Springe nei ynhâld

Vegelinsdyk

Ut Wikipedy
Vegelinsdyk

De Vegelinsdyk of Vegelinswei is in âlde ferbining en wetterkearing tusken De Jouwer en Akkrum. De dyk is ek de grins fan de wenwyk Skipsleat. Oan it stik dyk op De Jouwer steane oan beide siden fabryksgebouwen.

De 7 kilometer lange dyk waard yn 1723 oanlein op inisjatyf fan grytman Philip Frederik Vegelin fan Claerbergen, yn gearwurking mei Johan Vegelin fan Claerbergen, grytman fan Doanjewerstâl, en Regnerus van Andringa, grytman fan Lemsterlân. Neist ferbining mei Akkrum wie de dyk ek wichtich as wetterkearing. De dyk wie in flugge ferbining fan De Jouwer mei Ljouwert. De famylje Vegelin rjochte ek in stik dyk by de delsetting Haskerdiken dat de ferbining waard tusken Akkrum en It Hearrenfean.[1] By Akkrum wie in fearpont oer It Deel, dat oersetplk krige de namme Nijeskou. Fanôf de oare kant fan Nijskou en fan It Deel wie in oansluting op de dyk fan Akkrum nei Ljouwert. De boer dy't de pont betsjinje moast, wenne oan it Nije Deel op in pleats fan de famylje Vegelin. Omdat der destiids noch gjin direkte ferbining wie tusken De Jouwer en Terherne, groeide de pontferbining út ta de wichtichste út dy tiid.

Doe't der tichtby de dyk ynpolderingen dien waarden, kaam de dyk yn eigendom fan de Haskerfeanpolder. Dy polder waard doe ek ûnderhâldsplichtich. Se namen ek de haden fan it fear oer, mar wiene net rjochtige en ferplichte om it fear te betsjinjen. It iningsrjocht hearde by de pleats en de skouboer. De polder ferhurde de dyk en doe't dat ienkear in goede ferkearsdyk wie waard it eigendom, ûnderhâld en behear yn 1947 oernomd troch de gemeente Haskerlân.[2]

Trochdat de diken yn de rin fan de 20e iuw hieltyd better waarden, ferlear de pont syn betsjutting en waard yn 1971 út de feart nomd. Troch it tanimmende fytstoerisme sûnt dy tiid kaam der ek mear ferlet fan in pont. Dêrom waard yn 2006 in fytspontsje yn gebrûk nomd by Nijeskou.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: