Springe nei ynhâld

Nije Slachte

Ut Wikipedy
Nije Slachte

De Nije Slachte wie in Fryske binnendyk dy't rûn fan de Sibrandabuorster syl yn de Grienedyk besuden Sibrandabuorren, oer Terherne en Goaiïngaryp nei de Hurddraversdyk en Skiensdyk oan de súdkant fan De Jouwer. De lingte fan Sibrandabuorstersyl by Sibrandabuorren oant de Hurddraversdyk op De Jouwer is 15.363 m. De dyk is yn behear by de provinsje Fryslân.[1] De namme Slachte komt fan 'slaan' of 'slôn').

Alde en Nije Slachte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slachtedyk by De Jouwer om 1900 hinne

De Alde Slachte waard yn de Midsiuwen oanlein as beskerming tsjin opwaaid boezemwetter. Yn sokke tiden waarden de skutslûzen by Terherne en De Jouwer sluten en ek de kearslûzen by Jongebuorren, de Sâltpoel en Goaiïngaryp. De dyk rûn lâns de ouwers fan de Noarder Alde Wei, de Goaiïngarypster Puollen, de Snitser Mar en de Sâltpoel.

De Alde Slachte wie in binnendyk fan de súdlike ouwer fan de Nije Wjittering oer Terherne, lâns de westgrins fan Utingeradiel en Haskerlân nei De Jouwer. De Terhernster syl by de 'Sâlte Poel' waard yn 1554 troch de kompanjons Van Dekema, Cuyck en Foeyts oernomd en krige doe de namme Hearrensyl, ek wol 'Feanhearesyl'. De Alde Slachte beskerme de beëasten lizzende grûnen.

Yn de 17e iuw rekke de Alde Slachte yn ferfal en ek de silen waarden net mear ûnderholden. De Hearresyl wie oan de ein fan de santjinde iuw net mear yn gebrûk en is yn in swiere stoarm fan 1718 fuortspield. Der wie doe in oerset fan in pleats oan de eastkant fan de Terkaplester Puollen. Yn Terherne ferwiist de strjitnamme Syl noch oan de kearslûs yn it doarp.

Troch ferheging fan de seespegel yn de jierren dêrnei en it ôfslaan fan feangrûn kaam der yn de njoggentjinde iuw hieltiten mear wetteroerlêst. It gefaar foar dyktrochbrekken en de oanwêzichheid fan in soad binnenwetter, dat by in súdwester stoarm noch heger waard, makke dat besluten waard om kompartiminten fan it wetter yn de Lege Midden fan Fryslân te meitsjen troch de oanlis fan binnendiken. De Provinsjale Steaten besleaten yn 1882 ta de oanlis fan de nije en hegere dyk op benei itselde trasee as de 'Alde' Slachtedyk'.[2] Yn de Nije Slachtedyk kamen skutslûzen by Terherne en De Jouwer en kearslûzen by Jongebuorren en Goaiïngaryp. Dy Slachtedyk rûn by Terherne dwers troch it lân fan it lettere bungalowpark De Herne en yn de Geau (letter 'Alde Sânsleat') wie in kearslúske. Yn 1883 waard de Slachtedyk by Terherne ferlein nei de iggen fan de Snitser Mar. Dat kuierpaad stiet yn Terherne bekend as 'it skulpepaad'. Yn 1883 waard it gat fan de Hearresyl tichtmakke, mar yn 1969 waard foar de rekreaasjefeart wer in iepening makke mei in brêge en in kearslûske.

Oare binnendiken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Leppedyk

Yn de 10e iuw waard fan Aldskou nei Aldeboarn de Leppedyk oanlein lâns de Boarn. De Boarn mûne út yn de Middelsee. De 'Leppa' moast Eastergoa beskermje tjin it wetter út de Boarn en de Lege Midden. Fan 1831 ôf waard de Alde Leppedyk ferfongen troch in hegere Nije Leppedyk omdat de ferfallen dyk it wetter net mear keare koe. Oer de dyk waard letter in strjitwei oanlein. Grutte stikken fan de Alde Leppedyk binne letter ôfgroeven, wêrnei't de grûn ferkocht waard. Fan de âlde Leppedyk is dan ek net folle werom te finen.[3]

Koudumer Slieperdyk

De Koudumer Slieperdyk út 1732. Dy rint fan de westkant fan Hylpen, oer Koudum en Galamadammen nei Gaasterlân.

Marnedyk

De Marnedyk wie in lus oan de Slachte dy't fan Achlum oer Arum en Wytmarsum nei Boalsert rûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Encyclopedie van Friesland, side 490 (1958)