Kof

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kofskip)
Jump to navigation Jump to search
Kof(fe)

In kof of koffe of kofskip is Nederlânsk type fan sylskip foar de lytse feart, de kustfeart en de eastfeart. De kof hat rûne, brede foar- en efterstjûne, en hat net in kiel. Guon koffen lykje in soad op in smak. Typysk oan in kof is dat dy in fege ûnderwetterskip hat, dat werom giet op de bouwize fan de kogge en ewers; ek hat in kof mear seech.

Koffen fan net mear as in 12 meter, kofskûten hawwe ien mêst, mei langs- en dwerstúch. Sokke skûten hawwe in kylbalke fan net mear as sa'n 10 sintimeter djip. Yn stee fan in kyl binne der twa sydswurden tsjin ôfsaaien. En sûnder kyl hat it foardiel dat de kofskûte droechfalle kin. Dit type kof waard dêrom brûkt op de binnenfeart en de kustfeart. Gruttere koffen kinne wol oant 28 meter lang wêze. Dizze hawwe oardel mêst. De grutte mêst is dan dwêrstúgd. De drúlmêst stiet efter de roef, en is fral lânstúgd. De kylbalk is sa'n 30 sm djip, dat sa'n kofskip hat gjin sydswurden nedich. Sokke kofskippen hawwe mear laadromte, dat dit type waard brûkt foar de Eastfeart. Ut de lannen om de Eastsee waard nôt, fisk en hout helle. Dit guod waard ferkocht oant yn Súd-Frankryk. As retoerfracht waard faak wyn meinomd. Sokke grutte kofskippen wienen minder gaadlik foar de lytse feart.

Tusken ±1800 en ±1870 berikte de kustfeart mei it kofskip syn hichtepunt.

It wurd is foar it Hollânsk ek bekend fan it taalkundige ezelsbrechje 't Kofschip dat de bûging fan Nederlânske tiidwurden oanjout.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]