjitte - keunstkilder Pier Pander
- De Piip - in fly-over by it nije Knooppunt De Jouwer
- Polderboskdyk - dyk troch de polder mei wat boskjes der oan.
- Pottebakkersstrjitte - Sanne Annes boude hjir yn 1790 in pothûs mei ûne.
- Pream - plat skip Pream
- Prins Bernhardleane - Prins Bernhard, man fan keninginne Juliana.
- Prins Willem-Alexanderstrjitte - Prins Willem-Alexander as âldste soan fan keninginne Beatrix.
- Prinses Beatrixstrjitte - Beatrix Wilhelmina Armgard , prinsesse fan Oranje Nassau, prinsesse fan Lippe-Biesterveld, (* 31 jannewaris 1938 ), âldste dochter fan keningin Juliana.
- Prinses Christinastrjitte - ( *18 febrewaris 1947 ), dochter fan prins Bernhard en keninginne Juliana.
- Prinses Irenestrjitte - ( * 5 augustus 1939 ), twadde dochter fan prins Bernhard en keninginne Juliana.
- Prinses Margrietstrjitte - Margriet Francisca (19 jannewaris 1943 ), prinses fan de Nederlannen troud mei Pieter van Vollenhoven.
- Produksjewei - wei op it yndustryterrein.
- Reade Molestrjitte - Yn de polder by de Polderbosk stie in read ferve mûne. Guon mûnen waarden eartiids mei har kleur oantsjutten. Sa stie de Giele Mole bygelyks oan de Skipsleat.
- It Reidlân - stik lân mei in soad reid tusken it gers.
- Reling - oan de bûtekant fan in skip.
- Rinzemastrjitte - hjir moat eartiids sawat de Rinsemastins stien hawwe.
- Roefke - kajút op in skip
- Roer - om in fartúch mei te bestjoeren
- Roggemolestrjitte - Om 1760 hinne stie in Roggemûne oan de Roggemûnesteech, fan de Merk nei it Hurdspytsje.
- 't Sân - troch it útdjipjen fan it Hurdspytsje en it graven fan de Kolk (1604) kaam sân frij. Yn de 17e iuw hie men it oer 'It Nije Sân' west fan de Skipsleat en it 'Ald Sân' oan de eastkant dêrfan. Letter yn 1907 wie dyselde ferdieling der wer.
- De Scharcamp - namme foar in sompige kampe lân.
- Sewei - wurdt sûnt 1755 op ferskate wizen skreaun, mooglike betsjutting 'nei it suden bûgjende dyk'. De dyk lei tusken Westermar en Haskerhoarne. De dyk hie in tal heakske bochten, oer dy dyk ried eartiids de tram nei It Hearrenfean. Yn de earste bocht lei(t) in brêge nei de heawei de polder Wyldehoarne yn. Foarby de twadde bocht stie eartiids de Lycklamastins. Yn de tritiger jierren fan de tweintichste iuw is de dûbele bocht ôfsnien. Yn dy jierren wie de autosneldyk noch net oanlein. Fan dy tiid ôf ried de frachttram mei in flauwe bocht fan Westermar nei Haskerhoarne.
- Syl - neist de âlde Slachtedyk siet by it Tolhûs in slûs
- Sinnebuorren - is parkearterrein efter de Midstrjitte by it Jouster Museum. Der wie earder in steech mei de namme Sinnebuert of Sinnebuorren en foar 1927 Keakelsteeech of Keakelstege. It wie in folkrike buert, dus mei in soad gekeakel. Yn 1881 wie hjir in grutte brân dêr't in pleats, twa skuorren, in winkel en fjouwer huzen by opbaarnden. 'It Saal' flakby de Oerspitting bleau lykwols stean. Hjir koenen dakleazen om 1900 hinne fergees in 'hokje' krije.
- Harmen Sytstrastrjitte - skriuwer Harmen Sytstra
- Sjoerd Wiersmahof - fersetsman Sjoerd Wiersma
- Skien - eartiids ek : Skiendyk, Lemsterdyk, Nije Dyk, Krúswei en Skienewei. De namme Skien is komd doe't de wei rûn nei de Al. De grins tusken Haskerlân en Doanjewerstâl rûn dêr skean.
- Skou - Skou as plat roei- of sylboatsje
- Skroef - om in boat farre te litten.
- Skûtsje - Skûtsje, as fartúch foar ferfier fan grûn, klaai en dong.
- Slachtedyk - de Alde Slachte wie ien fan de âldste Fryske binnendiken (12e iuw) as beskerming tsjin heechwetter tusken Aldskou en de âlde syl by it Tolhûs.
- Sleattemer Mar - Sleattemer Mar
- Sloep - fartúch sûnder dek.
- De Slûs - tusken it Hurdspytje (of Oerspitting) en De Kolk siet tusken 1718-1960 in slûs.
- Slûsdyk - neamd nei de slûs út 1718 yn de koart nei 1960 dimpte Hurdspytsje. De slûsdyk rûn troch nei de stoart.
- Snitser Mar - nei it wetter de Snitser Mar
- Spant - balke yn de sydkant fan in boat.
- Spegel - efterstjûne fan in skip.
- Stasjonsstrjitte - Yn 1923 waard hjir it nije tramstasjon fan De Jouwer boud foar ferbining mei Snits en De Lemmer. De tramwei nei It Hearrenfean waard al sûnt 1882 brûkt. De ferbining mei Snits rûn earst troch de Midstrjitte. Doe't de reels omlein waarden oer de Hege Simmerdyk kaam der in nij stasjon. Nei 1948 wie it dien mei it persoaneferfier mei de trem, de lêste frachttram ried yn 1968. It stasjon waard letter "Beukerstasjon", in kristlike beukerskoalle. Der wenne letter in dokter yn.
- Steiger - konstruksje oan de wâl om skippen oan te lizzen.
- De Stelle - opsmiten hichte dêr't it fee by heech wetter stean koe.
- Steven - foar- of efterstik fan in boat.
- Stjoerboard - rjochterkant fan in skip. It roer siet eartiids oan de rjochterkant.
- Suderfjildplantsoen - sjoch Suderfjildstrjitte.
- Suderfjildstrjitte - nei de eardere greiden It Suderfjild. 'Fjild' is meast in net ûntgûn stik lân fier bûten de buorren.
- Sulversmidte - Op De Jouwer hienen ferskate sulversmidden harren smidten, oan de ein fan de 18e iuw.
- De Swan - wetterfûgel swan yn de wyk Wyldehoarne
- It Swurd - diel fan in platboaiem as soarte fan kyl sadat in sylboat net ôfsaait troch de wyn.
- Wietske Tademaleane - Wytske J. Tadema-Rypkema (1850-1936) skonk de parochy lân wêrtroch it Theresiahûs boud wurde koe yn 1930. Se wie sels de earste bewenster en hat der oan har dea ta wenne.
- Technykwei - op it bedriuwenterrein
- Ter Huivra - nei de filla dy't yn 1863 boud waard troch P.B.J. Vegelin fan Claerbergen, ek wol 'Lytse Piter' neamd. Hy wie grytman fan Haskerlân tusken 1835-1845. De filla hie wol wat fan in Switsersk chalet dêr't de famylje Vegelin fan Claerbergen oarspronklik wei kaam. De filla waard yn 1965 ôfbrutsen en der kaam oant 1995 in kristlike lânbouhúshâldskoalle foar yn it plak. Ter Huivra betsjut soksawat as 'plak dêr't hjouwer groeit'.
- Toerstrjitte - de Toerstrjitte rûn nei de Jouster Toer fan de herfoarme tsjerke. Oant 1902 rûn fan it Hurdspytsje in opfeart nei de bûterwaach efter de tsjerke. Oant 1923 hie de tsjerke twa yngongen, fan elkoar skieden troch loazjemint 'It wapen fan Haskerlân'. Dit waard yn 1923 ôfbrutsen. It strjitsje neist de tooer waard de Wide Steech, Tsjerkesteech of Toersteeech neamd. It oare strjitsje hiet Anne Pieckesstech of Smelle Steech
- Tolhûswei - grytman Hobbe fan Baerdt krige yn 1646 it rjocht om tol te heffen foar skippen en bisten dy't foarby it it Tolhûs farden. Hy wenne earst op Lycklamastate ûnder Westermar en letter op in state efter de Bûtsingel. De toljilden kamen goed fan pas omdat de bou fan de herfoarme tsjerke nochal wat jild koste hie.
- Touslaggerij - nei de eartiidse touslaggerijen op De Jouwer.
- Transportwei - op it bedriuwenterrein.
- Tsjalk - type skûtsje
- Tsjerkestrjitte - nei de grifformearde tsjerke út 1921 oan de Hurddraversdyk. Nei de bou fan de 'Oerdracht' oan de E.A. Borgerstrjitte waard de tsjerke yn 1985 ôfbrutsen.
- De Tsjotter - tsjotter type platboaiem
- Tsjûkemar - it wetter de Tsjûkemar
- De Tunen - op dit terrein kweekte de famylje Zeldenthuis grienten en letter blommen.
- Túnkerij - by Westermar wiene in soad tunen.
- Uilke Boonstraleane - Uilke Boonstra (1899-1944) wie boukundich opsjenner en makelder op De Jouwer. Yn de Twadde Wrâldoarloch siet er yn it ferset by de Lanlike Organisaasje foar ûnderdûkers. Neidat er foar de twadde kear arresteard wie waard er troch de Dútsers fusillearre yn Vught.
- De Ulekamp - lânnamme fan in ôffrede gebiet dat yn 1797 neamd wurdt. Lei tusken de hjoeddeiske grifformearde tsjerke en de E.A. Borgerstrjitte.
- Van Aalzumleantsje - oer de eardere tún fan Jan en Anne van Aalzum. De lêste túnkers wienen de bruorren Sjoerd en Jan van Aalzum dy't ek aktyf wiene yn it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch.
- Vegelinsdyk - wetterkearende dyk dy't yn 1723 oanlein waard yn opdracht fan Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen (1685-1738), de eardere grytman fan Haskerlân.
- Voltahof - Alessandro Volta, Italjaansk natuerkundige en útfiner fan de batterij
- Waachplein - Waachgebou fan De Jouwer
- Wâldfinnen - De Wâldfinnen
- Waling Dijkstrastrjitte - Waling Dykstra wie in Fryske skriuwer
- Want - skipstouwen.
- De Warren - leechlizzende greiden flakby.
- Warring - gongboard op in skip en de iepening nei it rom en de roef.
- Westermarwei - it doarp Westermar is mooglik al yn de 13e iuw ûntstien. West wiist op de wynrjochting út Haskerhoarne en Aldehaske wei. Mar of 'mear' wiist op leechlizzend lân of grins. Sûnt 1954 heart Westermar by De Jouwer.
- De Wetterkamp - stik lân dat yn 1797 neamd wurdt as 'Waaterkamp', tusken de grifformearde tsjerke en de Borgerstrjitte.
- De Wielen - op yndustryterrein De Ekers ferwiist nei de Langwarder Wielen
- Wyldehoarnstersingel - ferwiist nei de tsjintwurdige wenwyk Wyldehoarne. Wylde Hoarne is in namme dy't al sûnt 1685 neamd wurdt, wiist mooglik op 'wylde begroeiïng'. De Wyldehoarnstersingel (1903), eartiids 'Heawei', rûn fan Haskerhoarne oer de Wylde Hoarne nei de Welle.
- Willem Loadewykstrjitte - Willem Loadewyk (1560-1620), ek wol 'Us Heit' neamd.
- De Wilster - fûgelnamme wilster, yn de wyk Wyldehoarne
- Wumkesstrjitte - Geart Aeilco Wumkes, teolooch skriuwer en pionier fan de Fryske beweging.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|